Midsimmermiel op 22 juny te Frjentsjer

Op 22 juny organisearret it Skriuwersboun in Midsimmermiel yn it âldste studintekafee fan Nederlân, de Bogt fen Guné yn Frjentsjer. Wy noegje elk om del te kommen en te genietsjen fan it hearlike tapasmenu dat foar jim klear stean sil.
 
Opjaan kin oant 17 juny fya ús emailadres: bestjoer@skriuwersboun.nl. Wa’t graach in ferhaaltsje of anekdoate fertelle wol (maksimaal 3 minuten), kin dat oanjaan.

Facebooktwittermail

26 juny foar it Frysk nei De Haach

It Algemien Oerlis fan de Fêste Keamerkommisje mei de minister oer de stân fan saken oangeande it Frysk ferskood sil plakfine op woansdei 26 juny. De Ried fan de Fryske Beweging, de FFU en Boargeraksjegroep Sis Tsiis hoopje de 26ste juny mei in busfol striders nei De Haach te gean om de lanlike politisy dêr dúdlik te meitsjen dat it Ryk better syn ferplichtings oangeande it Frysk neikomme moat.
Minsken kinne fergees mei de bus hjir nei ta. Busferfierder Dalstra jout dit foarearst de folgjende tiden oan:
05.10 oere                 Surhústerfean, by it stek fan Dalstra Reizen – Molenweg
05.25/30 oere           Drachten, Transfearium East – Zonnedauw 2
06.00 oere                 De Jouwer, Mc. Donalds
06.15/20 oere           De Lemmer, Mc. Donalds
07.30 oere                 Parkearterrein de Hackelaar – Rijksweg 1, Muiden

​Wa’t mei wol graach sa gau mooglik opjaan, yn alle gefallen foar 19 juny by sistsiis@hotmail.com, mei namme, wenplak, telefoannûmer en opstapplak.

Foar fragen kinne jim maile nei sistsiis@hotmail.com of belje nei 06-13963855 (Piter Dykstra)

Tink derom: de kontrôle yn de Twadde Keamer is strang. Identiteitsbewiis meinimme. 

Facebooktwittermail

Feest “BoeksimmerBoek” 21 juny 2019 mei Ferhalewedstriid

Stifting Boeken fan Fryslân (BFF) organisearret op freed 21 juny om 20.00 oere in feest foar skriuwers, útjouwers en lêzers yn kafee Marktzicht yn Drachten. It tema fan it feest is “Sinnekear” (Zonnewende).

Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal, fan 500-600 wurden, oer it tema te skriuwen yn it Frysk of ien fan de Fryske streektalen. De winner wurdt pas op it feest sels bekend makke en hy/sy mei dan syn of har ferhaal foardrage foar it publyk. Dêrneist kriget de winner in boekepakket en wurdt it ferhaal publisearre.

Ynstjoeringen moatte op syn lêst freed 14 juny binnen wêze op it e-mailadres info@boekenfanfryslân.nl en foarsjoen wêze fan namme en kontaktgegevens. ​

Facebooktwittermail

Tekening Nearnewâld fan Laurens Bontes yn Tresoar

De tekening dy’t Laurens Bontes makke hat foar it jubileumboek hinget no yn ‘e Gysbert Japicxseal yn Tresoar, sadat no elkenien it pronkje sjen kin!
Leden fan it Boun koenen in personaazje út ‘e tekening kieze om dêr in ferhaal of gedicht oer te skriuwen. Alle ynstjoerings wurde bondele yn in jubileumboek, want it Boun bestiet dit jier fyftich jier!

Facebooktwittermail

Dichterspaad Aldegea fan nije gedichten foarsjoen

Dichterspaad Aldegea hie koartby in oprop dien oan dichters om wurk te skriuwen foar de 18 poëzypanielen dy’t hja by in kuierpaad fan 25 kilometer hawwe te stean. Dat hat fertuten dien, want alle panielen binne no wer foarsjoen fan nije gedichten, yn sawol it Nederlânsk as it Frysk. It moaie waar komt der wer oan, dat it wurdt tiid om de kuierskuon wer fan souder te heljen en nei yn ‘e omkriten fan Aldegea it wurk fan mannich dichter te lêzen.

Mear ynformaasje fine jo op Dichterspaad Aldegea.

Foto makke by de iepening fan it Dichterspaad
Facebooktwittermail

Fiifhûndertste útjefte fan ‘e KFFB

Sneon 6 april belibbe de KFFB de Fryske boekeklub in hichtepunt yn syn 85-jierrich bestean: doe waard nammentlik de fiifhûndertste útjefte presintearre: Foar dy 20 bibelferhalen.

