Gabrielle Terpstra nei Transpoesie: in ferslach!
Tongersdei giene we betiid mei de trein fan Frjentsjer nei Brussel. Wy stapten op yn it tsjuster en stadichoan waard it ljocht. Yn Ljouwert, Zwolle en Breda stapten wy oer. Yn Breda hiene we in healoere skoft, wat betsjutte dat we Starbucks helje koene, want dat hawwe wy yn Fryslân net. Yn alle gefallen gjin Pumpkin Spice Latte. Dus dat koe lang om let wer: it hjerstdrankje mei pompoen. No, it wie goar en ultraswiet, dus dat wie in tsjinfaller.
Wy sieten yn’e trein dy’t de grins oerstuts; it wie bêst drok mei minsken dy’t út Rotterdam of Amsterdam nei Brussel reizgen. Foar ús oer leinen twa Ingelske froulju te sliepen.
We stapten út yn Brussel Sintrum en woene nei ús hotel yn Súd rinne, mar it die bliken dat der noch in twadde fêstiging wie en dat we ús dêr yntsjekke moasten. Gelokkich kamen wy der op ’e tiid efter. Wy rûnen nei ús echte hotel, dêr’t wy ús tassen achterlieten, en ferkenden de stêd fierder, by eksintrike bioskoopkes en platesaken lâns, ynstrumintemakkers en in hiel soad rein. Wy ieten Japansk. Nachts waarden wy wekker makke troch in skoalklasse dy’t yn ’e gongen fan it hotel omdoarme.
Freed wie it dan safier: Transpoesie. Axl en ik rûnen fan ús hotel nei it Goudblommeke. De Paus wie ek yn Brussel, hy fleach oer mei de helikopter.
By oankomst wie it noch sletten; dêr waard ik senuwachtich fan. Wat as ik my fersind hie? Mar ridlik gau kamen der mear minsken. Lykas in dichter út Lúksemboarch, wy rekken daliks oan ’e praat oer taal en eins hawwe wy hiel Transpoesie lang oer taal praat, mei elke dichter. Der kaam ien út Wales by, út Roemenië, Ierlân, Jersey, Guernsey, Portugal en Letlân. De dichters wiene allegearre hiel leuk: guon wiene al in dei earder starten en hiene de deis derfoar optreden en giene freedtemiddei of – jûn wer fuort. By it evenemint yn it Goudblommeke mocht it publyk har eigen lunch meinimme en harkje nei ús gedichten.
Dêrnei giene wy rinnend fierder nei de Keninklike Galerijen, in plak dêr’t neffens ús host gjin Brusselaar te finen wie, mar wol in soad toeristen. Axl hie ús ûnderwilens ferlitten om nei it muzykynstrumintmuseum te gean. Toeristen wiene no ús doelgroep, want we giene gedichten foar harren skriuwen. We waarden as dichters oan taffeltsjes set yn de moaie Art Nouveau-hallen mei papier en in pinne, en minsken mochten oanslute by in taal nei winsk. Underwilens wiene der in dichter út Spanje, Poalen, Litouwen en Italië bykaam. Ik skreau gedichten foar ferskillende Flamingen, foar in lyts hûntsje en foar de ober. It wie hiel bysûnder en leuk, foaral om talen mei elkoar te mingen en de pear wurdsjes dy’t ik praat brûke te kinnen. Dit fûn ik echt it geweldige ûnderdiel: minsken giene mei in bliid gesicht fuort en ik mocht lekker skriuwe. Underwilens dronk ik in lekkere Kriek, sa’t dat yn Brussel kin.
Jûns giene wy nei it Italiaansk Kultureel Ynstitút, dêr’t ik tegearre mei Jimi Lend út Eastenryk, dichters út Spanje, Portugal, Poalen en Italië optrede. Elke dichter hie 15 -20 minuten, ynklusyf ynterview, en it wie tige bysûnder. De dichters wiene fan hiel heech nivo, en doe’t it einlings klear wie (it wie hiel lang om stil te sitten), mochten we Italiaanske wyn drinke en krigen we in fantastysk diner.
