Dichterskollektyf RIXT en Tresoar organisearje kursus Poëzij skriuwe

Bisto in begjinnend of betûftere dichter en liket it dy leuk om les te krijen fan ferskillende dichters? Wolst dyn wurk hearre litte op in ôfslutende dichtersjûn? Meld dy dan oan foar de kursus poëzij skriuwe fan it Frysk Dichterskollektyf RIXT en Tresoar!

Yn it nije jier start der in rige fan 9 lesjûnen. En it goeie nijs is: der binne noch in pear plakken beskikber! De lessen wurde jûn troch Kate Schlingemann, Edwin de Groot, Dien L. de Boer, Geart Tigchelaar en Tryntsje van der Veer. Yn de les fan Edwin giest oan de slach mei it poëtyske aspekt fan ferbylding troch it gebrûk fan byldspraak (metafoar en ferliking ). Tryntsje van der Veer lit sjen en hearre hoe’t je fersen foardrage. Leuk én learsum!

Sjoch hjir foar mear ynformaasje. Opjaan kin noch oant 15 jannewaris fia ynfo@tresoar.nl, mar fol = fol!

Facebooktwittermail

Ferstival – ek goed foar skriuwers!

It Skriuwersbûn lokwinsket Jurre Kuipers, Marrit Boetje en Marije Reitsema as winners fan de foardrachtwedstriid FeRstival 2022, dat ôfrûne wykein foar de 79ste kear hâlden waard op It Hearrefean. Hulde! It is prachtich om te sjen hoe entûsjast jeugd wêze kin oer gedichten.

Foar leden wolle wy it jierlikse boekje Fersefariaasje ûnder de oandacht bringe. Dit boekje, mei de gedichten om foar te dragen, wurdt gearstald mei fersen dy’t faak spesjaal skreaun binne foar dat doel en de útdaging is om yn ‘e hûd fan pubers te krûpen. Bern dy’t meidwaan wolle, kinne út dit boekje in kar meitsje foar in gedicht dat harren oansprekt. In karkommisje de beoardielet de ynkommen fersen anonym; net de skriuwer jout de trochslach, mar it gedicht dat ynstjoerd is, om de kwaliteit heech te hâlden.

Doch mei! In fers dat opnommen wurdt yn it boekje wurdt beleanne mei it bedrach fan €75,00. Mear ynfo is te finen op de reachside fan FeRstival.

Facebooktwittermail

Kom yn aksje!

Wy libje yn in unwisse wrâld. Hjir klinkt kjerstmuzyk op de radio, en kinne wy (ek al is de beurs wat tinner as oare jierren) noch hieltyd útsjen nei in Kjerst mei famylje en freonen. De wrâld oer is dat wol oars.

De situaasje yn Iran is op it stuit ferskriklik. It nijs dat wy dei yn dei út hearre oer fredesaktivisten en hoe ’t se behannele wurde, is skokkend. Ek skriuwers steane yn Iran swier ûnder druk. De ôfrûne jierren binne meardere skriuwers oppakt en finzen set fanwegen it “fersprieden fan propanda” en aksjes tsjin de steat. De omstannichheden yn ‘e finzenis binne earmhertich. Om dy reden wolle wy graach jim omtinken freegje foar de folgjende persoanen en aksjes dy ’t der binne om fia in brief om frijlitting te fersiken by de autoriteiten.

Fia organisaasjes as PEN International en Amnesty International wurde regelmjittich aksjes en petysjes online setten dy’t te ûndertekenjen binnen. In lytse muoite foar ús hjir – en mei syn allen is it faaks mooglik om toch presje út te oefenjen en oerheden ta ynsjoch te bringen.

Skriuwe kin foar:

  • Atefeh Chaharmahalian, dichter en earder foarsitter fan de Iranian Writers’ Union, dy’t yn oktober alwer oppakt waard yn Teheran en yn de beruchte Evin Prison sit. Har sûnens is min.
  • Narges Mohammadi, dy yn 2016 feroardiele waard ta in finzenisstraf fan 16 jier foar it fersprieden fan propaganda en it lieden fan in yllegale organisaasje. Ek har situaasje is krityk. Neist it ûndertekenjen fan de Amnesty-aksje binne der ferskate oare wizen om yn aksje te kommen.
  • Nasrin Sotoudeh, dy’t no om medyske redenen tiidlik frij is, mar dy noch in lange finzenisstraf boppe de holle hinget, omdat se har ynset foar frouljusrjochten.
  • Mahvash Sabet, dichteres, dy nei in rjochtsaak fan noch gjin oere tsien jier nei de finzenis stjoerd waard foar “spionnage”. Earder hat se ek alris tsien jier fêstsitten fanwege har leauwe; se is in lid fan de Baha’i-mienskip, dy’t bot ûnder druk stiet yn Iran.
Facebooktwittermail

DINGtiid siket bestjoerslid Fryske taal en kultuer

It bestjoer fan DINGtiid nûget elkenien út om te sollisitearjen op de fakatuere fan bestjoerslid Fryske taal en kultuer fan DINGtiid. DINGtiid is it wetlik advysorgaan foar de Fryske taal en hat as taak om de gelikense posysje fan de Fryske en Nederlânske taal yn Fryslân te befoarderjen. Dat docht DINGtiid ûnder oaren troch te advisearjen oan it Ryk en Provinsje Fryslân en ûntjouwingen oangeande it Frysk te sinjalearjen.

It bestjoer fan DINGtiid bestiet út fiif leden en wurdt stipe troch in stêfburo. Elk bestjoerslid hat in eigen portefúlje (bgl. Frysk yn de media, it rjocht of it ûnderwiis) en wurdt beneamd foar de perioade fan fjouwer jier, mei de mooglikheid ta ien kear werbeneamen. Der is no in fakatuere ûntstien troch it tuskentiids tebekstappen fan ien fan de bestjoersleden.

Mear ynformaasje oer de ynhâld fan de funksje is te finen op de reachside fan DINGtiid. Of nim kontakt op mei Jan Koster (foarsitter DINGtiid), telefoan 06 20967266.

Facebooktwittermail

Skriuwersarke

Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân. (Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthûs yn Bergen, Noard-Hollân beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop.

Skriuwers of dichters dy’t noch net earder yn totaal seis wiken yn de arke oan it wurk west hawwe, kinne oanjaan hokker wiken (net mear as seis) hja nei de arke ta wolle. It giet om it simmerskoft mar oare winsken binne yn oerlis ek mooglik. Op dizze wize hoopje wy safolle mooglik skriuwers en dichters in kâns te jaan om yn de arke oan it wurk te kinnen.

De Skriuwersarke

It doel is dat de arke brûkt wurdt as plak dêr’t de skriuwers en dichters alle gelegenheid krije om te wurkjen. It is net as ‘simmerhúske’ bedoeld. Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en telefoan is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet in hierkontrakt, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum út it saneamde ‘Tamminga-Piebenga-Fûns’, wylst it ûnderhâld fan de arke en de fêste lêsten dêrfoar bekostige wurde troch datselde fûns en It Fryske Gea.

Belangstellenden kinne har oant 1 febrewaris 2023 skriftlik oppenearje by Pieter de Groot, skriuwer fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, De Koarte Baan 11, 8731 DX Wommels. Dêrby moat neist de perioade ek oanjûn wurde wat de skriuwer/dichter fan doel is te dwaan. In kommisje út it bestjoer fan de Stifting FLMD makket de kar hokker skriuwers/dichters fan de arke gebrûk meitsje kinne. Mocht it yn 2023 net slagje om plak te krijen, ek yn 2024 wurdt de arke wer foar skriuwers en dichters iepensteld.