Dy presintaasje wie yn de IJsherberg yn Dokkum. Jong en âld kaam dêr op ôf. Fansels ek om՚t gûchelder Minze Dijksma mei in optreden dit feest ekstra opfleure. Mar earst wie der in wolkomstwurd fan de foarsitter fan de KFFB, Johannes Bakker. Dêrnei fertelde skriuwer/skathâlder Mynke Hoekstra it ien en oar oer it ta stân kommen fan dit projekt.

Foar dy 20 bibelferhalen is ornearre is foar de jongste bern. Om út foar te lêzen of om sels út te lêzen. De Dokkumer skriuwer Anders M. Rozendal hat de koarte ferhalen skreaun en yllustratrise Wendela Kluitenberg fan It Hearrenfean hat dêr prachtige en kleurige yllustraasjes by makke. ‘In útjefte dêr՚t de KFFB tige wiis mei is,՚ sa einige Mynke Hoekstra har taspraak en rikte dêrnei de earste eksimplaren oan de yllustratrise en de skriuwer út. Wendela Kluitenberg fertelde oer de ferskate kontakten en gearwurking mei Anders Rozendal en ek oer de stipe, gearwurking en it meitinken fan de minsken fan drukkerij Douma. ‘Dat wie hiel bysûnder. En fansels hoopje ik dat dizze bernebibel in soad lêzen en besjoen wurde sil.՚

Yn it skoft en nei ôfrin wie der de mooglikheid om de bibel te keapjen. De oanwêzigen makken dêr graach gebrûk fan. Fansels leit Foar dy 20 bibelferhalen yn ՚e boekhannels, mar hy kin ek streekrjocht by de KFFB besteld wurde:
tel. 0519 320838 e-mailadres: boekeklub@kffb.nl

Facebooktwittermail

Foarlêswedstryd Simkes stimke

Op 10 april 2019 organisearret it Simke Kloostermanlien ûnder alle skoallen yn Achtkarspelen in foarlêswedstryd foar learlingen út groep 7 en 8. Dêrmei wolle hja bern op in spannende manier yn de kunde bringe mei Fryske berneboeken.
Dielnimmende bern kieze in fragmint tusken de 300 en 800 wurden om foar te lêzen út ien fan de Fryske berneboeken. It boek meie learlingen hielendal sels útkieze. De skoalle organisearret in eigen foarrûnde of seleksje fan dielnimmers, as dat winske is mei stipe fan de SKL-sjuery. De bêste foarlêzers (maksimaal 4 de skoalle) kinne troch nei de foardrachtskriich dy’t op 10 april 2019 om 15:30 yn De Bining yn Twizel holden wurdt. Heiten, memmen, de hiele klasse en oar publyk is fan herte wolkom. Der is in moaie priis foar de trije bêste foarlêzers, mei dêrby de eare om op 17 maaie op de Simke Kloostermanpriisútrikking sels út it winnende boek foar te lêzen.

Facebooktwittermail

Tomkes foarlêsfeest winner fan de Kloostermanpriis

It berneboek Tomkes foarlêsfeest fan de skriuwsters Auck Peanstra (1954-2016) en
Riemkje Pitstra en fan yllustrator Luuk Klazenga, is de winner fan de Simke Kloostermanpriis 2019, sa makket it Simke Kloostermanlien bekend. It winnende boek is útkaam yn 2016 ta neitins oan Auck Peanstra. Sy hat earder de Simke Kloostermanpriis yn 1998 wûn foar har boek Yn piama de dyk oer.
De sjuery, besteande út Sytske Eringa, Geart Tigchelaar en Gerbrich van der Meer,
is unanym yn syn oardiel. It oanwizen fan dit boek as winner, sa seit de sjuery, is tagelyk in earbetoan oan alle Tomke-boeken dy’t it trijemanskip fan 1996 ôf skreaun en yllustrearre hat oar it Tomke-projekt, in inisjatyf fan it Platfoarm lêsbefoardering Fryslân, bedoeld foar bern fan twa oant fiif jier. Dêrmei kin de priis ek beskôge wurde as in oeuvrepriis foar de trije skeppers fan de earste oere.

De Simke Kloostermanpriis 2019, besteande út in oarkonde en in bedrach fan 5000
euro, sil op freed 17 maaie, de middeis om trije oere útrikt wurde troch de hjoeddeiske Dichter des Vaderlands, de Fryske Amsterdammer Tsead Bruinja, yn ’e Petrustsjerke yn Twizel. Foar dizze trettjinde edysje fan de Simke Kloostermanpriis sil de orizjinele oarkonde makke wurde troch keunstner Lolkje van der Kooi út Marrum.

Foto: It Skriuwersboun
Facebooktwittermail