Algemiene Ledegearkomste op 1 novimber

Op 1 novimber hâlde wy ús Algemiene Ledegearkomste yn Tresoar. It earste part is lotter foar ús leden, mar fan 19:00 oere ôf is it iepenbier. Janneke Spoelstra en Sytse Jansma sille dan beide sprekke oer harren ûnderfinings as dichter yn it bûtenlân. Wat hat harren dat brocht, wat wie dêr moai of krekt net oan en wat betsjut soks foar harren dichterskip?

Om 20:00 oere hinne sil it dien wêze, mei’t lju dan nei de lêzing fan Jelma Knol kinne dy’t ek yn Tresoar plakfynt. Mear ynformaasje dêroer fine jim hjir.

Janneke Spoelstra
Sytse Jansma
Facebooktwittermail

Presintaasje It leafst bin ik in fûgel

Mei gedichten fan: Meintsje Brouwer, Eppie Dam, Ytsje Hettinga, Arjen en Iwan Hut, Elske Kampen, Sigrid Kingma, Eline Kuiper, Remco Kuiper, Jurjen van der Meer, Marije Roorda, Sipke de Schiffart, Kate Schlingemann, Berber Spliethoff, Janneke Spoelstra en Syds Wiersma

Beam
 
it moaist sit dyn hier
as it ljochtgrien krollet
op myn jierdei
 
ik fyn dyn arms
sa sterk ast stoeist
mei de wyn en winst
 
it leafst bin ik in fûgel
flean gau  nei dy ta as
bangens my bite wol
 
ik fyn dyn gesicht sa rêstich soms deftich
hast sa’n geduld mei my
do fielst it sachtst mei in sniejas en mûtse op
dan jou ik dy in krûpke

Presintaasje:
De presintaasje sil plakfine op freedtemiddei 2 novimber fan 16.30 – 18.00 oere yn de Afûkwinkel. Elkenien is fan herte wolkom

Boekgegevens:
It leafst bin ik in fûgel, poëzy foar elkenien fan 9 – 99 jier
Gearstaller: Elske Kampen /  Yllustrator: Marijke Klompmaker
Siden: 56
Ferkeappriis: € 12,50
ISBN: 978 94 92176 89 9
www.afuk.frl

Facebooktwittermail

Oprop foar de Skriuwersarke

Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân. (Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthûs yn Bergen, Noard-Hollân beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop.
 
Skriuwers of dichters dy’t noch net earder yn totaal seis wiken yn de arke oan it wurk west hawwe, kinne oanjaan hokker wiken (net mear as seis) hja nei de arke ta wolle. It giet om it simmerskoft mar oare winsken binne yn oerlis ek mooglik. Op dizze wize hoopje wy safolle mooglik skriuwers en dichters in kâns te jaan om yn de arke oan it wurk te kinnen.
 
It doel is dat de arke brûkt wurdt as plak dêr’t de skriuwers en dichters alle gelegenheid krije om te wurkjen. It is net as ‘simmerhúske’ bedoeld. Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en telefoan is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet in hierkontrakt, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum út it saneamde ‘Tamminga-Piebenga-Fûns’, wylst it ûnderhâld fan de arke en de fêste lêsten dêrfoar bekostige wurde troch datselde fûns en It Fryske Gea.
 
Belangstellenden kinne har oant 1 febrewaris 2019 skriftlik oppenearje by Pieter de Groot, skriuwer fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, De Koarte Baan 11, 8731 DX Wommels. Dêrby moat neist de perioade ek oanjûn wurde wat de skriuwer/dichter fan doel is te dwaan. In kommisje út it bestjoer fan de Stifting FLMD makket de kar hokker skriuwers/dichters fan de arke gebrûk meitsje kinne. Mocht it yn 2019 net slagje om plak te krijen, ek yn 2020 wurdt de arke wer foar skriuwers en dichters iepensteld.

Facebooktwittermail

Oprop om ferhalen en essees te skriuwen

Frysk literêr tydskrift Ensafh ropt jo op om ferhalen, besprekken en essees te skriuwen.

It lêste Ensafh-nûmer fan 2018 sil wijd wêze oan it Fryske proaza, mei dêryn ferheljend proaza, besprekken en essees.

It nûmer sil de titel ‘It geheim fan Fryslân’ meikrije. Dêrmei wurdt referearre oan it feit dat Fryske romans en ferhalebondels hieltyd minder lêzen wurde. De Fryske lêskultuer stiet ûnder druk. It Fryske proaza wurdt sa stadichoan in geheim.

