Understeand artikel hat bestjoerslid Geart Tigchelaar skreaun yn opdracht fan Fryslân Markant. Yn dat blêd is it stik fan ‘e wike publisearre wurden. Fryslân Markant is rûnom te krijen, yn alle Poiesz-supermerken en Van der Velde-boekhannels. It artikel is mei tastimming fan de redaksje hjir pleatst.
Yn de tredde wike fan jannewaris ferskynt by útjouwerij Bornmeer Fan libben en dea fan Bouke Oldenhof.
It boek is in bondeling fan trije resinte toanielstikken mei in oerkoepeljend tema. Yn alle trije stikken stride minsken om in weardefol bestean wylst de dea altyd by har yn de buert is. Feteranen (2015) luts mei Freark Smink en Jo op Wittermans yn santich foarstellingen 15.000 minsken. It waard mei de Fedde en Martha Bergsmapriis bekroand as bêste toanielstik út 2012 oant en mei 2016. Yn it yntime foar dy nei dy (2016) fertelden Froukje Reitsema en Popke van der Zee wat it ferlies fan har bern mei harren die. It wie op in simmerjûn (2019) behannelet de aktuele tematyk fan it frijwillich libbensein.
De treffende tema’s, de lichte dialogen mei spitse humor en subtyl fertriet, en de brekberheid fan de personaazjes toane it masterskip fan Bouke Oldenhof, ien fan de belangrykste toanielskriuwers fan Fryslân.
Earder ferskynden fan syn hân de Nederlânsktalige bondel De Rijpen en de Frysktalige bondel Fan letter soarch. It wie op in simmerjûn wurdt fan healwei jannewaris ôf rûnom opfierd yn ’e Fryske teaters.
De Skriuwersarke oan it petgat tusken De Wylgen en De Feanhoop, foarhinne eigendom fan de skriuwer Rink van der Velde, is ek dit jier wer fergees beskikber foar skriuwers/dichters. Op syn heechst foar seis wike. It giet om it simmerskoft fan maaie oant septimber, mar yn oerlis is in ôfwikende tiid mooglik. Dejingen dy’t noch net earder yn de arke oan it wurk west hawwe, hawwe foarrang. Belangstellenden kinne har oant 1 febrewaris o.s. oppenearje by Pieter de Groot, skriuwer fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum. p.a. De Koarte Baan 11, 8731 DX Wommels, tel. 0515 333939 of fia de e-mail: ynfo@stiftingflmd.nl. Fermeld neist de perioade fan foarkar ek koart de skriuwplannen.
Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. Ditkear wurdt dy yn Kafee Marktzicht holden op 8 febrewaris 2019. Elke dichter yn hokfoar taal of dialekt ek mar kin hjir oan meidwaan. Jo hoege net ienris dichter te wêzen, want jo meie ek in fers fan jo favorite dichter foarlêze. Ineke van der Heide sil foarlêze út it op ’e selde dei by útjouwerij Hispel ferskinend boek mei berneferskes ‘Broek mei bûsen’. De dichters en foarlêzers op ’e jûn krije as tsjinprestaasje dy útjefte kado. Tusken de poëzije troch sil der yn it smûke Drachtster kafee Grunneger muzyk klinke fan trûbadoer Bert Hadders. Foar mear ynformaasje en om jo op te jaan, kinne jo in mail stjoere nei ensafhpoezij@gmail.com
Wethâlder Durk Durksz rikte op de nijjiersgearkomst fan de gemeente de Kultuerpriis út oan dichter en skriuwer Eppie Dam út Sleat.
In karkommisje, besteande út Karel Gildemacher fan De Jouwer, Baukje Meetsma fan De Lemmer en Anne Herrema fan Balk, hat Eppie Dam selektearre út 13 foardrachten. Dêrfan hellen 4 de twadde omloop: de berneboekedei fan Terherne, de rockopera Tommy fan De Jouwer, iepenloftspul Weispield fan Bantegea en Eppie Dam, mei syn bondel Ienkennich lânskip.
In útdaagjend en ynspirearjend projekt De karkommisje seit yn it sjueryrapport dat “it boek in útdaagjend en ynspirearjend projekt is, dat dichter Eppie Dam en byldzjend keunstner Gijs Dragt (fotografy) tegearre makken. Dy gearwurking hat laat ta in bysûndere dichtbondel. It boekwurk lit yn tachtich siden sjen hoe ’t beide keunstners it lânskip observearje en belibje en hoe’t dat har ynspirearret. Derby joech de kwaliteit fan de bondel njonken de bewûndering foar oar wurk fan Dam úteinliken de trochslach. Syn poëzy (en it oare wurk yn in grut ferskaat) is fan in heech nivo.”
Foto: De Fryske Marren
Grutte wurdearring foar de oare nominearren It kolleezje fan Boargemaster en wethâlders hat it advys fan de kommisje oernommen. Tagelyk is der ek grutte wurdearring foar de oare nominearren. Benammen Weispield en Tommy hawwe de gemeente yn 2018 kultureel op de kaart set. De berneboekedei yn Terherne is in moai foarbyld foar oare plakken om de jeugd (de âlden en pakes en beppes) entûsjast te meitsjen foar de Fryske taal. En dêr is de priis úteinliken ek foar bedoeld.Paragraph. Klik hier om te bewerken.
