Richthofenkolleksje no Memory of the World

In unikum yn Fryslân, Nederlân, en ek de wrâld – sa beskreau direkteur Arjen Dijkstra de Richthofenkolleksje dy’t sûnt juster offisjeel ynskreaun stiet yn it Nederlânske Memory of the World-register fan Unesco.

Direkteur fan Tresoar, Arjen Dijkstra, krijt de Unescoflagge oerlange troch Martin Berendse fan it Memory of the World-komité

De Richthofenkolleksje bestiet út tsien letmidsiuwske en iermoderne rjochtshânskriften, makke tusken sa. 1350 -1600. It binne kopyen fan âldere, net bewarre bleaune rjochtshânskriften, en se steane dêrmei yn in tradysje dy ’t mooglik al weromgiet oant de alfde iuw. De ynhâld is soms sels noch âlder: guon bepalingen stamme út it earste millennium, doe ’t rjocht noch oraal oerdroegen waard. De kolleksje waard om 1800 hinne byinoar brocht troch de Ljouwerter notaris Petrus Wierdsma (1729 -1811) en yn 1858 ferwurven troch de Dútske rjochtsgelearde Karl von Richthofen (1811 -1888 ). De Provinsjale Biblioteek fan Fryslân (rjochtsfoargonger fan Tresoar) kocht de kolleksje mei help fan in crowdfundingsaksje yn 1922 oan – eksakt in iuw lyn. De kolleksje docht tinken oan de iere, ‘ Fryske faze ’ fan de heitelânske skiednis, mar jout ek ynsjoch yn lettere politike en maatskiplike ûntwikkelingen by de hiele Waadkust del. De histoaryske en wittenskiplike wearde foar de kennis fan it midsiuwske rjochtlibben en (taal)lânskip is ûnskatber (tekst fan de Unesco-reachside).

Ien fan de boeken fan de Richthofenkolleksje

Foar dit projekt is in soad wurk fersetten troch de ûndersyksgroep Pastei. Mear ynformaasje is ek te finen op de spesjale reachside fan Tresoar.

Facebooktwittermail

Aktiviteiten yn novimber

De kommende wiken bart der wer in soad yn de Fryske (boeke)wrâld. Hjir even in koart oersjoch fan eveneminten dy’t op de aginda steane. By de measten is in oanmelding wol nedich of winsklik, dus besjoch de reachsiden foar mear ynformaasje!

3-6 novimber: Slappe Douwe, Theater De Bres (www.theaterdebres.nl)

5 novimber: Dingtiidlêzing, 10.00 oere, Koperen Tún (www.dingtiid.frl)

5 novimber: Boekpresentaasje Abe en de Aardichman, 11.00 oere, Afûk (www.afuk.frl)

6 novimber: De oarloch fan Jan Snip, Ferdinand de Jong en Gurbe Douwstra, 15.30-18.00 oere, Podium Gorter, Balk

11 novimber: Fryske Freed

18 novimber: Ferhalejûn, oeral yn de provinsje (www.verhalenavond.nl)

19 novimber: Fedde Schurerlêzing, 15.00 oere, Tresoar (www.tresoar.nl)

22 novimber: Mercator Meartaligenslêzing, 16.00 oere, Zoom (sjoch op www.eblt.nl)

24 novimber: ALG, 19.30 oere, Tresoar (www.skriuwersboun.nl) – stikken en ynformaasje oer it programma wurdt de leden noch tastjoerd en hjir ek publisearre

25 novimber: Fremibû, 16.30 oere, Café Wouters

Facebooktwittermail

Boekewike!

It is Fryske Boekewike en der leit safolle moais yn de winkel, jimme moatte ris hinne!

De ôfrûne twa wiken hawwe ús leden Jetske Bilker, Geart Tigchelaar en Ammerins Moss-de Boer prachtige boeken bewurke en/of oersetten, en allegearre binne sy it lêzen mear as wurdich. Dus, net stinne, mar hinne nei de Boekhannel! De boeken binne fansels ek online te bestellen, fia de reachside fan de Afûk of by de útjouwers sels.

It nije wurk fan Durk van der Ploeg en Aggie van der Meer en ek de biografy oer Tony Feitsma fan Liuwe Westra meie wy fansels ek net ferjitte! Koarte beskriuwingen binne te lêzen by de Rispinge!

Facebooktwittermail

Boekewikeboeken!

Utsicht

De Fryske Boekewike is fansels in prachtich momint om ris om te strunen yn ‘e boekhannel, want je krije der gewoan gratis en foar neat noch in prachtich boek by dizze wike: De oarloch fan Jan Snip troch Ferdinand de Jong!

Oktober wie in drokke moanne, mei prachtich nei, bewurke en oerset wurk fan leden. Te begjinnen mei Utsicht, in gedichte- en ferhalebondel fan Aggie van der Meer, ynklusyf CD en foto’s. In bondel yn wurd, muzyk en byld, oer it Fryske lân, de minsken, de taal en kultuer, oer alledeiske en net-alledeiske saken. In soad fan dizze teksten, lykas ‘Wachtsje’, ‘It lân fan no’ en ‘Ôfskie’ binne troch Hoite Pruiksma ta komposysje makke, yn ferskillende muzikale settings, en
op CD set. Taheakke binne foto’s fan Foppe Schut; bylden fan wiidsheid en romte fan it Fryske lân. Utjûn troch Noordboek.  

In fauna fan ingels

It 25e boek fan Durk van der Ploeg is In fauna fan ingels. De haadpersoan yn dizze jubileum-roman fan Durk van der Ploeg, syn fiifentweintichste, is in kroanysk psychiatrysk pasjint dy’t yn ’e rin fan syn libben ferskillende kearen yn kliniken en ggz-ynstellings opnommen wurde moast.
Sânenfjirtich jier nei de earste opname wennet er allinne yn it hûs fan syn âldelju. Omdat er oars net ien hat om mei te praten en om te witten wa’t er is fertelt er himsels syn libbensferhaal dat giet oer syn ferbliuw yn ferskillende ynrjochtings, oer syn psychoazen, eangsten, efterfolgingswaan en de labels dy’t him yn ’e rin fan ’e jierren opplakt binne. Utjûn troch Het Nieuwe Kanaal.

Pionier foar it Frysk

Yn Pionier foar it Frysk beskriuwt Liuwe H. Westra har libben yn de mienskip fan famylje, skoalle en universiteit, fan frisistyk en Fryske beweging. Hy besiket in antwurd te jaan op de fraach hoe’t Tony Feitsma sa’n fûleindich strider foar it Frysk wurde koe. Mar ek: wêrom wie se altiten sa ferskriklike kritysk? Wêrom koene jo it fuort net goed genôch dwaan yn har eagen? Liuwe Westra hat hast tûzen doazen persoanlik argyf trochsneupt en hy hat praten mei in mannichte minsken dy’t Tony Feitsma goed kend hawwe. It risseltaat is in yngeand byld fan in markante en striidbere frou. Utjûn troch en te keap by de Afûk.

De reade boarre

Yn oktober kaam ek de langferwachte omstavering út fan De reade bwarre, fan Trinus Riemersma. De Reade Bwarre is in ferhaal mei mear lagen: in meinimmende roman oer de ‘Modderklauwers’; in histoarysk relaas oer Ferwert yn de tritiger jierren; in egodokumint én in essaybundel mei de skriuwer syn fyzje op godstsjinst, literatuer, it Fryske plattelân yn de krisis- en oarlochsjierren en it Frysk nasjonalisme. En boppe-al is it in stânbyld foar syn heit, in monumint foar in man dy’t foaral in goede heit wêze woe. De Reade Bwarre wurdt sa stadichoan algemien sjoen as dé moderne klassiker fan de Fryske literatuer. Om it boek beskikber te meitsjen foar in breder publyk is it no troch skriuwster Jetske Bilker omstavere yn Standertfrysk en útjûn as De reade boarre. Mei syn romte foar farianten jout dat noch genôch mooglikheden om rjocht te dwaan oan de rykdom fan Riemersma syn taaleigen. Utjûn troch Wijdemeer.

De lêste oerstek

Twa oersettingen ek dizze moanne. Ien fan in nij boek en ien fan in klassiker: earst De lêste oerstek, fan Brian McGilloway, oersetten troch Ammerins Moss-de Boer. McGilloway is skriuwer fan misdieromans en hat ynternasjonaal al meardere prizen wûn foar syn wurk. Hy wie noch net yn in Nederlânsk oersetten, dus dizze Fryske oersetting is wat dat oanbelanget ek unyk! De trije haadpersoanen, Tony, Hugh en Karen, tochten dat se inoar tritich jier foar it lêst sjoen hienen. In heal libben is foarby gien en oantinkens binne begroeven en fuortstoppe. Mar wannear’t harren frege wurdt dochs wer gear te wurkjen – om geasten te beïerdzjen en de takomst feilich te stellen – hawwe sy allegearre in eigen reden om mei te dwaan. Op de oerstek fan Noard-Ierlân nei Skotlân komt it ferline op in pynlike wize wer boppe – en sommige saken kinne dan net efterlitten wurde. Yn De lêste oerstek binne oantinkens ûnbetrouber, is de wierheid unwis en rûzich, en foarmet it geweld fan de Troubles wer in gefaar foar it hjir en no. Utjûn troch Elikser.

