Ofrûne moandei wie it Keningsdei, en ik doar hast wol te wedzjen dat minsken op de rommelmerk stapels mei (âlde) boeken kocht hawwe. Mar foar wa’t nocht hat oan nije útjeften, dy binne der fansels ek west de ôfrûne tiid.
Us leden hawwe hiel wat ôfskreaun, en der komt de kommende wiken allinnich mar mear by, want der steane wat presintaasjes op de aginda!
In lyts oersjoch…
Elmar Kuiper – Wytbekroek (Hispel)
Sintraal tema yn Wytbekroek is de dea. Dizze fûgel (roek) jout mei syn stim en eigen aksint, boadskippen oan ’e dichter en lêzer troch. Elmar Kuiper tekenet lyrysk en ritmysk, bonkich en liiflik op wat de fûgel sa al skrast en bekrast. Hy praat mei syn heit en mem, wikselet kaaimominten út syn jeugd, koart en krekt beskreaun, ôf mei mominten út it hjir en no. Guon fersen ferwize nei oare dichters. Yn oare fersen lit er de noed oer de wrâld en de leafde foar syn bern trochklinke. Wytbekroek is Kuiper syn achtste Frysktalige bondel.

Paul van Dijk – Tys & Teske (Afûk – Ljouwert)
Yn stee fan mei Tomke, kinne bern no Frysk leare mei Tys en Teske. De ferhalen fan Tys en Teske steane ticht by it deistich libben fan jonge bern. Bern werkenne harsels yn de aventoeren en reagearje op wat se sjogge en hearre. It earste boekje is skreaun troch Paul van Dijk. It boekje is fergees te krijen by alle biblioteken yn Fryslân en ek alle berne-opfanglokaasjes hawwe in eksimplaar tastjoerd krigen, sadat alle pjutten yn ’e kunde komme kinne mei Tys & Teske.

Jan-Hendrik Woudstra – Fryske Flarden (De Pinne)
Fryske Flarden is in yntinse, persoanlike samling fan wurden dy’t ûntstien binne út stilte, leafde en it libben sels. Jan Hendrik Woudstra lit yn dizze bondel sjen hoe’t tinzen, oantinkens en gefoelens har foarm fine yn it Frysk. Te keap fia de boekhannel of op de eigen website.
Martinus Jellema – Nederlands is Fries met een Frans(ch)e tongval (Aspekt)
Net yn it Frysk, mar wol oer it Frysk! In boek oer wurden, betsjutting, relaasjes en de oarsprong fan… alles dêrtuskenyn. Oeral te keap, mar fansels it leafst gewoan by de lokale boekhannel of op de website fan Martinus sels.