Mannich en frouwich dichter hawwe yn it kulturele haadjier op ’e planken stien. It Frysk proaza is lykwols oan ’e krapperein kommen, fine wy as bestjoer en dat hearre wy ek rûnom fan oaren. Dêr soenen wy graach wat oan dwaan wolle en om dy reden woenen wy it op de folgjende Tinktank-byienkomst oer proaza hawwe wolle en wat wy der mei ús allen oan dwaan kinne om Frysk proaza mear op ’e kaart te setten, skriuwers te ferbinen en in oantrún jaan te kinnen om te kommen ta nij wurk. Want it moat net sa wêze dat Frysk proaza sa yn ‘e nederklits rekket dat it oan ‘e prozac moat!
De middei is bedoeld om dêroer te breinstoarmjen, wy as bestjoer hawwe it idee om in Proazawurkgroep yn it libben te roppen, lykas de Oersetterswurkgroep en de Toanielwurkgroep. De fraach is earst oft der ferlet is fan sa’n Proazawurkgroep dêr’t in espeltsje minsken aktyf oan meidwaan wolle.
De Tinktank is op 1 febrewaris om 16:00 oere yn Tresoar (de Obe Postma-seal).
Wolle jo as skriuwer op in unike lokaasje ynspiraasje opdwaan of lekker rêstich oan jo boek wurkje of wolle jo in boekpresintaasje jaan, dan kinne jo ús fûgelhutte ‘De Havik’ hiere. Dy leit midden yn it prachtige kûlizelânskip yn ’e Fryske Wâlden, dat him benammen karakterisearret troch bosken en houtwâlen, heidefjildsjes en gerslannen, moeras en beekjes.
Yn septimber 2017 binne wy úteinsetten mei it realisearjen fan ús winsk: it sels ûntwerpen en bouwen fan ús eigen fûgelhutte, op ús eigen terrein. Yn novimber 2018 is it oplevere en mei it einrisseltaat der wêze! Natoerleafhawwers en fotografen kinne by ús fûgels yn harren eigen natoerlike omjouwing bewûnderje en fotografearje, om’t de hutte foarsjoen is fan spegelglês.
De hutte is 6×8 meter en is yngroeven, foar de hutte leit in ûndjippe fiver fan 4,5×26 meter, dêr’t fûgels drinke en in bad nimme kinne. De fûgelhutte is gaadlik foar op syn heechst 6 persoanen en wurdt ferwaarme troch in houtkachel. Ut de hutte wei sjogge jo oer de beammen en strûken dy’t yn septimber 2017 oanplante binne. Yn ’e midden stiet in grutte tafel mei 6 ferstelbere stuollen. Boppedat is der in keuken oanwêzich mei waarm en kâld wetter. Jo kinne fergees gebrûk meitsje fan kofje en tee. Yn gefal fan need is der in ekohúske oanwêzich. Fierders binne der genôch stroompunten om akku’s op te laden.
Ek as jo minder mobyl binne, kinne jo by ús terjochte. De hutte is rom opsetten, sadat jo maklik yn de hutte rûndraaie kinne, teffens is it paad fan it parkearplak ôf nei de hutte ta folslein befluorre.
De hierpriis is € 50,- deis, likefolle it tal persoanen en is basearre op in hiele dei, de hutte hiere foar ien deidiel is net mooglik.
Oanbieding: Jo kinne de fûgelhutte ek reservearje yn kombinaasje mei ús fakânsjewente ‘De Wielewaal’, dy stiet ek op ús terrein. Sjoch op www.vakantiewoningwielewaal.nl foar mear ynformaasje. As jo de fakânsjewente hiere foar 4 wiken oanslutend dan betelje jo € 800 foar all-in en dan hoege jo foar de fûgelhutte neat te beteljen. Jo kinne dan fan moarns ier oant jûns let dêr gebrûk fan meitsje. De wenning is fan april 2019 ôf beskikber. Mochten jo dêr gebrûk fan meitsje wolle, dan rikkemedearje wy jo oan om fluch te reagearjen, want yn ’e simmermoannen is de fakânsjewente gau folboekt. Dus wifkje net en sjoch wat dizze unike lokaasje jo biedt!
Freegje nei de mooglikheden fia ús mail: sijevdv@hotmail.com of skilje: 0511-472874.
Mei freonlike groet,
Sije en Hillie van der Veen Kûkhernewei 28 9257 RT Noardburgum
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen, en jo foarkarren te ûnthâlden foar in folgjende besite. As jo op ‘Ja’ klikke, akseptearje jo it brûken fan ALLE cookies.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen. De essensjele cookies wurde troch jo browser op jo kompjûter opslein omt se nedich binne foar it funksjonearjen fan de webside. Wy brûke ek cookies fan tredden foar it analysearjen fan besites oan ús webside. Dizze cookies wurde allinnich opslein yn jo browser as jo dêr tastimming foar jouwe. Jo kinne dizze cookies ek útskakelje. De webside kin dan wol wat oars wurkje of reagearre.
Essinsjele cookies binne needsaaklik om de webside goed funksjonearje te litten. Dizze kategory befettet allinne cookies dy’t de basisfunksjes en feiligenskomponinten fan de webside funksjonearje litte. Dizze cookies bewarje gjin inkelde persoanlike ynformaasje.
Alle cookies dy’t net strikt needsaaklik binne om de webside funksjonearje te litten en dy’t spesifyk brûkt wurde om persoanlike data fan brûkers te sammeljen lykas analytics, advertinsjes en oare yntegrearre komponinten wurde beskôge as net-needsaaklike cookies. It is ferplicht om tasizzing fan de brûker te krijen foardat dizze cookies yn wurking set wurde op de webside.