Kulturele kime sûnder literatuer
Mei fernuvering hawwe de leden fan It Skriuwersboun yn it útfieringsprogramma Kultuer oan ’e Kime fan de provinsje Fryslân de plannen foar de weroriïntaasje fan de kulturele ynfrastruktuer lêzen. Wy binne ferbjustere hoe’t yn dat beliedsstik it Fryske kulturele fjild redusearre wurdt ta de twa grutste publykslûkers: popmuzyk en toaniel.
Yn it op ’e titel nei Nederlânsktalige stik lêze wy faak dat de ‘talichheid’ en de ‘meartaligens’ fan de kultuer yn Fryslân in sterk punt wêze soe. Yndied. Mar wy meitsje ús grutte soargen, omdat dy moaie wurden oer ‘talichheid’ net eksplisyt ferbûn wurde oan it skreaune Frysk, net ferbûn oan literatuer yn it Frysk, en ek net oan de ‘makers’ dy’t har spesjalisearje yn it skriuwen yn it Frysk. De skriuwers, de dichters, de oersetters wurde nammentlik nearne neamd yn de nije beliedsnotysje.
Dêrom oppenearje wy ús no. It Skriuwersboun hat fûnemintele beswieren tsjin de teneur yn Kultuer oan ’e Kime , dat kultuer yn Fryslân ûndergeskikt makket oan ekonomyske doelen. Keunst en kultuer wurdt benammen delset as in middel ta it fuortsterkjen fan fêstigingsklimaat en toerisme. Dat bedriget de autonomy fan de keunst en liedt neffens ús ek ta in ynhâldlike útholling. Wy ferwachtsje hieltyd mear keunst dy’t mei in toeristyske blik, oerflakkich en stereotyp, nei Fryslân en de Fryske mienskip sjocht.
Foar echte kulturele ynnovaasje hjir yn Fryslân is kennis nedich, net allinnich in ‘ferhaal’, mar djipper geande kennis fan de eigensinnige Fryske kontekst en ús Fryske talen, ek op wittenskiplik nivo. De literatuer en ús skreaune erfgoed binne by útstek it fehikel fan dy kennis.
As it giet om it plak fan de Fryske taal yn de kulturele ynfrastruktuer, is it saneamde Frysk Bidbook oer meartaligens in teloarstelling. Dat Bidbook is net folle mear as in reklamefolder oer de aktiviteiten fan Lân fan Taal yn 2018. Der is in oanfoljend beliedsstik nedich dat folle breder en djipper yngiet op it Frysk yn it provinsjale kultuerbelied. Literatuer yn it Frysk is ommers it anker fan it Frysk as kultuertaal. Ek foar bygelyks heechweardich lokaasjeteater yn it Frysk binne mear ferbinings mei de literatuer essinsjeel.
Wy freegje provinsjale steaten dan ek mei klam om derop oan te stean dat Fryske literatuer in folweardich plak krijt en hâldt yn de kulturele ynfrastruktuer, mei in koarte- én in langetermynfizy, oangeande sawol it meitsjen as it hoedzjen fan dit erfgoed, sa wichtich foar it behâld fan de kultuer, want mei ynfrastruktuer binne wy der net.
Yn in aparte notysje oer it provinsjale literatuerbelied – dy’t de skriuwers net weimoffelet ûnder ‘taalbefoardering’ – freegje wy omtinken foar it ferline en in blik dy’t breder is as allinnich subsydzjebetingsten en oer de kime rikt. Wy ha ferlet fan in better skriuwklimaat, goede marketing fan Fryske boeken en yn it ferlingde fan LF2018 romte foar ynternasjonale útwikseling fan Fryske skriuwers en foar mear oersettings út it Frysk wei nei oare talen en oarsom. Pas dan komt der perspektyf.
It Skriuwersboun sprekt de hope út dat provinsjale steaten dizze oanbefellings oernimme en sa it plak fan de literatuer yn it Fryske kulturele fjild better boargje. Better let as net.
ANDRE LOOIJENGA
TRYNTSJE VAN DER VEER
Algemien bestjoerslid en foarsitter fan It Skriuwersboun
Ynstjoerd stik is publisearre yn de Ljouwerter Krante op 20-12-2018
Marboei-Ekspo yn OBE
Fan 14 desimber 2018 o/m 2 febrewaris 2019 organisearret Lân fan taal yn gearwurking mei kultureel tydskrift ‘de Moanne’ en BWH-ontwerpers in Marboei-eksposysje yn besikerssintrum Obe.
In Marboei is in ankere boei op it wetter dêr’t boatsjes frij oanlizze kinne. Yn totaal skreaunen trettjin dichters út Nederlân en Flaanderen in gedicht op it Fryske wettter, keppele oan ien fan de Fryske Marboeien.
Op dizze eksposysje binne alle Marboei-gedichten mei-inoar te lêzen en te hearren yn it besikerssintrum Obe yn Ljouwert. De gedichten fan Ellen Deckwitz, Eeltsje Hettinga, Arjan Hut, Maarten Inghels, Elske Kampen, Jaap Krol, Elmar Kuiper, Erik Lindner, Joost Oomen, Jacobus Smink, Saskia Stehouwer, Marjoleine de Vos en Syds Wiersma wurde eksposearre yn harren oarspronklike taal en yn in Ingelske oersetting.
De oersettingen binne makke troch David Colmer, David McKay, Michele Hutchison, Joel Thomas Katz, Robert Perry en Saskia Stehouwer. Mei tank oan Elske Schotanus, dy’t de Fryske gedichten nei it Nederlânsk oersetten hat.
Neist de eksposysje fan de Marboei-gedichten, binne ek de foto’s dy’t fotograaf Remco de Vries makke fan it Marboei-projekt te sjen yn de eksposysjeromte fan Obe. De eksposysje is alle dagen tagonklik foar publyk fan 11.00 – 17.00 oere.
Poëtyske ankerplakken op it Fryske wetter
De Marboeien lizze op bysûndere plakken yn it Fryske wetter. Foar dichters in boarne fan ynspiraasje. Sa makke dichteres Ellen Deckwitz foar it earst yn har libben in boattochtsje, seach Elmar Kuiper nei it ferline op de Swarte Brekken, ferruile Maarten Inghels foar ien dei de Antwerpske binnenstêd foar de Alde Feanen en gie Jaap Krol nochal op en del op de Sleattemer Mar.
Annet Bouma wint Fryske foardrachtskriich FeRstival
Annet Bouma fan Surhuzum hat de 76e edysje fan FeRstival wûn, de Fryske foardrachtswedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean makke se mei har foardracht fan it gedicht ‘Dyn namme’ fan Tsjitske Sijtsma de measte yndruk op de sjuery. “Annet hat ús in skilderij sjenlitten. Se libbe har fantastysk yn en hie in prachtige mimyk”, sei sjueryfoarsitter Romkje Bosma.
Yn de kategory ‘Trochsetters’, foar twadde- en treddeklassers, wie it earste plak foar Elise Westerhof fan Eastermar. Sy die dat mei it gedicht ‘Israël’ fan Jelle Bangma. By de ‘Starters’, foar earsteklassers, droech Mare de Jong fan Akkrum it moaiste foar, mei it fers ‘De earste kear’ fan Ciska Noordmans. Der diene 33 dielnimmers oan de finale mei, op de foarkrigen kamen yn totaal 110 dielnimmers ôf.
Jongerein en Fryske poëzij
FeRstival waard yn 1942 troch de Fryske Underwiisrie ynsteld. Doel wie om de belangstelling te befoarderjen foar poëzy, en dan benammen foar de Fryske. Boppedat fûnen de inisjators it wichtich dat learlingen ûnderfûnen hoe’t it is om op in poadium te stean. Yn al dy jierren hawwe hiel wat pubers meidien dy’t it letter makke hawwe op de planken. Tink oan Rients Gratama, Nynke Laverman, Tet Rozendal en Theun Plantinga.
