Lêsber Fryslân on tour yn Warkum op 13 febrewaris

De meast ferkochte Fryske skriuwer Hylke Speerstra komt in jûn yn de biblioteek fan Warkum. Hy sil prate (en miskien wol foardrage) út syn wurk mei bekende titels as It wrede paradys en De oerpolder.

Ek Bert Looper, direkteur fan Tresoar, komt dizze jûn op de tekst. Hy sil fertelle oer de lêsten ferskynde literêr-geografyske kaart Lêsber Fryslân en giet dêrby yn op skriuwers út de regio. Ut de fierte wei liket it in ‘gewoane’ kaart fan Fryslân, mei stêden en marren, mar ast tichterby komst, sjochst dat de kleurrike kaart hielendal opboud is út sitaten fan Fryske, Nederlânske en sels ynternasjonale skriuwers.

De jûn begjint om 19:30 oere. It wurdt op priis steld as jo jo oanmelde foar dizze jûn.

Facebooktwittermail

Brieven fan dichteresse Rixt opdûkt

Ofrûne simmer waard it Frysk Dichterskollektyf RIXT ferrast troch in skinking fan dichter Koos Hagen (1939) út Amstelveen. Yn ’e neilittenskip fan syn heit ds. J.C. Hagen sieten fjouwer hânskreaune brieven fan dichteresse Hendrika Akke van Dorssen (1887-1979), bekend wurden ûnder it pseudonym Rixt. Koos Hagen woe dy brieven ta hawwe oan it Frysk dichterskollektyf, om’t de Grouster dichteresse de nammejouster en beskermfrou fan it kollektyf is. Op freed 31 jannewaris, de 41ste stjerdei fan Rixt, biedt RIXT de brieven fan har nammejouster oan Tresoar oan. De brieven binne digitalisearre en wurde moarnier pleatst op de websiden fan it dichterskollektyf en Sirkwy: www.rixt.frl en www.sirkwy.frl.

De brieven datearje út 1965/66. Oanlieding binne fragen fan ds. Hagen oan Rixt oer passaazjes út De gouden rider, har dichtbondel dêr’t se yn 1952 de Gysbert Japicxpriis foar krigen hie. Hagen wie earder dûmny yn Ljouwert en krige it Frysk dêr aardich yn ’e macht. Mar hy kin net alles neikomme as er yn de simmer fan 1965 De gouden rider yn syn wenplak Rotterdam oan it lêzen is. Hy beslút earst syn ljocht by kollega-dûmny F. Dykstra út Hijum op te stekken. Dy stjoert him in wiidweidige brief mei ferskate oersettings en ferklearrings fan wurden en rigels út Rixt har bondel. Mar op guon punten kin er Hagen net foldwaande helpe. Dy beslút om de dichteresse sels te benaderjen. Hy siket har adres op yn it tillefoanboek en skriuwt har in brief. Sa begjint in koarte korrespondinsje, mei Rixt yn de rol fan útlizzer fan guon fan har gedichten en ynlieder yn de Fryske literatuer.

De korrespondinsje hâldt begjin 1966 frijwat abrupt op as Rixt Hagen freget in part fan it materiaal dat se him stjoerd hat werom te stjoeren. Se sil op reis nei Egypte en wol foardat se fuortgiet it spul graach wer op oarder ha. Hagen docht dat en slút boppedat in papieren ryksdaalder foar de porto yn. Dan beslút Rixt yn har lêste brief laitsjend: ‘”Hjir hat de man mei oan west,” dacht ik. En nu maakt het papiertje de reis terug naar Rotterdam.’

De fjouwer brieven fan Rixt oan Hagen, de brief fan ds. F. Dykstra oan ds. J.C. Hagen en de earste en twadde brief fan Hagen oan Rixt (dy’t ek by Koos Hagen syn skinking sieten) wurde no taheakke oan it persoanlike argyf fan de dichteresse dat by Tresoar leit. 

De oanbieding fan de brieven fynt plak op freed 31 jannewaris om 11.00 oere yn Tresoar, by it portret fan Rixt yn de Gysbert Japicxseal.

Facebooktwittermail

Fryske boeken digitaal beskikber op Delpher

Hûnderten Fryske boeken binne digitalisearre en publisearre op de webside www.delpher.nl. Sa binne de boeken Joun healwei tolven fan Rink van der Velde, De oerwinning fan Bjinse Houtsma van Anne Wadman en De teltsjebeam van Diet Huber no digitaal beskikber.

Yn Delpher steane miljoenen digitalisearre teksten út Nederlânske en Fryske kranten, boeken en tydskriften dy’t allegearre wurd foar wurd trochsocht wurde kinne. Sy wurde dêr ûnder ien knop oanbean om it finen fan ynformaasje maklik te meitsjen.

Tresoar en de Koninklijke Bibliotheek (KB) praten yn 2019 ôf gearwurkje te wollen oan it digitaal meitsjen fan it skreaune en printe Frysktalige en Nedersaksyske kultureel erfguod. Njonken de gearwurkingsôfspraak waard ferline jier ek in oerienkomst tekene foar in ferfolch op it programma Lân fan Taal. Fan 2014 oant 2018 arbeiden de KB en Tresoar ek al mei-inoar op oan it digitalisearjen fan Frysktalige literatuer yn it programma Lân fan Taal.

