Marboei-Ekspo yn OBE

Fan 14 desimber 2018 o/m 2 febrewaris 2019 organisearret Lân fan taal yn gearwurking mei kultureel tydskrift ‘de Moanne’ en BWH-ontwerpers in Marboei-eksposysje yn besikerssintrum Obe.
 
In Marboei is in ankere boei op it wetter dêr’t boatsjes frij oanlizze kinne. Yn totaal skreaunen trettjin dichters út Nederlân en Flaanderen in gedicht op it Fryske wettter, keppele oan ien fan de Fryske Marboeien.
 
Op dizze eksposysje binne alle Marboei-gedichten mei-inoar te lêzen en te hearren yn it besikerssintrum Obe yn Ljouwert. De gedichten fan Ellen Deckwitz, Eeltsje Hettinga, Arjan Hut, Maarten Inghels, Elske Kampen, Jaap Krol, Elmar Kuiper, Erik Lindner, Joost Oomen, Jacobus Smink, Saskia Stehouwer, Marjoleine de Vos en Syds Wiersma wurde eksposearre yn harren oarspronklike taal en yn in Ingelske oersetting.
 
De oersettingen binne makke troch David Colmer, David McKay, Michele Hutchison, Joel Thomas Katz, Robert Perry en Saskia Stehouwer. Mei tank oan Elske Schotanus, dy’t de Fryske gedichten nei it Nederlânsk oersetten hat.
 
Neist de eksposysje fan de Marboei-gedichten, binne ek de foto’s dy’t fotograaf Remco de Vries makke fan it Marboei-projekt te sjen yn de eksposysjeromte fan Obe. De eksposysje is alle dagen tagonklik foar publyk fan 11.00 – 17.00 oere.

Poëtyske ankerplakken op it Fryske wetter
De Marboeien lizze op bysûndere plakken yn it Fryske wetter. Foar dichters in boarne fan ynspiraasje. Sa makke dichteres Ellen Deckwitz foar it earst yn har libben in boattochtsje, seach Elmar Kuiper nei it ferline op de Swarte Brekken, ferruile Maarten Inghels foar ien dei de Antwerpske binnenstêd foar de Alde Feanen en gie Jaap Krol nochal op en del op de Sleattemer Mar.

Foto: Marleen Annema
Facebooktwittermail

Annet Bouma wint Fryske foardrachtskriich FeRstival

Annet Bouma fan Surhuzum hat de 76e edysje fan FeRstival wûn, de Fryske foardrachtswedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean makke se mei har foardracht fan it gedicht ‘Dyn namme’ fan Tsjitske Sijtsma de measte yndruk op de sjuery. “Annet hat ús in skilderij sjenlitten. Se libbe har fantastysk yn en hie in prachtige mimyk”, sei sjueryfoarsitter Romkje Bosma.

Foto: Cedin

Yn de kategory ‘Trochsetters’, foar twadde- en treddeklassers, wie it earste plak foar Elise Westerhof fan Eastermar. Sy die dat mei it gedicht ‘Israël’ fan Jelle Bangma. By de ‘Starters’, foar earsteklassers, droech Mare de Jong fan Akkrum it moaiste foar, mei it fers ‘De earste kear’ fan Ciska Noordmans. Der diene 33 dielnimmers oan de finale mei, op de foarkrigen kamen yn totaal 110 dielnimmers ôf.

Jongerein en Fryske poëzij
FeRstival waard yn 1942 troch de Fryske Underwiisrie ynsteld. Doel wie om de belangstelling te befoarderjen foar poëzy, en dan benammen foar de Fryske. Boppedat fûnen de inisjators it wichtich dat learlingen ûnderfûnen hoe’t it is om op in poadium te stean. Yn al dy jierren hawwe hiel wat pubers meidien dy’t it letter makke hawwe op de planken. Tink oan Rients Gratama, Nynke Laverman, Tet Rozendal en Theun Plantinga.

Alle winners op in rychje
Starters (earsteklassers)
1.    Mare de Jong – Akkrum – Beyers Naudé Ljouwert
2.    Ineke Reitsma – Easterwierrum – Sevenwolden Grou
3.    Anda Braam – Balk – Bogerman Balk

Trochsetters (twadde- en treddeklassers)
1.    Elise Westerhof – Eastermar – Liudger Burgum
2.    Hannah Marije Vlieg – Ljouwert – Beyers Naudé Ljouwert
3.    Sanne de Heer – Mantgum – RSG Magister Alvinus Snits

Toppers (fjirdeklassers en heger)
1.    Annet Bouma – Surhuzum – Lauwerscollege Bûtenpost
2.    Benthe de Jong – Akkrum – Beyers Naudé Ljouwert
3.    Sanne Hoeksma – Twizelerheide – HAVOtop Burgum

Facebooktwittermail

De parse oer Steatemerk fan 12 desimber

Yn in folle kommisjeseal kamen tolve ynsprekkers út de kulturele sektor mei skerpe krityk op de nije beliedsnota ‘Kultuer oan ‘e Kime’. Bestjoerslid André Looijenga spriek dêr út namme fan ‘e leden fan It Skriuwersboun. Hjirûnder binne inkelde artikels sammele oer dy middei en jûn op it Provinsjehûs yn Ljouwert.

Ljouwerter Krante fan 12 desimber

Omrop Fryslân fan 12 desimber

Omrop Fryslân fan 13 desimber

Frysk Deiblêd fan 13 desimber

Ljouwerter Krante fan 14 desimber

Foto: Omrop Fryslân
Facebooktwittermail

Bestjoer It Skriuwersboun pakt kâns ta ynsprekken oangeande Kultuernota

Op 12 desimber komt ûnder oaren it ûnderwerp ‘Utfieringsprogramma weroriïntaasje Fryske kulturele ynfrastruktuer’ oan ’e oarde yn de Steatemerk. Jûns is der in mooglikheid ta ynsprekken by de Byldfoarmjende Steatekommisje. It bestjoer fan it Skriuwersboun wol dêr gebrûk fan meitsje om de reden dat de Fryske literatuer amper neamd wurdt. In tal algemiene beswieren dy’t it Skriuwersboun op it aljemint bringe wol is dat de fokus bot leit op ’e útfierende keunst en de festivals. Dat is in fierdere marginalisearring. Boppedat moat foar’t der útfierd wurde kin, teksten levere wurde, mar dy lykje no út de loft te fallen. Fierders wurdt kultuer ûndergeskikt makke oan ekonomyske doelstellings. De fokus ferskoot nei kultuer as toeristelûker, sadat in ynhâldlike útholling driget. In oar wichtich punt is ûnderwiis, want by de basis moat it begjinne, en dy basis is spitigernôch fierstente ûnfoldwaande.

De byienkomsten fan ’e Provinsje binne iepenbier, dat jo kinne jo ek opjaan om te kommen troch in mail te stjoeren nei statengriffie@fryslan.frl

De stikken dêr’t it om giet binne hjir te riedplachtsjen.

Facebooktwittermail

Kursus skriuwen foar lokaasjeteater – mei Bouke

Foto: Geart Tigchelaar

It ôfrûne jier hat der al it ien en oar te dwaan west oangeande toaniel binnen It Skriuwersboun. Under oaren hat Bouke Oldenhof in jûn fersoarge om oer syn fak te fertellen yn syn kafee Rolbrêge op ‘e Tynje. Takom jier fersoaget Bouke foar Keunstwurk in Kursus skriuwen foar lokaasjeteater.

Klik op hjir foar mear ynformaasje en de mooglikheid om jo op te jaan.

Facebooktwittermail

Portret fan Eppie Dam

Yn 2017 wûn Eppie Dam mei syn dichtbondel Fallend ljocht de Gysbert Japicxpriis. De heechste literêre priis fan Fryslân. Tresoar hat de Fryske keunstner Gerrit Terpstra frege om in portret fan Eppie Dam te meitsjen.
Freed 30 novimber 2018 is it nije portret ûntbleate troch minister Kajsa Ollongren. It nije portret is te besjen yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar.
 
Dit portret is in bysûndere oanfolling yn de tradysje fan Tresoar om de priiswinners te earjen mei in keunstwurk. De rige mei portretten fan Gysbert Japicxpriiswinners wurdt hieltyd wer útwreide mei in nije keunstwurk. It is sa stadichoan in rike samling keunstwurken fan ferskate Fryske keunstners. Al dizze moaie keunst is meastentiids te besjen as Tresoar iepen is.

Facebooktwittermail

Lêzing ‘De leegte van een landschap, dat zich gestaag vult met tijd’

De bekende skriuwster en filosofe Joke Hermsen hâldt op snein 9 desimber yn de ‘Dorpskerk’ fan Beetstersweach in lêzing oer ‘de leechte’. Sy sprekt yn it kader fan de útstalling Skjin Laai/Tabula Rasa yn de Projectruimte, Hoofdstsraat 17 yn Beetstersweach, dêr’t mear as 30 dichters en keunstners stil stean by it tema ‘leechte’. ​Joke Hermsen skriuwt fiksje, mar is foaral ek bekend fan har essays oer stilte, rêst, ‘onthaasting’:  ‘Stil de tijd, pleidooi voor een langzame toekomst’, ‘Windstilte van de ziel’ en ‘Melancholie van de onrust’. Yn Beestersweach slút sy oan by it tema fan de útstalling mei har lêzing ‘De leegte van een landschap, dat zich gestaag vult met tijd’. Nei ôfrin fan de lêzing is der gelegenheid de útstalling te besjen en jout Bert Looper in koarte taljochting en rûnlieding.

Facebooktwittermail

Portretpresintaasje Eppie Dam

Eppie Dam wûn yn 2017 de Gysbert Japicxpriis foar syn bondel “Fallend ljocht”. Gerrit Terpstra makke in portret fan Eppie Dam.
Op freedtemiddei 30 novimber wurdt it portret presintearre oan it publyk. Fansels is de ûntbleating fan it skilderij yn de Gysbert Japicxseal, dêr’t alle oare portretten fan eardere winners ek hingje.
Om 15.30 oere ynrin mei kofje/tee en 16.00 oere presintaasje fan it portret.

Facebooktwittermail