Oardelskonkedei

Foto: Geart Tigchelaar

It Oardelskonkje is in nije dichtfoarm, dy’t koartlyn yn it libben roppen is troch dichter Syds Wiersma fan Dichterskollektyf RIXT. Hy makke de ferliking dat wy hjoed-de-dei reizgers op oardel skonk wurden binne. It fers hat dêrom “oardel skonk” mei twa strofen, dêr’t de earste tsien wurden hat en de twadde fiif. Fierders is it frij oan de dichter ynfolling te jaan oan it Oardelskonkje.

Ein april nûge RIXT elkenien út om mei de foarm te wurkjen, te boartsjen en te dichtsjen. Dat hawwe minsken ek dien – en it resultaat is juster 15 maaie op de webside fan it dichterskollektyf presintearre. Dêrmei hat it kollektyf daliks 15 maaie as Oardelskonkedei útroppen. Tolve Oardelskonkjes fan de dichters Elmar Kuiper, Gerrit de Vries, Carla van der Zwaag, Yva Hokwerda, Elly de Leeuw, Inne Bilker, Simen de Jong, Henk Veenstra, Ytsje Hettinga, Dirk Geerdink, Anne Heegstra en Ypie Bakker binne op rixt.frl te lêzen.

Facebooktwittermail

Hanneke de Jong – Sis my wa’t ik bin

It is 1956, nei de simmerfakânsje. Loek sit yn de twadde klasse fan de ULO. In nije learaar lêst alle nammen fan de learlingen op, behalve Loek sines. Hy lêst ek in namme op dy’t gjinien wat seit. Mar wa’t dat is, wit er net. De learaar tinkt dat Loek him foar de gek hâldt en sleept him mei nei de direkteur. Dy stjoert Loek nei hûs mei it boadskip dat it tiid wurdt dat syn heit en mem alles fertelle.

Noch hieltyd hat er gjin idee. Syn mem jout him in deiboekje dat se byholden hat. It begjint yn 1944, as it oarloch is. Foar Loek begjint de syktocht nei wa oft hy no eins is.

Troch hiel Europa lizze stroffelstiennen (struikelstenen of, de oarspronklike namme, Stolpersteine). Al dy stiennen meiinoar binne ien grut monumint foar de slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch: de Joaden, Roma en Sinti, homo’s, handikapten en Jehova’s tsjûgen. Dy stiennen lizze foar de huzen fan minsken dy’t yn “e oarloch út harren huzen helle binne, nei kampen brocht en fermoarde. Foar de âlden fan Louis lizze twa stiennen foar it hûs dêr’t se eartiids wennen en dêr’t se weihelle waarden.

Utjouwerij: Bornmeer

Facebooktwittermail

Elske Schotanus – De raven – Facebookroman

Hoe’t Elske Schotanus de privacy fan har famyljeleden skeint
 
Spannende en bytiden hilaryske famyljestoarje oer Elske, har suster en trije bruorren. In raven, in drone en in kapitaal njoggentjinde-iuwsk lânhûs yn ’e bosken fan Gaasterlân spylje in wichtige rol yn it ferhaal dat yn ’e simmer fan 2019 yn ôfleveringen op Facebook skreaun waard.
 
Lêzersreaksjes:
It earste Fryske feuilleton op Facebook. En watfoar ien! Gjin dei oerslein. Alle dagen hast in knappe cliffhanger. Fermaaklik, mar ek fernimstich binne de stikken dêr’t werklikheid en fiksje inoar yn bespylje. It tal passaazjes dêr’t ik smaaklik by laitsje moast, binne mannichfâld. Der sit wat yn it ferhaal dat driuwt, it makket gong. Fierders is der ôfwikseling by ’t soad, al wie it mar fanwegen de opset en struktuer fan ’e stikken. De ein wie foar my ferrassend.
 
As ik in pear dagen yn it achter wie, gong ik earst werom nei wêr’t ik bleaun wie.
 
