Rispinge hjerst 2024

En samar ynienen is it novimber! Dat betsjut dat it wer tiid is om in moaie list te meitsjen fan it wurk dat de ôfrûne moannen ferskynd is. En dat is in moaie list! Om’t hjoed ek it Boekefeest is, en de Fryske Boekewike moarn begjint, is it fansels sa dat in soad skriuwers nij wurk yn dizze perioade oanbiede. Dus, nei de winkel, dan krije je der ek noch gratis in ekstra boek by!

Fan ús leden allinnich al binne de folgjende wurken ferskynd (en folgjende wike komme der noch in pear by…):
Marga Claus – Libbe (Afûk)
Durk van der Ploeg – De neidagen (Het nieuwe kanaal)
Martsje de Jong – oersetting De rôf fan de Fryske mummy fan Jorrit de Klerk (Afûk)

Al earder yn it jier ferskynd, mar in bytsje ûndersnijd en dêrom no even wer yn it sintsje: Tiemersma, Koos – Koade read (Het Nieuwe Kanaal)
Gabrielle Terpstra – Tsjintwurdich is alles better (Hispel)


En yn it Nederlânsk:
Lida Dykstra – De wonderverteller, over de reizen van Marco Polo (Luitingh-Sijthoff)
Jetske Bilker – Spiegel en sonde (Noordboek, eigen oersetting fan Spegel en sonde)
Tjeerd Schuhmacher – De vuurtorenwachter en zijn dochter (Elikser)
Reina&Greetje – Lang zal eland leven (Aurora Concepts)
Joke Pas – Leven (Trivium Uitgeverij)

Folgjende wike folget der noch in koarte list!

Facebooktwittermail

Twatalige bondel fan Jan Hendrik Woudstra – Levensadem

Jan Hendrik Woudstra presintearre ôfrûne moanne yn It Geboutsje yn Drachtster Kompenije syn sechsde dichtbondel: ‘Levensadem’. Woudstra lies op dizze middei foar út syn nijste bondel. Njonken gedichten is in ‘Levensadem’ ek in famyljeferhaal opnaam. Dit jier is it hûndert jier lyn dat Jan Modderman fermoarde waard. It ferhaal giet dat hy de oerpake wie fan Jan Hendrik. Wilens it skriuwen fan dit famyljeferhaal wiene der ûntjouwingen dy’t nei hûndert jier antwurd joegen.

‘Levensadem’ is al te keap by útjouwerij De Pinne of by Woudstra sels fia inGedichten7@gmail.com (ISBN 9789403733319).

Facebooktwittermail

Jacobus Quirijn Smink 31-1-1954 – 27-1-2024

Krekt foar syn santichste jierdei moatte wy ôfskie nimme fan in bysûnder lid fan It Bûn. In dichter dy’t yn syn wurk romte joech oan alle fasetten fan it libben, ljocht en tsjuster, fertriet en bliedskip, leafde en sykte. Mei syn bondel ‘Sondelfal’ wûn er mei rjocht de Gysbert Japicxpriis. Ek as redaksjelid fan Hjir en Ensafh. en as oersetter fan wrâldliteratuer hat er de Fryske literêre wrâld kleur jûn.
Sûnt er wer werom ferhúze nei Sondel sloech er gjin gearkomste fan it Bûn oer; ek op it Skriuwerswykein wie er der koart by en begjin dit jier hawwe we tegearre noch proaste op in moai jier. Wy sille him misse.

De útfeart is freed 2 febrewaris yn Sondel, mar ek online (De Haven, Sondel) te folgjen.

Ut Sondelfal (2009):

Spilest hieltyd itselde deuntsje
Op ‘e lier sikerwier
Biddeste mar wat ta dyn God

Gun har it feest fan de ûnderwrâld
Wat ferlern giet
Yn in omsjoch
Sjoch der net nei om

In prachtich In Memoriam is ek te lêzen op de reachside fan De Moanne. In biografy oer it libben fan Jacobus sil yn 2024 ferskine.

Facebooktwittermail

Ledebulletin winter 2023

Nijjiersgearsit

Dit jier binne wy der betiid by: op tongersdei 4 jannewaris 2024 wolle wy jim graach begroetsje op ús nijjiersgearsit. Fan 16 oere ôf binne jim wolkom yn “kafee De Gouden Leeuw” yn it gebou fan Tresoar. Om 16.30 oere is der in koart spytske fan ús foarsitter Willem Verf en dan kin it Frysk-literêre jier mar gesellich úteinsette! Dichter fan Fryslân Arjan Hut sil ús mei in moai gedicht it nije jier yn skowe.  In ynformeel treffen mei kollega’s, wat byprate, drinken en wat lekkers derby: noflik! Fansels komt der ek noch in separaat tastjoerde útnûging.

Wa’t der aardichheid oan hat, kin oanslutend (fan 20.00 oere ôf) dielnimme oan it mienskiplike stille lêzen fan Tresoar (de Silent Book Club).

Skriuwerswykein: hjerst 2024 of febrewaris 2025?

Op 4 en 5 novimber 2023 hienen wy mei 15 dielnimmers wer in wykein op Allardseach by Bakkefean. Learsum en gesellich: it ferslach is hjir te finen. Ek fine jim hjir de pdf fan de presintaasje fan Erik Betten.

Neist in ferslach ek in oprop, want wy wolle graach fan safolle mooglik leden in antwurd op in fraach… It wykein wie ferline jier en dit jier yn de hjerst. Yn de hjerst binne der in protte literêre en kulturele aktiviteiten. Ferskate leden joegen oan dat hja graach dielnimme woenen oan it wykein, mar dêr troch alle drokten gjin kâns ta seagen. Yn de winter, en benammen ein jannewaris/begjin febrewaris, is der meast minder kulturele aktiviteit. Sadwaande hawwe wy foar it folgjende Skriuwerswykein ynearsten twa wykeinen reservearre: 9 en 10 novimber 2024 of 8 en 9 febrewaris 2025.

Begjin jannewaris wolle hja by “Nieuw Allardsoog” witte hokker datum wy kieze. Lês de útlis hjiroer troch en jou jim reaksje! Wy litte dan sa gau mooglik de leden witte wat it wurden is.

Petear mei “Boeken fan Fryslân”

Op 27 novimber hawwe wy ús periodyk petear mei BfF hân. De ûnderwerpen wienen û.o. de fuortgong fan ús promoasjeplan (sjoch ek punt ‘Oerlis Provinsje’), it ferrin fan de Boekewike, wat ferwachtsje wy fan it kadoboek, de sutelaksjes, de Fryske kasten by boekhannels en it sukses fan de berneboeke-ambassadeur. It ferslach fan it petear is hjir te finen.

P.C. Hooft-prijs

Yn 2025 wurdt de P.C.Hooft-prijs (de meast prestizjeuze Nederlânske literêre oeuvrepriis) útrikt oan in proazaskriuwer. Dizze priis kin neffens de eigen P.C. Hooft-stichting-regleminten takend wurde oan in Nederlânsktalich of in Frysktalich auteur. De priis bestiet 75 jier, en is noch nea oan in Frysktalich skriuwer takend. Dus dat wurdt tiid! It Skriuwersbûn sil op ’e nij soargje dat der in oanrikkemandaasje komt fan ien of mear Frysktalich auteur(s). Dy oanbefelling moat yn april nei de Stichting foar de P.C. Hooft-prijs.

Wy binne tige bliid dat Sietse de Vries, Karen Bies en Pier Boorsma in wurkgroep foarmje dy’t sa’n oanrikkemandaasje tariede sil. Op 6 desimber is de wurkgroep ynstallearre. Hja krije stipe fan in Tresoar-meiwurker.

Ankom jier (2024) wurdt de priis takend foar poëzij. De oanrikkemandaasje dêrfoar is ôfrûne maaitiid al ferstjoerd. Sjoch yn ús foarige ledebulletin en op de reachside foar mear ynfo. Dêr fine jim ek it dokumint dêr’t de wurksumheden fan de wurkgroep c.q. kommisje yn omskreaun binne.

City of Literature (CoL)

Ljouwert is ‘City of Literature’ en sawol de gemeente as de Provinsje stelle jild beskikber om dy mondiale earetitel wier te meitsjen mei in ferskaat oan literêre aktiviteiten. Ien fan dy aktiviteiten is it, fia û.o. de provinsjale deiblêden, breed fersprate healjierliks ferskinende tydskrift ‘Letter’. As bestjoer fan it Skriuwersbûn hawwe wy op 15 desimber oerlis mei de lieding fan CoL. Alle leden krigen ûndertusken in e-mail fan ús mei it fersyk om nei te tinken oer de fraach wat CoL spesifyk foar de Fryske skriuwerij betsjutte kin. De earste reaksjes hawwe wy al binnen. Tankewol! Reaksjes binne fansels noch tige wolkom op ynfo@skriuwersbun.frl

Mear ynfo oer CoL is te finen op www.leeuwardencityofliterature.nl

Gearwurkingsoerienkomst mei Tresoar

Tresoar is foar de Fryske literatuer in tige wichtich ynstitút. De Fryske literatuerbefoardering is ommers spesifyk syn opdracht, neist de taak as literatuer-museum en dokumintaasjesintrum. Meikoarten, op 11 jannewaris, wurdt dêrom de gearwurkingsoerienkomst tusken Bûn en Tresoar ûndertekene. Oer dy oerienkomst kediisden wy op 23 oktober mei Arjen Dijkstra en Marijke de Boer fan Tresoar. It ferslach fan it oerlis op 23 oktober is hjir te finen. De oerienkomst sille wy ek sa gau mooglik publisearje.

Frisistyk

In moai inisjatyf: ‘Frisistyk’, it nije online tydskrift foar de taal- en letterkunde dat te finen op www.frisistyk.nl

De reachside is in spesjale ôfdieling fan it online tydskrift foar Nearlandistyk, en Anne Merkuur fan de RUG is de spil fan de bydragen yn en oer it Frysk.

As bestjoer sille wy de ûntjouwing folgje en wy komme der fêst nochris op werom!

Net foar in apel en in aai!

Fryske skriuwers moatte foar bydragen en foardrachten in ridlike beleanning krije, en net ôfskipe wurde mei in grypstehealstoer. Yn de maaitiid fan 2022 stelden wy nei oerlis mei de leden û.o. de folgjende tekst mei minimale bydragen fêst:

It Skriuwersbûn kin en wol syn leden neat oplizze. Mar wy trune wol oan op solidariteit. By it akseptearjen fan in opdracht of it yngean op in fersyk, rekommandearret it Skriuwersbûn de neifolgjende advystariven as ûndergrins:

  • Optreden, lêzing, foardracht foar publyk yn in seal, oeretaryf: €  100
  • Idem foar radio of tv: €  100
  • Publikaasje fan in gedicht, koarte resinsje of kollum yn tydskrift of krante: €  150
  • Publikaasje fan in al earder publisearre gedicht of koarte tekst: €    75
  • Idem foar in skôging, essee, koart ferhaal, lange resinsje (+ 1500 wurden): €  200
  • Idem foar in fraachpetear (ynkl. tarieding) (+ 2000 wurden): €  300

Foar reiskosten advisearje wy dêr boppe-op € 0,23 de kilometer.

Foar de leden is dit in oanrikkemandaasje, mar ek foar de media. It Boun lit dit oersjoch ek takomme oan de Omrop, de kranten, de tydskriften mei it fersyk net minder as dizze bedragen te beteljen.

Kollega’s dy’t, bygelyks foar in optreden, minder freegje wolle, advisearje wy mei klam wol altyd minimaal € 100 + reiskosten te freegjen foar in optreden. Kollega’s dy’t mear freegje kinne en doare as wat wy advisearje, moatte dat fansels altyd dwaan.

Pleatslike kulturele organisaasjes kinne meast subsydzje krije fan de gemeente om in skriuw(st)er optrede te litten.

De tariven fan “de Schrijverscentrale” (foarhinne “Schrijvers, School en Samenleving”), lizze al aardich heger as dit minimum Wy rikkemandearje ús leden oan om har as dat kin oan te sluten by de “Schrijverscentrale”.

Fan belang: skriuw(st)ers binne net Btw-plichtich. Sjoch hjirfoar: Vrijstellingen componisten, schrijvers, cartoonisten en journalisten (www.belastingdienst.nl).

Ús fraach oan de leden is no: hawwe jimme hjir wat oan hân? Doare jimme it oan om dizze bedragen of mear te freegjen? Krije jimme dat dan ek?

Lit it ús witte op ynfo@skriuwersbun.frl

Aktuele ledelist

We binne wiis mei in tal nije leden: Tjeerd Schumacher, Gabriëlle Terpstra en Hindirk Schotanus. Wolkom!

In aktuele ledelist mei in yndieling op regio en achternamme is hjir te finen. It wachtwurd dat hjirfoar nedich is, stiet yn de mail dy’t nei alle leden ta stjoerd is.

Oerlis Provinsje

Yn jannewaris hawwe wy in ôfspraak mei de nije deputearre foar it Frysk, Eke Folkerts. Oant no ta hienen wy in pear kear ynformeel kontakt, en deputearre Folkerts hat al by in pear gelegenheden fernimme litte dat hja Frysksinnich is en in lêzer fan Fryske literatuer. Dat is moai en ek bysûnder foar immen yn ’e polityk.

Us ynset is ûnferoare: mear belied en jild fan de Provinsje foar literatuerpromoasje en befoardering fan it skriuwen en lêzen fan Fryske boeken en bondels, yn de foarm fan stipe foar it ferline jier troch ús ûntwikkele plan. En fansels: krekt wat mear struktureel subsydzje foar ús as Bûn, sadat it Skriuwersbûn ek yn ’e takomst funksjoneare kin. Lês op de reachside nochris ús “Needgjalp” en it mear resinte skriuwen oan Eke Folkerts.

Der komt in nije Provinsjale kultuernota oan. Yn de no noch jildende kultuernota fan de Provinsje stiet ien, negative sin oer de Fryske skriuwerij. Fansels moat dat yn ’e nije nota positiver en better!

Wy winske jim allegearre moaie dagen ta en in lokkich nijjier!

Wy hoopje safolle mooglik minsken te sjen op tongersdei 4 jannewaris fan 16.00 oere ôf yn Tresoar

 

Facebooktwittermail

Definitive programma Skriuwerswykein 4-5 novimber 2023

Der hat in lytse oanpassing plak fûn yn it programma. De ynlieding fan Janneke Spoelstra oer Fryske dichteressen is net op sneintemoarn, mar op sneontejûn. Miskien is dat foar guon oanlieding om har noch oan te melden. Mar ek guon dy’t gewoan  by neier ynsjen dochs komme wolle: oanmelde kin oantemei tiisdei 31 oktober fia 06-46134700!

Sneon:
Fan 10 oere ôf wolkom: Kofje, tee, koeke
11 oere: Erik Betten hâldt in ynlieding oer wat in thriller is en wat der te sjen komt by it skriuwen fan in spannend boek
12.30 oere: lunsj
13.30 oere: workshop û.l.f. Erik: hoe skriuw ik sels in spannend ferhaal of gedicht
15 oere: skoft
15.30 oere: Anita Terpstra: wêrom skriuwt hja thrillers, wat is der moai oan it sjenre, wat komt der by te sjen?
17 oere: aperityf
18 oere: Skriuwersmiel
20 oere: Janneke Spoelstra oer de ynterview bondel mei Fryske dichteressen dêr’t hja oan wurket, en mei spesjaal omtinken foar it wurk fan Baukje Wytsma (ferstoarn 29-12-2022, net ynterviewd foar dizze bondel) en Aggie van der Meer (ferstoarn 12-08-2023, al ynterviewd foar dizze bondel).
21.30 : neisit
(It ûnderdiel “Bûnte Jûn” ferfalt. Mar leden dy’t al wat taret hienen of wat aardichs yn ‘t sin hawwe, krije fansels de gelegenheid dat te presintearjen!)

Snein:
7.30 oere: moarnskuier mei Jan Hendrik
9.00 – 10.30: moarnsbrochje, evaluaasje
Om 11 oere hinne: wer op hûs oan!

Facebooktwittermail

BoekWinterBoek

Freedtetjûn 10 febrewaris is der om 20.00 uur yn kafé De Bogt fen Guné yn Frjentsjer in smoute winterjûn mei optredens fan Anne Feddema, Koos Tiemersma, Sietse de Vries, Willem Schoorstra en Hylke Speerstra. Fierder wurdt ek de winner bekend makke fan de ferhalewedstriid ‘Ut ’e bocht’. De winner mei fuortendaliks syn/har ferhaal foardrage foar it publyk en wint fierder in boekepakket én publikaasje fan it ferhaal.

In jûn foar elkenien dy’t fan lêzen en boeken hâldt! Sjoch moar mear aktiviteiten op: boekenfanfryslan.nl

Facebooktwittermail

Ledebulletin It Skriuwersbûn jierwiksel 22-23

Ledebulletins ferskine in pear kear per jier, net yn in fêste frekwinsje, mar foaral as der wat te melden is en/of der in bysûndere aktiviteit op priemmen stiet. It bestjoer is ferantwurdlik foar de ynhâld. Reaksjes fia mail op bestjoer@skriuwersboun.nl binne tige wolkom. Ledebulletins bliuwe rûchwei in jier sichtber op ús reachside.

***

Ferslach Skriuwerswykein

It hat eefkes duorre, mar dan hast ek wat: it gearfetsjend ferslach fan it Skriuwerswykein is klear! Wy hoopje dat jimme in soad wille ha oan it lêzen. It is taheakke, mar ek te finen op de reachside, mei alle oare dokuminten en wiidweidige ferslaggen fan it wykein.

In earste evaluaasje yn de bestjoersgearkomste hat opsmiten dat wy besykje sille der in jierlikse tradysje yn de hjerst fan te meitsjen. In programma-ûnderdiel op de freedtejûn, dat sille wy nei alle gedachten yn ’23 net wer dwaan. De lokaasje hat prima foldien, mar wy oriïntearje ús no ek op oare plakken, ferlykje prizen en mooglikheden. Yn in folgjend bulletin lêze jimme wat de útkomst wurdt.

***

Alderleafste berneboek

Der binne al in tal aardige bydragen by Reina ynkommen, moai! Meidwaan kin noch. Sjoch op de reachside: “Dyn alderleafste Fryske berneboek”.

***

Professor yn Grins

It brief dat wy hjiroer stjoerd hawwe is noch hieltyd te finen op ús reachside. Sawol mei de minister (op 24 novimber, doe’t Hanke Bruins Slot de rede fan Fryslân hâlde) as mei de deputearre (op 5 desimber yn  ús regulier oerlis) hawwe wy der oer praten, ús soarch ynbrocht en ús suggestje dien om net eksklusyf fêst te hâlden oan de RUG as útfierder. Ek in oare universiteit kin mei it jild fan Provinsje en Ryk soargje foar in heechlearaar en in masteroplieding yn Ljouwert. Ús yndruk is dat it besef dat der sa gau mooglik in nije heechlearaar komme moat, wol breed dield wurdt. De lêste berjochten stelle ús lykwols net echt gerêst. De RUG hâldt yn al har reaksjes dochs flink wat slaggen om ’e earm. En it komt ús foar dat Provinsje en Ryk it net echt skerp spylje doare.

***

Tresoar

Spitigernôch moast direkteur Arjen Dijkstra it petear fan 7 desimber oer de gearwurking tusken Skriuwersbûn en Tresoar ôfsizze. Wy hoopje sa gau mooglik in ferfangende ôfspraak te meitsjen.

***

Fuortgong plan honorearring en promoasje

Op 5 desimber hat deputearre Sietske Poepjes ús meidield dat hja in foars bedrach foar ien kear frijmeitsje kin en wol foar ús promoasje-plan. Hja is tige entûsjast oer de opset. As skiedende deputearre kin hja net mei plannen komme foar de langere termyn, mar in begjin mei in flink dofke jild is fansels net eat dat wy fersmite. Yn it lêste bulletin skreaunen wy dat de puzel oan de Provinsje wie, mar no sille wy sels earst wer puzelje moatte. Yn jannewaris ûnder oaren earst mar wer ris yn konklaaf mei û. o. Boeken fan Fryslân. Mochst tinke: wat plan wie dat eins? Ek dit is te finen op ús reachside.

***

Rispinge

Is der nij wurk ferskynd fan dyn hân? Lit it ús foaral witte. Wy diele it nijs graach mei alle leden en de bûtenwrâld fia ús reachside. Lês dêr wat kollega’s resint útbrocht hawwe en stjoer fan dyn nijste wurk in pakkende beskriuwing nei: bestjoer@skriuwersboun.nl .

***

Dingtiid

Dingtiid, it wichtichste advysorgaan foar Ryk en provinsje oangeande it Frysk, siket in bestjoerslid mei goed sicht op de Fryske skriuwerij en kultuer. It soe moai wêze as ien fan ús leden de útdaging oangie. Der is in ridlike fergoeding oan ferbûn. Sjoch foar mear ynfo: https://skriuwersboun.nl/dingtiid-siket-bestjoerslid-fryske-taal-en-kultuer/.

***

Nijjierssit yn Tresoar

Op 28-1-2023, fan 16.30 oere ôf.  Yn Tresoar is spesjaal ynrjochte: Café De Gouden Leeuw, en dêr hâlde wy ús nijjiersgearsit. Mei in flinke opkomst litte wy as Skriuwersbûn-leden sjen hoe fitaal as de Fryske skriuwerij is! Dus nûgje wy jimme út om it glês te heffen op it nije jier yn dit tydlike ’Café De Gouden Leeuw’ yn Tresoar. It earste drankje en in flaubyt soargje wy foar! Fierdere drankjes binne op eigen kosten. De Fremibu, dy’t oars op 27 jannewaris wêze soe, komt dan foar in kear te ferfallen.

***

Yn de werhelling

De ôfrûne tiid hawwe wy in pear nijsberjochten op de reachside en de sosjals publisearre dy’t noch wol in werhelling fertsjinje, dus dêrom noch even in listje yn dizze nijsbrief:

***

Foar yn de aginda:

***

Ek nijsgjirrich:

Facebooktwittermail

Boekewike!

It is Fryske Boekewike en der leit safolle moais yn de winkel, jimme moatte ris hinne!

De ôfrûne twa wiken hawwe ús leden Jetske Bilker, Geart Tigchelaar en Ammerins Moss-de Boer prachtige boeken bewurke en/of oersetten, en allegearre binne sy it lêzen mear as wurdich. Dus, net stinne, mar hinne nei de Boekhannel! De boeken binne fansels ek online te bestellen, fia de reachside fan de Afûk of by de útjouwers sels.

It nije wurk fan Durk van der Ploeg en Aggie van der Meer en ek de biografy oer Tony Feitsma fan Liuwe Westra meie wy fansels ek net ferjitte! Koarte beskriuwingen binne te lêzen by de Rispinge!

Facebooktwittermail

Rispinge fan oktober

No’t de Berneboekewike begûn is en de Fryske Boekewike oan de ein fan ‘e moanne ek begjint, sjogge wy allegearre prachtige boeken ferskinen! In koart oersjoch!

In fauna fan ingels – Durk van der Ploeg

In fauna fan ingels – Durk van der Ploeg

De haadpersoan yn dizze jubileum-roman fan Durk van der Ploeg, syn fiifentweintichste, is in kroanysk psychiatrysk pasjint dy’t yn ’e rin fan syn libben ferskillende kearen yn kliniken en ggz-ynstellings opnommen wurde moast.
Sânenfjirtich jier nei de earste opname wennet er allinne yn it hûs fan syn âldelju. Omdat er oars net ien hat om mei te praten en om te witten wa’t er is fertelt er himsels syn libbensferhaal dat giet oer syn ferbliuw yn ferskillende ynrjochtings, oer syn psychoazen, eangsten, efterfolgingswaan en de labels dy’t him yn ’e rin fan ’e jierren opplakt binne.

Utjûn troch Het Nieuwe Kanaal: https://www.hetnieuwekanaal.nl/product/8463952/in-fauna-fan-ingels

Healwize beamhutferhalen – Griffiths/Denton (oerset troch Martsje de Jong)

Healwize beamhutferhalen – Griffiths/Denton

Ek dit jier is der wer in berneboekewikegeskink. Dizze kear is dat in ferhaal út de rige De Waanzinnige Boomhut fan de populêre bestsellerauteurs Andy Griffiths en Terry Denton. Bysûnder is dat it geskink dit jier foar it earst ek yn in Fryske oersetting te krijen is!

By besteging fan op syn minst € 12,50 oan berneboeken krigest it boekewikegeskink automatysk kado by dyn bestelling.

Fryske muzyk fan Wim Beckers

Frysk skreaun wurdt der net allinnich yn roman- of dichtfoarm, mar ek op it mêd fan muzyk kom der in soad foarby! Us lid Wim Beckers is goed te finen op YouTube en hat dêr ferskate lieten publisearre dy’t te belústerjen binne, sa as De loft sit fol mei dreamen. Op syn kanaal binne de oare (âldere nûmers) ek te finen.

Wat sit der gau oan te kommen?

Hear fan ’e miggen – William Golding (oerset troch Geart Tigchelaar) – Hispel

De oarloch fan Jan Snip – Ferdinand de Jong (kadoboek Fryske Boekewike)

Facebooktwittermail