Likernôch 10.000 boeken sille yn it ferfolchtrajekt digitalisearre wurde en dêrmei is it grutste part fan de Fryske boeken oant 1940 aanst digitaal beskikber yn Delpher. Dat projekt sil yn de hjerst fan 2020 úteinsette. De KB en Tresoar sille mei-inoar sykje nei middels om mear digitalisearringsprojekten útfiere te kinnen.

It materiaal út Delpher mei allegear foar eigen ûndersyk frij brûkt wurde, yn guon gefallen kinne lykwols der auteursrjochtlike beheiningen jilde. Yn dat twadde gefal wurde de publikaasjes digitaal op de stúdzjesealen fan de Koninklijke Bibliotheek en meikoarten ek op de stúdzjeseal fan Tresoar oanbean.

Ljouwert hat fan 2020 ôf de UNESCO-titel ‘City of Literature’ en as ûnderdiel fan de literatuerstêd spant Tresoar him yn om ynformaasje oer Fryske skriuwers en boeken te sammeljen en te fersprieden. In foarbyld dêrfan is it digitalisearjen en beskikber stellen fan dy hûnderten Frysktalige publikaasjes.

Net allinnich boeken, kranten en tydskriften wurde digitalisearre. De KB en Tresoar sille ek ûndersykje hoe’t it Fryske webdomein (.frl) en Fryske websiden argivearre wurde kinne as boarne foar takomstich taalkundich en histoarysk ûndersyk.

Facebooktwittermail

Gedichtejûn ‘It lânskip yn wurden’ op 13 febrewaris

Tongersdei 13 febrewaris lêze tsien Friezen foar út de moaiste gedichten en boekfragminten oer it Fryske lânskip, mei muzikale ymprovisaasjes fan Tseard Nauta. De aktiviteit is ûnderdiel fan de programmearring by de tentoanstelling ‘Uneinige beweging’, oer keunstner JanMurk de Vries.

De Vries hat sels skilderijen makke by gedichten fan de dichter Sybe Krol. Foar dizze jûn binne tsien Friezen frege om harren moaiste lânskipsgedicht út te sykjen en dêrút foar te dragen. De bydragen binne fan: Wopkje Bergmans, Teake Oppewal, Froukje de Jong-Krap, Willem Winters, Pytsje de Graaf, Douwe Kootstra, Femmie van Veen, Willem Verf, Alex de Jager en Pieter Stellingwerf.

Muzikant Tseard Nauta makket in frije ymprovisaasje fan elke bydrage.

De jûn is frij tagonklik. Oanmelde wurdt op priis steld.

Datum: tongersdei 13 febrewaris
Tiid: ynrin mei kofje en tee om 19.30; start: 20.00 oere
Lokaasje: Obe. Heer Ivostraatje 1, 8911 DP Ljouwert

Facebooktwittermail

Grutte Gedichtejûn op 8 febrewaris yn Drachten

Sa’n tritich dichters út alle hoeken en hernen fan Fryslân en Grinslân komme byinoar yn it smoute kafee Marktzicht te Drachten (Aldewei 14) op 8 febrewaris. De Grutte Gedichtejûn wurdt alle jierren troch Frysk literêr tydskrift Ensafh holden. De jûn is in soarte fan poëzymaraton, de dichters folgje inoar yn heech tempo op, om’t elkenien net mear as ien gedicht foardraacht.

Marlene Bakker
Facebooktwittermail

Rely-priisfraach 2020 iepensteld

De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten 2020 is iepensteld. It is de 66ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000. Oant en mei snein 10 maaie o.s. kin ynstjoerd wurde. De sjuery foar 2020 bestiet út Douwe Kootstra, Inge Heslinga en Rianne Blokzijl.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en de bêste fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. Sûnt 2018 wurdt it bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns foarme troch b. en w. fan Ljouwert, de gemeente fan Rely’s bertedoarp Jellum; de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) rêdt mei de organisaasje. De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan ynfo@stiftingflmd.frl
Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery. Foar mear ynformaasje sjoch de webside www.stiftingflmd.frl of skilje mei Antje Postma, tel. 0653127799.

Facebooktwittermail

Nasjonale foarlêsdagen by Audiofrysk

Fan 25 jannewaris oant 2 febrewaris binne twa searjes berneboeken fergees del te heljen en te belústerjen by Audiofrysk. Sa hawwe ek wat âldere bern moaie ferhalen dy’t foarlêzen wurde. Alle acht harkboeken út de Mentha Minnema-rige en de seis Traveliers-boeken kinne foar nul sinten ophelle wurde by Luisterrijk.

De nuverste aventoeren oplosse mei Mentha Minnema, óf op reis mei de famnylje Travelier nei lannen dêr’t se ek spannende aventoeren belibje? It kin no. Fergees!

Sjoch foar mear ynformaasje op audiofrysk.nl.