Hear fan ‘e miggen

En als lêste, krekt ek ôfrûne wykein presintearre, noch Hear fan ‘e miggen, de oersetting troch Geart Tigchelaar fan de klassiker út 1954 fan William Golding, Lord of The Flies. Oft it boek no in realistysk young adult-boek is of net, it bliuwt hoe dan ek in spannend en nijsgjirrich ferhaal. Op in ûnbewenne eilân yn de Stille Oseaan stoart in fleantúch del. Oars net as in groep skoaljonges oerlibje it. Sûnder folwoeksenen moatte hja it sjen te roaien en it docht dan al gau bliken dat it fernislaachje fan ’e beskaving tin is. Utjûn troch Hispel en te keap fia de Afûk.

Der sitte alwer in pear prachtige boeken oan te kommen, dus kom jou werris hjir del. Mar earst: nei de boekhannel!

Facebooktwittermail

Rispinge fan oktober

No’t de Berneboekewike begûn is en de Fryske Boekewike oan de ein fan ‘e moanne ek begjint, sjogge wy allegearre prachtige boeken ferskinen! In koart oersjoch!

In fauna fan ingels – Durk van der Ploeg

In fauna fan ingels – Durk van der Ploeg

De haadpersoan yn dizze jubileum-roman fan Durk van der Ploeg, syn fiifentweintichste, is in kroanysk psychiatrysk pasjint dy’t yn ’e rin fan syn libben ferskillende kearen yn kliniken en ggz-ynstellings opnommen wurde moast.
Sânenfjirtich jier nei de earste opname wennet er allinne yn it hûs fan syn âldelju. Omdat er oars net ien hat om mei te praten en om te witten wa’t er is fertelt er himsels syn libbensferhaal dat giet oer syn ferbliuw yn ferskillende ynrjochtings, oer syn psychoazen, eangsten, efterfolgingswaan en de labels dy’t him yn ’e rin fan ’e jierren opplakt binne.

Utjûn troch Het Nieuwe Kanaal: https://www.hetnieuwekanaal.nl/product/8463952/in-fauna-fan-ingels

Healwize beamhutferhalen – Griffiths/Denton (oerset troch Martsje de Jong)

Healwize beamhutferhalen – Griffiths/Denton

Ek dit jier is der wer in berneboekewikegeskink. Dizze kear is dat in ferhaal út de rige De Waanzinnige Boomhut fan de populêre bestsellerauteurs Andy Griffiths en Terry Denton. Bysûnder is dat it geskink dit jier foar it earst ek yn in Fryske oersetting te krijen is!

By besteging fan op syn minst € 12,50 oan berneboeken krigest it boekewikegeskink automatysk kado by dyn bestelling.

Fryske muzyk fan Wim Beckers

Frysk skreaun wurdt der net allinnich yn roman- of dichtfoarm, mar ek op it mêd fan muzyk kom der in soad foarby! Us lid Wim Beckers is goed te finen op YouTube en hat dêr ferskate lieten publisearre dy’t te belústerjen binne, sa as De loft sit fol mei dreamen. Op syn kanaal binne de oare (âldere nûmers) ek te finen.

Wat sit der gau oan te kommen?

Hear fan ’e miggen – William Golding (oerset troch Geart Tigchelaar) – Hispel

De oarloch fan Jan Snip – Ferdinand de Jong (kadoboek Fryske Boekewike)

Facebooktwittermail

Boekemerk!

In Skriuwerswykein is fansels neat sûnder boeken.

Fan alle oanwêzige skriuwers is der it heule wykein wurk beskikber om yn te sjen en te (fer)keapjen. Op snein binne ek besikers ‘fan bûten’ tige wolkom. Lêzers kinne mei skriuwers yn petear. Fansels kin der sinjearre wurde! De boekemerk is oanslútend op de lêzing fan Doeke Sijens oer it libben en wurk fan Trinus Riemersma, dy’t om 10.30 oere úteinset (skatting: 12.00 oere).