Alle winners op in rychje
Starters (earsteklassers)
1. Mare de Jong – Akkrum – Beyers Naudé Ljouwert
2. Ineke Reitsma – Easterwierrum – Sevenwolden Grou
3. Anda Braam – Balk – Bogerman Balk
Trochsetters (twadde- en treddeklassers)
1. Elise Westerhof – Eastermar – Liudger Burgum
2. Hannah Marije Vlieg – Ljouwert – Beyers Naudé Ljouwert
3. Sanne de Heer – Mantgum – RSG Magister Alvinus Snits
Toppers (fjirdeklassers en heger)
1. Annet Bouma – Surhuzum – Lauwerscollege Bûtenpost
2. Benthe de Jong – Akkrum – Beyers Naudé Ljouwert
3. Sanne Hoeksma – Twizelerheide – HAVOtop Burgum
Finale FeRstival op 15 desimber yn It Hearrenfean
Yn novimber hawwe op ferskate plakken de heale finales plakfûn fan ‘e jierlikse foardrachtskriich foar bern. De spannende finale sil plakfine op 15 desimber yn It Posthuis yn It Hearrenfean. De doarren geane om 13:30 oere iepen.
De parse oer Steatemerk fan 12 desimber
Yn in folle kommisjeseal kamen tolve ynsprekkers út de kulturele sektor mei skerpe krityk op de nije beliedsnota ‘Kultuer oan ‘e Kime’. Bestjoerslid André Looijenga spriek dêr út namme fan ‘e leden fan It Skriuwersboun. Hjirûnder binne inkelde artikels sammele oer dy middei en jûn op it Provinsjehûs yn Ljouwert.
Ljouwerter Krante fan 12 desimber
Omrop Fryslân fan 12 desimber
Omrop Fryslân fan 13 desimber
Frysk Deiblêd fan 13 desimber
Ljouwerter Krante fan 14 desimber
Bestjoer It Skriuwersboun pakt kâns ta ynsprekken oangeande Kultuernota
Op 12 desimber komt ûnder oaren it ûnderwerp ‘Utfieringsprogramma weroriïntaasje Fryske kulturele ynfrastruktuer’ oan ’e oarde yn de Steatemerk. Jûns is der in mooglikheid ta ynsprekken by de Byldfoarmjende Steatekommisje. It bestjoer fan it Skriuwersboun wol dêr gebrûk fan meitsje om de reden dat de Fryske literatuer amper neamd wurdt. In tal algemiene beswieren dy’t it Skriuwersboun op it aljemint bringe wol is dat de fokus bot leit op ’e útfierende keunst en de festivals. Dat is in fierdere marginalisearring. Boppedat moat foar’t der útfierd wurde kin, teksten levere wurde, mar dy lykje no út de loft te fallen. Fierders wurdt kultuer ûndergeskikt makke oan ekonomyske doelstellings. De fokus ferskoot nei kultuer as toeristelûker, sadat in ynhâldlike útholling driget. In oar wichtich punt is ûnderwiis, want by de basis moat it begjinne, en dy basis is spitigernôch fierstente ûnfoldwaande.
De byienkomsten fan ’e Provinsje binne iepenbier, dat jo kinne jo ek opjaan om te kommen troch in mail te stjoeren nei statengriffie@fryslan.frl.
De stikken dêr’t it om giet binne hjir te riedplachtsjen.
Kursus skriuwen foar lokaasjeteater – mei Bouke
It ôfrûne jier hat der al it ien en oar te dwaan west oangeande toaniel binnen It Skriuwersboun. Under oaren hat Bouke Oldenhof in jûn fersoarge om oer syn fak te fertellen yn syn kafee Rolbrêge op ‘e Tynje. Takom jier fersoaget Bouke foar Keunstwurk in Kursus skriuwen foar lokaasjeteater.
Klik op hjir foar mear ynformaasje en de mooglikheid om jo op te jaan.
Portret fan Eppie Dam
Yn 2017 wûn Eppie Dam mei syn dichtbondel Fallend ljocht de Gysbert Japicxpriis. De heechste literêre priis fan Fryslân. Tresoar hat de Fryske keunstner Gerrit Terpstra frege om in portret fan Eppie Dam te meitsjen.
Freed 30 novimber 2018 is it nije portret ûntbleate troch minister Kajsa Ollongren. It nije portret is te besjen yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar.
Dit portret is in bysûndere oanfolling yn de tradysje fan Tresoar om de priiswinners te earjen mei in keunstwurk. De rige mei portretten fan Gysbert Japicxpriiswinners wurdt hieltyd wer útwreide mei in nije keunstwurk. It is sa stadichoan in rike samling keunstwurken fan ferskate Fryske keunstners. Al dizze moaie keunst is meastentiids te besjen as Tresoar iepen is.