Ensafh nûget proazaskriuwers en wa’t de ambysje hat om ferhalen te skriuwen út om wurk foar dat nûmer yn te stjoeren. Dat kinne teksten wêze fan 1000 oant 2000 wurden. It stiet jo frij mar foar in bydrage oan dit nûmer soene jo faaks útgean kinne fan it tema ‘It geheim fan Fryslân’. It soe de redaksje fan Ensafh tige oanstean as wy yn dat nûmer in moai ferskaat oan nij Frysk proaza publisearje kinne.

Wat de essees oangiet nûgje wy jo út om jo idee(ën) op papier te setten oer de mooglike oanpak fan de soarchlike situaasje dat de merk foar Fryske boeken sa krompen is.

De ynstjoering slút op 20 novimber. Bydragen kinne maild wurde nei redaksje@ensafh.nl

Facebooktwittermail

De nacht fan Quatrebras

Op freedtejûn 2 novimber nimt Tresoar dy mei nei de wrâld fan Quatrebras, it tydskrift dat yn de jierren ’50 en ’60 in wichtige bydrage levere oan de fernijing fan de Fryske literatuer.

It bysûndere fan Quatrebras wie dat ferskate dissiplines – literatuer, keunst, toaniel, fisuele poëzy – gearwurken en in protte kreativiteit losmakken.

Op dizze jûn is ús bysûndere gast ien fan de lêste redakteuren fan Quatrebras, Gysbert Japicxpriiswinner Josse de Haan, dy’t spesjaal út Spaansk Baskelân wei oerkomt. Ernst Bruinsma sil him ynterviewe en wy biede him in faksimilee-útjefte oan fan syn ‘Anarky’s’.

En fierder:

  • Koarte lêzings fan Frank den Oudsten, Bert Looper en Ernst Bruinsma
  • Elske Schotanus draacht foar út wurk fan Hessel Miedema
  • Muzykoptredens en performances fan Jan Klug, Sytse Jansma en Hans Wijnbergen
  • Jierren ’50 toaniel fan Jelle de Jong

Wannear: Freedtejûn 2 novimber, 20.00-24.00
Wêr: Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert
Tagong fergees

Facebooktwittermail

Ofskaid en útsicht – Hein Jaap Hilarides

ferhalen, stikkys en gedichten in ’t Bildts

Dit boek gaat over herinneringen aan mensen en het Bildt. De gemeente het Bildt is er niet meer. Op de plaatsnaamborden staat Waadhoeke.

‘’t Plakky grônd met de naam ’t Bildt blyft, maar de administrative naam is weg. Wat gelukkig ok blyft, is ’t útsicht op ’n diiskouwe winterdâg.’

Woorden bringe niet werom wat weest het. Se kinne wel herinnerings tot leven bringe. Soa wort wat weg is, weer even werom fonnen.

In Ofskaid en útsicht is een groot aantal in het Nederlands vertaalde verhalen, stukjes en gedichten opgenomen.

Utjouwerij: Louise

Facebooktwittermail

Skriuw in nij liet – Rispinge

Op sneon 3 novimber 2018 wurdt by Nijkleaster yn Jorwert troch de Stifting Krúspunt in workshop organisearre foar dichters, skriuwers en oare belangstellenden.
Doel is in oantrún te jaan by it skriuwen fan sjongbere Frysktalige lieten foar in liturgyske setting.


Ynlieder is David de Jong, fan wa’t meardere teksten yn it Nije Fryske Lieteboek (útjefte Royal Jongbloed / Krúspunt 2019) opnommen binne.
Wy oefenje dizze dei aktyf yn it skriuwen fan fersen, mei Rispinge as tema.
Meardere wurkfoarmen wurde brûkt, begelieding is beskikber.   
De rispinge fan dizze dei fynt in delslach yn de fesper, dy’t de dei ôfslút.

Organisator:
Stifting Krúspunt, www.kruspunt.frl, Sipke Huismans
Lokaasje: Nijkleaster, Jorwert, www.nijkleaster.frl
Opjefte: www.nijkleaster.frl
Kontaktpersoan: Tryntsje van der Veer 0610908525

Programma yn detail

09:15 Ynrin
09.30 Moarnsgebed
10.00 Wolkom en kennismakking
 Sipke Huismans en Tryntsje van der Veer
10:30 Ynlieding David de Jong
11:00 Oan ’e slach
12:15 Lunsj yn It Wapen fan Baarderadiel
13:00 Kuier
14:15 Oan ’e slach
15:30 Skoft en tarieding Fesper
16:00 Fesper ‘Rispinge
16:30 Ofsluting

Kosten: € 30,- de persoan (ynkl. kofje/tee en fegetaryske lunsj mei sop).
Binne jo dochs ferhindere? Dan kinne jo jo ôfmelde foar 1 novimber fia info@nijkleaster.nl. Wy gean der dan fanút dat wy jo bydrage foar dizze dei beskôgje meie as in gift foar Nijkleaster.
Iepenbier ferfier: De bus (93) komt troch Jorwert. It  treinstasjon yn Mantgum leit op 2 kilometer fan Jorwert.

Facebooktwittermail

Dichters út Fryslân op kulturele ekspedysje nei Kenia foar festival Explore the North

De Frysktalige dichter Sytse Jansma en de Nederlânsktalige dichter Frank Keizer binne op it stuit op it Kistrech International Poetry Festival yn Kisii, Kenia. Hja drage dêr foar út eigen wurk, jouwe wurkwinkels en sille op ûndersyk út foar it meitsjen fan nij wurk. De resultaten fan dy poëtyske ekspedysje presintearje sy takom jier, ûnder de sande edysje fan Explore the North (2019).

It Kistrech International Poetry Festival yn Kenia is op dit momint ien fan ’e grutste en populêrste literêre eveneminten yn Afrika. It festival bringt lokale en ynternasjonale dichters byinoar en lit de pleatslike befolking aktyf kennismeitsje mei poëzy en oare talen en kultueren (en oarsom). Dit jier nimme dichters en keunstners út ûnder oaren Finlân, Yndia, Israël, Kanada en fansels Kenia sels diel oan it festival. Sytse Jansma en Frank Keizer, twa dichters mei Fryske roots, binne op útnûging fan Explore the North út namme fan Nederlân yn Kisii oanwêzich.

Sytse Jansma ûndersiket yn syn poëzy ûnder oaren it stjoerende karakter fan taal. Yn Kenia set er dy line troch en ferdjippet er him yn it ynterdissiplinêre karakter fan de Keniaanske skriuwkeunst. Hokker ynfloed hawwe film en muzyk op poëzy? En hoe ferskilt de Fryske en Nederlânske kultuer dêryn fan ’e Keniaanske kultuer? Jansma ûndersiket yn syn lêste dichtbondel as nomaden yn tinten teplak / als nomaden in tenten terecht (2015) de grins tusken poëzy en it libben sels. Njonken in persoanike, artistike syktocht bringt er yn Kenia ek besites oan skoallen om learlingen te ynspirearjen mei ûnder oaren wurkwinkels kreatyf skriuwen. Bekend terrein foar Sytse, want as edukaasjemeiwurker by Tryater hâldt er him alle dagen dwaande mei de kulturele ûntwikkeling fan skoaljeugd.

“Poëzy skriuwe is in wize om it stjoerende karakter fan taal bleat te lizzen. Hoe soe it Fryske lânskip beskreaun wurde kinne út ‘global perception’ wei? Hat in Fryske boeresleat ek Japanske of Keniaanske eigenskippen? Skriuwe is lykas reizgje. Stelst dysels in doel, mar ûnderweis komst wat oars tsjin. Ik wol my graach mei iepen blik ferwûnderje oer wat Kenia by biede kin.” – Sytse Jansma

Frank Keizer freget him ûnder de reis ôf wat it betsjut om, yn de wurden fan de Keniaanske skriuwer Ngũgĩ wa Thiong’o, it ‘sintrum te ferpleatsen’ – yn geografyske, politike en kulturele sin. Hy giet op syk nei hybride foarmen fan skriuwen: op de grins fan poëzy, filosofy en proaza. Hy siket nei foarmen dy’t wat sizze oer de yntimiteit tusken geografysk fier útinoar lizzende plakken.

Earder dit jier gienen fia Explore the North de Fryske dichters Geart Tigchelaar en Sigrid Kingma nei it StAnza Poetry Festival yn Skotlân foar in poëtyske gearwurking. Mei twa Skotske dichters presintearren hja de útkomsten fan dy útwiksel op it Taletúnfestival yn Ljouwert.

De reis fan Sytse Jansma en Frank Keizer nei Kenia komt mei ta stân tanksij de stipe fan it Nederlânsk Letterefûns.

Facebooktwittermail

Eksposysje Skjin laai/Tabula rasa oer de skeppende krêft fan de leechte

Grytsje Schaaf, romtlik wurk ‘Diiskâld skrousk klomsk’, stiel en ferskate coatings

De dichter of keunstner sit foar syn wite papier en ynienen falle der wurden en bylden. Wêr komme dy wurden en bylden wei? Ut de leechte? Samar? Is it hieltyd wer begjinne mei in skjin laai?​

Yn de útstalling Skjin Laai/Tabula Rasa ferwurdzje en ferbyldzje mear as tritich dichters en keunstners harren begryp fan  leechte. Wat betsjut leechte, hoe meitsje sy leechte, begjint alles altyd wer op’e nij?  It risseltaat is in rike útstalling mei teksten, bylden en lûden dy’t ús as taskôger meinimme nei de yndividuele keunstners en harren wrâld, mar ús ek konfrontearje mei dy eksistinsjele fraach oft alles mei in skjin laai wer begjinne kin. De eksposysje is te sjen fan 14 oktober o/m 16 desimber yn de Doarpstsjerke yn Beetstersweach.​De útstalling Skjin Laai/Tabula Rasa is ta stân kommen as ûnderdiel fan it programma ‘Sssstt…! hjir flústeret de tiid’ yn it ramt fan LF2018. Ien fan de wichtigste taken fan Tresoar is it befoarderjen fan de Fryske literatuer. Wy wolle dat dwaan troch it bieden fan poadia oan Fryske dichters. Tagelyk wolle wy ferskate dissiplines bymekoar bringe: literatuer, byldzjende keunst, muzyk en toaniel. Mei Skjin Laai/Tabula Rasa litte keunstners en dichters de rykdom fan dy kombinaasje sjen.

Wêr:Projektromte Haadstrjitte 17, Haadstrjitte 17, Beetstersweach
Wannear: Fan 14 oktober o/m 16 desimber, tongersdei o/m snein fan 13.00 – 18.00 oere.

Neist de tentoanstelling is der in ynteressant lêzingeprogramma om it tema fierder út te wurkjen:

Snein 28 oktober 15.00-16.00, Doarpstsjerke Beetstersweach, Haadstrjitte 15
Bert Looper, direkteur fan Tresoar: ‘De ûntdekking fan de leechte yn de Fryske literatuer en keunst’

Snein 11 novimber, 15.00-16.00, Doarpstsjerke Beetstersweach, Haadstrjitte 15
Yvonne F.M. Ploum, keunsthistoarika, Armando-ekspert, adviseur en kurator bij ‘Kunst van Ploum’: ‘Armando – Tussen het weten en begrijpen’

Sneon 24 novimber, 14.00-16.00, Doarpstsjerke en Projektromte, Haadstrjitte 17
Literêre Middei mei koarte lêzingen, foardrachten en optredens oer it tema ‘leechte’

Snein 9 desimber, 15.00-16.00, Doarpstsjerke Beetstersweach, Haadstrjitte 15
Joke Hermsen, skriuwster en filosofe: ‘De leegte van een landschap, dat zich gestaag vult met tijd’

Foar mear ynformaasje: info@tresoar.nl 
Yntree: € 5,00, kaarten oan de kassa

Tresoar wurket foar dit projekt gear mei Galerie Schoots en Van Duyse te Antwerpen en CultBee (Stichting Cultuur Beetsterzwaag).

Yn de tentoanstelling is wurk te sjen fan: Armando, Willem Abma, Harmen Abma, Pieteke de Boer, Bernard Aubertin, Edwin de Groot, Sies Bleeker, Tsjisse Hettema, Bram Bogart, Eeltsje Hettinga, Marije Bouman, Hein Jaap Hilarides, Jan Henderikse, Simen de Jong, Maaike Hogerhuis, Jan Kleefstra, Elmar Kuiper, Anke Kuypers, Rein de Lange, Jan Maaskant, Bartle Laverman, Albert Oost, André Looijenga, Zoltin Peeter, Aggie van der Meer, Grytsje Schaaf, Henk Nijp, Baukje Scheppink, Marije Roorda, Jan Schoonhoven, Geart Tigchelaar, Kaneli & Smit, Jetze de Vries en Syds Wiersma.

Elmar Kuiper, Lânskip, akryl op papier
Facebooktwittermail