Facebooktwittermail

Weromsjen op Transpoesie

Sytse Jansma

Septimber fielt al wer lang lyn, mar eins ek al wie it noch mar juster… even mei de eagen knipperje en it is alwer Kryst…

Sytse Jansma hat, ynspirearre troch it Transpoesie-festival yn Brussel dêr’t er optrede mocht, in ferhaal skreaun, Kafee ‘Goupil le Fou’. It ferhaal is hjir te lêzen.

Wy hoopje dat it festival kommend jier wer trochgiet en dat ús feedback oer de organisaasje meinommen wurdt om it in nóch moaier poadium te meitsjen foar Fryske dichters.

Mear lêze oer Transpoesie? Dat kin op de reachside fan Transpoesie. Hjir binne û.o. gedichten te finen en ek mear ynformaasje oer de dielnimmers út de ferskate lannen.

Facebooktwittermail

Professoraat Frysk

Hjoed is der út namme fan It Skriuwersbûn in iepen brief skreaun oan de Provinsje oer de posysje fan it Frysk en de learstoel oan de RUG. Dit brief is hjir te lêzen.

De Fryske literatuer hat in soad belang by in akademyske oplieding dêr’t ek literatuerstúdzje en -ûndersyk in substansjeel ûnderdiel fan útmeitsje. Wy dogge dêrom in berop op it Kolleezje en de ferantwurdlik Deputearre om en har yn te setten foar behâld en ûntjouwing fan de oplieding en de learstoel.

In Nederlânsktalige brief is ek ferstjoerd nei de ferantwurdlik Minister, fr. H. Bruins-Slot.

(Sjoch ek de berjochten op de reachside fan Omrop Fryslan, It Friesch Dagblad en de Ljouwerter Krante)

Facebooktwittermail

Dichtersjûn 16 novimber yn Neushoorn

Op woansdei 16 novimber is der yn Neushoorn yn Ljouwert in spesjale dichtersjûn, mei jonge dichters en beatdichters. Der sille optredens wêze fan:

  • Joel Hut
  • Gabrielle Terpstra
  • Alwin van der Toorn
  • Bert de Vries
  • Jens de Vries
  • Line Hut
  • Christa Niklewicz
  • Sipke de Schiffart

De presintaasje is yn hannen fan Arjan Hut.
It programma begjint om 20.00 oere.

Facebooktwittermail

Ledebulletin | Septimber 2022

Goed petear mei deputearre Sietske Poepjes

Op 7 septimber hawwe Ammerins, Reina en Willem mei de deputearre fan kultuer en mei Esther Rodenhuis praten oer in tal saken. De wichtichste twa punten wienen ús plan foar bettere honorearring en promoasje en ús fersyk foar in heger ‘boekjiersubsydzje’.

Plan honorearring en promoasje

Foar wa’t de meast aktuele ferzje fan it plan nochris neilêze wol: it is te finen op ús reachside.

Oer dit plan hawwe fan ’t maitiid twa ekstra gearkomsten mei leden west, en wy hawwe as bestjoer in tal suggestjes meinommen yn it plan. Jimme krigen dêr earder berjocht fan.

De provinsje is it folslein iens mei ús advys (A) oan de leden foar minimum-bedragen, dy’t foar optredens, publikaasjes en sa yn rekkening brocht wurde kinne. De Provinsje sil sels nea minder betelje. Hja sille as Provinsje der ek op oanstean dat organisaasjes dy’t mei provinsjale subsydzje wurkje, skriuw(st)ers hjirneffens útbetelje. 

Ek ús foarnimmen (B) kin op har ynstimming rekkenje. Dat giet derom dat skriuwers, dy’t mei útjouwers (dy’t provinsjale subsydzje brûke) in boek útbringe, by publikaasje fan it boek fuort 50% fan de mooglik te heljen royaltys útbetelle krije. Spitigernôch mei soks, fanwege de besteande wetjouwing, net ferwurke wurde yn de subsydzjebetingsten. Mar de Provinsje sil by it takennen fan subsydzje oan útjouwers foar in boekútjefte, der tenei standert in oanrekommandaasje by dwaan dat dy 50% wol de bedoeling is, sjoen de swakke ekonomyske posysje fan Frysktalige skriuwers. Dit wittende, stean wy as skriuwers dochs wat sterker yn de ûnderhannelingen mei in útjouwer.

