Koos Tiemersma – Quist

In man rint, in lege rolstoel foar him út triuwend, oer plakken as Weidum, Winsum en Baard fan Ljouwert nei Harns, om dêrnei troch te reizgjen nei ien fan ’e eilannen. Dy rolstoel is net fan himsels: hy hat him stellen. Mar is Julius Quist, learaar oan in gymnasium yn de haadstêd, dêrmei in dief? Want achter dy rolstoel sit it ferhaal fan in frou mei wa’t er, steande foar it rút fan syn lokaal, in relaasje-op-ôfstân oangie.

No is er ûnderweis nei har begraffenis. Algau fernimt er dat neat gewoan is op dizze tocht. En dat hat alles te krijen mei syn fûle reaksje op de fraach fan syn rektor oft it net tiid waard om wat betider mei pensjoen te gean: ‘De duvel mei my helje as ik op jo suggestje yngean.’ Nee, dat hie er better net sizze kind…

Quist is in Faustiaanse fertelling dy’t boeit fan begjin oant en mei de ferrassende ûntknoping. In boek om net te missen.

Mei De ljedder makke Koos Tiemersma (Frjentsjer, 1952) in suksesfol debút yn de Fryske literatuer, dat yn 2003 bekroand waard mei de earste Rink van der Veldepriis. Dêrnei folgen mear boeken, lykas De mjitte,Under wetter en Einum, dêr’t er yn 2015 de Gysbert Japicxpriis foar takend krige. Syn wurk falt op troch de orizjinele styl en opset, ferhalen dy’t net sûnder humor ferteld wurde. De roman Quist is syn tsiende boek.

Utjouwerij: Het Nieuwe Kanaal

Facebooktwittermail

Kursus poëzy skriuwen fan RIXT stiet noch iepen

Foto: Geart Tigchelaar

Dichterskollektyf RIXT en Tresoar organisearje dizze hjerst in kursus poëzy skriuwen. Yn njoggen jûnen learst oer ferskate aspekten fan poëzy, lykas de start fan it kreative proses, metafoaren, fisuele aspekten en de foardracht. De kursus wurdt fersoarge troch in pear dichters dy’t oansletten binne by RIXT. De rige wurdt ôfsletten mei in dichtersjûn. De oanmelding stie earst allinnich iepen foar RIXT-dichters, mar der is noch plak oer. Dêrom meie oare dichters har no ek oanmelde.

Opjefte kin fia ynfo@rixt.frl. Graach uterlik freed 25 septimber opjaan. 

Data: moandei 28/9, 5/10, 12/10, 19/10, 26/10, 2/11, 9/11, 16/11 en 23/11. Dêrnei ôfslutende dichtersjûn.

Tiden: 19.00 (ynrin) oant 21.30 oere.
Lokaasje: Neushoorn, Ljouwert.
Kosten: €80.

Alles ûnder foarbehâld fan de koroanamaatregels.

Facebooktwittermail

Johan Veenstra wint Rink van der Veldepriis 2020

Skriuwer Johan Veenstra (74) fan Nijeholtpea hat de Rink van der Veldepriis wûn. Hy kriget de priis foar syn boek Vroeger is veurgoed veurbi’j. It is foar it earst dat de priis takend wurdt foar in boek dat yn in streektaal skreaun is. Veenstra skriuwt yn it Stellingwerfsk.
 
Om yn oanmerking te kommen foar de priis, dy’t alle twa jierren útrikt wurdt, moat in boek skreaun wurde yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen, moat it oanslute by it wurk fan Rink van der Velde en moat it in breed lêzerspublyk oansprekke. Dat docht Veenstra dus, fynt de sjuery, dy’t bestie út Joukje Aardema, Nynke Andringa en Koos Tiemersma.

Foto: Haye Bijlstra, Tresoar

De gemeente Smellingerlân jout Veenstra in byldsje fan keunstners Anne en Roelie Woudwijk kado. De Stichting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) stelt 2.000 euro beskikber.

De priis wurdt yn besletten rûnte fanwegen koroana op 28 oktober útrikt yn De Lawei yn Drachten.

Facebooktwittermail

Streektalen en Tsead Bruinja op Europeeske Taledei

Foto: Rosa van Ederen

Op de Europeeske Taledei, sneon 26 septimber, sille de streektalen fan Nederlân te hearren wêze by de meartalige fiering mei Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, Grinslanner dichteresse Fieke Gosselaar, Biltker muzikant Jan de Vries en Liesbeth Terpstra, mei in presentaasje fan Nijntje yn it Frjentsjerters.
 
Europeeske Taledei wurdt sûnt 2001 alle jierren fierd en stiet yn it teken fan meartaligens en taallearen. Der binne mear as 200 Europeeske talen en dêrfan binne njonken de offisjele talen likernôch 80 talen erkend fan mear as 200 minderheidsgroepen, lykas it Frysk, it Sorbysk, of it Dútsk dat fan Armenië oant Denemarken yn meardere lannen erkend is.

Yn Nederlân is der ek in soad taalferskaat en op 26 septimber wurdt dêr omtinken oan jûn mei poëzy en muzyk. Sa sil Tsead Bruinja fertelle oer syn blomlêzing fan poëzy yn de Nederlânske streektalen en klinke it Grinzers, it Biltsk en it Frjentsjerters mei Fieke Gosselaar, Jan de Vries en Liesbeth Terpstra.

It barren hat plak op sneon 26 septimber om 11:00 oere by gemeente Waadhoeke, dy’t as meartalige gemeente de Europeeske Taledei ek fiere mei in eigen program. Fanwegen de feilichheid is der plak foar in beheind tal publyk en ferplichte oanmelding. It barren wurdt lykwols ek digitaal live útstjoerd fia Waadhoeke. It evenemint foar Europeeske Taledei wurdt organisearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en Mercator Europeesk Kennissintrum/Fryske Akademy, yn gearwurking mei gemeente Waadhoeke en City of Literature Ljouwert.

Facebooktwittermail

De Utmolken Toer: Kuiper en Tigchelaar op toernee

Foto: Ydwine Scarse

Op 3 oktober 2020 wurde de beide nije dichtbondels fan Elmar Kuiper en Geart Tigchelaar, respektyflik Wite Mûle, Swarte Molke en Ommers, presintearre yn de notaristún yn Jorwert. Dat dogge hja mei kollega-dichters Gerrit de Vries en Sipke de Schiffart. Muzyk is der fan de band Xigatze.
 
Dy presintaasje is it startskot foar harren toernee troch provinsje Fryslân. Alle folgjende wykeinen yn oktober steane hja op in oar plak, mei oare kollega-dichters en Xigatze wurdt ôfwiksele mei Kuiper syn band Tigers fan Greonterp. Op 9 oktober steane hja yn Warkum yn Op de Hoek van de Stal, 17 oktober yn kafee Marktzicht yn Drachten en as ôfsluter fan de toer op 24 oktober yn De Bres te Ljouwert. Der moat fanwegen koroana fan te foarren reservearre wurde.
 
De Utmolken Toer stiet garant foar in bûnte milkshake oan poëzy en muzyk. Kuiper en Tigchelaar hawwe fan harren sels al in unike smaak yn de Fryske literatuer, mar de optredens wurde mjukse mei gastdichters Cornelis van der Wal, Gerrit de Vries, Syds Wiersma en Sipke de Schiffart. De bands Xigatze en Tigers fan Greonterp skomje de poëtyske iismolke ekstra op.

Elmar Kuiper (1969) skriuwt poëzy, koarte ferhalen en toaniel. Yn 2004 is er debutearre mei Hertbyt. Wite Molke, Swarte Mûle is syn njoggende bondel. Syn poëzy waard nominearre foar ferskillende literêre prizen en oerset yn ferskate talen. Op 3 oktober kriget er de Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal ‘Ni Hao’ en hy is ien fan ’e winners fan de troch Frysk literêr tydskrift Ensafh útskreaune wedstriid foar de Lange koartproazajûn mei it tige koarte ferhaal ‘Syn rassuvere knyn’.
 
Geart Tigchelaar (1987) hat foar syn earste bondel leech hert yn nij jek yn 2017 de D.A. Tammingapriis wûn en foar syn oersetting Erik of it lyts ynsekteboek fan Godfried Bomans yn 2016 de Obe Postmapriis. Yn Ommers steane proazagedichten, it is Tigchelaar syn twadde bondel. Foarpublikaasjes dêrfan komme op it Instagram-akkount @om.mers.

Facebooktwittermail

Utslach ferhalewedstriid Lange koartproazajûn

Begjin dit jier hat Frysk literêr tydskrift Ensafh in oprop dien ta it ynstjoeren fan tige koarte ferhalen fan op syn heechst 250 wurden. Dat hat de redaksje fan it tydskrift dien, mei’t hja fûn dat der yn ’e Fryske literatuer mear omtinken foar proaza komme kin.
 
Dat hat fertuten dien, want mei 39 ynstjoerde ferhalen kin sein wurde dat it koarte ferhaal libbet as in hart. De sjuery, besteande út Gerbrich de Jong, Nyk de Vries en Anne Feddema, hat yn totaal 14 ferhalen bekroane.
De winners binne: Anneke Augusteijn, Ytsje Hettinga, Trevor Scarse, Friduwih Riemersma, Henk Wolf, Berber Spliethoff, Johannes Dijkman, Baukje Zijlstra, Elske Kampen, Amarens Hibma, Bregtje Sijtsma, Elmar Kuiper, Sipke de Schiffart en Angelique van der Veen.
Alle fjirtsjin ferhalen krije in plakje op de Lange koartproazajûn fan 27 novimber yn De Bogt fan Guné. De ferhalen fan de lêstneamde sân skriuwers binne troch de sjuery as de alderbêste koarte ferhalen bestimpele, dat dy wurde yn it novimbernûmer fan Ensafh publisearre.

Foto: Geart Tigchelaar

Op de Lange koartproazajûn wurde alle priiswinnende ferhalen foardroegen en ek it sjueryrapport. Teffens jout de Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, in optreden. Ynrin is om 19:30 oere yn De Bogt fen Guné (Fiverstrjitte 1, 8801 TT Frjentsjer), al is de jûn ûnder foarbehâld fanwegen koroana.
Frysk literêr tydskrift Ensafh komt seis kear yn it jier út op papier en op www.ensafh.nl ferskynt om de trije dagen in nije bydrage.

Facebooktwittermail

Hinke Veenstra – Heit en ik

Heit en ik is in unyk boekwurkje: in bondel fersen fan in heit en syn dochter. It binne Sipke Veenstra en Hinke Veenstra.
 
Sipke waard yn 1924 berne yn Garyp. Yn syn libben spilen klanken, kleuren en wurden in hiele grutte rol. Hy wie muzikus (wurke oan muzykskoalle ‘De Wâldsang’ yn Bûtenpost) en dirigent, keunstskilder en dichter/skriuwer. Fjouwer kear brocht er in bondel út: Hjoed… (1985), Grien Ljocht (1987),  Wat ik sizze wol (1991) en Myn taal (1997). Yn syn fersen spylje de leafde foar Fryslân en it Frysk in grutte rol. Mar ek de natuer, de nostalgy en it leauwe binne wichtige eleminten. Yn 20o2 ferstoar Sipke Veenstra.
 
Dochter Hinke waard yn 1958 yn Garyp berne. Op dit stuit wennet se yn Drachten. It miljeu dêr’t se yn opgroeide hat gâns ynfloed op har hân. Krekt as by har heit waard de memmetaal har hieltiden dierberder. Ek grypt se nei de pinne om no en dan in fers of koart ferhaal te skriuwen. Se skilderet en fotografearret. Yn 2015 debutearre se mei de fersebondel Lang om let.
 
De titel fan dizze bondel is: Heit en ik. Links stiet in fers fan Sipke en rjochts fan Hinke. Beide beskriuwe hja libbenstema’s út har eigen perspektyf wei.
 
Utjouwerij: Eigen behear

Facebooktwittermail

Dichter fan Fryslân nei skoallen ta

Foto: Geart Tigchelaar

De earste skoallen hawwe har oanmelden foar it fergese literêre lesprogramma en optreden fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân. Op 22 septimber sil de Dichter fan Fryslân in lesoptreden fersoargje op Terra Wolvegea.

De Dichter fan Fryslân jout yn syn lesprogramma antwurd op de fraach wêrom’t literatuer en poëzij sa moai wêze kinne. ‘Literatuer en poëzy giet oer dysels, oer dyn eigen libben. Oer minsken fan dyn eigen leeftyd, yn deselde stêden en doarpen as dû, mei deselde fragen en langsten.’

De Dichter fan Fryslân biedt trije ferskillende lesprogramma’s oer poëzy en literatuer foar middelbere skoallen yn Fryslân. De lesprogramma’s binne geskikt foar gruttere en lytsere groepen en bestean alle trije út in optreden en les yn ien.

Nyk de Vries bringt op in tagonklike en humoristyske wize syn (foar in grut part eigen) ferhaal. In ferhaal oer syn eigen middelbere skoaljierren – as boufakkerssoan út in húshâlding dêr’t literatuer net fanselssprekkend wie. Hy fertelt oer syn eigen wille en ûnwissens yn dy tiid, oer fereale wêze en ferwachtings en foaral oer hoe’t er yn dy jierren sels mei it skriuwen en de literatuer yn oanrekking kaam.

Facebooktwittermail

Simon Oosting – DC … en tichterby / DC … en dichterbij

Dizze tredde bondel fan Simon Oosting is twatalich en hjit DC … en tichterby/DC … en dichterbij. DC is Washington DC dêr’t de dichter in skoft wenne hat; gedichten oer DC steane yn it skift mei de gelikense namme. Der komme mear fiere streken oan bar, mar ek de omkriten fan de Feanhoop yn Fryslân dêr’t de dichter in searje gedichten oer brêgen makke hat. De bondel hat fiif skiften dy’t allegear in motto meikrigen hawwe út de Odyssee.

Utjouwerij: Afûk

Facebooktwittermail

SatelLiet op 18 septimber yn Aldebiltsyl

It suksesfolle evenemint ‘SatelLiet’ wurdt troch de organisaasje fan it sjongfestival ‘Liet’ yn de hjerst fan 2020 trochset. De beide muzykrûtes ‘SatelLiet’ wurde yn Aldebiltsyl en Koarnjum organisearre.

Yn ’e rûte nei Liet 2020, dat plakhat op 6 novimber 2020, wurdt SatelLiet organisearre. Op freed 18 septimber en freed 16 oktober binne twa muzykrûtes mei lytsere en gruttere optredens te folgjen.

Yn septimber steane Fryske muzikanten en dichters yn Aldebiltsyl programmearre. Haadakt is Iris Kroes dy’t yn kultureel sintrum Aerden Plaats optreedt. De programmearring fan SatelLietis yn Aldebiltsyl mei winner Liet2019, Sequence en in foarstelling fan dichters fan Dichterskollektyf Rixt, Christa Niklewicz en Geart Tigchelaar

Yn oktober folget Koarnjum, mei haadakt ZEA, programmearre yn Theater de Wier yn Koarnjum.

It folsleine muzykprogramma, en ek de dielnimmers fan it sjongfestival, wurdt letter bekend makke.

Kaartsjes(en reservearjen) foar 18 septimber en 16 oktober à 10 euro kinne besteld wurde by de Aerden Plaats (Aldebiltsyl) en Theater de Wier (Koarnjum). Reservearjen is needsaaklik yn ferbân mei de RIVM-rjochtlinen yn it ramt fan koroana. Beide jûnen wurdt wurke mei lytsere dielgroepen. Nei it reservearjen krije belangstellenden harren startlokaasje fia de mail tastjoerd.

Facebooktwittermail