Tsjechysk boek oer Fryske literatuer

Yn Tsjechië wurdt in bedrach fan € 15.000 frijmakke foar it skriuwen en publisearjen fan in skiednis fan ’e Fryske literatuer yn it Tsjechysk. Dat bedrach is tasein oan Professor Wilken Engelbrecht troch de Fakulteit Letteren fan ’e Palacký Universiteit fan Olomouc.

Professor Engelbrecht wie yn april 2018 ien fan ’e sprekkers op ’e earste konferinsje foar Fryske geasteswittenskippen Conference on Frisian Humanities, in ûnderdiel fan LF2018, dat plakfûn yn De Harmonie. Hy spruts dêr doe oer wat der oer Fryske literatuer yn East-Europa bekend wie.

Foto: Kristýna Erbenová

Professor Engelbrecht krige de finansjele fergoeding fan ’e Universiteit fan Olomouc foar in boek oer Fryske literatuer mei op grûn fan stipe fan ’e Fryske Akademy.

Facebooktwittermail

Ljouwert wol City of Literature wurde

Foto: Lucas Kemper

Op tongersdei 28 febrewaris waard de balâns opmakke oangeande Ljouwert Kulturele Haadstêd. Dêr waard troch Sjoerd Bootsma, artistyk direkteur fan LF2018, bekend makke dat Ljouwert besykje sil de titel fan UNESCO City of Literature yn ‘e macht te slepen: ‘As wy UNESCO City of Literature wurde, jouwe wy de Fryske literatuer in ynternasjonaal poadium.’

Facebooktwittermail

Kollum Douwe Kootstra op Ensafh

De kollum dy’t Douwe Kootstra útsprutsen hat op de jûn ‘Polityk moetet Literatuer’ op 14 febrewaris is no te lêzen op de webside fan Frysk literêr tydskrift Ensafh.

Dêr sitte wy dan wer, it espeltsje usual old Frisian cultural suspects, krekt as fjouwer jier lyn, op itselde plak. Wat wie ’t doe in fleurige jûn. Ja, gesellich, mar fierder in winterjûnenochtfoarstelling dy’t yn de resinsjes mei muoite ien stjerke helle. Allegear o sa leaf foar elkoar, doe, dy akteurs, benammen neat sizze, mar boppe al dy optimistise listlûkers – want zetelwinst! zetelwinst! – seach ik skiere wolkjes hingjen mei twa dúdlike teksten, ôfhinklik fan de grutte fan de partij. Earste tekst: ‘Mei ik asjeblyft ek ris meidwaan?’, en, de twadde tekst: ‘Wa komt yn ’e beneaming foar in fjouwerjierrige kick out?’ It is altyd itselde fertoan, want it is ommers koälysjepolityk. Hawar, it formaasjeresultaat sit hjir jûn gesellich by ús.

Foto: Haye Bijlstra

Lês fierder op Ensafh.

Facebooktwittermail

Frysk boekebal

Op sneon 2 maart is de ôftraap fan de Moanne fan it Fryske boek mei Willem Schoorstra. Hy skreau it Fryske boekewikegeskink Rosmos datst de hiele moanne maart kado krigest by oankeap fan € 12,50 oan boeken. Dizze jûn  op it programma: fansels de útrikking fan it earste eksimplaar fan it kadoboek Rosmos oan deputearre Sietske Poepjes. Fierder master tattoeëarder Rinto dy’t smoute ferhalen fertelt en muzyk fan de Junkyard Dogs dy’t de spesy tusken de stiennen wei spylje sille. Kom del, it is gratis! Ynrin fan 20.00 oere ôf, start programma om 20.30 oere. Lokaasje: Neushoorn, Ruiterskwartier 41 yn Ljouwert.

Facebooktwittermail

De takomst fan ‘e frisistyk yn Nederlân: Sympoasium

It liket net goed te gean mei de frisistyk yn Nederlân. Dy fêststelling foarmet de oanlieding ta it organisearjen fan in kongres oer de takomst fan de frisistyk.

Wa’t de frisistyk – de wittenskiplike stúdzje fan de Fryske taal- en letterkunde – fan no oersjocht en ferliket mei de tastân fan sa’n fjirtich, fyftich jier lyn, sil sjen dat er gâns feroare is. Der wiene doe heechlearen foar it Frysk oan de universiteiten fan Grins, Amsterdam (sawol VU as UvA), Utert en Leien. Foar ûndersyk wie boppedat de Fryske Akademy wichtich.

Mar op dit stuit binne der gjin bysûndere heechleararen Frysk mear en is de frisistyk oan de RUG en UvA ûnderbrocht yn bredere programma’s. It resultaat is dat de universitêre frisistyk yn Nederlân net allinnich sterk ynkrompen is, mar ek dat der in opfolgingsprobleem ûntstien is. By de Fryske Akademy is ûndertusken it aksint ferskood nei skiednis en sosjolingwistyk. Der binne gjin jonge frisisten mear mei in fêste oanstelling op dat ynstitút.

It tal faktydskriften is lytser wurden en it útwikseljen fan ideeën en oparbeidzjen yn projekten tusken Amsterdam, Grins, Ljouwert en Leien mei gjin namme ha. De útwikseling fan dosinten en studinten tusken Grins en Kiel is stilfallen.

Om koart te kriemen, it liket net al te goed te gean mei de frisistyk yn Nederlân. Dy fêststelling foarmet de oanlieding ta it organisearjen fan in kongres oer de takomst fan de frisistyk. Libbet de frisistyk noch of is dy dissipline in ûnbrûkber wurden erfstik út in noch net sa fier ferline? Is der wol plak foar sa’n lyts fak, no’t opliedingen hieltiid mear studinten hawwe moatte om oerlibje te kinnen? En is der (noch) genôch politike wil om de wittenskiplike stúdzje fan de Fryske taal te stypjen?

Trije heechleararen frisistyk, universitêre dosinten en minsken út it fjild sille foar it buordsje. De dei wurdt ôfsletten mei in rûnetafelpetear tusken Geart de Vries (HSL) en in ferskaat fan eksperts waans miening fan grut belang is, lykas beliedsamtners fan de provinsje Fryslân, fertsjinwurdigers fan de Frysktalige mienskip, HBO-dosinten en in taalkundige fan it Meertens Instituut.

Datum, tiid en plak
Freed 29 maart 2019, 10.30-16.00 oere. Plak: Fryske Akademy (seal Sânwâlde

Tagong en opjefte
Meidwaan oan it sympoasium is fergees. Graach yn it foar – foar 25 maart – opjaan fia baly@fryske-akademy.nl (y.f.m. sealkapasiteit en lunsjfoarsjenning)

Mear ynformaasje oer it programma folget ynkoarten.

It sympoasium wurdt organisearre troch de Stifting Freonen fan it Frysk Ynstitút oan de Ryksuniversiteit te Grins (SFFYRUG) yn gearwurking mei de Fryske Akademy.

Facebooktwittermail

D.A. Tammingapriis 2019

It bestjoer fan de Stifting FLMD, behearder fan it Tamminga-Piebenga Fûns, kent dit jier wer in D.A. Tammingapriis ta, diskear foar proazadebuten. It is de twadde kear, yn 2014 waard de earste proazadebutepriis útrikt oan Ale S. van Zandbergen foar syn roman Littenser Merke.

Proazadebuten – romans of ferhalebondels – dy’t ferskynd binne tusken 1 jannewaris 2014 en 1 jannewaris 2019 komme foar de priis – €3000 grut – yn oanmerking. In sjuery besteande út Alian Akkermans, Sjoerd Bottema en Jannie van der Kloet beoardielet de rispinge.

Utjouwers of skriuwers dy’t yn boppeneamd tiidrek in debút útbrocht hawwe en gading meitsje wolle, wurdt frege fjouwer eksimplaren te stjoeren oan Stifting FLMD, p.a. Tresoar, y.h.f. Lysbert Bonnema, Bûterhoeke 1, 8911 DH Ljouwert, of postbus 2637 8901 AC Ljouwert.

De priisútrikking sil wêze op freed 21 juny 2019.

Facebooktwittermail

Polityk moetet Literatuer

In moanne foardat de provinsjale ferkiezings plakfine grypt It Skriuwersboun de kâns oan om in jûn te organisearjen mei fiif listlûkers om sa mei-inoar yn petear te kommen. Yn it kultuerbelied dat krektlyn ferskynde, is de literatuer behoarlik oan ’e krapperein kommen. Om dy reden wolle wy de politisy de skientme fan ’e literatuer meijaan en harren fergje om dat mei te nimmen yn harren beliedsplannen.
Ommers, wat is de Fryske taal sûnder in bloeiende literatuer?
 
 Op 14 febrewaris ferwolkomje wy jimme om 18:30 oere mei sop en bôle yn Tresoar (Bûterhoeke 1, Ljouwert) en om 19:30 oere set it program útein. Elkenien is wolkom en tagong is fergees. Mei it each op de ketering wol graach opjaan foar 7 febrewaris by bestjoer@skriuwersboun.nl

Programma

  • Listlûkers Klaas Kielstra (VVD), Johannes Kramer (FNP), Marijke Roskam (PvdA), Michiel Schrier (SP) en Matthijs Sikkes-van den Berg (GrienLinks)
  • Fragen en diskusje mei it publyk (petearlieder Willem Verf)
  • Foardrachten fan Elske Kampen en Lida Dykstra
  • Kollum fan Douwe Kootstra
  • Muzyk fan Rob Faltin en Truus de Vries
  • Neisit mei in hapke en in drankje
Facebooktwittermail