Oer ús idee (C) foar “ekstra promoasje en in passende beleanning” wienen hja tige te sprekken. Eins wie it iennichste ferskilpunt ús winsk om it foar 10 jier ôf te praten. De Provinsje kin net fierder gean as 2 jier, út in tydlik budzjet dêr’t Sietske Poepjes as deputearre noch ynfloed op hawwe kin. Ankom maitiid nimt sy as deputearre ôfskied, en hja sil by de oerdracht oan har opfolg(st)er der op oanstean dat soks, by de tawizing fan de kultuerjilden foar de folgjende 4 jier troch it nije kolleezje, opnij opnommen wurdt yn de ôfspraken. Foar ús saak om goed op ’e slach te passen, en takom maitiid sa gau mooglik mei it nije kolleezje kontakt te hawwen. Slagget it allegearre, dan soe sa’n regeling meimekoar doch seis jier de kâns krije. Tiid genôch om te sjen oft en hoe’t it yn de praktyk útwurket. Folgjende stap yn dit proses: oerlis mei Boeken fan Fryslân, Afûk, Provinsje en Skriuwersbûn. Hoe sille wy hjir yn ’e praktyk mei omgean? Wat is der nedich wol BfF dit plan útfiere kinne? Wy hâlde de leden op ’e hichte. By dit alles jildt wol: Provinsjale Steaten moatte meiwurkje wolle…

Boekjiersubsydzje

Dit is it subsydzjebedrach dat it Skriuwersbûn elk jier fan de Provinsje ûntfangt. Wy pleitsje no foar it twadde jier foar in strukturele ferheging: fan € 4.000 nei € 10.000. Wolle it Bûn en har bestjoersleden de ferwachtings wier meitsje kinne dy’t der nei ús útgean, dan is in rommer budzjet in betingst. Wy tarre no yn op ús reserves en dy binne yn dit tempo yngeande 2024 sa goed as op.

De deputearre en de amtlike stêf foar kultuer fynt dit in tige ridlik fersyk. Mar… ek ditsoarte bedragen wurde foar fjouwer jier fêststeld troch Provinsjale Steaten (PS). In nij kolleezje moat aanst PS it útstel dwaan om yngeande 2024 ús jierliks subsydzje te ferheegjen. Sietske sil har opfolg(st)er it driuwende advys jaan om soks te dwaan. Wy sille fan ús kant besykje de Steateleden te beynfloedzjen. Lêzer: astû kunde hast oan ien of mear Steateleden, brûk sa’n kontakt en meld it ús. Dan kinne wy eventuele aksje koördinearje.

***

Boadskip foar de politike partijen

Op it stuit binne de partijen, dy’t oan de Steateferkiezings fan ankom maaitiid meidogge, dwaande har konsept-ferkiezingsprogramma’s op te stellen. Wy hawwe as bestjoer besletten oan de kommisjes en bestjoeren, dy’t har dêrmei dwaande hâlde, in berjocht te stjoeren mei in konsept-tekst oer it belang fan it stimulearjen fan de Fryske skriuwerij. De literatuer kaam yn fierwei de measte programma’s fan fjouwer jier ferlyn net foar. Yn de jildende kultuernota stiet ien sin oer ús as Fryske skriuwers – wy soenen net fernijend genôch wêze. Niks oer Provinsjale ferantwurdlikens op dit mêd. Dat moat oars. Der moat serieus belied foar de literatuer ta stân komme, en serieus jild foar útlutsen wurde. Mear lêzeressen, mear lêzers, mear skriuw(st)ers, dy komme der net fansels.

Sadree’t de tekst yn de rin fan wike 37 klear en omstjoerd is, pleatse wy him op ús reachside en sille der fia sosjale mediums omtinken foar freegje.

Op 29 septimber, nei alle gedachten yn Tresoar, besykje wy in moeting mei de partijen te organisearjen.

