Nijs

Winners Rely Jorritsmapriis 2021 bekend

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dit jier foar de 67ste kear útskreaun, binne 97 ynstjoeringen ynkommen, 34 koarte ferhalen en 63 gedichten. De sjuery, besteande út Inge Heslinga, Rianne Blokzijl en Beart Oosterhaven, dy’t de ynstjoeringen anonym ta beoardieling krige, hat trije ferhalen en trije gedichten bekroand.

Elmar Kuiper fan Jorwert wûn in priis foar sawol it ferhaal In frjemde fûgel as it gedicht Ferlosboartsje. Dêrneist waarden bekroand de ferhalen Crossroads fan Gerrit Hoekstra fan Winsum en Op frijersfuotten fan Bregtje Sijtsma út Aviemore (Skotlân) en de gedichten In healsliten aureoaltsje fan Fedde Dijkstra fan Ljouwert en it waad fan Sytse Jansma fan Harns.

De prizen fan € 1000 elk wurde op sneon 2 oktober op it stedhûs te Ljouwert útrikt.

Read More

Gean ‘los’ mei de BoekfeestBoek-ferhalewedstriid

Stifting Boeken fan Fryslân (BFF) skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan it BoekfeestBoek dat op freed 10 septimber yn Paviljoen MeM yn Bûtenpost holden wurdt. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal fan 750-1000 wurden te skriuwen yn it Frysk of ien fan de Fryske streektalen. It tema foar it feest en dus ek it ferhaal is ‘LOS’ yn de breedste sin fan it wurd. Wy kinne wer los, kinst los komme út detinsje, kinst dy los meitsje of fiele, neam mar op!

Foto: Roelof van der Schaaf

De winner wurdt op it feest sels bekend makke en hy/sy mei dan syn of har ferhaal foardrage foar it publyk. Dat betsjut dus fuort in live-optreden mei oare Fryske skriuwers lykas Hylke Speerstra, Hein Jaap Hilarides, Greet Andringa, Aant Jelle Soepboer, Elmar Kuiper dy’t dêr jûns al stean om in koart ferhaal hearre te litten. Dêrneist kriget de winner in boekepakket en wurdt it ferhaal publisearre. Ynstjoeringen moatte op syn lêst sneon 28 augustus binnen wêze op it e-mailadres ynfo@boekenfanfryslan.frl en foarsjoen wêze fan namme en kontaktgegevens.

Read More

Op Toer troch Feanwâlden

Ofrûne sneon 3 july hawwe wy ûnder lieding fan Douwe Kootstra in prachtige kuier makke troch Feanwâlden. Mei in dikke tsien kuierders krigen wy oan de foet fan de toer fan de Skierstins earst in koarte yntroduksje oer de stins sels en de histoarje fan it doarp. Dat makke al tige nijsgjirrich!

Foto’s: Ammerins Moss-de Boer

Nei in bakje kofje en in stikje oranjekoeke setten wy ôf. By ferskate adressen hâlde Douwe eefkes skoft foar in anekdoate oer of om in lyts stikje foar te lêzen út it wurk fan de skriuwer dy’t dêr wenne. Fansels wie der ek oan natuer en arsjitektuer ek genôch moais te sjen; fan it nije (fansels noch wat keale) Spoorpark, by it Foarpaad del oan’t Prysterikker achter it doarp – en fansels de prachtige tsjerke, Petit Sans Souci en it Hûs Patrimoanium.

Douwe hat in grut oantal skriuwers en pommeranten persoanlik kend, en dat smyt fansels aardige ferhalen op, oer Theun de Vries en de boekjes foar skoalle dy’t er ophelje moast út Amsterdam of oer Freark Dam en de ôfwask. Ûnderweis kamen wy sels in oantal fan de minsken tsjin wêr’t Douwe in moai ferhaal oer hie, en ta ús ferrassing kaam Sander Terphuis krekt oanrinnen doe’t wy werom by de Skierstins krekt ús sop en broadsjes op hienen. (Syn boek “De worstelaar” is waarm oanrekommandeare!)

It waar siet ús fansels tige mei! It wie yn elts gefal wat om nochris op in oar plak te dwaan, dus wa wit!

Read More

Explore the North – The Summer Sessions

Dizze simmer wurde der ferskate foarstellings organisearre yn it ramt fan Explore the North – The Summer Sessions. Hjir ljochtsje wy in pear foarstellings út:

Minskewolf – Dichter Elmar Kuiper hat dizze teäterfoarstelling makke tegearre mei filmmakster Ester Eva Damen. In dizze multymediale foarstelling, mei akteur Rienk Nicolai en muzyk fan de Tigers fan Greonterp draacht Elmar sjongend gedichten foar. Syn gedichten gean oer syn wurk yn de psychiatry en oer it moetsjen fan ‘de oare’.

De foarstelling wurdt yn de Westertsjerke opfierd op 2 en 3 july om 20.30 oere.

Tuimelaar – Tsead Bruinja, foarhinne Dichter des Vaderlands, tegearre mei byldzjend keunstner Jules van Hulst hat dizze foarstelling makke. De foarstelling ûndersiket wat minsken ferbynt, lyk as leafde, freonskip of de syktocht nei it hegere.

De foarstelling op 11 july om 16.30 oere is gehiel Frysktalich. De oare foarstellings op 10 en 11 july binne yn it Nederlânsk en Frysk. De foarstelling wurdt opfierd yn Zalen Schaaf.

sneon 10 juli – 16.30 & 20.00 oere
snein 11 juli – 14.00 & 16.30 oere

Foar mear ynformaasje en data, sjoch de website fan Explore the North

Read More

Presintaasje bondel In Gedichten Gevangen fan Jan Woudstra

Sneon 26 juny binne gedichten te hearren fan Jan Woudstra syn bondel ‘In Gedichten Gevangen’ yn de tsjerke fan Lichtaard. Fan 10 oere moarns oant fiif oere middeis kinst de dichter dêr treffe, dêr’t er yn de mande mei byldend keunstners Wiep de Wit en Tineke Ploeg in eksposysje holden wurdt.

Yn syn gedichten beskriuwt er wat him dwaande hâldt, leauwe, hope en leafde. In soad fan de gedichten gean oer de rouferwurking nei de dea fan syn frou Baukje.

In nije bondel gedichten, ‘In Gedachten Geweven’, mei deselde tematyk, is koartlyn ferskynt by Theta Boeken. De bondels binne te ferkrijen yn de boekhandel, mar kinst it ek by de dichter sels bestelle fia inGedichten7@gmail.com.

Read More

Skriuwersbûn Simmerkuier op sneon 3 july 2021

De wrâld giet eltse dei fierder iepen en dat betsjut dat wy ek, binnen de regels, wer wat mear tegearre dwaan kinne.

Wy wolle jimme graach útnoegje foar ús Simmerkuier op sneon 3 july. Under lieding fan ferhaleferteller Douwe Kootstra wolle wy in literêre omgong meitsje troch Feanwâlden.

Ynrin, mei kofje en wat lekkers, is by de Skierstins om healwei alven, en dan sette wy útein – om ien oere binnen wy werom by de Skierstins, wêr’t dan broadsjes en in bakje sop op ús wachtsje (ek fegetarysk).

Omdat wy ús wol oan de koroanaregels hâlde wolle, kinne der maks. 30 minsken mei. Oanhing fan leden binne ek wolkom.

De Skierstins is 5 minuten rinnen fan it stasjon, en hat in eigen parkearterrein.

Opjaan kin foar 1 july fia de mail: bestjoer@skriuwersboun.nl

Read More

Nije bondel fan Bennie Huisman mei reisferhalen

Al mear as in jier lang krije we it advys sa folle mooglik ‘thús’ te bliuwen. Mar der is oer it tema ‘thús’ mear te sizzen. Meikoarten, snein 27 juni, om 15.00 oere is it sa fier. Yn de tsjerke fan Lions wurde feestlik doopt:

Thús – in reisferhaal: in ‘bûsboekje’ mei ferhalen en fersen

       en

Thús: in cd mei 12 lieten út myn ‘keamer’-foarstelling mei deselde namme.

Dy foarstelling – ‘remastered’ – wurdt ek spile.

Wa’t der by wêze wol: hertlik wolkom. De tagong is fergees. Om’t der net mear as 25 minsken yn ‘e tsjerke meie, graach even opjaan (info@benniehuisman.nl of 06-29155260). As der mear belangstelling is, folget de jûns om 19.30 oere noch in foarstelling.  Jou by it opjaan dy opsje ev. ek oan.

It ‘bûsboekje’ ferskynt yn 2 ferzys: Frysk en Nederlâns. En is alfêst te bestellen.

Read More

Johan Veenstra in Sulveren Anjer útrikke

Dizze freed hat skriuwer en kollumnist Johan Veenstra út Nijeholtpea de Sulveren Anjer yn ûntfangst naam. Fanwege koroana, wie der dit jier in sobere seremoanje yn it Keninklik Paleis yn Amsterdam.

Johan Veenstra krige de Sulveren Anjer foar syn ynset foar it Stellingwerfsk. Dat docht er al 50 jier. Al yn 2001 is er beneamd ta Ridder in de Orde van Oranje-Nassau en dit jier wie er ek al eareboarger fan Weststellingwerf wurden. “,It wurk fan Veenstra is prikeljend, kreatyf en persoanlik”, spruts direkteur Cathelijne Broers fan it Prins Bernhard Kultuerfûns by de útrikking.

Veenstra waard yntrodusearre mei in koart filmke dêr’t er oer syn motivaasje fertelde om yn it Stellingwerfsk te publisearjen. Skriuwen is foar him in manier om de taal ûnder de oandacht te bringen. “Ik bin gjin fjochter en bin der ek net fan om mei spandoeken de strjitte op te gean. In feite tink ik dat ik sa genôch doch foar myn taal, tink ik.” Veenstra moast it spjeldsje sels opspjeldzje nei’t prinses Beatrix it yn in doaske him oanrikke.

Johan Veenstra hat in grut ferskaat oan boeken útbrocht, fan poëzij oant proaza. Foar Vroeger is veurgoed veurbi’j krige er yn 2020 de Rink van der Veldepriis. Dat wie de earste kear dat dizze priis jûn waard oan in boek yn in Fryske streektaal.

FOTO ANP/EVERT ELZINGA

Read More

Open call: Ljouwert City of Literature en Tryater organisearje workshop foardrachtskeunst foar skriuwers en dichters

Foto: Ruben van Vliet

Wolst tips en trúks om sa foar te dragen dat it publyk dy de wurden wol út ‘e mûle helje wol? It geheim achter it goed brûken fan stiltes yn dyn foardracht? Ljouwert City of Literature en Tryater jouwe fan tongersdei 23 septimber ôf in workshoprige fan fiif jûnen foardrachtskeunst foar profesjonele skriuwers en dichters. De oanmelding is no iepen!

Yn dizze workshoprige ûndersikest op boartlike wize de mooglikheden om in tekst oer te bringen. Silst mei akteur en teaterdosint Karel Hermans oan ‘e gong mei dyn eigen teksten, poëzy of proaza, yn hokker taal ast mar wolst. Yn fjouwer gearkomsten fynst út wêr’t dyn kwaliteiten lizze en wêr’tst oan wurkje kinst. It giet benammen om wille en ferbyldingskrêft. Yn de workshops is oandacht foar hâlding, it brûken fan stim, ynterpretaasje en teatertechnyk. Dit is it ark foar in goeie foardrachtskeunstner. Op 14 oktober jouwe de dielnimmers in performance foar publyk.

Ljouwert UNESCO City of Literature ynvestearret yn in profesjoneel literêr klimaat yn Ljouwert en Fryslân en organisearret dizze workshop yn it creative writing programme. Profesjonele skriuwers en dichters kinne harren foar 18 juny fergees oanmelde op www.leeuwardencityofliterature.nl. Meidwaan is fergees. De organisaasje makket in seleksje út de oanmeldingen en lit yn de wike fan 21 juny witte oftst meidwaan kinst. Bist selektearre, dan wurdst by alle gearkomsten ferwachte: de workshopjûnen op 23 septimber, 30 septimber, 7 oktober en 13 oktober fan 19:30 oant 22:00 oere en de presintaasje op 14 oktober fan 19:00 oant 20:00 oere. Lokaasje: Tryater, Oostersingel 70, Ljouwert.

Wolst mear ynformaasje? Nim kontakt op mei Jan Gaasenbeek, programmakoördinator Ljouwert City of Literature, jan@leeuwardencityofliterature.nl, 06-11581617.

Read More

Fryske en Deenske dichters presintearje blomlêzing op LiteratureXchange yn Aarhus

De Fryske dichters Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar presintearje yn ’e mande mei de Deenske dichters Peter Laugesen, Carsten René Nielsen, Annemette Kure Andersen, Thomas Dalgaard en Mads Mygind op it ynternasjonale literatuerfestival LiteratureXchange yn Aarhus de twatalige blomlêzing Oar hûs / Et andet hus, útjûn troch Hispel. 

Yn 2019 hawwe de fjouwer Fryske dichters in wike yn Aarhus west om kollega-dichters te treffen en om op te treden. Dêr is in gearwurking mei de fiif Deenske dichters út fuortkommen. Sa hawwe hja dwaande west om inoar har wurk oer te setten, fjouwer fan elke dichter. Geart Tigchelaar hat de bondel fan foto’s foarsjoen. 

‘In oar hûs kin fiele as thúskommen op in oar plak,’ sa stiet yn it foaropwurd fan ’e bondel. En dat is krekt hoe’t de Fryske dichters harren fielden yn de twadde grutste stêd fan Denemarken. En fan dat oare hûs jouwe hja poëtysk blyk yn de twatalige bondel. 

Foto: Pieter Postma

Yn juny wurdt de tredde edysje fan it Aarhusiaanske literatuerfestival LiteratureXchange holden. It festival duorret alve dagen lang mei in soad ynternasjonale skriuwers dy’t mei-inoar mear as 180 optredens, masterclasses, lêzings, ensafuorthinne jouwe. De presintaasje fan ’e bondel Oar hûs / Et andet hus is op 16 juny

Read More
1 2 3 4 5 7 8 9 10
Facebooktwittermail