Yn dizze bondel stean proazagedichten. Prozaysk fan styl mar troch de kompaktens en de byldrike taal foarmje se poëzy. Yn Ommers spylje bonkerakken ksylofoan op ribbekasten, hat God bestjoer oer sânbakken en gûle boeken harren eigen siden wiet.
Geart Tigchelaar (1987) hat foar syn earste bondel Leech hert yn nij jek de D.A. Tammingapriis wûn yn 2017 en de Obe Postmapriis foar syn Bomans’ oersetting Erik of it lyts ynsekteboek yn 2016. Yn 2018 waard syn debútroman Bêste jonge nominearre foar de Rink van der Veldepriis.
Utjouwertij: Hispel
Werprintinge Bartele Bûse fan Berber van der Geest
Bartele Bûse ferskynde foar it earst yn 1988 en is in klassiker yn de Fryske jeugdliteratuer. It is skreaun troch Berber van der Geest (1938-2019) en yllustrearre troch Laura Tietjens.
Bartele Bûse is in jonkje mei in protte fantasy. Yn alles wat er sjocht, sjocht en heart er in ferhaaltsje. Thús begripe se dat net sa goed. Mar Skelte wol. Skelte is keunstskilder. Bartele komt faak by him oer de flier. De prachtichste ferhalen skilderet Skelte him foar: oer kening Klomsk fan Kjeldmanië, dy’t altyd sa kâld as in kikkert is; oer de piperwynske prippunêze, dy’t elkenien mar stekke wol; oer Stookstokke Styntsje en de krintekakkers fan Knyphuzen. Mar ek fan de fiif rôvers op Fiifrôvershoek wol Bartele alles witte. Hy harket mei sân pear earen …
Berber van der Geest (Ljouwert, 19 febrewaris 1938 – Boalsert, 28 maaie 2019) wie beukerjuf/ûnderwizeresse op in skoalle yn Ljouwert, en dichteresse, toanielskriuwster en skriuwster fan ûnder oaren berneboeken en lietteksten. Neist har wurk studearre se troch en helle se akten foar tekenjen en Frysk. Van der Geest hat ferskate prizen wûn, wêrûnder de Rely Jorritsmapriis, de Simke Kloostermanpriis en de earste priis fan de Berneboekesjuery, in priis dy’t har takend waard troch Fryske skoalbern. Ynspiraasje foar har berneboeken fûn Berber van der Geest foaral yn de klasse, yn it kontakt mei de bern, foar har ‘it moaiste stik minske dat der is’. Se kreëarre yn har boeken in wrâld dêr’t plak is foar bern om bern te wêzen en dêr’t romte is foar har fantasy.
Laura Tietjens is keunstner en wennet yn Barcelona, Spanje. Se hat ferskate groeps- en solotentoanstellingen hân yn de wrald. Tietjens yllustrearre sa’n 60 berneboeken yn de Fryske, Nederlânske en Turkse taal, dêr’t Bartele Bûse ien fan har favoriten fan is.
Jan Popkema wint de dr. Obe Postmapriis 2020
De dr. Obe Postmapriis 2020 is takend oan Jan Popkema foar syn Frysktalige oersetting fan Das Parfum fan de Dútske auteur Patrick Süskind. De priis wurdt op 19 novimber útrikt yn gearwurking mei it festival Explore the North. De útrikking sil plakfine ûnder de dan jildende koroanamaatregels.
Jan Popkema (1942) is frisist en nearlandikus. Hy wurke ûnder oare by de learare-oplieding Frysk en Nederlânsk yn Ljouwert en wie leksikograaf by de Fryske Akademy. Dêrneist hat er literêr wurk fan bygelyks Gysbert Japicx oerset en Fryske learmiddels skreaun. De Fryske oersetting fan Das Parfum ferskynde yn 2018 by útjouwer Regaad.
De advyskommisje fan de dr. Obe Postmapriis bestie út Cees van Mourik (foarsitter), Cilla Geurtsen en Rein Smilde. De kommisje skriuwt oer It parfum: “Men fielt de emoasje, rûkt de stank, mar ek it ferskaat oan roken en men sit yn ‘e holle fan de moardner fan Marianne. In hiel rike oersetting en in prachtige prestaasje!“
Das Parfum
Das Parfum is it ferneamdste boek fan Patrick Süskind (1949). It Frysk is de 55ste taal dêr’t it boek yn oerset is. It giet oer de massamoardner Jean-Baptiste Grenouille, dy’t it ultime parfum gearstalle wol. It ferhaal spilet him ôf yn it Frânske ryk fan de achttjinde iuw, dêr’t it stjonkt. Hy bedarret yn de parfumery en leart dêr parfum te meitsjen. Hy hat sels gjin lichemsrook, mar de rook fan jonge froulju fassinearret him. Hy fermoardet har en mei help fan parfumerytechniken nimt er harren lichemsrook ôf en makket dêrmei, it yn syn eagen, perfekte parfum.
Utrikking yn gearwurking mei Explore the North
De priis wurdt troch deputearre Sietske Poepjes útrikt op 19 novimber yn gearwurking mei festival Explore the North. De priis bestiet út in bedrach fan €2.000 en in oarkonde. Yn ferbân mei de koroanamaatregels kin der mar in beheind tal minsken by de útrikking oanwêzich wêze. Der sil in livestream beskikber wêze.
Oer de priis
De dr. Obe Postmapriis 2020 is ornearre foar oersettingen fan en nei it Frysk út it tiidrek 2016 – 2019. De provinsjale literêre priis wurdt útrikt út namme fan de Provinsje Fryslân en de organisaasje fan de priis is yn hannen fan Tresoar. De priis is neamd nei dichter Obe Postma (1868-1963), dy’t sels Fryske oersettingen makke hat út ûnder oare it Dútsk en Amerikaansk. Mear ynformaasje oer de priis stiet op webside oer de provinsjale prizen fan de provinsje.
Dichtdiner Lânskipsleafde
Nei in suksesfolle literêre jûn yn juny fan dit jier, organisearret Ljouwert City of Literature op freed 23 oktober op ‘e nij in yntym dichtdiner yn de Westertsjerke. Fjouwer skriuwers/dichters mei hert foar it lânskip steane sintraal. Yn it Frysk en yn it Nederlânsk ‘besjonge’ en betreurje sy de (kwinende) natuer.
Jantien de Boer, Edwin de Groot, Marije Roorda en Jan Kleefstra drage yn de sfearfolle seal fan de Westertsjerke wurk foar oan in lyts, nijsgjirrich publyk. Do wurdst (allinnich, yn duo’s of mei de húshâlding) tusken 17.30 en 18.00 oere ferwachte en nimst plak oan in gesellich dutsen taffeltsje yn ‘e seal. De foardrachten wurde ôfwiksele mei ienfâldige mar tige smaaklike fegetaryske gongen. Nei ôfrin is der romte foar in ynformele neisit oan it eigen taffeltsje.
Oer de auteurs
Jantien de Boer (1965) is sjoernaliste en kolumniste by de Ljouwerter Krante. Yn 2015 makke se namme mei har boek ‘Landschapspijn’, oer it teloargean fan biodiversiteit. In begryp dat spitigernôch noch altiten aktueel is. Edwin de Groot (1963) ferkent yn syn wurk en syn optredens graach de grinzen fan it Frysk en it Nederlânsk. Natuer en fergonklikens binne by him weromkearende tema’s, ûnder mear yn syn bondel ‘Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see’. Ek Marije Roorda (1948) skriuwt sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Yn har gedichten en koarte ferhalen spegelet se har oan it lânskip en it wetter. Faak wurket se gear mei oare (byldzjend) keunstners. It wurk fan de ek twatalige Jan Kleefstra (1964) giet foaral om de impact fan minsken op ierde en natuer. Mei de skilder Christiaan Kuitwaard publisearre er okkerdeis ‘Veldwerk’, mei akwarellen en teksten rûnom it tema ferlies fan biodiversiteit.
Oer de jûn
Yn ferbân mei de RIVM-maatregels is der mar plak foar 30 persoanen. Do moatst yn it foar kaarten reservearje en in tal gegevens (lykas de aard en omfang fan dyn eventuele selskip) ynfolje. De ynrin begjint op 23 oktober om 17.30 oere. De eintiid wurdt ynskat op 21.30 oere.
Kosten en reservearjen
De kosten binne per persoan € 17,50, jongerein oant 18 jier € 12,50. Dat is ynklusyf iten en tapwetter. Oare drankjes falle bûten de priis en kinne op de jûn sels besteld en (mei pin) betelle wurde. Do kinst dyn kaarten reservearje fia de webside fan de Westerkerk. Wachtsje net te lang, fol is fol!
Nije bondel Eppie Dam, Omstreken, mei skilderwurk fan Johan Haanstra
Fjouwer jier lyn kaam dichter Eppie Dam út Sleat yn ‘e kunde mei wurk fan Johan Haanstra (1914-1991), de Ynskedeeske skilder dy’t yn Warns ta grutte bloei kaam.
Dam waard fuortendaliks grypt troch de frije lânskippen yn kleur, net yn it minst om’t elk stik de namme fan in Frysk plak meikrigen hie. Haanstra joech dêr de foarkar oan boppe dat al te sielleaze ‘Sûnder titel’. Net dat de skilder ea op dy plakken sels west hat. Hy plôke de nammen gewoan út it register fan it tillefoanboek en plakte se ûnder in skilderij. Wyn op de mole foar in dichter dy’t net wêrs is fan ferfrjemding. En hy begûn yn wurden oan syn eigen syktocht. It resultearre yn de bondel Omstreken, 29 twatalige gedichten by likefolle skilderijen, fraai útjûn troch Utjouwerij De Ryp.
It keunstboek wurdt op 2 oktober presintearre yn Museum Belvédère, dêr’t teffens in kabinet mei wurk fan Johan Haanstra iepene wurdt. Fan jannewaris 2021 ôf is der in grutte tentoanstelling fan Haanstra te sjen yn Villa De Bank yn Ynskedee. De konservator hat yn Warns, by de widdo fan de skilder, mar leafst fyftich wurken útsocht.
Dichter fan Fryslân Nyk de Vries op Transpoesie
Dichter fan Fryslân Nyk de Vries docht dit jier mei oan de tsiende edysje fan it ynternasjonale poëzyfestival Transpoesie yn Brussel. Fanwegen de koroanakrisis sil it festival folslein digitaal ferrinne.
Op 14 oktober sil De Vries fia in live-stream fertelle oer syn wurk en sille der earder opnommen gedichten fan him toand wurde mei oersettings yn it Nederlânsk, Frânsk en Ingelsk. Yn de Hongaarske ambassade sitte in groep taharkers dy’t fragen stelle kinne oan ’e dichters. De oare dichters binne Cornelia Hülmbauer (Eastenryk), Marina Kazakova (België), Kamila Janiak (Poalen), Iona Lee (Skotlân) en Maxime Garcia Diaz (Nederlân) te hearren wêze. Petearlieder is Sofie Verraest, in Belgysk dichteresse. It is om 20:00 oere live te folgjen op de Facebook-side fan Transpoesie.
Transpoesie wurdt troch de EUNIC, European Union National Institutes for Culture, organisearre om sa it taalferskaat en it ferskaat oan poëzy yn Europa in ynternasjonaal poadium te jaan. Dit jier dogge der dichters út seisentweintich lannen mei dy’t harren wurk oersetten (litten) hawwe yn it Frânsk, Ingelsk en Nederlânsk. Sûnt trije jier feardiget It Skriuwersboun in Fryske dichter ôf. Yn Brussel, dêr’t it barren ornaris plakhat, binne gedichten te lêzen yn de metro’s. De Vries hat syn fers ‘Annie en Arie’ ynstjoerd.
Nyk de Vries (1971) skriuwt sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk, sawol proaza as poëzy. De proazagedichtebondel De dingen gebeuren omdat ze rijmen (2011) waard nominearre foar de J.C. Bloemprijs, de roman Renger (2015) krige de Piter Jellespriis en waard nominearre foar de Rink van der Veldepriis. Sûnt ferline jier is Nyk de Vries Dichter fan Fryslân. As De Vries optreedt, eat dat er foar de koroanakrisis gauris die, docht er dat almeast mei muzyk derby.
Koos Tiemersma – Quist
In man rint, in lege rolstoel foar him út triuwend, oer plakken as Weidum, Winsum en Baard fan Ljouwert nei Harns, om dêrnei troch te reizgjen nei ien fan ’e eilannen. Dy rolstoel is net fan himsels: hy hat him stellen. Mar is Julius Quist, learaar oan in gymnasium yn de haadstêd, dêrmei in dief? Want achter dy rolstoel sit it ferhaal fan in frou mei wa’t er, steande foar it rút fan syn lokaal, in relaasje-op-ôfstân oangie.
No is er ûnderweis nei har begraffenis. Algau fernimt er dat neat gewoan is op dizze tocht. En dat hat alles te krijen mei syn fûle reaksje op de fraach fan syn rektor oft it net tiid waard om wat betider mei pensjoen te gean: ‘De duvel mei my helje as ik op jo suggestje yngean.’ Nee, dat hie er better net sizze kind…
Quist is in Faustiaanse fertelling dy’t boeit fan begjin oant en mei de ferrassende ûntknoping. In boek om net te missen.
