Presintaasje bondel: Verwerkt in Gedichten

Op 21 Maaie kinne jo de gedichten hearre fan Jan H. Woudstra. Hy presintearret dan syn 4de bondel: Verwerkt in Gedichten.

Jo binne wolkom tusken 13:30 / 15:00 oere yn de tsjerke fan Wetsens.

De dichter lêst wat út syn nijste bondel en jo kinne him moetsje en dizze of foarige bondels keapje.


Yn syn gedichten beskriuwt er wat him dwaande hâldt: leauwe, hope en leafde.

In part fan de gedichten gean oer rouferwurking nei de dea fan syn frou Baukje. De dichter skilderet mei syn wurden in moaie sinneûndergong, de gâns kleurichheid yn’e natuer, in ûnderfining yn it taseine lân of in gedachte, in emoasje dysto samar oerfalle kinst. 


De bondels binne te ferkrijen yn de boekhandel mar ek by de dichter fia inGedichten7@gmail.com

Jan Woudstra – Verwerkt in Gedichten

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd.