It tipelsinnich bousel, ik fan Anne Wadman

Anne Wadman liet mei syn wurk fuortdaalks syn grutte ambysjes sjen. Hy tilde sawol yn syn kritiken as mei syn romans de Fryske literatuer op in heger plan. Hy die dat yn syn flymskerpe kritiken yn De Tsjerne, mar ek mei it publisearjen fan taboetrochbrekkende en eksperimintele romans lykas De Smearlappen (1963) en De frou yn ‘e flesse (1988). Foar syn kritiken krige er yn 1952 de Gysbert Japicxpriis en letter, yn 1989, waard er foar syn romans foar de twadde kear mei dy priis eare. Yn it deistich libben wie Anne Wadman foar in soadin ynspirearjend learaar Nederlânsk yn it fuortset ûnderwiis en letter oan de learare-oplieding Ubbo Emmius. Boppedat wied er syn hiele libben aktyf as muzikant en muzikus. Hy spile fioele, skreau muzykkritiken, wie yn en fuort nei de oarloch aktyf yn de band The Snake Charmers en letter noch by it Sneeker Jeugd Orkest, dat er opset hat, it Fries Kamerorkest en Salonorkest Plumeau.

Oer al dy fasetten fan in bysûnder ryk libben, mei hichte-en djiptepunten, oer haadsaken en bysaken, giet dit boek. It stiet fol mei ûnder oare oan no ta net publisearre wurk en nea earder ferskynde foto’s en dokuminten. Minsken dy’t harren fertroud fiele mei libben en wurk fan de skriuwer, learaar en muzikant helje oantinkens op en jouwe analyzes fan syn wurk.

Utjouwerij: Afûk

Facebooktwittermail

It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen fan Hylkje Goïnga

Om’t de boeken fan har net mear te krijen wienen, ferskynde yn 2016 de bondel Tsien fan Hylkje, in lytse kar út har wurk. Yn It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen fynt de lêzer nochris tsien teksten dy’t karakteristyk binne foar de skriuwster: koart om ‘e hoeke, humoristysk en net sûnder tragyk.

Hylkje Goinga (1930-2001) is as skriuwster foaral bekend wurden troch har koarte ferhalen. Tusken 1971 en 1993 publisearre se seis bondels. In grut part fan de ferhalen skreau se foar it moanneblêd De Strikel en de Leeuwarder Courant. Blêden as Opzij en Margriet namen ek wurk fan har op.

Yn de wrâld fan de koarte ferhalen is Hylkje Goinga in opfallende ienling. Se wurdt wolris fergelike mei de Ingelske skriuwer Roald Dahl. Krekt as Dahl hat se der in hantsje fan om it ûnwierskynlike as deagewoan foar te stellen. De ferhâlding tusken man en frou is it weromkommende tema. De lêzer wurdt geregeld op ‘e ferkearde skonk set omdat de ferhalen oan de ein faak in ûnferwachte, soms absurde draai meitsje. De flot fertelde brike setten fan de nofteren en soms naïve húsfrou Marthaha yn 2019 noch neat oan aktualiteit ferlern.

Gearstalling en foarwurd: Douwe Kootstra

Utjouwerij: Afûk

Facebooktwittermail

De Fryske utopy

Hoe sjocht Fryslân yn 2030 derút? Hoe moat dit hoekje wrâld idealiter derút sjen? Alve minsken mei in dúdlike (utopyske) fyzje, sprekke har dêroer út yn dizze bondel. Dy bydragen geane oer allegear tema’s, fan it Fryske erfgoed oant Fryslân frij fan gif.

Wat harren bynt is belutsenens by minsken, by it lânskip, by it wurk. Wat harren ek bynt is langstme. Net romantysk of sentimenteel, mar in realistysk langstme. De bydragen leverje in konkrete wurklist op foar it goede libben yn Fryslân. En wat foar Fryslân jildt, jildt eins foar de hiele wrâld.

Utjouwerij: Bornmeer

Facebooktwittermail

De tsjûgen fan de macht fan Aggie van der Meer

‘Ik wit wol dat ik âld bin, mar dêr stean ik net by stil’, sei Aggie van der Meer tsjin de lokale omrop neidat se de Gysbert Japickspriis 2019 wûn foar har hiele oeuvre. It skriuwen giet troch, nettsjinsteande in heal lamme skonk, of in each dat op swart sprongen is.
 
De Tsjûgen fan de Macht is in boek dat sy perfoarst noch skriuwe woe. In famke is taskôger as de besetter de klokken út de Martinitsjerke hellet. In jier letter is de besetter ferslein, mar de frijheid hat de minsken net feroare. Tusken beide tsjûgenissen yn groeide in puzelfertelling oer macht en oer minsken. Wêr’t de puzel ophâldt, is noch altyd net krekt te sizzen.
 
Boadskippen út dreamen, achterútfleanende krieën, burokratysk absurdisme, it mysterieuze, mar o sa ynfloedrike Hegerhân… in mozayk sa’t allinne Aggie van der Meer dat optekenje kin.

Utjouwerij Afûk

Facebooktwittermail

Sanfirdo fan Bennie Huisman

Liuwe is in gewoane jonge, dy’t it dreech fynt om te kiezen. Tusken muzyk en technyk. Tusken leafdes dêr’t er tsjinoan rint. Hy wit net altyd hoe’t er reagearje moat as it libben en de maatskippij sûnder oerlis foarôf yngripe yn syn libben. As syn mem ynienen stjert. As syn earste leafde stikken rint. As syn bern opgroeie en eigen paden gean. As sels net kieze betsjutte kin dat oaren dat foar jo dogge. Sa stroffelt Liuwe troch it libben. Mar dogge we dat net allegear?

Sanfirdo is yn in soad opsichten in ferfolchferhaal. It is it ferfolch op de novelle Sânfurd, út 1999, oer de koarte romance dêr tusken Liuwe en Elize. Liuwe sels fertelt hoe’t it doe fierder gie. En noch altyd giet.

Utjouwer: Afûk

Facebooktwittermail

It grutte foarlêsboek II

Moaie, spannende, gekke, fleurige ferhaaltsjes, gedichten en ferskes oer fan alles en noch wat:  Kabouters, bisten,  letters, fiterje, heksen, Tomke, op skoalle en noch folle mear.
Mei wurk fan ferskillende skriuwers en yllustratoaren. Om alle dagen út (foar) te lêzen.

Utjouwer: Afûk

Facebooktwittermail

Karlsson fan it dak – Astrid Lindgren oersetten troch Martsje de Jong

It komt net sa faak foar dat der lytse, dikke mantsjes mei propellers op ‘e rêch en in startknopke op ‘e búk boppe op it dak wenje. Karlsson is sa’n mantsje. En Erik ken net ien dy’t sa goed streken úthelje kin as Karlsson fan it dak. Dat rint fansels net altyd goed ôf. Mar wa leaut him no, as er seit dat Karlsson fan it dak it dien hat? Ien ding is wis: as Karlsson yn ‘e buert is, hoechst dy noait te ferfelen!

Astrid Lindgrens skriuwerskarriêre begûn eins op de dei dat har dochterke Karin frege om in ferhaal; in ferhaal oer Pippi Langkous. Dêrnei skreau se mear as 20 boeken, dy’t oer de hiele wrâld lêzen en wer lêzen wurde. Yn Nederlân wûn Astrid Lindgren trije kear de Zilveren Griffel en yn 2002 waard der in ynternasjonale berneboekepriis nei har neamd: de Astrid Lindgren memorial Award. Dy bekroaning is de grutste priis yn de berneboekewrâld!

Utjouwer: Afûk

Facebooktwittermail

Wij yn ‘e draaimûne fan Janneke Spoelstra

Wij yn ‘e draaimûne is de tredde dichtbondel fan Janneke Spoelstra.  Yn dizze bondel wurdt it ûndersykjen fan it eigen plak op ‘e wrâld trochset en wurdt wjerstân bean oan net allinne it ferlies fan neisten, mar ek fan soks saakliks as in gemeente.
Mei it gedicht ‘In wykein as dit’ wûn Spoelstra yn 2016 in Rely Jorritsma-priis. Yn 2016 lies se, yn it ramt fan it projekt Poetic Potatoes, har ierappelgedichten foar op Malta en yn 2017 trede se yn Dublin op yn it ramt fan International Women’s Day. It gedicht ‘Altyd alve’ waard útkeazen om yn septimber 2018 yn Brussel, as ûnderdiel fan it Transpoesie Festival, foar it fuotljocht brocht te wurden.

Janneke Spoelstra (Hijum 1962) wennet yn Alde Leie, se publisearre har debútbondel Goeie is it wachtwurd (Utjouwerij Frysk & Frij) yn 2004. Har twadde bondel, Langst fan ‘e dagen, ferskynde by de Friese Pers Boekerij yn 2011.

Utjouwer: Afûk

Facebooktwittermail

De parallaks fan Janneke Spoelstra

Yn De parallaks, dy’t in simmerhealjier tusken Ljouwert en It Amelân beslacht, komme trije froulike haadpersoanen oan it wurd: Famk dy’t tritich wurdt, Lokke dy’t fyftich en Wyb dy’t santich wurdt.
Alle trije identifisearje se harsels as lesbysk, mar troch it ferskil yn leeftiid is it perspektyf hiel oars. De libbens fan ‘e froulju rinne soms mei-inoar op, mar úteinlik folgje se alle trije har eigen wei.

De parallaks is de earste roman fan Janneke Spoelstra (Hijum 1962). De skriuwster, dy’t wennet yn Alde Leie, publisearre twa dichtbondels: Goeie is it wachtwurd (Utjouwerij Frysk en Frij 2004) en Langst fan ‘e dagen (Friese Pers Boekerij 2011). In treddenien, Wij yn ‘e draaimûne, ferskynde tagelyk mei dizze roman.
Yn 2008 publisearre Spoelstra, yn it ramt fan it projekt Fryske Modernen, de ferhalebondel In Jikse-libben, dy’t as ien fan ‘e tsien Fryske boeken yn 2013 op de Frankfurter Buchmesse ûnder de oandacht brocht waard. Se sette de ferhalebondel sels oer nei it Nederlânsk. Under de titel Wat ze dan dacht ferskynde dy oersetting yn 2013 by Utjouwerij Elikser.

Utjouwer: Afûk

Facebooktwittermail

In stjer leafhawwe / Een ster liefhebben / To love a Star fan Simen de Jong

Laurence Alma Tadema waard yn 1865 yn Brussel berne as âldste dochter fan de Frânske Marie Dumoulin en de Fryske skilder Lourens Alma-Tadema.
Laurence skriuwt fan jongs ôf oan en koesteret har oanlis op in protte mêden. Har wurk bestiet út gedichten, romans, toanielstikken, oersettingen en pamfletten. Krekt as har heit wurdt se in wrâldboarger, in kosmopolyt troch opfieding en brede ynteresse.
Oars as by de yn it algemien sinnige ferbylding fan har heit – wolkeleas en freugdefol lardearre mei optimisme – treffe we by Laurence meastentiids in djippergeande wanhoop en ekstaze oan. Lourens ferbyldet mei syn pinsiel in fiere wrâld en bringt in ryk ferline ta libben. Laurence is yn har skriuwen yn petear mei har inerlik.

Utjouwer: Hispel

Facebooktwittermail