
Paul van Dijk lêst foar op 26 jannewaris

Der binne filmbylden fan de Fryske dichter Obe Postma (1868-1963) opdûkt yn it Frysk Film Argyf, út 1952. Doe bestie de Friesche Maatschappij van Landbouw 100 jier. Obe Postma, kenner fan de Fryske lânbouskiednis, skreau mei oan it jubileumboek. Op it feest yn de Harmonie waard er oan keningin Juliana foarsteld. Dy moeting stiet op de film oer de feestdei.
Prof. dr. Jelle Hendriks Brouwer (1900-1981) wie ien fan ‘e sintrale figueren yn de 20ste-iuwske Fryske Beweging. Begûn as dichter en as meiwurker fan de Provinsjale Biblioteek, wurke er himsels troch selsstúdzje omheech en waard er mei-oprjochter fan de Fryske Akademy, de earste prefester Frysk yn Nederlân (yn Grins), ynfloedryk direkteur fan de Fryske Akademy en stimulearjend organisator.
De wrâld fan it Frysk en de Fryske kultuer soenen der oars útsjoen hawwe sûnder dizze bysûndere boeresoan út Beetstersweach.
Ien fan Brouwers twa soannen, Hendrik, hâldt op 25 jannewaris in lêzing net sa bot oer de rol fan Jelle Brouwer as wittenskipper en bewegingsman, mar as heit en famyljeman. Prof. dr. Goffe Jensma (RUG) hâldt in koarte ynlieding oer de betsjutting fan Jelle Brouwer foar de Fryske kultuer en wittenskip.
De lêzing begjint om 15:30 oere op 25 jannewaris en fynt plak yn de Gysbert Japixcseal yn Tresoar (Bûterhoeke 3 yn Ljouwert). Yntree is fergees.
Sit Frysk proaza oan ’e prozac?
Mannich en frouwich dichter hawwe yn it kulturele haadjier op ’e planken stien. It Frysk proaza is lykwols oan ’e krapperein kommen, fine wy as bestjoer en dat hearre wy ek rûnom fan oaren. Dêr soenen wy graach wat oan dwaan wolle en om dy reden woenen wy it op de folgjende Tinktank-byienkomst oer proaza hawwe wolle en wat wy der mei ús allen oan dwaan kinne om Frysk proaza mear op ’e kaart te setten, skriuwers te ferbinen en in oantrún jaan te kinnen om te kommen ta nij wurk. Want it moat net sa wêze dat Frysk proaza sa yn ‘e nederklits rekket dat it oan ‘e prozac moat!
De middei is bedoeld om dêroer te breinstoarmjen, wy as bestjoer hawwe it idee om in Proazawurkgroep yn it libben te roppen, lykas de Oersetterswurkgroep en de Toanielwurkgroep. De fraach is earst oft der ferlet is fan sa’n Proazawurkgroep dêr’t in espeltsje minsken aktyf oan meidwaan wolle.
De Tinktank is op 1 febrewaris om 16:00 oere yn Tresoar (de Obe Postma-seal).
Yn De Nije, it nulnûmer fan it nije Frysktalige nijsblêd fan De Ried fan de Fryske Beweging is in oersetwedstryd opnommen fan it liet In the big rock candy mountains. Dy countrysong giet oer in swalker. Hy dreamt oer in lân dêr’t de hinnen sêftseane aaien lizze en dêr’t de sigaretten oan de beammen groeie. It waard foar it earst op de plaat set troch Harry McClintock yn 1928. Nei de suksesfilm fan de bruorren Joel en Ethan Coen ‘O Brother Where Are Thou’ út 2000 is it yn ferskate ferzjes op YouTube te finen. Yn de film wurdt it songen troch McClintock sels. Om it liet te beharkjen kinne jo bygelyks gean nei: Big Rock Candy Mountain – Harry McClintock – YouTube.
Jo meie it pleatse nei dizze tiid en nei Fryslân. De saakkundige sjuery hechtet deroan dat sjongber is en dat it boadskip bewarre bliuwt. Oersettingen yn it Frysk, Bildts, Stellingwarfs of Nederlânsk
moatte foar 1 maart 2019 stjoerd wurde oan ynfo@fryskebeweging.frl. De haadpriis is in Harmonie-teaterbon fan € 150,00. Fierders binne der fiif cd’s mei muzyk út de film as treastpriis beskikber. De priisútrikking is op sneintemiddei 24 maart om 15.30 yn de Brasserie fan Stania State yn Oentsjerk mei muzyk fan de band fan Chris Kalsbeek.
One evening as the sun went down And the jungle fire was burning, Down the track came a hobo hikin’ And he said, “Boys, I’m not turning I’m headed for a land that’s far away Besides the crystal fountains So come with me, we’ll go and see The Big Rock Candy Mountains In the Big Rock Candy Mountains, There’s a land that’s fair and bright, Where the handouts grow on bushes And you sleep out every night Where the boxcars all are empty And the sun shines every day On the birds and the bees And the cigarette trees The lemonade springs Where the bluebird sings In the Big Rock Candy Mountains In the Big Rock Candy Mountains All the cops have wooden legs And the bulldogs all have rubber teeth And the hens lay soft-boiled eggs The farmers’ trees are full of fruit And the barns are full of hay Oh I’m bound to go Where there ain’t no snow Where the rain don’t fall The wind don’t blow In the Big Rock Candy Mountains In the Big Rock Candy Mountains You never change your socks And the little streams of alcohol Come trickling down the rocks The brakemen have to tip their hats And the railroad bulls are blind There’s a lake of stew And of whiskey, too You can paddle all around ’em In a big canoe In the Big Rock Candy Mountains In the Big Rock Candy Mountains, The jails are made of tin And you can walk right out again, As soon as you are in There ain’t no short-handled shovels, No axes, saws or picks, I’m goin’ to stay Where you sleep all day, Where they hung the jerk That invented work In the Big Rock Candy Mountains I’ll see you all this coming Fall In the Big Rock Candy Mountains” Songwriters: Harry Mcclintock / Sterling Sherwin Songteksten voor Big Rock Candy Mountain © Peermusic Publishing
Moaie, spannende, gekke, fleurige ferhaaltsjes, gedichten en ferskes oer fan alles en noch wat: Kabouters, bisten, letters, fiterje, heksen, Tomke, op skoalle en noch folle mear.
Mei wurk fan ferskillende skriuwers en yllustratoaren. Om alle dagen út (foar) te lêzen.
It komt net sa faak foar dat der lytse, dikke mantsjes mei propellers op ‘e rêch en in startknopke op ‘e búk boppe op it dak wenje. Karlsson is sa’n mantsje. En Erik ken net ien dy’t sa goed streken úthelje kin as Karlsson fan it dak. Dat rint fansels net altyd goed ôf. Mar wa leaut him no, as er seit dat Karlsson fan it dak it dien hat? Ien ding is wis: as Karlsson yn ‘e buert is, hoechst dy noait te ferfelen!
Astrid Lindgrens skriuwerskarriêre begûn eins op de dei dat har dochterke Karin frege om in ferhaal; in ferhaal oer Pippi Langkous. Dêrnei skreau se mear as 20 boeken, dy’t oer de hiele wrâld lêzen en wer lêzen wurde. Yn Nederlân wûn Astrid Lindgren trije kear de Zilveren Griffel en yn 2002 waard der in ynternasjonale berneboekepriis nei har neamd: de Astrid Lindgren memorial Award. Dy bekroaning is de grutste priis yn de berneboekewrâld!
Wij yn ‘e draaimûne is de tredde dichtbondel fan Janneke Spoelstra. Yn dizze bondel wurdt it ûndersykjen fan it eigen plak op ‘e wrâld trochset en wurdt wjerstân bean oan net allinne it ferlies fan neisten, mar ek fan soks saakliks as in gemeente.
Mei it gedicht ‘In wykein as dit’ wûn Spoelstra yn 2016 in Rely Jorritsma-priis. Yn 2016 lies se, yn it ramt fan it projekt Poetic Potatoes, har ierappelgedichten foar op Malta en yn 2017 trede se yn Dublin op yn it ramt fan International Women’s Day. It gedicht ‘Altyd alve’ waard útkeazen om yn septimber 2018 yn Brussel, as ûnderdiel fan it Transpoesie Festival, foar it fuotljocht brocht te wurden.
Janneke Spoelstra (Hijum 1962) wennet yn Alde Leie, se publisearre har debútbondel Goeie is it wachtwurd (Utjouwerij Frysk & Frij) yn 2004. Har twadde bondel, Langst fan ‘e dagen, ferskynde by de Friese Pers Boekerij yn 2011.
Understeand artikel hat bestjoerslid Geart Tigchelaar skreaun yn opdracht fan Fryslân Markant. Yn dat blêd is it stik fan ‘e wike publisearre wurden. Fryslân Markant is rûnom te krijen, yn alle Poiesz-supermerken en Van der Velde-boekhannels. It artikel is mei tastimming fan de redaksje hjir pleatst.
Yn de tredde wike fan jannewaris ferskynt by útjouwerij Bornmeer Fan libben en dea fan Bouke Oldenhof.
It boek is in bondeling fan trije resinte toanielstikken mei in oerkoepeljend tema. Yn alle trije stikken stride minsken om in weardefol bestean wylst de dea altyd by har yn de buert is.
Feteranen (2015) luts mei Freark Smink en Jo op Wittermans yn santich foarstellingen 15.000 minsken. It waard mei de Fedde en Martha Bergsmapriis bekroand as bêste toanielstik út 2012 oant en mei 2016. Yn it yntime foar dy nei dy (2016) fertelden Froukje Reitsema en Popke van der Zee wat it ferlies fan har bern mei harren die. It wie op in simmerjûn (2019) behannelet de aktuele tematyk fan it frijwillich libbensein.
De treffende tema’s, de lichte dialogen mei spitse humor en subtyl fertriet, en de brekberheid fan de personaazjes toane it masterskip fan Bouke Oldenhof, ien fan de belangrykste toanielskriuwers fan
Fryslân.
Earder ferskynden fan syn hân de Nederlânsktalige bondel De Rijpen en de Frysktalige bondel
Fan letter soarch.
It wie op in simmerjûn wurdt fan healwei jannewaris ôf rûnom opfierd yn ’e Fryske teaters.