Janneke Spoelstra nei Transpoesie yn Brussel

Foto: Gatske Kraak

Foar de achtste kear wurdt yn Brussel it Transpoesie Poëzyfestival organisearre. Foar it earst is der ek in Fryske dichter oanwêzich, nammentlik Janneke Spoelstra. Hja mei op 26 septimber optrede wannear’t it de Europeeske Dei fan ’e Talen is tusken 24 oare talen út Europa. De Brusselske organisaasje woe hiel graach in Fryske dichter meidwaan litte no’t Fryslân en Ljouwert kulturele haadstêd fan Europa is. Dêrta is in fersyk rjochte oan de NPLD (= Network to Promote Linguistic Diversity) dy’t daliks kontakt opnommen hat mei de eigen organisaasje yn Fryslân it EBLT (= Europeesk Buro foar Lytse Talen) en mei It Skriuwersboun om mei in foardracht te kommen. It Boun hat dat aktyf útsetten en in sjuery besteande út Alex Riemersma (NPLD), Cor van der Meer (Mercator / Fryske Akademy) en Tryntsje van der Veer (It Skriuwersboun) hawwe út fiif opjeften de dichteresse Janneke Spoelstra keazen  mei har gedicht ‘Altyd alve’. Har ynstjoering waard troch de sjuery typearre as tagonklik (ek yn oare talen), ta de ferbylding sprekkend en mei romte foar identifikaasje. 
De yn 1962 berne dichteresse debutearre yn 2004 mei de bondel Goeie is it wachtwurd. Yn 2011 kaam har twadde dichtbondel út, Langst fan ’e dagen. Yn 2008 ferskynde har ferhalebondel In Jikse-libben. Se treedt op rûnom yn Fryslân, en yn Malta en Ierlân. De bedoeling is dat har tredde dichtbondel febrewaris 2019 útkomt, as se Dichter fan ’e Moanne is. Fersen fan har binne oersetten yn it Iersk, Ingelsk, Malteesk, Portugeesk en Spaansk.  

www.transpoesie.eu

Facebooktwittermail

Masterclass Toanielskriuwen troch Bouke Oldenhof

Nei twa fruchtbere byienkomsten oer de ferbining tusken toaniel en literatuer wurdt it no tiid om praktysk oan ’e slach. Dat dogge wy op de langste dei fan ’t jier.
Op de langste dei, tongersdei 21 juny, organisearret It Skriuwersboun in soarte fan masterclass Toanielskriuwen fan Bouke Oldenhof foar leden fan it Skriuwersboun. Bouke sil dan trije punten by del dy’t it sjenre toaniel oars meitsje as de wenstige literêre sjenres:

1. Toaniel as teamsport

2. Toaniel as eksponint fan dualistysk tinken en dialektyk

3. Yntinsiteit fersus tiid as basisprinsipe fan de dramaturgy

Bouke sil útlizze hoe’t it der yn syn beropspraktyk as toanielskriuwer (en toanielskriuwdosint) oan tagiet, foarbylden jaan, en in kearmannich de oanwêzigen útnûgje ien en oar ta te passen op har praktyk as (net-toaniel)skriuwer.

De jûn fynt plak yn Bouke syn kafee Rolbrêge, Rolbrêgedyk 59, 8406 AP DE TYNJE. Tel. 0513-571289. De jûn begjint om 20:00 oere en is ôfrûn om 22:00 oere, mar wy kinne fansels altyd noch even gesellich binnen of bûten neisitte!

Minsken dy’t gjin ferfier ha nei De Tynje kinne har melde by It Skriuwersboun, dat besiket dan te regeljen datst meiride kinst.