Under oare sil Utjouwerij Elikser – de útjouwer fan it boek “De lêste oerstek” fan Brian McGilloway, ús gast op freedtejûn – oanwêzich wêze mei in tafel fol boeken. Ek skriuwers as Jetske Bilker, Janneke Spoelstra, Willem Verf, Sigrid Kingma en Hilda Talsma binne der (ûnder foarbehâld) mei nij en âlder wurk te finen!

Kom del mei wat jild yn de beurs of de tillefoan mei in aktivearre bank-app (want mei Tikkies kin in soad yn dizze tiid!)

Facebooktwittermail

Tialda Hoogeveen wurdt de nije Berneboeke-ambassadeur!

Foto fan Tialda Hoogeveen makke troch Joke Schut

Tialda Hoogeveen is fan takom jier ôf Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, sa waard by de presintaasje fan de Fryske oersetting fan it Berneboekewikegeskink, Beamhutferhalen, te healwiis om te fertellen – oant no ta! troch Martsje de Jong, bekendmakke. Fan jannewaris 2023 ôf sil sy Lida Dykstra opfolgje.

De Berneboeke-ambassadeur set har yn om lês- en boekewille te fersprieden en bringt dêrfoar berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk. Troch besykjes oan skoallen en oare ynstelingen jout se de promoasje fan it berneboek in werkenber gesicht.

De Berneboeke-ambassadeur is in projekt fan Boeken fan Fryslân. Mear ynformaasje is te finen op de reachside fan www.berneboekeambassadeur.frl.

Facebooktwittermail

Transpoesie 2022

Mei 19 nije dichters en de tema’s “European Year of Youth” en “Poets from Black Europe” komt it internationale poëzyfestival dit jier foar de 12e keer werom.

Van 26 tot 28 september in Brussel
Yn 2011 waard Transpoesie, it poëzyfestival dat jierlikse plakfynt o 26 septimber, op de Europeeske Dei fan de Talen, foar it earst hâlden. Transpoesie fiert it taalferskaat binnen Europa mei dichters fan alle sjenres en leeftiden, en gedichten yn safolle mooglik ferskillende Europeeske talen – sawol nasjonaal as regionaal. It doel fan it festival is twafâldich: it befoarderjen en bewustmeitsjen fan it taalkundich ferskaat en it oanbieden fan in platfoarm foar dynamyske en persoanlike útwikselingen tusken skriuwers, útjouwers en kulturele ynstellings. Transpoesie wurdt organisearre troch EUNIC Brussels (it lokaal netwurk fan de European Union Institutes for Culture) yn gearwurking mei ferskate Belgyske partners en fynt PLAK yn ferskate romten sawol yn de Europeeske haadstêd as ek online. De dichters presintearje dêr harren wurk yn de oarspronklike taal mei oersettingen yn it Frânsk en it Nederlânsk. Under dy talen fynt men foar de hjoeddeiske edysje: Baskysk, Nederlânsk, Ingelsk, Faeroers, Frânsk, Frysk, Georgysk, Dútsk, Hongaarsk, Italiaansk, Litousk, Poalsk, Portugeesk, Roemeensk, Sloveensk, Spaansk en Welsh.

De hjoeddeiske edysje, dy ’t fan 26 septimber oant en mei 28 septimber plakfynt, draait om de tema’s “European Year of Youth” en “Poets from Black Europe”. It programma omfettet trije eveneminten, dy ’t elk op in ferskillende lokaasje hâlden wurde. De earste twa dagen steane yn it teken fan poëzy as literêre taflechtsoard foar jonge keunstners (European Year of Youth) en de lêste dei is wijd oan Poets from Black Europe. Yn it earste part fan it evenemint sille dichters har bûge oer de tema’s mentale sûnens, de deistige problemen fan it libben, identiteit en komôf. Foar it twadde part hawwe Bozar en EUNIC Brussel fiif skriuwers útnûge dy ’t dielnamen oan de anthology “Kontinentaldrift: Das Schwarze Europa” fan de auteur Fiston Mwanza Mujila. Harren poezy daget sawol it konsept fan de diaspora as dat fan de nasjonale literatuer út. It wurk beweecht him tusken persoanlike, kollektive en universele mytology en is bewoartele yn ferskillende tradysjes: de muzyk en de oraliteit fan de Afrikaanske poëtyske tradysje en de kanonisearre teksten fan de Europeeske poëzy.

