Tentoanstelling Waling Dykstra – Foarútgong

Waling Dykstra (1821-1914), bakker, boekbiner en -ferkeaper, is ien fan de belangrykste grûnlizzers fan de Fryske literatuer. Likernôch 75 jier lang hat dizze autodidakt de Friezen leard om har eigen taal te lêzen, te skriuwen en om der yn te sjongen en toaniel yn te spyljen. Syn ynfloed as skriuwer, dichter, sjoernalist en folkskundige op de Fryske taal en kultuer is grutter as dy fan hokker oare skriuwer ek. Syn maatskippij-krityske toan, striid foar it Frysk en ynset foar sosjale rjochtfeardigens en emansipaasje fertsjinje mear as hûndert jier nei syn dea ús folle omtinken. Mei de tentoanstelling ‘Waling Dykstra – Foarútgong’ bringt Tresoar de skriuwer wer yn it Fryslân fan hjoed-de-dei.

De tentoanstelling is fan 21 septimber ôf te sjen yn Obe, poadium foar literatuer, keunst en taal. Om de tentoanstelling hinne wurde ferskate aktiviteiten organisearre, dy’t de ferbining lizze tusken it tema fan de tentoanstelling en aktuele, relevante ûnderwerpen. Dichters, muzikanten en keunstners bringe de dialooch op gong. Hoe brûksto Spoken Word om dy út te sprekken yn de taal dy’t it meast tichtby leit?

Sjoch foar de programmearring yn OBE op de webside fan Tresoar.

Facebooktwittermail

Fryske dichters op Explore the North

It jierlikse festival Explore the North fynt dit jier plak fan 22 oant en mei 24 novimber. Yn dat wykein binne der trije Skriuwersbounleden dy’t elk mei harren eigen ûnderdiel acte de présence jouwe.

Heitelânsdichter Tsead Bruinja sil tegearre mei Babs Gons in reaksje jaan op it boek Alleen de bergen zijn mijn vrienden fan Iraaks-Koerdyske sjoernalist Behrouz Boochani yn ‘e Waalske Tsjerke op freed 22 novimber om 21:00 oere.

Dichter Sytse Jansma hat yn 2018 nei Kenia west mei Frank Keizer. Hja sille oer harren befinings dêr prate. ‘Sytse Jansma nimt dy mei nei plakken yn Kenia dêr’t er ta grutte ynsjoggen kaam.’ Dat sil heve op saterdei 23 novimber om 19:45 oere yn OBE (Aldehoustertsjerkhôf).

Dichter Syds Wiersma is keppele oan in gamer en hat nei oanlieding fan syn ferhaal in proazagedicht skreaun. Sa binne der noch twa gamers en skriuwers. De gamers sille it skreaune ferhaal of fers foarlêze op saterdei 23 novimber om 18:30 oere en 21:30 oere yn OBE (Aldehoustertsjerkhôf).

Sjoch foar mear ynformaasje en foar it folsleine program op: http://www.explore-the-north.nl/nl

Facebooktwittermail

Beneaming nije Dichter fan Fryslân

Op tongersdei 21 novimber om 15:30 oere binne jo fan herte útnûge om oanwêzich te wêzen by de feestlike ynstallaasje fan de nije Dichter fan Fryslân. De offisjele beneaming troch deputearre Sietske Poepjes fynt plak yn de ‘Stadskas’ op it Aldehoustertsjerkhôf, op it Explore the North Festival yn Ljouwert.

Dizze feestlike middei wurdt mei mooglik makke troch Explore the North en Dichter bij Leeuwarden. De presintaasje is yn hannen fan Eva Meijering.

Twa jier lyn beneamde Sietske Poepjes Eeltsje Hettinga ta Dichter fan Fryslân. Foto: Jacob van Essen

Facebooktwittermail

Jubileumfeest en privacyrjochten

Foto: Geart Tigchelaar

Mei in soad foldwaning sjocht it bestjoer werom op in tige slagge Jubileumfeest yn it smûke Grou, dêr’t tagelyk ek it boek Nearnewâld presintearre waard.
 
Wy tankje elkenien dy’t der by oanwêzich wie, de seal siet moai fol, der wie romte om te praten en te dûnsjen.
 
Bestjoerslid Geart Tigchelaar hat op ’e jûn wakker foto’s makke. Om inkelde dêrfan te pleatsen op ús webside en/of sosjale media hawwe wy jimme tastimming nedich, fanwegen de nije privacywet. Dat hie fuort by de yngong moatten, mar dat is ús troch alle oare drokten ûntgien. Dêrom freegje wy jo fia dizze wei oft jo jo oppenearje wolle bywannear’t jo net wolle dat in foto dêr’t jo werkenber op steane op ynternet ferskynt. Soenen jo dat dwaan wolle foar moandei 18 novimber.

Facebooktwittermail

Jubileumboek en -feest

Om it 50-jierrige bestean fan it Skriuwersboun te fieren ha we ús leden fregen om in ferhaal yn te stjoeren foar in jubileumboek. 43 fan ús leden ha in stikje ynstjoerd en dy ha wy omfoarme ta in machtich moai boek: Nearnewâld. De ferhalen binne ynspirearre op de tekening dy’t Laurens Bontes foar ús makke hat.

​It boek is no hast klear, en dat moat fansels fierd wurde. Op 14 novimber sille wy it boek presintearje yn Hotel Restaurant Oostergoo te Grou (www.oostergoo.nl). De presintaasje sil om 20.00 oere begjinne mei ûnder oare in praatsje fan útjouwer Jitske Kingma. Dêrnei is de dûnsflier iepen.

​Elkenien is wolkom te kommen en minsken mei te nimmen (the more, the merrier). Graach foar 3 novimber by ús opjaan (bestjoer@skriuwersboun.nl), sadat we in yndikaasje ha hoefolle minsken komme sille.

Facebooktwittermail

Utrikking Rely Jorritsmaprizen 2019

Op sneon 5 oktober sil de 65ste útrikking fan de Rely Jorritsmaprizen plak fine yn Bears. De bekroande ferhalen binne fan Elmar Kuiper fan Jorwert en Geert Nauta fan Wergea, de bekroande fersen fan Jetske Bilker fan Achlum, Remco Kuiper fan Goutum en Henk Nijp fan Mantgum. De prizen wurde útrikt troch mr. Sybrand van Haersma Buma, boargemaster fan de gemeente Ljouwert.
 
Fan 15:30 oere ôf is der ûntfangst yn de Mariatsjerke yn Bears. De priisútrikking begjint om 16:00 oere yn de Ald Skoalle te Bears. 

Facebooktwittermail

Eeltsje Hettinga, ​Nachtspraak

Op 26 septimber om 11.30 oere wurdt op it plein foar de Blokhúspoarte de poëzystien mei it gedicht ‘Net te beteljen’ oer frijwilligers fan de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, ûntbleate: dat is in inisjatyf fan it Prins Bernhard Fûns.

Dêrnei om 12.15 oere sil útjouwerij Perio de troch Richard Bos typografysk bysûnder fersoarge útjefte fan it gedicht Nachtspraak presintearje. It byldwurk is fan Anne Feddema. Skriuwer-ûndersiker Pieter Breuker jout in taljochting op it gedicht.

De presintaasje fynt plak yn De Schepperij, Oude Oosterstraat 14 yn Ljouwert.

Facebooktwittermail

Ferhalejûn Fryslân 2019

Trochgeand op de suksesfolle ferhalejûn fan LF2018, sil Museumfederatie Fryslân en Stichting Pier21 ek yn 2019 sa’n jûn organisearje. Op 15 novimber kin elk mei in leuk ferhaal of anekdoate minsken fermeitsje troch hiel Fryslân.
 
Elk dy’t in ferhaal fertelle wol, kin him oanmelde fia www.verhalenavond.nl

Facebooktwittermail