Facebooktwittermail

Ferfolch temagearkomste toaniel en literatuer

As bestjoer sjogge wy werom op in tige slagge Temagearkomste mei as ûnderwerp de ferbining tusken Frysk toaniel en Fryske literatuer. Der is dúdlik ferlet fan sa’n ferbining. Selskippen wolle goede en orizjineel Fryske stikken en skriuwers wolle graach oan ‘e slach mei it skriuwen fan in stik. Dy twa wrâlden kinne sadwaande noch folle mear byinoar brocht wurde en dat wolle wy as it Skriuwersboun graach fasilitearje.

Fandatoangeande soenen wy elk dy’t dêr niget oan hat op 17 maaie om 20:00 oere yn Tresoar útnûgje wolle om de saken fierder stal te jaan. Earder hawwe wy sa in Oersettersgroep hân dêr’t in soad út fuortkommen is, wy hoopje dat ek foar dizze groep sa wêze sil.

Facebooktwittermail

Temagearkomste ferbining literatuer en toaniel

Wy hawwe yn Fryslân in hiel rike tradysje oan teater yn ús eigen lytse taal. Frysktalich toaniel en de Fryske skriuwerij hawwe fansels in soad mei-inoar te krijen. Dochs binne de kontakten tusken teater en literatuer yn Fryslân eins behoarlik ynsidinteel: je hawwe skriuwers dy’t boeken meitsje, en je hawwe toanielskriuwers dy’t teksten leverje (of oersette) om foarstellings mei te meitsjen. Soe it net goed wêze om de rûnten fan toaniel oan de iene kant en poëzij en proaza oan de oare kant tichter mei-inoar yn kontakt te bringen?

Om dy reden wol it Skriuwersboun yn de temagearkomste fan 19 april oan dy ferbining tusken Frysk toaniel en Fryske literatuer wije. De sprekkers Anja Steegstra en Tjerk Kooistra binne frege om de jûn yn te lieden fanwegen harren ekspertize op it mêd fan toaniel.

Anja Steegstra hat yn 2014 ‘Skriuwbedriuw’ oprjochte. Se skriuwt yn opdracht nij, oarspronklik toaniel en set stikken oer yn it Frysk. Fierders is se regisseur en skriuwt eigen stikken dêr’t se ek in rol yn spilet. “Ik doch alles op gefoel en brûk dêrby myn jierrenlange ûnderfining as spiler.
Tjerk Kooistra is regisseur en toanielskriuwer. Sûnt 2007 regisearret er er it iepenloftspul yn Jorwert. Ferline jier hawwe se wer in Gouden Gurbe wûn as publykspriis. Tjerk is yn alles wat er docht in autodidakt, sa seit er sels. Hy hat him alles sels oanleard en stiet sa ek iepen foar wat oaren him fertelle kinne, dêr’t er it ien en oar fan opstekke kin.

Nei harren fyzje op tekst en toaniel kin dêr op reagearre en fierder oer harsensskrabe wurde. Wy hoopje sa op oansetten ta kreativiteit foar mear performance yn de Fryske literatuer (en mear literatuer op it Fryske toaniel).

Wy hoopje jo dêrom te sjen op 19 april yn it nije gebou OBE op de Aldehoustertsjerkhôf. Graach hearre wy fan jo foar 10 april fia as jo derby binne. Jou jo op troch it stjoeren fan in mail nei bestjoer@skriuwersboun.nl

Wêr? OBE (Aldehoustertsjerkhôf), dêrnei Tresoar
Wannear? 19 april 2018
Hoe let? Ynrin om 19:00 oere yn OBE en om 19:30 begjinne wy yn Tresoar

Facebooktwittermail

It EBLT presintearret films Cigán en Rein sûnder ein

Nei oan lieding fan de Ynternasjonale Memmetaaldei fan de Feriene Naasjes presintearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen EBLT en Slieker Film dit jier op snein 25 febrewaris de priiswinnende Roma-film Cigán! út Slowakije. Foar de film Cigán! wurken regisseur Martin Sulik en produsint Rudolf Biermann moannenlang yntinsyf gear mei amateur-akteurs út in Roma-mienskip yn it easten fan Slowakije. De film is, en dat is útsûnderlik, foar in grut part sprutsen yn de Romataal. It resultaat is in tige libbene film, dy’t ynsjoch jout yn it hurde libben yn in earme Roma-mienskip op it plattelân.

Sjoch foar mear ynformaasje op de side fan it EBLT troch hjir te klikken.

Facebooktwittermail

Iepen hûs by Tresoar op 3 febrewaris

Op sneon 3 febrewaris is it gebou fan Tresoar fan 15.00 oant 18.00 iepen foar alle belangstellenden en wurdt de feestlike ôftraap jûn foar in grut oantal aktiviteiten.
Oanmelde is net nedich.

  • 15.00 Iepening troch direkteur Bert Looper fan Tresoar en start fan de poëzymasjine troch Eeltsje Hettinga, Machteld van Buren, Sytse Jansma, Hans Wijnbergen, Grytsje Schaaf, Elmar Kuiper, Irem Kaneli en Stijn Smit
  • 15.30 en 16.30 Minikolleezjes ‘Quatrebras als Europees tijdschrift’ troch Bert Looper en ‘Visuele poëzie in Europa’ troch Ernst Bruinsma
  • 15.30-18.00 trochrinnend Poëzyfantasy foar kreative âlders en bern
  • 16.00 Iepening Histoarysk Reisburo troch Grutte Pier
  • 16.30 Foardracht gedicht ‘de greate wrakseling’ (1963) fan Hessel Miedema troch Jelle Krol
  • 17.00-18.00 trochrinnend Literêre peepshow
  • 17.00 en 17.30 Minikolleezje troch gastkurator Frank den Oudsten

Sjoch foar mear ynformaasje op: http://www.tresoar.nl/agenda/pages/open-huis-bij-tresoar.aspx#/?returnTo=/Pages/NieuwsEnAgenda.aspx

Facebooktwittermail

Wat ús Bynt

It Skriuwersboun is behelle yn it inisjatyf Wat ús Bynt. WÚB is in ynisjatyf om alle Fryske organisaasjes, dy’t kleur jouwe oan it eigene fan Fryslân, mei elkoar te ferbinen. Elts fan al dy organisaasjes jout ommers in eigen sfear oan wat de Fryske identiteit neamd wurdt.

WÚB wol yn krusjale sitewaasjes sprekbuis wêze, ried jaan, bystjoere en bytiden sels gongmakker wurde foar alternativen of oare mooglikheden, wannear’t in ynstânsje yn de knipe driget te kommen. Om earst in sterk fûnemint te krijen sil tiid en enerzjy stutsen wurde moatte yn in op priemmen te setten netwurk. Dêrfoar is 6 maart de ôftraap.

Mochten jo belangstelling hawwe om derhinne, dan kinne jo dat oanjaan by it bestjoer troch in mail te stjoeren nei: bestjoer@skriuwersboun.nl

Facebooktwittermail

Streeknovelle t Blauhuus

Hjirby graach jo omtinken foar in oprop fan ús lid Talea Jansma oer har yn it Biltsk skreaune streeknovelle
t Blauhuus.

Beste vrienden,
U kunt in het voor intekenen tot 1 februari 2018 voor het in het Bildts geschreven streeknovelle
’t Blauhuus dat 1 maart 2018 in de verkoop komt.
Opgave via de mail taleajansma@kpnmail.nl
Verkoopprijs 12 euro nu 10 euro, contant
Zelf ophalen op 24 febr. 2018 om 16.00 uur
bij Café De Oasthoek, Oudebildtdijk 678
Vriendelijk groet, Talea Jansma

Facebooktwittermail

Sjueryrapport Fersier in Fers 2017

Dames en hearen, wy fan de sjuery foar Fersier in fers wolle jim ek nochris hertlik wolkom hjitte. Wy, dat binne keunstner en direkteur fan de Frisian Design Factory Albert van der Kooij (sit hjir foaroan), keunstner, dichter en sjonger Elmar Kuiper (dy’t hjir hjoed spitigernôch net by wêze koe) en ik, yllustrator Nina Peckelsen.

