Ledebulletin It Skriuwersbûn jierwiksel 22-23

Ledebulletins ferskine in pear kear per jier, net yn in fêste frekwinsje, mar foaral as der wat te melden is en/of der in bysûndere aktiviteit op priemmen stiet. It bestjoer is ferantwurdlik foar de ynhâld. Reaksjes fia mail op bestjoer@skriuwersboun.nl binne tige wolkom. Ledebulletins bliuwe rûchwei in jier sichtber op ús reachside.

***

Ferslach Skriuwerswykein

It hat eefkes duorre, mar dan hast ek wat: it gearfetsjend ferslach fan it Skriuwerswykein is klear! Wy hoopje dat jimme in soad wille ha oan it lêzen. It is taheakke, mar ek te finen op de reachside, mei alle oare dokuminten en wiidweidige ferslaggen fan it wykein.

In earste evaluaasje yn de bestjoersgearkomste hat opsmiten dat wy besykje sille der in jierlikse tradysje yn de hjerst fan te meitsjen. In programma-ûnderdiel op de freedtejûn, dat sille wy nei alle gedachten yn ’23 net wer dwaan. De lokaasje hat prima foldien, mar wy oriïntearje ús no ek op oare plakken, ferlykje prizen en mooglikheden. Yn in folgjend bulletin lêze jimme wat de útkomst wurdt.

***

Alderleafste berneboek

Der binne al in tal aardige bydragen by Reina ynkommen, moai! Meidwaan kin noch. Sjoch op de reachside: “Dyn alderleafste Fryske berneboek”.

***

Professor yn Grins

It brief dat wy hjiroer stjoerd hawwe is noch hieltyd te finen op ús reachside. Sawol mei de minister (op 24 novimber, doe’t Hanke Bruins Slot de rede fan Fryslân hâlde) as mei de deputearre (op 5 desimber yn  ús regulier oerlis) hawwe wy der oer praten, ús soarch ynbrocht en ús suggestje dien om net eksklusyf fêst te hâlden oan de RUG as útfierder. Ek in oare universiteit kin mei it jild fan Provinsje en Ryk soargje foar in heechlearaar en in masteroplieding yn Ljouwert. Ús yndruk is dat it besef dat der sa gau mooglik in nije heechlearaar komme moat, wol breed dield wurdt. De lêste berjochten stelle ús lykwols net echt gerêst. De RUG hâldt yn al har reaksjes dochs flink wat slaggen om ’e earm. En it komt ús foar dat Provinsje en Ryk it net echt skerp spylje doare.

***

Tresoar

Spitigernôch moast direkteur Arjen Dijkstra it petear fan 7 desimber oer de gearwurking tusken Skriuwersbûn en Tresoar ôfsizze. Wy hoopje sa gau mooglik in ferfangende ôfspraak te meitsjen.

***

Fuortgong plan honorearring en promoasje

Op 5 desimber hat deputearre Sietske Poepjes ús meidield dat hja in foars bedrach foar ien kear frijmeitsje kin en wol foar ús promoasje-plan. Hja is tige entûsjast oer de opset. As skiedende deputearre kin hja net mei plannen komme foar de langere termyn, mar in begjin mei in flink dofke jild is fansels net eat dat wy fersmite. Yn it lêste bulletin skreaunen wy dat de puzel oan de Provinsje wie, mar no sille wy sels earst wer puzelje moatte. Yn jannewaris ûnder oaren earst mar wer ris yn konklaaf mei û. o. Boeken fan Fryslân. Mochst tinke: wat plan wie dat eins? Ek dit is te finen op ús reachside.

***

Rispinge

Is der nij wurk ferskynd fan dyn hân? Lit it ús foaral witte. Wy diele it nijs graach mei alle leden en de bûtenwrâld fia ús reachside. Lês dêr wat kollega’s resint útbrocht hawwe en stjoer fan dyn nijste wurk in pakkende beskriuwing nei: bestjoer@skriuwersboun.nl .

***

Dingtiid

Dingtiid, it wichtichste advysorgaan foar Ryk en provinsje oangeande it Frysk, siket in bestjoerslid mei goed sicht op de Fryske skriuwerij en kultuer. It soe moai wêze as ien fan ús leden de útdaging oangie. Der is in ridlike fergoeding oan ferbûn. Sjoch foar mear ynfo: https://skriuwersboun.nl/dingtiid-siket-bestjoerslid-fryske-taal-en-kultuer/.

***

Nijjierssit yn Tresoar

Op 28-1-2023, fan 16.30 oere ôf.  Yn Tresoar is spesjaal ynrjochte: Café De Gouden Leeuw, en dêr hâlde wy ús nijjiersgearsit. Mei in flinke opkomst litte wy as Skriuwersbûn-leden sjen hoe fitaal as de Fryske skriuwerij is! Dus nûgje wy jimme út om it glês te heffen op it nije jier yn dit tydlike ’Café De Gouden Leeuw’ yn Tresoar. It earste drankje en in flaubyt soargje wy foar! Fierdere drankjes binne op eigen kosten. De Fremibu, dy’t oars op 27 jannewaris wêze soe, komt dan foar in kear te ferfallen.

***

Yn de werhelling

De ôfrûne tiid hawwe wy in pear nijsberjochten op de reachside en de sosjals publisearre dy’t noch wol in werhelling fertsjinje, dus dêrom noch even in listje yn dizze nijsbrief:

***

Foar yn de aginda:

***

Ek nijsgjirrich:

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *