Beneaming nije Dichter fan Fryslân

Op tongersdei 21 novimber om 15:30 oere binne jo fan herte útnûge om oanwêzich te wêzen by de feestlike ynstallaasje fan de nije Dichter fan Fryslân. De offisjele beneaming troch deputearre Sietske Poepjes fynt plak yn de ‘Stadskas’ op it Aldehoustertsjerkhôf, op it Explore the North Festival yn Ljouwert.

Dizze feestlike middei wurdt mei mooglik makke troch Explore the North en Dichter bij Leeuwarden. De presintaasje is yn hannen fan Eva Meijering.

Twa jier lyn beneamde Sietske Poepjes Eeltsje Hettinga ta Dichter fan Fryslân. Foto: Jacob van Essen

Facebooktwittermail

Jubileumfeest en privacyrjochten

Foto: Geart Tigchelaar

Mei in soad foldwaning sjocht it bestjoer werom op in tige slagge Jubileumfeest yn it smûke Grou, dêr’t tagelyk ek it boek Nearnewâld presintearre waard.
 
Wy tankje elkenien dy’t der by oanwêzich wie, de seal siet moai fol, der wie romte om te praten en te dûnsjen.
 
Bestjoerslid Geart Tigchelaar hat op ’e jûn wakker foto’s makke. Om inkelde dêrfan te pleatsen op ús webside en/of sosjale media hawwe wy jimme tastimming nedich, fanwegen de nije privacywet. Dat hie fuort by de yngong moatten, mar dat is ús troch alle oare drokten ûntgien. Dêrom freegje wy jo fia dizze wei oft jo jo oppenearje wolle bywannear’t jo net wolle dat in foto dêr’t jo werkenber op steane op ynternet ferskynt. Soenen jo dat dwaan wolle foar moandei 18 novimber.

Facebooktwittermail

Jubileumboek en -feest

Om it 50-jierrige bestean fan it Skriuwersboun te fieren ha we ús leden fregen om in ferhaal yn te stjoeren foar in jubileumboek. 43 fan ús leden ha in stikje ynstjoerd en dy ha wy omfoarme ta in machtich moai boek: Nearnewâld. De ferhalen binne ynspirearre op de tekening dy’t Laurens Bontes foar ús makke hat.

​It boek is no hast klear, en dat moat fansels fierd wurde. Op 14 novimber sille wy it boek presintearje yn Hotel Restaurant Oostergoo te Grou (www.oostergoo.nl). De presintaasje sil om 20.00 oere begjinne mei ûnder oare in praatsje fan útjouwer Jitske Kingma. Dêrnei is de dûnsflier iepen.

​Elkenien is wolkom te kommen en minsken mei te nimmen (the more, the merrier). Graach foar 3 novimber by ús opjaan (bestjoer@skriuwersboun.nl), sadat we in yndikaasje ha hoefolle minsken komme sille.

Facebooktwittermail

Utrikking Rely Jorritsmaprizen 2019

Op sneon 5 oktober sil de 65ste útrikking fan de Rely Jorritsmaprizen plak fine yn Bears. De bekroande ferhalen binne fan Elmar Kuiper fan Jorwert en Geert Nauta fan Wergea, de bekroande fersen fan Jetske Bilker fan Achlum, Remco Kuiper fan Goutum en Henk Nijp fan Mantgum. De prizen wurde útrikt troch mr. Sybrand van Haersma Buma, boargemaster fan de gemeente Ljouwert.
 
Fan 15:30 oere ôf is der ûntfangst yn de Mariatsjerke yn Bears. De priisútrikking begjint om 16:00 oere yn de Ald Skoalle te Bears. 

Facebooktwittermail

Eeltsje Hettinga, ​Nachtspraak

Op 26 septimber om 11.30 oere wurdt op it plein foar de Blokhúspoarte de poëzystien mei it gedicht ‘Net te beteljen’ oer frijwilligers fan de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, ûntbleate: dat is in inisjatyf fan it Prins Bernhard Fûns.

Dêrnei om 12.15 oere sil útjouwerij Perio de troch Richard Bos typografysk bysûnder fersoarge útjefte fan it gedicht Nachtspraak presintearje. It byldwurk is fan Anne Feddema. Skriuwer-ûndersiker Pieter Breuker jout in taljochting op it gedicht.

De presintaasje fynt plak yn De Schepperij, Oude Oosterstraat 14 yn Ljouwert.

Facebooktwittermail

Ferhalejûn Fryslân 2019

Trochgeand op de suksesfolle ferhalejûn fan LF2018, sil Museumfederatie Fryslân en Stichting Pier21 ek yn 2019 sa’n jûn organisearje. Op 15 novimber kin elk mei in leuk ferhaal of anekdoate minsken fermeitsje troch hiel Fryslân.
 
Elk dy’t in ferhaal fertelle wol, kin him oanmelde fia www.verhalenavond.nl

Facebooktwittermail

Boekpresintaasje Gerrit de Vries en Syds Wiersma

Sneintemiddei 30 juny presintearje Gerrit de Vries en Wiersma harren nije dichtbondels. Dat fynt plak yn ytkafee De Basuin (Nieuwe Hollanderdijk 1, Ljouwert). Gerrit de Vries sil syn debútbondel presintearje, en der sille foardrachten wêze fan û.o. Elmar Kuiper, Yva Hokwerda en Piter de Boer.

Der is ek in Iepen Poadium; Elk dy’t wat dwaan wol, krijt de flier
foar ien of twa gedichten of foardrachten.

​De middei duorret fan 15:00 oant ca. 17:30. Tagong is fergees.

Facebooktwittermail

Lida Dykstra fiert har 25-jierrich skriuwerskip mei jubileumboek

25 jier lyn ferskynde it earste berneboek fan Lida Dykstra (De Knipe). Om dat te fieren, binne 25 fan har moaiste ferhalen, troch de jierren hinne al earder ferskynd yn tydskriften lykas Holder, Switsj, Tsjek en LinKk, bondele yn dit boek. 
 
Lida Dykstra wurdt op woansdei 19 juny om 13.00 oere by it WOW Meartalich Kongres by Cedin yn Drachten yn it sintsje setten. De earste eksimplaren fan It Spûkskip wurde oanbean oan dosinten út it primêr – en fuortset ûnderwiis.

Facebooktwittermail