It detaillearre programma fine jo hjirûnder:
26 septimber – 17:30 yn de “Tuin van de burgers”, Vautierstraat 62, 1050 Brussel
European Year of Youth: Poetry as a literary refuge for young artists
Moderator: Nicky Aerts
Dielnimmers: Lemuël de Graav (Nederlân), Anastasia Gavrilovici (Roemenië), Abraham
Guerrero Tenorio (Spanje), Sytse Jansma (Fryslân), Zuzanna Bartoszek (Polen), Dania O. Tausen (Faeröer eilannen)
Registrearje jo fia de link: https://forms.gle/h2kpCC64zNTqHzvQ8


27 septimber – 19:00 yn it “Instituto Italiano di Cultura”, Livornostraat 38, 1000 Brussel
European Year of Youth: Poetry as a literary refuge for young artists
Moderator: Nicky Aerts
Dielnimmers: Ana Svetel (Slovenië), Ieva Toleikyte (Litouwen), Grug Muse (Wales),
Beatriz Chivite (Baskenlân), Dawn Watson (Noard-Ierlân), Iona Lee (Skotlân)
Registrearje jo fia de link: https://forms.gle/WBytn5RPxC3rheYU8


28 septimber – 19:30 yn “Bozar”, Studio, Ravensteinstraat 23, 1000 Brussel
Poets from Black Europe
Moderator: Kopano Maroga
Dielnimmers: Radna Fabias (Nederlân), Ubah Crisitna Ali Farah (Italië), Raquel Lima (Portugal), Fiston Mwanza Mujila (Eastenryk), Roger Robinson (VK)
Ynfo en kaartsjes: https://www.bozar.be/fr/calendrier/literature-talk-poets-black-europe

Sjoch op de reachside foar mear ynformaasje, en folgje it festival op de sosjale media: @Transpoesie
Facebook-evenemint: https://fb.me/e/1Jb3OO1G7

Facebooktwittermail

Tomke’s Foarlêsfeest!

Fan 5 o/m 30 septimber binne de Lês-mar-foar-wiken! Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen út it nije Tomke-boekje. Nei it foarlêzen krije alle pjutten it boekje mei nei hûs, dat dit jier as tema ‘thús’ hat. De Lês-mar-foar-wiken wurde organisearre troch de Tomke-wurkgroep (Fers, Cedin, SFBO, Omrop Fryslân en Afûk). 

Tomke fiert feest
Tomke fiert feest!

Op sneon 3 septimber wurdt ôftrape mei in grut foarlêsfeest. By Paviljoen Mem yn Bûtenpost binne dy dei allegear leuke aktiviteiten te dwaan om Tomke en it Frysk foarlêzen hinne. Tomke-skriuwsters Riemkje, Geartsje en Berber, Tomke-tekener Luuk én sjongeres Janneke Brakels komme allegear wat leuks dwaan: foarlêze, mei-inoar in eigen ferhaal meitsje, muzyk, sjonge, dûnsje… en fansels nimt Luuk syn oargel wer mei!

It nije Tomke-boekje hjit: ‘Thús by Tomke!’. Berber Spliethoff, Geartsje Douma, Reina&Greetje, Riemkje Pitstra, Antsje de Vries en Mirjam van Houten ha prachtige nije ferhaaltsjes skreaun en Luuk Klazenga, Mirjam van Houten en Aukje Visser ha dêr moaie yllustraasjes by makke. Yn de Lês-mar-foar-wiken wurde de boekjes fergees útdield oan alle pjutten op de pjutte-opfangplakken en bernesintra. Ek is der wer in Stellingwerfske ferzje fan it Tomke-boekje.

Kaarten foar it feest kinne no besteld wurde op Tomke’s foarlêsfeest! (paviljoenmem.nl).

Facebooktwittermail

Abe en de Aardichman – Tialda Hoogeveen

Abe en de Aardichman – Tialde Hoogeveen

Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet krûpt er gau ûnder in strúk. Mar al gau fernimt er dat er dêr net allinne is… in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him?

Tialda Hoogeveen waard berne yn Haskerdiken yn in hûs mei in grutte tún, midden tusken de greiden. Se hat har wurk makke fan har leafde foar ferhalen en de natoer.  De prachtige illustraasjes binne fan Yke Reeder. Dizze tiidleaze oade oan de fantasy is fan no ôf te krijen fia de Afuk.

Facebooktwittermail