Foto: Omrop Fryslân, Aukje de Hoop

Lykas elke sjuery altyd wer seit, sis ik it ek wer: wy krigen de drege kar om út in hiel soad prachtige wurken mar trije winners te kiezen. We krigen der noch krekt gjin spul om. Dochs hawwe wy in lytse seleksje makke, dy’t wy no, mei in koarte útlis, foarlêze sille.

Fersier in fers senior-edysje

1. Ut wille troch Jentsje Fokkes út Koudum
Dit wurk kin omskreaun wurde mei foaral ien wurd: subtyl. Der is keazen foar in sêft stikje út in fers oer in sêft bistke, útfierd op in materiaal dat dêr goed by past: natoerlik en waarm hout. De makker skreau al dat dit hout fan in âlde doar kaam. De tekening is ek subtyl en hast net iens sichtber, krekt as dy lytse moskjes yn de hage. Hiel fyn is de fersregel deromhinne skreaun, wêrtroch dit hiele wurk in lyts keunstwurkje wurdt: mei it materiaal, de subtiliteit en lytse boartlike eleminten (lykas it gebrûk fan de natoerlike knobben yn it hout), is dit mei rjocht de winner.

2. Psalm 90 troch Janke Dykstra fan It Hearrenfean
As earste kinne we foaral oer dit wurk sizze dat it tige orizjineel is, om’t it it platte flak, mar sels ek it romtlike elemint oerstiicht; it is in keunstwurk dat in belibbenis bringt. It gedicht giet oer it alles omfetsjende dat de skriuwer fielt by syn leauwe, en sa’n keunstwurk past dêr dan perfekt by. Mei sfearbylden en muzyk op de eftergrûn is dit hologramkeunstwurk in bysûnder idee, mar neffens de sjuery is der noch genôch romte om dit idee noch folle fierder út te bouwen. Dêrom wolle wy graach dit wurk de twadde priis jaan!

Fersier in fers junior-edysje

1. Paradysfûgel troch Yaling van der Werf, fan it Bogerman yn Wommels
Oer dit wurk wie de sjuery it daalks iens: dit is de winner! Yn dizze yllustraasje is mar ien fersregel útskreaun, mar yn de tekening sitte eleminten út it hiele gedicht. De komposysje is prachtich, en der is goed neitocht oer it gebrûk fan kleur. De felle kleuren op de foargrûn, mei as kontrast de sombere kleuren op de eftergrûn. It hiele flak is brûkt, en ek de typografy is prima yn oarder.

2. Proefrit troch Sarina Huijser, fan it Nordwin yn Snits (net yn de seal)
Dit wurk falt foaral op troch it enoarme en prachtige eksperimint mei lettertypes en typografy, wêrtroch it hiele flak fan it papier ek sûnder skrutenens brûkt is. Der is krekt noch in lyts bytsje romte litten foar in prachtige tekening fan in wol hiel hippe beppe, dy’t mei in soad jild en in flugge elektryske fyts samar nei Dútslân fytst.

3. Proefrit troch Marijke Kuperus & Janiek Kloostra fan it Dockinga College
Dizze yllustraasje hat in hiel gedicht yn ien tekening witten te krijen, en der sa hast in lyts stripferhaaltsje fan makke. Der is goed gebrûk makke fan it platte flak, en mei in protte wille ferskillende materialen, lettertypes en stiften brûkt om sa in moai en grappich gehiel te krijen, dat oerienkomt mei de luchtige sfear fan it gedicht.

It Hearrenfean, 16 desimber 2017

Albert van der Kooij, Elmar Kuiper en Nina Peckelsen

Facebooktwittermail