Mei De ljedder makke Koos Tiemersma (Frjentsjer, 1952) in suksesfol debút yn de Fryske literatuer, dat yn 2003 bekroand waard mei de earste Rink van der Veldepriis. Dêrnei folgen mear boeken, lykas De mjitte,Under wetter en Einum, dêr’t er yn 2015 de Gysbert Japicxpriis foar takend krige. Syn wurk falt op troch de orizjinele styl en opset, ferhalen dy’t net sûnder humor ferteld wurde. De roman Quist is syn tsiende boek.
Utjouwerij: Het Nieuwe Kanaal
Kursus poëzy skriuwen fan RIXT stiet noch iepen
Dichterskollektyf RIXT en Tresoar organisearje dizze hjerst in kursus poëzy skriuwen. Yn njoggen jûnen learst oer ferskate aspekten fan poëzy, lykas de start fan it kreative proses, metafoaren, fisuele aspekten en de foardracht. De kursus wurdt fersoarge troch in pear dichters dy’t oansletten binne by RIXT. De rige wurdt ôfsletten mei in dichtersjûn. De oanmelding stie earst allinnich iepen foar RIXT-dichters, mar der is noch plak oer. Dêrom meie oare dichters har no ek oanmelde.
Opjefte kin fia ynfo@rixt.frl. Graach uterlik freed 25 septimber opjaan.
Data: moandei 28/9, 5/10, 12/10, 19/10, 26/10, 2/11, 9/11, 16/11 en 23/11. Dêrnei ôfslutende dichtersjûn.
Tiden: 19.00 (ynrin) oant 21.30 oere.
Lokaasje: Neushoorn, Ljouwert.
Kosten: €80.
Alles ûnder foarbehâld fan de koroanamaatregels.
Johan Veenstra wint Rink van der Veldepriis 2020
Skriuwer Johan Veenstra (74) fan Nijeholtpea hat de Rink van der Veldepriis wûn. Hy kriget de priis foar syn boek Vroeger is veurgoed veurbi’j. It is foar it earst dat de priis takend wurdt foar in boek dat yn in streektaal skreaun is. Veenstra skriuwt yn it Stellingwerfsk.
Om yn oanmerking te kommen foar de priis, dy’t alle twa jierren útrikt wurdt, moat in boek skreaun wurde yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen, moat it oanslute by it wurk fan Rink van der Velde en moat it in breed lêzerspublyk oansprekke. Dat docht Veenstra dus, fynt de sjuery, dy’t bestie út Joukje Aardema, Nynke Andringa en Koos Tiemersma.
De gemeente Smellingerlân jout Veenstra in byldsje fan keunstners Anne en Roelie Woudwijk kado. De Stichting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) stelt 2.000 euro beskikber.
De priis wurdt yn besletten rûnte fanwegen koroana op 28 oktober útrikt yn De Lawei yn Drachten.
Streektalen en Tsead Bruinja op Europeeske Taledei
Op de Europeeske Taledei, sneon 26 septimber, sille de streektalen fan Nederlân te hearren wêze by de meartalige fiering mei Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, Grinslanner dichteresse Fieke Gosselaar, Biltker muzikant Jan de Vries en Liesbeth Terpstra, mei in presentaasje fan Nijntje yn it Frjentsjerters.
Europeeske Taledei wurdt sûnt 2001 alle jierren fierd en stiet yn it teken fan meartaligens en taallearen. Der binne mear as 200 Europeeske talen en dêrfan binne njonken de offisjele talen likernôch 80 talen erkend fan mear as 200 minderheidsgroepen, lykas it Frysk, it Sorbysk, of it Dútsk dat fan Armenië oant Denemarken yn meardere lannen erkend is.
Yn Nederlân is der ek in soad taalferskaat en op 26 septimber wurdt dêr omtinken oan jûn mei poëzy en muzyk. Sa sil Tsead Bruinja fertelle oer syn blomlêzing fan poëzy yn de Nederlânske streektalen en klinke it Grinzers, it Biltsk en it Frjentsjerters mei Fieke Gosselaar, Jan de Vries en Liesbeth Terpstra.
It barren hat plak op sneon 26 septimber om 11:00 oere by gemeente Waadhoeke, dy’t as meartalige gemeente de Europeeske Taledei ek fiere mei in eigen program. Fanwegen de feilichheid is der plak foar in beheind tal publyk en ferplichte oanmelding. It barren wurdt lykwols ek digitaal live útstjoerd fia Waadhoeke. It evenemint foar Europeeske Taledei wurdt organisearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en Mercator Europeesk Kennissintrum/Fryske Akademy, yn gearwurking mei gemeente Waadhoeke en City of Literature Ljouwert.