Facebooktwittermail

Nije podcastsearje op Omrop Fryslân: Bonkerak

Omrop Fryslân komt mei in nije podcastsearje: Bonkerak. Fan freed 24 jannewaris ôf wurdt alle wiken in ôflevering publisearre. Bonkerak is in rige fan tweintich folksferhalen dy’t bewurke binne ta harkspullen. It binne allegear spannende, horrorachtige ferhalen. De searje set útein mei in Frysk folksferhaal: ‘It bonkerak yn de Herberch’ oer in Drachtster timmerman dy’t konfrontearre wurdt mei in spûk. Der binne ek ferhalen dy’t spylje yn de Skotske Heechlannen, Ierlân, Frankryk en Amearika.

Podcastmakker Geartsje de Vries is tige bliid mei de searje: “Folksferhalen binne poer geskikt om der harkspullen fan te meitsjen. Der binne moaie dialogen oan taheakke en as makker koe ik my hielendal útlibje yn de lûden dy’t der by set binne. It wie wol in útdaging om bygelyks in spûk prate te litten. Want hoe praat in spûk? Tegearre mei de audiotechnikus ha ik dat besocht te ferbyldzjen troch in effekt op de stim te setten.”

Klik hjir foar it earste ferhaal.

Facebooktwittermail

Feestlike ynstallaasje fan Lida Dykstra as Berneboeke-ambassadeur

Foto: Barbara van Rijn/Bluet Foto

Lida Dykstra sil woansdei 22 jannewaris feestlik ynstallearre wurde as Berneboeke-ambassadeur. It feest fan takom wike is foar har it offisjele startsein as Bernboeke-ambassadeur fan Fryslân.
 
De kommende twa jier sil sy de promoasje fan Fryske berneboeken en de Fryske taal in gesicht jaan. Op School Loevestein op ’e Gordyk sil wethâlder Libbe de Vries yn it bywêzen fan alle learlingen de amtsketting by Lida om ’e nekke hingje, it teken dat se offisjeel yn tsjinst is as Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân.
 
It is foar it earst dat Fryslân in Berneboeke-ambassadeur hat. Foar Lida fielt it ambassadeursskip dan ek as in grutte eare: “Yn 2019 siet ik 25 jier yn it fak, dus dit ambassadeursskip komt echt op in prachtich momint yn myn karriêre. Alles wat ik de ôfrûne jierren sammele haw oan ûnderfining kin ik no weromjaan oan de bern.”

It Frysk, it lêzen en ek foarlêzen is tige wichtich foar bern, fynt Lida: “It is in kadootsje datst yn Fryslân wennest en it Frysk meipakke kinst. Dat jout dy safolle mear. Mei lêzen hellest de wrâld nei dy ta. It kin de taalfeardigens, wurdskat en fantasy fergrutsje en de kognitive en sosjale feardigens fierder ûntwikkelje. Mar de wille fan it Frysk lêzen en de Fryske boeken, dy wol ik foaral meijaan oan de bern.”

Nei it offisjele part sille alle bern op School Loevestein mei it Frysk oan ’e slach. Fryske skriuwers en yllustratoaren lykas Mirjam van Houten, Thys Wadman, Babs Wijnstra en Janny van der Molen fersoargje workshops foar alle klassen.

Facebooktwittermail

Gedichte-aven yn St.-Anne op 30 jannewaris

Altyd op ’e lêste donderdeg fan jannewary fynt in de bibliotheek fan St.-Anne de gedichte-aven plak. Hieran doen elk jaar altiten ’n prot mînsen met.

Dut jaar is de gedichte-avend op donderdeg 30 jannewary en begint om 19.30 uur. Faste deelnimmers en besoekers binne wonnen dat Jan Faber en Frootje de Weert deuze aven organisere, want per slot fan reken hewwe se dut jaren deen. Maar baidegaar hewwe angeven dat se na soafeul jaar hiermet stoppe. Fan dut plak ôf wille wij hur och soa bedanke. Nou organiseert de ôfdeling Taal fan Bildts Aigene de gedichte-aven. Maar… Jan Faber is niet ferloren gaan, want Jan is beraid fonnen om de presintasy weer op him te nimmen!

Wille jim ’n gedicht foordrage, dan kinne jim jim opgeve fia info@bildtsaigene.nl. Geef dan ok even deur hoe’t ’t gedicht hyt en wie’t ’t skreven het. Opgeve kin ok deur na de bibletheek te bellen (06-45657383) of der lâns te kommen.

En ’t maakt niet út wer’t ’t gedicht over gaat. Ok niet at ’t Bildts, Frys of Nederlâns is. ’t Mâg ’n sels skreven gedicht weze, maar ok ’n al bestaand gedicht. Maar omdat wy op ’t Bildt binne, sou ’t fijn weze dat d’r al wat Bildtse bij weze sille. En ok ’t jongerand is fansels meer as welkom om met te doen!
Maar watfoor gedicht ’t ok is, wij doen niet soa moeilik. Hopelik doen jim dat ok niet en wort d’r niet stind en binne d’r weer ’n prot foordragers en foordraagsters fan de pertij.

Ant 30 jannewary dan maar? Fijn!

Foto: Jelke de Jager
Facebooktwittermail