Toanielskriuwkursus ‘Dyn earste ienakter’

Skriuw dyn earste ienakter! Ofwol in pocketferzje fan in ôfrûne stik. As begjinnend skriuwer learst hoe’t de struktuer fan in toanielstik opboud is en watfoar skriuwtechniken oftst brûke kinst. Hoe skriuwst in pakkend begjin? Wat wurdt de klimaks of dyn darkest moment? Tresoar organisearret in toanielskriuwkursus yn gearwurking mei KeunstwurkSTAF en St.U.F.T.

Yn de online groepsesjes krijst útlis oan de hân fan foarbylden. Dêrnei giest selsstannich oan de slach mei dyn eigen ienakter. Krijst persoanlike feedback op de ferskate fazen fan dyn stik, sadatst oan de ein fan de kursus in moaie basis hast foar dyn earste ienakter.

Geskikt as ferfolch op de toanielskriuwkursus ‘Je eigen stem vinden’ dy’t yn oktober begûn is by Keunstwurk. Mei de help fan útienrinnende skriuwoefeningen giest by dy kursus op ’e syk nei dyn eigen stim as toanielskriuwer.

Oanmelde
Oanmelde kin oant moandei 8 maart 2021 by Keunstwurk. Oan dizze kursus kinne maksimaal 7 persoanen dielnimme.

Praktyske ynformaasje
Data: Moandei 15 & 29 maart, 12 & 26 april, 17 & 31 maaie 2021
Tiid: Fan 20.00 oant 21.00 oere
Lokaasje: Online
Kosten: 180 euro
Taal: Nederlânsk en Frysk
Maksimaal oantal dielnimmers: 7
Oanmelde: Kin oant 8 maart 2021 by Keunstwurk

Oer dosint: Wessel de Vries
Wessel de Vries (1994) is toanielskriuwer en skriuwt senario’s foar films. As toanielskriuwer wurket er in soad yn Fryslân (Tryater, Meeuw Jonge Theatermakers, Skoft&Skiep), mar ek dêrbûten (KASKO/Kameroperahuis, Theater Sonnevanck). Films skriuwt er benammen yn opdracht fan syn eigen filmkollektyf Natte Haring, dêr’t er de films ‘Het Grandioze Falen’ en it bekroane ‘Drie mensen vinden een auto’ mei makke.

De teksten dy’t Wessel skriuwt wurde kenmerke troch humor en fantasy en behannelje in ferskaat oan ûnderwerpen. Sa skreau er û.o. oer trije bruorren dy’t it hûs net út doarre (‘Schiettent’, 2016), syn favorite fuotbalklup (‘Het Heilige Hert van Cambuur’, 2018) en oer kampingbewenners dy’t sykje nei it paradys (‘Part time Paradise’, 2019). Foar KASKO ûntwikkele Wessel in tekst oer it ferjeien fan demoanen op in aaklik tsjerkhôf (‘De Klok en het Meisje’, 2018).

Dyn earste publikaasje?
Der is yn it amateurteater in soad ferlet fan nije ienakters. Wa’t dat wol, kin syn ôfrûne stik foardrage litte oan Utjouwerij St.U.F.T. (Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel). Sy jouwe alle jierren ferskate ienakters út en sykje altyd nei nij talint. It stik sil dan yn it Frysk útjûn wurde (oarspronklik of oerset).

Facebooktwittermail

Rely-priisfraach wer los

De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten 2021 is iepensteld. It is de 67ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal kinne fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk be kroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000. Oant en mei snein 9 maaie o.s. kin ynstjoerd wurde. De sjuery foar 2021 bestiet út Inge Heslinga, Rianne Blokzijl en Beart Oosterhaven.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 Nijmegen 1952) hie yn syn testamin t bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en de bêste fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. Sûnt 2018 wurdt it bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns foarme troch b. en w. fan Ljouwert, de gemeente fan Rely’s bertedoarp Jellum; de Stifting Frysk
Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) rêdt mei de organisaasje.

De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan ynfo@stiftingflmd.frl. Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery.

Facebooktwittermail

Frysk debút Tialda Hoogeveen foar LêsNo

Dizze moanne giet de sânde edysje fan Lês no fan start. Tialda Hoogeveen hat dizze kear it boek skreaun dat brûkt wurdt foar dit lêsbefoarderingsprojekt foar de middelbere skoallen.

Wurden fan Timo

Wurden fan Timo is it Fryske debút fan Tialda Hoogeveen dy’t earder Nederlânske boeken as De geur van hooi en Oerstoer skreau. It boek is it yntinse ferhaal fan Nanne, in gewoane tiener dy’t yn in ûngewoane situaasje bedarret as har broer stjert troch in ferkearsûngelok. It is krekt yn it jier dat Nanne vmbo-eksamen dwaan moat, in oplieding kieze moat, wylst se gjin idee hat wat se wurde wol of wurde kin en ek nochris foar it earst fan har libben fereale is, fansels op in ûnberikbere jonge. In boek oer rou, freonskip en ferbining troch muzyk. Omdat muzyk sa’n belangryk ûnderdiel is yn it ferhaal, is der soundtrack makke by it boek. It liet ‘In your light’ fan Jon Allen, is troch Jelle Bangma oerset nei ‘Yn dyn ljocht’ en ynsongen troch Lotte Broersma dy’t troch har heit Sytse Broersma begelaat wurdt op gitaar.

LêsNo

LêsNo is in lêsbefoarderingsprojekt foar jongerein yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. It projekt is op inisjatyf fan it Platfoarm Lêsbefoardering Frysk ta stân kaam yn 2015. Afûk, Cedin, Fers en Stichting Lezen wurkje mei LêsNo gear mei as doel om de lêswille by de jonge doelgroep te fergrutsjen. Om dat doel te berikken wurdt socht nei in oansprekkend boek yn kombinaasje mei oare media, sa as in dramasearje, in vlog of in game. It tal dielnimmers oan LêsNo is groeid fan 1.896 learlingen en 13 skoallen yn 2015 oant 3200 learlingen en 29 skoallen yn 2020. Wurden fan Timo is yn in rekordoantal oanfrege troch de skoallen, sa’n 4000 learlingen sille it boek lêze.

Mear witte

Mear ynfo en de opsje om it earste haadstik te lêzen fynst hjir: lesno.nl/wurden-fan-timo-2021. It boek is te keap yn de losse ferkeap fia de Afûk.

Facebooktwittermail

Hein Jaap Hilarides – Beppe Xenia

Op 14 jannewaris ferskynt by útjouwerij Bornmeer Beppe Xenia, de nijste roman fan Hein Jaap Hilarides.

Xenia is grutbrocht yn de Drava-delte fan Slovenië. Dêr treft se Freek Wassenaar, in boeresoan út It Bilt. Freek en Xenia wurde fereale en sette har nei wenjen yn Fryslân.

Se trouwe yn 1933, it jier dat Hitler oan de macht komt yn Dútslân. Yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch rint Xenia in âlde leafde tsjin it liif. Dietrich Kleeblatt wurket yn Nederlân foar de SD. De moeting mei Dietrich sil it libben fan Xenia en Freek bot yn ûnstjoer bringe.

Hein Jaap Hilarides publisearre earder De trekker fan Troje, diel 3 fan in romansyklus oer de Biltske Wassenaars. Dit boek, Beppe Xenia, is diel 2 fan dy syklus. Diel 1 sil noch skreaun wurde.

Hein Jaap Hilarides (1969) is skriuwer en muzikant.

Utjouwerij: Bornmeer.

Facebooktwittermail

Direksjewikseling by Tresoar

Bert Looper hat oanjûn dat hy yn de rin fan 2021 ophâlde wol as direkteur fan Tresoar.
Nei in sollisitaasjeproseduere fan de nije direkteur sil Bert Looper oant syn pensjoen ein 2022 as algemien meiwurker fan Tresoar syn enerzjy ynsette op in oantal spesifike taken.

Bert Looper waard yn 2007 de twadde direkteur fan Tresoar. Yn de ôfrûne fjirtjin jier hat hy him sterk makke om de nammebekendheid fan Tresoar yn en bûten de provinsje te fergrutsjen. Dêrnjonken hat hy in soad enerzjy stutsen yn it op in fernijende wize presintearjen fan de Fryske literatuer troch ferbiningen te lizzen mei oare keunstfoarmen. De lêste jierren wie dit benammen te sjen yn Obe, poadium foar literatuer, keunst en taal. Ek hat Bert Looper in soad lêzingen jûn en yn ferskate media publisearre hy oer keunst, literatuer, skiednis en identiteit fan Fryslân.

It bestjoer fan Tresoar sil meikoarten in sollisitaasjeproseduere foar in nije direkteur opstarte. Oant de nije direkteur begûn is, sil Bert Looper yn syn âlde funksje fan direkteur wurksum bliuwe. 

Facebooktwittermail