Ondanks dat ik Facebook vooral open op momenten dat ik even oppervlakkig wil scannen en scrollen, las ik regelmatig door als de eerste zinnen mijn aandacht trokken.
 
Utjouwerij: Afûk

Facebooktwittermail

Dichters op ôfstân yn programma ‘Cultuur aan huis’

Justermiddei hat dichter André Looijenga yn de kulturele sjoo Cultuur aan huis it gedicht ‘ús / doarp / wrâld’ foarlêzen en waard er troch Arno van der Heyden ûnderfrege oer syn literêre wurk.

Looijenga hat ‘ús / doarp / wrâld’ skreaun foar in keunstútstalling yn Oentsjerk dy’t fanwegen de koroana net trochgiet. It is in fers oer yntimiteit en jin skûlhâlden yn in grutte, wide wrâld.

Earder hawwe de dichters Tsead Bruinja en Geart Tigchelaar yn ‘e útstjoering west. Der sille de kommende tiid mear Fryske dichters yn it programma oer harren wurk fertelle en in fers foardrage.

Klik hjir om de útstjoerings werom te sjen.

Facebooktwittermail

Wa skriuwt in essee oer feroarjende tiden?

Yn it maaienûmer fan it tydskrift De Nije wurde lêzers en oaren frege om yn de foarm fan in wedstriid mei te dwaan oan it skriuwen fan in essay mei as tema ‘Nei 75 jier/feroarjende tiden’. De befrijing is 75 jier lyn. It is net om ’e nocht dat der rom omtinken oan jûn wurdt. Minsken dy’t gading meitsje hawwe foar sa’n essay in soad mooglikheden. Ferskillende ynstânsjes besteane bygelyks 75 jier. It essay moat skreaun wurde yn it Frysk of ien fan de streektalen.

De redaksje skriuwt: Jo binne frij yn jo ûnderwerp. Jo moatte yn it essay ferbining lizze mei de skiednis, ek in foarútsjoch is wolkom. Besykje yn jo bydrage de fleur der yn te hâlden. Dat hawwe we wol nedich yn dizze tiid. It essay hat maksimaal 2000 wurden. It winnende essay wurdt publisearre yn it kommende julynûmer fan De Nije en op ItNijs.frl. Dat essay wurdt beleanne mei 400 euro. Foar de twadde en tredde priis binne bedraggen fan 200 en 100 euro beskikber. Dy bydragen wurde publisearre yn De Nije en/of op ItNijs.frl. De essays wurde anonym skôge troch in saakkundige sjuery.
 
Jo ha de tiid oant en mei 30 juny 2020.  Dat is net hiel lang, mar wol in oantrún om daliks te begjinnen. Dwaan! De redaksje leit de essays yn july anonym foar oan in saakkundige sjuery.
Ynstjoere (mei namme, mailadres, adres en telefoannûmer) nei: redaksje.denije@gmail.com.
 
Sjoch ek: De Nije, jiergong 2, nûmer 2 (side 53).

Facebooktwittermail

It oardelskonkje: in nije dichtfoarm yn krisistiid

Foto: Geart Tigchelaar

No’t reizgjen der foarearst net yn sit, binne wy allegearre reizgers op oardel skonk wurden, tocht Syds Wiersma fan Frysk Dichterskollektyf RIXT. Sa is de nije dichtfoarm ûntstien dy’t by in oardelmeter-mienskip past: it Oardelskonkje. Hjoed, 30 april is it publisearre by it dichterskollektyf.
 
As de koroanakrisis der net west hie, reizge Wiersma no troch Ierlân om in dichtbondel ôf te skriuwen. ‘Wy binne reizgers op oardel skonk wurden,’ neffens Wiersma. Lykwols hoecht men net fier te reizgjen: thús kin men ek nije ûnderfinings opdwaan, mei poëzij.
 
