Nije rispinge fan 2023

It is al hast wer april, en yn de earste pear moannen fan dit jier binne wer in pear moaie boeken fan leden útkaam. Wa’t yn ‘e boekewike net nei de winkel west hat om in boek en it gratis (Frysktalige) boekewikegeskink hat fansels at mist, mar boeken rinne net fuort, dus net stinne, mar hinne!

De wûndere leafde fan Emine en Einte – Willem Verf

Wa’t witte wol hoe it ôfrint mei de haadrolspilers fan Bûtenman & Bûtenfrou kin no fierder lêze yn it ferfolch: De wûndere leafde fan Emine en Einte.

Emine wit dat hy like fereale is op har as sy op him. Wêrom besiket er har dochs te ûntrinnen? Einte wrakselt mei de fraach: kin dat, mei dat,  hat ien dy’t in moard ferswijt it rjocht om echt fan in oar minske te hâlden? Undertusken bringe hja bern grut, meitsje se suksesfol muzyk en wurde se meinommen troch de aktualiteit en de famyljeskiednis.

Te bestellen by de Afûk.

List, lust, leafde – Sjieuwe Borger

Reinou en Douwe ferhúzje nei it doarp. Reinou moat slim wenne. Sy fynt harsels werom yn lange kuiers mei har hûntsje, yn in leech lânskip en beseft dat sy persoanlik tekoart komt. Douwe giet op yn de doarpsmienskip en komt by syn âlde leafde, de muzyk, syn nije leafde tsjin. As Reinou de man fan har dreamen treft, winsk en fertriet fan Douwe wûnderlik gearfalle, is der gjin wei mear werom. Of dochs wol?

De titel fan de nijste roman fan Sjieuwe Borger seit himsels. Yn it libben giet it om langst en ferfolling fan langst, op hokker wize dan ek. Mar bliken docht dat tafal him net stjoere lit en de leafde by einsluten wint.

Te bestellen by Utjouwer Elikser.

Oerset – Hans van der Heijde en Fedde Douwes Dijkstra

44 gedichten fan 34 dichters, út it Frânsk, Dútsk of Ingelsk nei it Nederlânsk en it Frysk oerset: in mânske bondel fan min ofte mear eksperimintele poëzy. Poëzy en poëzyoersettings dy’t de lêzer ek útnûgje om har sels ris oan sokke oersetterij te weagjen. Mei’t alle gedichten likegoed yn har oarspronklike foarm as yn Hollânske en Fryske oersetting opnommen binne, is OERSET in fiiftalige bondel. Kom dêr mar ris om!

Utjûn troch Utjouwerij Perio, en te bestellen by Afûk.

Sipke komt op stoom (twatalich) – Lida Dijkstra

Der is wurk oan de winkel foar it mûske Sipke en syn pake: it is heechwetter yn Fryslân, dus it Woudagemaal moat oanset wurde om it wetter fuort te pompen. Pake wit gelokkich presys hoe ’t it stoomgemaal wurket. Mar… it pompen komt mar net op gong! Wêr kin dat no oan lizze? Sipke giet op ûndersyk út. Dit is alwer it sechsde Gouden Boekje oer mûske Sipke, skreaun yn it Frysk en Nederlânsk.

Te keap by Afûk.

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *