In freedsume maatskippij is ûnmooglik sûnder literêre frijheid

Graach diele wy mei tastimming fan Tialda Hoogeveen, berneboeke-ambassadeur en lid fan it Bûn, mei jimme har ynstjoerde stik yn de Ljouwerter Krante fan hjoed, 7 febrewaris.

“De nijste pandemy yn ús maatskippij is it firus fan cancelling. Trial by media as in groep of yndividu wat fertelt, fynt of skriuwt dat in oare groep of oar yndividu net oanstiet. It is net langer de rede en de dialooch dy’t hjir regeare, mar de Twitter-kultuer fan snelle, fileine, agressive, ûnnuansearre en faak ek anonime mieningen, ynklusyf (deads)bedrigingen.

Ik reagearje hjirmei fansels op de deadsbedrigingen dy’t Pim Lammers ûntfong, neidat it CPNB him frege hie it Kinderboekenweekgedicht te skriuwen by it Kinderboekenweektema ‘Bij mij thuis’.

Hoewol’t it folslein begryplik en legitym is dat Lammers him weromlûkt, ha ik it berjocht mei ôfgriis lêzen. Foar it gruttere plaatsje fan in sûne demokrasy skûlet der in gefaar yn as keunstners hannelje fanút eangst. Want wat reitsje wy kwyt as keunstners – ik ha it hjir oer keunst yn it algemien, dêr’t literatuer in wichtich part fan is – net mear yn frijheid makke wurde kin?

De wrâld is grutter as ús holle. En krekt dat is wat de keunst ús bringt. It nimt ús mei nei plakken dêr’t wy oars net samar komme soene, tsjustere en ûnoangename plakken like goed as romantyske en leave wrâlden. It jout ús wurden oan emoasjes dêr’t wy sels de wurden noch net foar fûn ha. It makket ús empatysker. It biedt ús treast.

It is te maklik om te tinken dat keunst in aardige ekstra yn it libben is. Keunst is in yntrinsyk part fan ús wêzen en ferbynt ús mei de wrâld, mei oaren, mei de skiednis en reflektearret op ús bestean. It is dan ek folslein ûnakseptabel dat skriuwers yn harren feilichheid en frijheid bedrige wurde. In freedsume maatskippij is ûnmooglik sûnder literêre frijheid.

Yn it ljocht fan alle foardielen dy’t keunst en lêzen mei him meibringt, is it hiel ferûntrêstend dat der sprake is fan ûntlêzing en ôfnimmende taalfeardigens fan learlingen op de basisskoalle, yn it fuortset ûnderwiis en op pabo’s, en it swiere waar dêr’t de keunstsektor him yn befynt as gefolch fan de koroanapandemy en besunigingen troch de polityk. De ûnmisbere funksje fan keunst yn it libben komt dêrmei yn ’e knipe. Net goed begripend lêze kinne, betsjut ek gelaagdheid yn literatuer net sjen kinne.

Fansels binne deadsbedrigingen oan it adres fan skriuwers net nij, tink oan de fatwa dy’t Salman Rushdie oer him hinne krige nei it skriuwen fan syn boek Duivelsverzen . Wat wol oars is, is it yngrediïnt social media yn it debat. Kanalen dêr’t minsken fluch, sûnder nuânse, anonym harren miening spuie kinne. Neist Lammers is Marieke Lucas Rijneveld in aktueel foarbyld fan in keunstner dy’t hjirmei te krijen hie. Rijneveld luts him werom fan it oersetten fan it Amerikaanske gedicht The hill we climb nei krityk en bedrigingen.

Allinnich as der romte is, kinst bewege. Dy romte wurdt no beheind troch it eangstbyld fan trial by media . De cancelkultuer liedt koartsein ta in krampkultuer, want de eksterne kritikus fan trial by media wurdt al gau in ynterne kritikus dy’t ús út eangst derfan wjerhâldt ús te uterjen sa’t wy wolle.

Mar wat is keunst noch wurdich as der in auto-korreksje komt foardatst sitten giest om te skriuwen, skilderjen of filmjen? Wat is keunst noch wurdich ast it net wrâldkundich doarst te meitsjen?

Lit it feroardielen fan minsken oer oan it rjochtssysteem. Stypje keunst en frijheid no’t it nedich is, keapje sa’n moai keunstwurk foar yn de kast. By de lokale boekhannel fansels.”

TIALDA HOOGEVEEN

Berneboeke-ambassadeur en einredakteur de Moanne

Facebooktwittermail

BoekWinterBoek

Freedtetjûn 10 febrewaris is der om 20.00 uur yn kafé De Bogt fen Guné yn Frjentsjer in smoute winterjûn mei optredens fan Anne Feddema, Koos Tiemersma, Sietse de Vries, Willem Schoorstra en Hylke Speerstra. Fierder wurdt ek de winner bekend makke fan de ferhalewedstriid ‘Ut ’e bocht’. De winner mei fuortendaliks syn/har ferhaal foardrage foar it publyk en wint fierder in boekepakket én publikaasje fan it ferhaal.

In jûn foar elkenien dy’t fan lêzen en boeken hâldt! Sjoch moar mear aktiviteiten op: boekenfanfryslan.nl

Facebooktwittermail

Rispinge!

De Letterfretter

De Letterfretter – Lida Dykstra

Lida Dykstra kaam yn jannewaris mei in prachtich skreaun en troch Berber van den Brink moai foarmjûn berneboek, De Letterfretter. Yn it boek wurde alle lûden dy’t yn it Frysk foarkomme systematysk behannele yn 47 gedichten fol taalrykdom, mar ek mei humor, dat is Lida Dykstra wol tabetroud. Folgje de letterfretter op syn reis en lear boartsjendewei alle Fryske lûden en de aldermoaiste Fryske wurden. Dit boek mei yn gjin inkelde boekekast ûntbrekke!

It boek is te krijen fia de webshop fan de Afûk.

***

Oer de streek

Oer de streek – Geart Tigchelaar

De ôfrûne twa jier wie Geart Tigchelaar Streekdichter fan Noard-East Fryslân. Wa hat him net sjoen op de merk mei syn gedichteboerd, op de fyts by de doarpen del en mei de tegelpoëzij? Alles wat er as Streekdichter dien at, is sammele yn in de bondel Oer de streek.

De bondel is útjûn by Hispel en ek hjir te finen.

***

De eerste bloemlezing van de Nederlandse poëzie

De eerste bloemlezen van de Nederlandse poëzie – Tsead Bruinja

As ôfsluting fan de Poëzijwike presintearre Tsead Bruinja snein 29 jannewaris syn blomlêzing De eerste bloemlezing van de Nederlandse poëzie. Tsead fertelde dêrby oer de kar fan syn gedichten, mei ek Fryske ynbring. As “Dichter des Vaderlands” (2019-2020) besleat Tsead Bruinja in ynklusive blomlêzing gear te stallen, mei romte foar sa folle mooglik talen, streektalen en dialekten. Yn de bondel steane gedichten fan 1945 oant no, út it hiele Keninkryk, fan Fryslân oant Yndonesië, Suriname en de Antillen, mar ek fan nije Nederlanners, út bygelyks it Midden-Easten en Sûd-Amearika.

De bondel is útjûn troch Querido en ek hjir te finen.

***

Zonder geheugen is het niets gedaan

Zonder geheugen is het niets gedaan (Sûnder ûnthâld wurdt it neat) – Albert Schaafsma

Albert Schaafsma wurket as copywriter, en wie al in skoftsje foar de aardichheid dwaande mei it skriuwen fan gedichten. Lyk as by copywriting jilde by it dichtsjen eigen regels en wetten. Genôch om yvich en altyd te twiveljen oan wat der op papier stiet. Hy skreaun de gedichten earst hielendal fan himsels en foar myn bern en neiste famylje. Mar in stikmannich minsken joech oan dat hy syn wurk ek diele moast mei de wrâld. De measte gedichten binne Nederlânsk, mei in soarte fan oergongsgedicht, nei trije folslein Fryske gedichten. In folgjende bundel moat al hielendal yn it Frysk ferskine.

Yn eigen behear útjûn (De Doolende Dirigent), te krijgen by Albert sels.

Facebooktwittermail

Letterenfonds: Sprekoere oer subsydzjeoanfragen

Hast as literêr skriuwer koartlyn dyn debut skreaun en publisearre? Dan foldochst faaks oan de betingsten foar it oanfreegjen fan in beurs foar it skriuwen fan dyn twadde boek by Het Letterenfonds.

Ast dit jier foar it earst in oanfraach yntsjinje wolst en hjir fragen oer hast, kinst dy – live of online – foarlizze yn it sprekoere op woansdei 8, tiisdei 14 of woansdei 15 febrewaris 2023. Oanmelde kin oant en mei freed 3 febrewaris.

As dyn literêr debút utkommen is nei 1 jannewaris 2020 en foar dat debút in kontrakt ôfsletten is dat foldocht oan de betingsten fan it Modelkontrakt GAU / Auteursbond, dan kinst in subsydzje-oanfraach yntsjinje foar it skriuwen fan dyn twadde boek. De deadline foar it yntsjinjen fan in earste oanfraach falt dit jier op woansdei 15 maart.

Yn dizze omgong kinne ek skriuwers dy ’t oan harren tredde literêre boek wurkje sille, in oanfraach yntsjinje. Ek sy binne fansels wolkom op it sprekoere. Alle ynformaasje oer de regeling en it oanfraachformulier fynst hjir. Hasto nei it lêzen fan de regeling en it oanfraachformulier noch fragen, bygelyks oer it wurkplan of oare ûnderdielen fan de oanfraach? Of wolst gewoan efkes tsjekke oftst alles goed begrepen hast? Meld dy dan per mail oan foar ien fan dizze dagen, en jou dyn foarkar oan foar online (fia Teams) of live by Het Letterenfonds: – woansdei 8 febrewaris (hiele dei) – tiisdei 14 febrewaris (middei) – woansdei 15 febrewaris (hiele dei, allinnich online).

Stjoer dyn oanmelding foar it sprekoere uterlik op freed 3 febrewaris nei Raoul Markaban. Nei ûntfangst fan de oanmeldingen wurdt in roaster makke: op moandei 6 febrewaris wurdt in mailtsje stjoerd mei in útnûging en tiid foar it petear. De petearen duorje maksimaal tweintich minuten. Fansels kinst ek altyd maile mei fragen oer it oanfraachformulier of de proseduere.

Ek de subsydzjepot fan de Provinsje Fryslân is wer iepen set. Mear ynformaasje is hjir te lêzen!

Facebooktwittermail

Nijjierssit

Op 28 jannewaris is der foar leden en stipers fan It Skriuwersbûn in nijjierssit yn Café de Gouden Leeuw yn Tresoar (Ljouwert). Elkenien is wolkom fan 15.30 oere ôf. Drankjes en flaubyt wurdt foar soage. Komst ek proaste op in smûk begjin fan it nije jier mei in soad moaie boeken en dichtbondels? Wês wolkom!
Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, sil ek noch in koarte presintaasje hâlde oer gearwurking tusken skriuwers en nije eveneminten.

Boarne: callmetak op Freepik
Facebooktwittermail

Soarchlike taname tal helpfragen by it PEN Emergency Fund – PEN siket donateurs!

Us lid Job Degenaar is foarsitter fan it PEN Emergency Fund. PEN stiet foar “Poets, Essayists, Novelists / Playwrights, Editors en Non Fiction Writers”, en is in wrâldwide organisaasje fan en foar skriuwers, dy ’t de frije fersprieding fan literatuer en de frijheid fan ekspresje heech yn it findel hat. 

It tal helpfragen troch skriuwers, sjoernalisten, redakteuren en útjouwers, ûnder mear út Oekraïne en Belarus, nimt soarchlik ta troch de (driging fan) resinte geopolitike ferskowingen. Tagelyk wurdt de need yn de rest fan de wrâld der net minder om, lykas yn Myanmar, Afganistan en in soad oare lannen dêr ’t de frijheid fan ekspresje en mieningsutering fier te sykjen is. Allinnich al yn 2022 hat it PEN Emergency Fund 55 auteurs en harren húshâldingen finansjeel bystean kinnen.

Stichting Fonds Schrijvers in Nood, dat folle bekender is ûnder de ynternasjonale namme PEN Emergency Fund, ferlient finansjele stipe oan profesjonele skriuwers, sjoernalisten, redakteuren en útjouwers dy ’t yn need ferkeare om wat se skreaun of publisearre hawwe en driuwend jild nedich hawwe, bygelyks om flechtsje te kinnen nei in feiliger lân of om harren libben wer op te bouwen nei mishanneling of detinsje. Oanfragen komme yn de regel fia in team fan betûfte researchers fan PEN International, mei wa ’t it bestjoer nau gearwurket. It bestjoerswurk is frijwillich en der hoege gjin gebouwen ûnderhâlden te wurden. Al it jild dat binnenkomt, giet nei de yn need ferkearende auteurs. Troch it lytse tal bestjoersleden kin de stichting gau hannelje en somtiden noch op de dei fan oanfraach jild oermeitsje. Donaasjes en jeften binne mear as ea wolkom en nedich.

It PEN Emergency Fund hat in ANBI-status. It bankrekkennûmer is: NL 97 ABNA 0430 2740 33. Foar mear ynformaasje: www.penemergencyfund.com

Facebooktwittermail

Ledebulletin It Skriuwersbûn jierwiksel 22-23

Ledebulletins ferskine in pear kear per jier, net yn in fêste frekwinsje, mar foaral as der wat te melden is en/of der in bysûndere aktiviteit op priemmen stiet. It bestjoer is ferantwurdlik foar de ynhâld. Reaksjes fia mail op bestjoer@skriuwersboun.nl binne tige wolkom. Ledebulletins bliuwe rûchwei in jier sichtber op ús reachside.

***

Ferslach Skriuwerswykein

It hat eefkes duorre, mar dan hast ek wat: it gearfetsjend ferslach fan it Skriuwerswykein is klear! Wy hoopje dat jimme in soad wille ha oan it lêzen. It is taheakke, mar ek te finen op de reachside, mei alle oare dokuminten en wiidweidige ferslaggen fan it wykein.

In earste evaluaasje yn de bestjoersgearkomste hat opsmiten dat wy besykje sille der in jierlikse tradysje yn de hjerst fan te meitsjen. In programma-ûnderdiel op de freedtejûn, dat sille wy nei alle gedachten yn ’23 net wer dwaan. De lokaasje hat prima foldien, mar wy oriïntearje ús no ek op oare plakken, ferlykje prizen en mooglikheden. Yn in folgjend bulletin lêze jimme wat de útkomst wurdt.

***

Alderleafste berneboek

Der binne al in tal aardige bydragen by Reina ynkommen, moai! Meidwaan kin noch. Sjoch op de reachside: “Dyn alderleafste Fryske berneboek”.

***

Professor yn Grins

It brief dat wy hjiroer stjoerd hawwe is noch hieltyd te finen op ús reachside. Sawol mei de minister (op 24 novimber, doe’t Hanke Bruins Slot de rede fan Fryslân hâlde) as mei de deputearre (op 5 desimber yn  ús regulier oerlis) hawwe wy der oer praten, ús soarch ynbrocht en ús suggestje dien om net eksklusyf fêst te hâlden oan de RUG as útfierder. Ek in oare universiteit kin mei it jild fan Provinsje en Ryk soargje foar in heechlearaar en in masteroplieding yn Ljouwert. Ús yndruk is dat it besef dat der sa gau mooglik in nije heechlearaar komme moat, wol breed dield wurdt. De lêste berjochten stelle ús lykwols net echt gerêst. De RUG hâldt yn al har reaksjes dochs flink wat slaggen om ’e earm. En it komt ús foar dat Provinsje en Ryk it net echt skerp spylje doare.

***

Tresoar

Spitigernôch moast direkteur Arjen Dijkstra it petear fan 7 desimber oer de gearwurking tusken Skriuwersbûn en Tresoar ôfsizze. Wy hoopje sa gau mooglik in ferfangende ôfspraak te meitsjen.

***

Fuortgong plan honorearring en promoasje

Op 5 desimber hat deputearre Sietske Poepjes ús meidield dat hja in foars bedrach foar ien kear frijmeitsje kin en wol foar ús promoasje-plan. Hja is tige entûsjast oer de opset. As skiedende deputearre kin hja net mei plannen komme foar de langere termyn, mar in begjin mei in flink dofke jild is fansels net eat dat wy fersmite. Yn it lêste bulletin skreaunen wy dat de puzel oan de Provinsje wie, mar no sille wy sels earst wer puzelje moatte. Yn jannewaris ûnder oaren earst mar wer ris yn konklaaf mei û. o. Boeken fan Fryslân. Mochst tinke: wat plan wie dat eins? Ek dit is te finen op ús reachside.

***

Rispinge

Is der nij wurk ferskynd fan dyn hân? Lit it ús foaral witte. Wy diele it nijs graach mei alle leden en de bûtenwrâld fia ús reachside. Lês dêr wat kollega’s resint útbrocht hawwe en stjoer fan dyn nijste wurk in pakkende beskriuwing nei: bestjoer@skriuwersboun.nl .

***

Dingtiid

Dingtiid, it wichtichste advysorgaan foar Ryk en provinsje oangeande it Frysk, siket in bestjoerslid mei goed sicht op de Fryske skriuwerij en kultuer. It soe moai wêze as ien fan ús leden de útdaging oangie. Der is in ridlike fergoeding oan ferbûn. Sjoch foar mear ynfo: https://skriuwersboun.nl/dingtiid-siket-bestjoerslid-fryske-taal-en-kultuer/.

***

Nijjierssit yn Tresoar

Op 28-1-2023, fan 16.30 oere ôf.  Yn Tresoar is spesjaal ynrjochte: Café De Gouden Leeuw, en dêr hâlde wy ús nijjiersgearsit. Mei in flinke opkomst litte wy as Skriuwersbûn-leden sjen hoe fitaal as de Fryske skriuwerij is! Dus nûgje wy jimme út om it glês te heffen op it nije jier yn dit tydlike ’Café De Gouden Leeuw’ yn Tresoar. It earste drankje en in flaubyt soargje wy foar! Fierdere drankjes binne op eigen kosten. De Fremibu, dy’t oars op 27 jannewaris wêze soe, komt dan foar in kear te ferfallen.

***

Yn de werhelling

De ôfrûne tiid hawwe wy in pear nijsberjochten op de reachside en de sosjals publisearre dy’t noch wol in werhelling fertsjinje, dus dêrom noch even in listje yn dizze nijsbrief:

***

Foar yn de aginda:

***

Ek nijsgjirrich:

Facebooktwittermail

Dyn alderleafste berneboek

It kin hast net mis. Elkenien hat wol in alderleafste boek. No ’t de tiid fan winter wer hjir is, like it ús sa aardich om te freegjen oft jimme jim alderleafste Fryske – mei ús diele wolle. Foar de wille yn ’t foar, wille by it nochris lêzen of tebektinken.

Wat is het plan?

Wy wolle dy freegje dyn alderleafste berneboek – yn alle Fryske talen en oersettingen – fan eartiids te dielen en deroer te fertellen. Hjirûnder fynst in foarbyld fan hoe ’t de beskriuwing fan dyn alderleafste Fryske berneboek derút sjen kin oan ’e hân fan de folgjende fragen:

  • Hokker Frysk boek is dyn alderleafste?
  • Wêrom is dit boek dy alderleafst?
  • Wêr giet it boek oer?
  • Wat kinsto fertelle oer dyn favorite wurden of yllustraasje?

Fierder wolle wy dy freegje – ast dy hast – in foto of ôfbylding fan ’t boek mei te stjoeren. It formaat fan de tekst is ien A-4 en de uterlike ynleferdatum 31 jannewaris 2023.

Wy organisearje dan letter in feestje om inoar te moetsjen, de boeken mei-inoar te besjen + ranja/tee/kofje mei of sûnder wolkje te drinken. Meitsje wy der oan it ein in moai dokumint fan. Of miskien …?

Myn alderleafste berneboek

Dit boek is fan – Reina Greet
Titel – De sike ko
Auteur – H.E. Todd
Yllustraasjes – Val Biro
Fryske oersetting – A. Zantema
Útjouwer, jier útjefte – Afûk, Ljouwert 1980

‘De sike ko’ is myn alderleafste berneboek. Doe ’t ik in – noch – lytsere Reina Greet as no wie, is it my kear op kear en nochris in kear foarlêzen en doe ’t ik it sels koe, lies ik it sels. Oant no ta en fierder.

It ferhaal giet oer in ko dy ’t net alhiel yn oarder is. Hy woeft en hy miaut en op ’t lêst kwêket er der op los. It liket slim. Is it hûnesykte, de kattesykte of dochs wat oars? Lokkich wurdt de kowe-spesjalist ynflein mei in helikopter en mei in ferskriklik knap idee makket hy de ko wer better. Elkenien is bliid en giet yn ‘e hûs om tee te drinken en te brea-iten. De ko is ek bliid. Boe!

Myn favorite side is dy wêr oft de ko midden yn de stikels stean giet, wol tsien foet de loft yn springt en elkenien joecheit en bliid is dat de ko wer ‘boe’ ropt. Tsien foet de loft yn, dat fûn ik eartiids mar bjusterbaarlik.

It boek is úteinlik by myn sus terjochte kaam en dochs woe ik sa hiel graach ek sels in eksimplaar. Ik ha socht en socht mar koe it net fine. Wol yn ’t Ingelsk. Ek aardich, mar gjin Frysk. Doe, op in hiel bysûndere dei, krige ik it kado fan myn freondinne Lysbeth. Dat ferjit ik nea wer! It boek is my hiel alderleafst. 

Facebooktwittermail

Skriuwwedstriid Gaia

It prachtige keunstwurk Gaia fan Luke Jerram dat Sense of Place presintearre by Arcadia hat in soad yndruk makke yn Fryslân: in ferljochte bol fan leafst sân meter trochsneed, dy’t de ierde sjen lit sa as dy fan de moanne ôf sichtber is.

Gaia (foto fan de reachside fan Ljouwert City of Literature)

Gaia wie yn 2022 bygelyks te sjen op Oerol, yn it Woudagemaal op ‘e Lemmer en yn de Broeretsjerke yn Boalsert. Yn febrewaris 2023 hinget it keunstwurk in moanne lang yn de katedraal fan Exeter, de Britse stêd dy’t krekt as Ljouwert UNESCO City of Literature is. Underdiel fan it programma om it keunstwurk hinne is it projekt The Gaia Papers en dêrfoar kinsto in ferhaal of gedicht skriuwe!

The Gaia Papers is in papieren en digitaal magazine, dat ein febrewaris 2023 yn Exeter ferskynt. Njonken ferhalen fan lokale skriuwers, foto’s fan it publyk en kreatyf wurk fan lokale jongeren is der romte foar literêre bydragen út oare Cities of Literature wei. Sa sammelet Exeter City of Literature wrâldwide perspektiven op harren tema ‘Care, Connection, and Celebration’.

Mear ynformaasje en de spulrigels binne te lêzen op de reachside fan Ljouwert City of Literature.

Facebooktwittermail

Dichterskollektyf RIXT en Tresoar organisearje kursus Poëzij skriuwe

Bisto in begjinnend of betûftere dichter en liket it dy leuk om les te krijen fan ferskillende dichters? Wolst dyn wurk hearre litte op in ôfslutende dichtersjûn? Meld dy dan oan foar de kursus poëzij skriuwe fan it Frysk Dichterskollektyf RIXT en Tresoar!

Yn it nije jier start der in rige fan 9 lesjûnen. En it goeie nijs is: der binne noch in pear plakken beskikber! De lessen wurde jûn troch Kate Schlingemann, Edwin de Groot, Dien L. de Boer, Geart Tigchelaar en Tryntsje van der Veer. Yn de les fan Edwin giest oan de slach mei it poëtyske aspekt fan ferbylding troch it gebrûk fan byldspraak (metafoar en ferliking ). Tryntsje van der Veer lit sjen en hearre hoe’t je fersen foardrage. Leuk én learsum!

Sjoch hjir foar mear ynformaasje. Opjaan kin noch oant 15 jannewaris fia ynfo@tresoar.nl, mar fol = fol!

Facebooktwittermail