It Oardelskonkje is in krisisfariant fan de haikû. It Oardelskonkje telt 15 wurden ferdield oer twa strofen. De earste strofe hat tsien wurden en de twadde strofe fiif. Getalsmjittich en fisueel is it in oardel (1,5) skonk. De foarm is frij foar de dichter, al wurket neffens Wiersma in ‘chute’ (in feroaring fan rjochting) tusken de twa strofen tige goed. Oardelskonkjes kinne ek oaninoar reaun wurde, lykas haikûs

Foarbyld fan in Oardelskonkje:

ûntdekst fan alles yn karantêne
bygelyks dat útbloeide tulpen
mear

mei dy dogge
as bloeiende

 
© Syds Wiersma

RIXT nûget elk út om mei de nije foarm oan de slach en eigen Oardelskonkjes yn te stjoeren (redaksje@rixt.frl). De redaksje fan RIXT siket de moaiste Oardelskonkjes út foar publikaasje op 15 maaie, dat ta de gelegenheid útroppen is ta de Oardelskonkedei.

Facebooktwittermail

Fryske literatuer troch in rôze bril

Do draachst de leafde oan is de namme fan in publikaasje dêr’t op it stuit drok oan wurke wurdt. De blomlêzing befettet fragminten fan poëzy en proaza mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender-tematyk. It giet dêrby net om hoe’t de skriuwer him- of, de skriuwster harsels definiearret, it giet om hoe’t in tekst him lêze lit, om hoe’t de redaksje dy tekst lêzen hat, nammentlik mei de rôze bril op.
 
Yn de rubryk Utljochte op Sirkwy publisearret Tresoar de kommende moannen (om de twa wiken) priuwkes fan wurk dat yn ’e blomlêzing opnommen wurdt. Dêrby is it wurk yn it Frysk en Nederlânsk te lêzen (yn de bondel komme ek de oersettingen), en wat koarte ynformaasje oer de skriuwer.

De earste bydrage stiet al online, en komt fan de 17de-iuwske dichter Titia Brongersma. Oar wurk dat publisearre wurde sil komt fan de skriuwers Rixt Weiland, Joël Hut, Sybe Krol, Janneke Spoelstra en Sipke de Schiffart.

Oanlieding om de blomlêzing gear te stallen wie dat de lanlike ‘Roze Zaterdag’ op 20 juny yn Ljouwert holden wurde soe. Dy is no fanwegen it koroanafirus in jier útsteld. De redaksje fan de rôze blomlêzing bestiet út Jelle Krol, Jantsje Post, Doeke Sijens, Janneke Spoelstra en Tsjerk Veenstra. De blomlêzing kin mei it rike ferskaat in bydrage leverje oan akseptaasje, dokumintaasje, emansipaasje, ferdivedaasje, identifikaasje en represintaasje fan en foar rôs libben yn Fryslân.

Facebooktwittermail

Dichtbondels ek opnommen yn Sirkwy

Foto: Geart Tigchelaar

Op Sirkwy is in begjin makke om ek boekprofilen oan te bieden fan dichtbondels, lykas it wurk fan Elske Kampen, fan it debút Fan glês it brekken (2010) oant en mei de lêsten ferskynde bondel Ntrije55 (2020).
Ek binne al fiif bondels fan Eeltsje Hettinga beskreaun, ûnder oare Akten fan winter, syn debútbondel út 1998.
 
It is ‘wurk yn útfiering’, dat geandewei komme der mear en mear titels beskikber. By de boekprofilen is koart wat ynformaasje oer de ynhâld, mei – as dy der binne – besprekken of oare stikken. Fierders wurdt in keppeling lein nei de biografy fan de skriuwer. Sa hopet Tresoar it omtinken foar de poëzy te fergrutsjen. It past dan ek yn it belied om Sirkwy út te wreidzjen mei mear sjenres, om sa de Fryske literatuer yn syn hiele hear en fear sjen te litten.

Facebooktwittermail