Hanneke de Jong – Wat het hele dorp wist

It nijste boek fan Hanneke de Jong is no beskikber fan útjouwer Noordboek.

Yn 2020 wie it 75 jier lyn dat Nederlân befrijd waard. Yn ferbân dêrmei waard Hanneke frege in Frysk berneboek te skriuwen oer de jeugd fan Louis Godschalk, dy’t yn 1942 yn Amsterdam berne is en as pjut ûnderdûkt yn in doarp by Snits. No wennet er yn Israel. Mei de help fan Louis Godschalk en Koos Boorsma, dy’t in biografy oer him skreaun hat (Wa bin ik?), skreau se in Frysk berneboek foar groepen 7 en 8. Hjir koe se net alles yn sizze dat se te sizzen hie, dat besleat se om it boek op ‘e nij te skriuwen foar âldere jeugd (en folwoeksenen). It is net in boek dat allinnich oer de oarloch giet, mar benammen oer de gefolgen dêrfan foar de neibesteanden en foar harren bern en pake- en beppesizzers.

Hanneke de Jong – Wat het hele dorp wist

Lion wennet yn Israel. Foar syn sechstjinde kin er mei mem en pake op fakânsje nei Nederlân. Pake groeide dêr op yn Fryslân. Lion hat syn pake al meardere frege oer syn libben dêr mar dy hat it der leaver net oer. De skiednis fan syn pake hat wat te krijen mei de Twadde Wrâldoarloch. Hy wie doe in pjut, dus wat is der bard?

Faaks is pake wat mear iepen oer syn jeugd wannear’t er wer ris yn syn âlde doarp sjocht. Mar as Lion sjocht hoe dreech pake it hat mei dat ferline, freget er him ôf oft dizze reis wol sa’n goed idee wie.

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd.