Nijs

Bondel ‘Ommers’ fan Geart Tigchelaar op Instagram

Op 3 oktober 2020 wurdt de nijste dichtbondel, mei de titel Ommers, fan Geart Tigchelaar presintearre. Dat docht er yn ’e mande mei kollega-dichter Elmar Kuiper syn nije bondel, Wite Mûle, Swarte Molke, jûns om 19:30 oere yn Jorwert.
 
Yn ’e oanrin op de presintaasje wurdt op it Instagram-akkount @om.mers foarpublikaasjes pleatst. It earste fers ferskynt op woansdei 26 augustus. Tigchelaar hat earder proazagedichten op it webstee fan Dichterskollektyf RIXT publisearre en kaam der sa efter dat de foarm fan ’e gedichten tige gaadlik is om op it sosjale mediaplatfoarm te pleatsen. De dichter hopet sa dat syn wurk foar in breder publyk tagonklik is. Publyk dat ornaris net gau yn oanrekking komt mei poëzy.

De bondel, útjûn by Hispel, is Tigchelaar syn earste mei allinnich proazagedichten. Prozaysk fan styl, mar troch de kompaktens en de byldrike taal foarmje se poëzy. Yn Ommers spylje bonkerakken ksylofoan op ribbekasten, hat God bestjoer oer sânbakken en gûle boeken harren eigen siden wiet.
 
Geart Tigchelaar (1987) hat foar syn earste bondel leech hert yn nij jek de D.A. Tammingapriis wûn yn 2017 en de Obe Postmapriis foar syn Bomans’ oersetting Erik of it lyts ynsekteboek yn 2016. Yn 2018 waard syn earste roman Bêste jonge nominearre foar de Rink van der Veldepriis.

De takomst fan ‘e Fryske roman

Hjoed (01-08-2020) in wiidweidich artikel yn it Frysk Deiblêd, skreaun troch Jan Ybema, oer de takomst fan de Fryske roman. Hy hie ûnder oaren in petear mei Meindert Reitsma en ynterim-foarsitter Geart Tigchelaar. Wat tinkt jo hokker kant oft it út giet of moat?

Rûnom Fedde op 15 augustus

It ûntbleatsjen fan it stânbyld fan Fedde Schurer op It Hearrenfean wurdt troch de Jongfryske Mienskip út protest oerdien op 15 augustus om 10:30 yn ‘e Tsjerkestrjitte op It Hearrenfean.

Skriuwwedstriid: Ferslaan Grutte Pier… mei wurden

Foto: Geart Tigchelaar

Dit jier is it 500 jier lyn dat de Fryske frijheidsstrider Pier Gerlofs Donia, better bekend as Grutte Pier, stoar. It berteplak fan Pier is Kimswert en dêr ûntstie it inisjatyf om doarpsgenoat Pier te betinken mei in skriuwwedstriid.
 
Grutte Pier daget jo út
Skriuw in essay, ferhaal, beskôging, kollum of gedicht oer wat foar Pier it iennichste wie dat telde: FRIJHEID. Hoe’t jo dat tema útdjipje, is oan jo; dêr binne jo alhiel frij yn. Fragen dy’t jo op paad helpe kinne soene: rjochtfeardige Pier syn driuw nei frijheid de wize dêr’t er de striid mei oan gie? Is it terjochte dat de Fryske kriichshear, frijheidsstrider, kaper en seerôver fereare wurdt as in folksheld? Hoe is frijheid belibbe troch de iuwen hinne? Hoe sjocht frijheid derút? Binne wy yn 2020 noch wol frij, as yndividu of as groep? Hoe is dat yn Fryslân, yn Nederlân en wrâldwiid?

Spulregels
* De tekst is op syn heechst 1500 wurden lang.
* Jo meie yn it Frysk of Nederlânsk skriuwe.
* De ynstjoerings wurde anonym beoardiele.
* Alle ynstjoerings wurde bondele yn in boek.
 
De sjuery bestiet út:
– Willem Schoorstra, skriuwer, û.o. fan it boek oer Grutte Pier: Pier – de profesij fan bline Simen.
– Meindert Bylsma, skriuwer, âld-ûnderwizer en Kimswerter.
 
Foar de winners
De priisútrikking sil om 28 oktober hinne wêze, de stjerdatum fan Pier, yn Hotel Grutte Pier te Kimswert. Earste priis: Tegeltablo besteande út 28 tegels fan Pier, makke troch Sjoukje Tijssen fan FRIEStile te Kimswert. Twadde priis: Oernachting yn Hotel Grutte Pier yn Kimswert foar twa persoanen.

Byld Fedde Schurer ferplakke

Op It Hearrenfean is foar it byld fan Fedde Schurer in nij plak fûn. Der wie gauris krityk op it plak dat it dêr de lêste tiid hie. Sneon 25 july om 11.00 oere sil it ûntbleate wurde oan de Tsjerkestjitte.
 
It byld waard yn 1974 yn in gersstripe oan it Van Harenspad set. It stie mei it gesicht nei de Heidebuorren, it plak dêr’t Schurer wurke by de Heerenveense Koerier. Doe’t yn 1988 it Gemeenteplein oanlein waard is it by de Wettertoer set. Troch de terrassen dy’t dêr kamen, kaam it byld net mear ta syn rjocht. Dêrom dat it, op inisjatyf fan freonen en de widdo fan de makker, Guus Hellegers, no yn de gersstripe oan de Tsjerkestjitte in plak kriget.

Foto: Gemeente It Hearrenfean

Rigel fan Rink

Fan 1 augustus oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ’e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde silger. De 50 dichters sitte dêr lykwols net tagelyk, mar alle dagen komt der in twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt.

Alles hat in skoft stillein fanwegen de koroanakrisis, dat no wol it kollektyf inoar wer opsykje. Gjin better plak dêrfoar as it Arkje en gjin bettere aktiviteit as mei-inoar wurkje oan in gedicht.

Foto: Geart Tigchelaar

Yn augustus is Cornelis van der Wal de saneamde Dichter fan de moanne. Hy sil it spit derôf bite troch de earste strofe te skriuwen, dêr’t it groepke op saterdei mei fierder giet. De ‘Rigel fan Rink’ dêr’t Van der Wal mei begjint is: ‘De mar nimt de bui net.’ Dy rigel komt út de roman De nacht fan Belse madam (1991) en jout daliks de toan en rjochting fan it fers en dêrmei de hiele wike oan.
 
It groeien fan it gedicht kin thús folge wurde, mei’t Omrop Fryslân alle dagen nei it Arkje bellet. Dat is troch de wike om 15:40 oere en yn it wykein om 17:40 oere.
 
As ôfsluter wurdt it gedicht op 8 augustus de jûns yn syn gehiel foarlêzen mei in smoute gearsit yn it eardere stamkafee fan Van der Velde, nammentlik Marktzicht te Drachten.

De Skriuwersarke fan de yn 2001 ferstoarne Fryske skriuwer Rink van der Velde is yn behear fan It Fryske Gea en Stifting FLMD. It Dichterskollektyf wurdt dy wike fan drûch en wiet foarsjoen troch de Poiesz út Boarnburgum.

46e Fryske Bûsboekje: Alle tiid foar spultsjes

It nije Fryske Bûsboekje (2021) leit yn ‘e winkels! Dit jier is it tema: ‘spultsjes’. Fan ‘e maityd ha wy allegear faker thús sitten as dat noflik wie. Reden: koroana. Hoe’t it fierder komt mei it firus wit de Bûsboekjeredaksje ek net. Mar it liek harren goed ta en jou de Bûsboekjebrûkers de kâns op ferdivedaasje yn dizze frjemde tiden. Wat helpt better as it dwaan fan spultsjes (al of net op oardelmeter ôfstân fan de oare spilers)!
Yn it nije Bûsboekje stiet ûnder oaren in artikel fan Liuwe Westra oer Frysk Damjen. Dat bestiet al iuwen en wierskynlik langer as it Hollânsk damjen. Der is ynformaasje oer tippen en tipeljen. Wat dat is lêze jim yn it Bûsboekje! Fansels binne der riedsels opnaam. Foar elk dy’t mei tiid ferlegen is. En alfêst in blomlêzing fan sechjes yn it nije Bûsboekje:

  • gjin spul om in topke hea, dan de geit fuort
  • It is in spultsje fan Pynke en Nynke
  • Untdekst mear oer in persoan yn in oere spul as yn in jier konversaasje  (Plato)

Sûnt 1975 hawwe frijwilligers alle jierren der foar soarge dat Friezen en net-Friezen yn it Frysk harren ôfspraken en kontakten fêstlizze kinne. De earste edysje fan it Bûsboekje is dy fan 1976. Yn it begjin wie it Kristlik Frysk Selskip (KFS) de útjouwer, no is dat de Ried fan ‘e Fryske Beweging. Fan it Bûsboekje 2019 binne der wer goed 3000 stiks ferkocht.
De ôfrûne dagen is it Bûsboekje 2021 troch frijwilligers alwer rûnom yn Fryslân ferspraat. It Bûsboekje is op guon plakken ek bûten Fryslân te keap. Digitaal bestelle kin fansels; dat kin hjir, dan wurde jo trochstjoerd nei de winkel fan friese-producten.nl.  Gruttere ôfnimmers en winkels kinne neibestellings regelje troch in mail te stjoeren nei redaksje@busboekje.frl.

Rely Jorritsmapriis foar twa ferhalen en ien fers

De Rely Jorritsmapriisfraach hat dit jier trije winnende bydragen opsmiten, twa ferhalen en ien gedicht. Elmar Kuiper, Jorwert wint in Rely mei it ferhaal ‘Ni Hao’, Sjoerd Bottema, Weidum mei it ferhaal ‘Total loss’. Syds Wiersma út Ljouwert kriget de priis foar syn gedicht ‘It famke’. Foar de 66ste edysje fan de Rely Jorritsmapriisfraach wienen 88 ynstjoeringen ynkommen, 56 gedichten en 32 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Douwe Kootstra, Inge Heslinga en Rianne Blokzijl. De prizen fan € 1000 elk wurde op sneon 3 oktober útrikt, fanwegen de koroanabeheiningen yn lytse rûnte.

Tiid: Befrijingskonsert

‘Der sil gjin tiid mear wêze’. It Quatuor pour la fin du temps fan Olivier Messiaen útfierd troch Marjolein van Dingstee op fioel, Corien Kolk op cello, Pauli Yap op piano en Pierre Lafay op klarinet.
Dichteres Aggie van der Meer skreau spesjaal foar dizze gelegenheid de gedichtesyklus: De tiid, it duorjen. De sân gedichten dy’t oanslute by de acht dielen fan Quatuor pour la fin du temps wurde foardroegen troch akteur Thijs Feenstra.

Op freed 21 augustus om 20.30 oere en snein 23 augustus om 15.00 oere.

Tialda Hoogeveen en Jan Kleefstra mei Christiaan Kuitwaard nominearre foar de Jan Wolkerspriis 2020

De longlist fan de Jan Wolkerspriis 2020 is bekendmakke. Dy priis foar it bêste natoerboek is in inisjatyf fan de Volkskrant, Wrâld Natoer Fûns  en radiopogramma Vroege Vogels. Der steane tweintich titels op dy list fan de 130 ynstjoerde boeken. Net ien, mar twa boeken binne fan RIXT’ers, nammentlik Oerstoer fan Tialda Hoogeveen enVeldwerk fan Jan Kleefstra, dat er makke hat yn de mande mei Christiaan Kuitwaard.

1 2 3 4 5 6 7 8 9 10
Facebooktwittermail