In Italiaanske kok hie foar ús de prachtichste gerjochten sean: in hearlike pompoensop as foargerjocht, risotto as haadgerjocht en hearlike salades, dêr’t ien derfan gewoan kâlde byfstik mei truffel wie, en in geweldich kofje-eftich neigesetsje. De tafel seach der ek prachtich út en de Italianen wiene tige hertlik. Ik fielde my echt wolkom. By it diner trof ik in dichter fan de Faeröer-eilannen, dy’t de oare deis earst hoechde op te treden, mar hjoed alfêst delkaam.
De oare deis giene Axl en ik earst shoppen, mar middeis waard der wer dichte yn de Koninklijke Galerij, dat wie wer fantastysk. De ôffurdige fan Nederlân, Joost Oomen, wie no ek oankaam, want sneon wie de beurt oan Nederlân en oare lannen. We skreaunen mei ús allen in gedicht en ik hie in bysûndere moeting mei in Amerikaan foar wa’t ik skreau oer reizgjen, wat dat allegearre bringe kin, foaral as it dyn earste kear is.
Wy ieten pizza by in grutte hal en ik jatte in moai glês mei in wolf derop. Dêrnei giene we nei it Hongaarsk Ynstitút, dêr’t Nederlân, Faeröer, Hongarije, Estlân en Andorra optreden. Ik wie yntusken wat siik wurden en moast in soad hoastje, dus ik hold my wat efteryn op, dêr’t ik út en troch nei bûten koe. It wie moai om Nederlân en Faeröer te sjen; se hiene wakker deselde vibe. By Andorra wie pianomuzyk en Estlân hie in hiele band, in ymprovisaasjeband mei inkeld klanken; dat wie fantastysk! Dêrnei giene wy mei de Eastenriker nei in hiele bysûndere kroech, in soarte fan Markzicht yn Drachten op steroïden. Tal fan keammerkes mei trepkes hongen fol, as in kafee út Harry Potter, mei skilderijen en lp’s en mei in hiel soad minsken; wat in surreëel barren. Dat wie trouwens ek it tema fan it jier, wat wol nei foaren kaam út alle gedichten dy’t wy meilêze koene yn it Ingelsk.
Ik ha der in pear nije fersen skreaun, dêr’t ik jim fan op ’e hichte bringe sil sadree’t ik se weromfyn!
Nachts wie de stêd feroare yn in grutte party-lokaasje; dat wie grappich om te sjen, in grut ferskil mei oerdeis.
Snein gongen we werom mei de trein. Yn de trein fan Brussel nei Nederlân siet ik net neist Axl, mar tafallich neist ien fan it Nederlânsk Kultureel Ynstitút dy’t nei Nederlân gie foar in eroatysk evenemint.
Nijjiersgedicht Arjan Hut
By ús Nijjiersgearkomste lies Arjan Hut twa moaie gedichten foar. Ien dêrfan, ‘Draaimûnen’, diele wy ek graach hjir mei jim!
Draaimûnen
de takomst liket in frjemde streek, in lân
krekt achter it each
en yn dat lân prate se in frjemde taal
mei klanken en yntonaasjes
dy’tsto nea alhiel ferstiest
mar se reitsje dy! de wurden, al lykje se net
foar dy bedoelt, se reitsje dy
as de muzyk fan rein op it smoarge finster of
it fluitsjen fan de stoarm dy’t grut fan see komt
en skielk, as eksoatyske symfony
oer de dakpannen strykt
en ûnder de dakpannen rommelet
dêrsto, draaimûnen tusken de earen, dronken
foar de sliep, de nacht noch wiet,
dysels deljoust
en alle nije lûden binne as poëzy en waaie mei dy mei
do, nei siken happend
te dreamen foar de dagen út
Nijjiersgearsit op 4 jannewaris!
Literêre aktiviteiten dizze hjerst
It brûst dizze hjerst yn Fryslân! Fia Dichter fan Fryslân, Tresoar, Rixt, Tryater, City of Literature en oare organisaasjes binne der regelmjittich nijsgjirrige gearkomsten en optredens. En wat te betinken fan al dy moaite iepenloftspullen dy’t noch opfierd wurde! Hâld de nijsbrieven fan dizze ynstânsjes en de kranten goed yn ‘e gaten en gean der noch even gesellich op út dizze moannen!
Literatuer is fansels hearlik om thús te lêzen, mar ek om te belibjen.
Wêr mooglik, sette we de aktiviteiten ek yn ús eigen aginda. Dy fine jo hjir rjochts! ->
Presintaasje “Naar gelang het Noorden”
Takom moandei, 3 july 2023, om 16.30 oere, sil yn it Provinsjehûs oan de Twibaksmerk yn Ljouwert, deputearre Sietske Poepjes it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme fan de brosjuere “Naar gelang het Noorden”. Der sille ek in tal gedichten út de bondel foardrûgen wurde.
Yn dit lytse boek wurdt in skets jûn fan it wurk fan tsien renommearre Fryske dichters.
It boek is gearstald troch in wurkgroep fan fiif leden fan it Skriuwersbûn en troch dizze wurkgroep ûndertusken oanbean oan bestjoer en sjuery fan de stichting P.C. Hooft-prijs.
Dy sjuery is krekt begoan mei har wurksumheden, dy’t liede sille ta de foardracht fan in winner fan dizze Nederlânske oeuvrepriis. Yn maaie 2024 wurdt de priis takend oan in (Nederlânsktalige of Frysktalige) dichteres of dichter. “Naar gelang het Noorden” wurdt útjûn troch útjouwerij De Ryp en is fan nije wike ôf te keap.
It programma foar moandei sjocht der sa út:
- Fan 16.30 ynrin, kofje en oranjekoeke yn de besikersromte fan it provinsjehûs
- 16.45 wy ferhúzje meimekoar nei de histoaryske Steateseal
- Wolkomstwurd troch foarsitter Willem Verf fan it Skriuwersbûn
- Foardracht fan twa gedichten út “Naar gelang het Noorden”
- Martsje de Jong jout út namme fan de wurkgroep in koarte presintaasje fan de ynhâld fan de brosjuere en oerlanget oanslutend it earste eksimplaar oan de Deputearre
- Reaksje fan Sietske Poepjes
- Foardracht fan twa gedichten út “Naar gelang het Noorden”
- Ôfsluting troch útjouwer Hille Faber
Wy hoopje dat in protte leden fan it Skriuwersbûn en oaren dy’t de Fryske skriuwerij in waarm hert ta drage dizze middei meibelibje wolle!
Nije datum ledegearkomste: 7 juny 2023
Op woansdei 7 juny is prof. dr. Arjen Versloot te gast op de ledegearkomste fan it Skriuwersbûn. Yn de oanrin nei syn beneaming by de RUG wie der in protte publisiteit oer de ferfolling fan de fakatuere. Der drige in perioade sûnder heechlearaar te ûntstean. Ek it Skriuwersbûn hat ivere foar de oanstelling fan in belutsen en saakkundich nij boechbyld foar de Frisistyk. De aksjes hienen súkses. Der is wer in heechlearaar yn Grins. Wat is dat foar man, dy nij-beneamde Versloot?
In pear sitaten út de LC fan 9 febrewaris:
“…Ik hâld fan myn fak en ik hâld fan de Fryske taal Ik fiel my beropsmjittich ferantwurdlik om dit gat (-by de RUG-) op te foljen”
“Wat ik sjoch is wûnderbaarlike libbenskrêft fan it Frysk”
“It bestean fan it Frysk draacht by oan it mienskipsgefoel en it wolwêzen fan de ynwenners fan de provinsje. Lit ús dat fêsthâlde en koesterje”…
Tusken 19.00 en 19.30 oere starte wy mei in fraachpetear dat yngiet op boppesteande
statements. En fansels sille wy it hawwe oer de kânsen fan it Frysk as kultuertaal en de rol fan skriuw(st)ers, dichteressen, dichters, oersetters en Frysk skriuwende publisisten hjirby.
Ús stelling is ommers dat wy by útstek de minsken binne dy’t dy kultuertaal oerein hâlde.
Wat is de betsjutting fan de Frisistyk foar de bodders dy’t har, gruttendiels as leafdewurk,
ynsette foar it skreaune Frysk? Neigeraden it fraachpetear foarderet komt der alle romte
foar de oanwêzigen om mei Versloot fan gedachten te wikseljen.
De ynrin is om 18 oere, mei broadsjes, kofje, tee en oar drinken; dan begjinne we dernei mei it húshâldlik part. De gearkomste fynt plak yn Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert, yn de Gysbert Japixc-seal.
De stikken foar de gearkomste binne al rûnstjoerd nei de leden en binne ek hjir te finen op de reachside.