***

Wint in Frysktalige auteur oait de P.C. Hooftprijs?

Oan it Skriuwersbûn sil it net lizze… De PCHP is dè Nederlânske literêre oeuvre-priis, dy’t alle jierren útrikt wurdt, om bar foar essayistysk wurk, poëzij en proaza. Dit jier hat Arnon Grünberg de priis wûn. Takom jier giet it om essayistyk. Yn de regleminten is fêstlein dat ek Frysktalige auteurs winne kinne. Yn de 74 jier dat de priis bestiet, is dy lykwols noch nea takend oan in Fryske auteur.

Wy hawwe as Skriuwersbûn in permaninte wurkgroep ynsteld dy’t de sjuerys fan de P.C. Hooftprijs frege en net frege advys jaan sil oer geskikte Frysktalige skriuwsters, skriuwers, dichteressen en dichters. Yn dy wurkgroep sitte Hylke Tromp, Goffe Jensma, Doeke Sijens, Martsje de Jong en Inge Heslinga. Fiif tige saakkundige leden fan it Bûn. Der is in reglemint opsteld, dat te finen is op ús reachside. De earste foardracht troch dy wurkgroep sil plak fine foar de poëzij-priis, dy’t yn 2024 útrikt wurdt. Fryslân hat in protte goeie dichteressen en dichters mei in ryk oeuvre, dy’t net ûnderdogge foar Nederlânsktalige auteurs en ek ynternasjonaal de ferliking prima oankinne. Wat de essayistyk oanbelanget doare wy dat net sa selsbewust te sizzen. Sadwaande ankom jier noch gjin advys. Goffe Jensma en Willem Verf sille dizze hjerst nei foarsitster en skriuwer fan it PCHP-bestjoer ôfreizgje om de situaasje te bepraten. De earste kontakten mei dizze beide persoanen ferroannen wat stroef, wy hawwe dêr earder berjocht oer dien. Mar wy hâlde oan as storein. Jimme hearre der yn de rin fan dit seizoen mear oer.

***

Transpoesie op 26 en 27 september

Noch eefkes en Sytse Jansma sil it Frysk fertsjintwurdige op it poëzijfestival Transpoesie yn Brussel. Hâld de sosjale media en de reachside fan It Skriuwersbûn en ek Transpoesie.eu yn de gaten foar de lêste ynformaasje. Der wie praat oer in live stream, en dat soe fansels moai wêze! Sytse sels stiet de moandeis krekt nei seis oere op it poadium.

***

Skriuwerswykein op 14, 15, 16 oktober

Bliksem, wat in wurk en in spanning. It bestjoer stekt der in protte enerzjy en tiid yn. Hoe fitaal is de Fryske Skriuwerij, hoe fitaal is ús Bûn? It begjint him ôf te tekenjen dat it wykein foldwaande entûsjaste dielnimmers hawwe sil. Alle leden krije (of krigen) noch in lêste oprop. Wa’t him foar it heule wykein of foar inkele deidielen frijmeitsje kin, skromje net en kom. Foar learing, goed petearjen en foar fermeits. En doch dêrmei, sa yn de gong wei, in goede died foar de Fryske skriuwerij.

Opjaan graach foar 1 oktober!

***

FreMiBu

Eltse lêste freed fan ’e moanne binne jim fan herte wolkom by Café Wouters om by te praten en inoar te inspirearjen. De earste FreMiBu fan dit seizoen sil wêze op freed 30 septimber 2022. Fan 4 oere ôf sitte Jetske Bilker en Pier Boorsma der yn alle gefallen! In hapke ite kin fansels ek altyd.

Spesjaal foar dizze kear betellet It Skriuwersboun it earste rûntsje. Oant dan!

***

Fan de ponghâlder

Begjin oktober fynt de jierlikse winning fan ’e kontribúsje plak fia ynkasso. Leden dy’t hjir gjin tastimming foar jûn hawwe, ûntfange in rekken.

Facebooktwittermail