Dichterspaad Aldegea siket nije dichters

ALDEGEA – Mar leafst 18 gedichtepanielen by it Dichterspaad del yn en om it doarp Aldegea (Smellingerlân) sykje nei nije ynhâld.
 
Fandêr dat Doarpsbelang Aldegea dichters yn de gemeente, de provinsje en fier dêrbûten opropt om mei nije gedichten te kommen. Elkenien kin meidwaan en fertsjinnet mooglik in eareplak by de rûte del.
 
Aldegea leit oan ’e râne fan Nasjonaal Park De Alde Feanen en midden yn de útstrutsen landerijen yn it karakteristike Wâldske kûlizelânskip, sadat it doarp har treflik lient foar unike kuierrûtes. Njonken in fanatyk kuierdoarp is Aldegea boppedat fan âlds in kultuer-minnend doarp. Fandêr dat mei it plan foar in kuierpaad ek it idee foar in poëzyrûte ûntstie: Dichterspaad Aldegea.
 
Alle om Slachte Kuier
By de rûte fan it Dichterspaad del steane achttsjin gedichtepanielen. Stik foar stik steane se op prachtlokaasjes, dy’t de muoite mear as wurdich binne om efkes de pas yn te hâlden. Alle jierren is in part fan it Dichterspaad it dekôr foar de kuiertocht Alle om Slachte Kuier. Dêrmei jout inisjatyfnimmer Doarpsbelang Aldegea ekstra omtinken oan de gedichten by de rûte del. De tredde edysje stiet plend yn de simmer fan 2019. Foar dy edysje traktearret Doarpsbelang de kuierders graach op nije gedichten.
 
Dichtsje ek mei
Jong, âld, krekt begûn of al jierren entûsjast dichter: elkenien kin meidwaan en makket kâns om in plakje te bemachtigjen yn ien fan ’e 18 panielen. Dichtsje ek mei en stjoer in gedicht op nei gedicht@dichterspaad.nl. Ynstjoere kin oant en mei 1 jannewaris 2019.
 
Ynspiraasje opdwaan?
Op www.dichterspaad.nl stiet de rûtekaart en de gedichten dy’t no op de panielen steane. Dichters, fan herten wolkom om al kuierjend by de rûte del te gean om ynspiraasje op te dwaan en alfêst in moai paniel foar in nij gedicht te sykjen. Fermeld yn dat gefal by it ynstjoeren fan it wurk hokker lokaasje de foarkar hat.

Facebooktwittermail

FeRstival

It foardrachtfestival, FeRstival waard eartiids ‘foardrachtskriich’ neamd. Kriich is in âlderwetsk wurd foar krachtmjitting en ek foar oarloch (de Twadde wrâldkriich). Hawar hjoeddedei is it in fleurich festival mei de boartlike namme FeRstival. It draait om it sa moai mooglik foardragen fan Fryske gedichten en fersen.

Besikers dy’t niget ha oan Fryske gedichten kinne hjir fergees hinne. En meigenietsje fan de fertolking fan Fryske fersen en gedichten en de spanning en sensaasje fiele…

Heale finales
9 novimber – Schouwburg De Lawei yn Drachten en De Stolp yn Snits;
16 novimber – Schaaf City TheaterPosthuis Theater yn Ljouwert

Finale
15 desimber – Posthuis Theater yn It Hearrenfean.

Facebooktwittermail

Tinktank mei Ernst Bruisma fan Afûk/BFF

It bestjoer nûget ús leden út om oan te skowen by de earstfolgjende Tinktank op 23 novimber om 17:00 oere yn Tresoar. Ernst Bruinsma komt dan del om ús oer Boeken Fan Fryslân by te praten. Alle fragen dy’t jo dêroer hawwe kinne dan steld wurde.

Facebooktwittermail

Fersterking bestjoer troch Paul van Dijk

Wakkere wiis binne wy mei de útwreiding fan it bestjoer yn ‘e persoan fan Paul van Dijk. Paul wennet yn Warkum, is dichter, yllustrator en muzikant. Hy makket foarstellings mei syn eigen teatergroep Knûkel. Paul debutearre mei it berneboek Renske wol stoer wêze. Mei dêrnei noch in pear boeken op syn namme is er dit jier debutearre as dichter mei de bondel Famke fan snie. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer Paul van Dijk, dy’t no ek bestjoerslid fan It Skriuwersboun oan syn biografy taheakje kin.
Mochten jo yn it ferline noch net mei Paul yn ‘e kunde kommen wêze, dan sil dat meikoarten grif barre!

Foto: Marcel Hectors
Facebooktwittermail

Lêzing Fisuele poëzy troch Bert Looper

Mei it opfallende motto Sssstt…! Hjir flústeret de tiid is Tresoar yn 2018 folop dwaande mei it fertellen fan it ferhaal fan Fryske kultuer, literatuer en skiednis. Mei nije middels, grutte LED-skerms en 4 meter hege poëzymasines presintearje dichters en keunstners harren wurk en wurdt it ferhaal fan de fisuele poëzy yn Fryslân en Europa ferteld. Yn ’e lêzing wurdt yngien op de rol en it belang fan fisuele poëzy.

Datum: 15-11-2018
Tiidstip: 19:45-21:45 oere
Lokaasje: Tresoar
Yntree: 9 euro

Facebooktwittermail

Lêzings Sytse Jansma en Janneke Spoelstra

Nei de Algemiene Ledegearkomste op 1 novimber hawwe de dichters Sytse Jansma en Janneke Spoelstra lêzings holden oer harren ûnderfinings yn it bûtenlân. Sytse hat nei it Kistrech International Poetry Festival yn Kisii, Kenia west en Janneke nei Transpoesie Festival yn Brussel. Hjirûnder hiel koart wat hja ferteld hawwe oan in seal fol belangstellenden.

Sytse Jansma
Sytse hat in prachtige tiid hân yn Kenia. It grutte kultuerferskil wie faak konfrontearjend mar ek ynspirearjend. It hat him goed bewust makke dat syn skriuwen beynfloede is troch de literatuer en kultuer fan (Noard)-Europa. Hy hat dêr optreden en workshops jûn, ferskate skoallen besocht en ek foarlêzen út it berneboek Wapper. De oarspronklike literatuer fan Kenia hat him ynspirearre. De fersen binne sterk realistysk en hawwe in bepaalde urginsje. Poëzij wurdt faak ek sjoen as in medium foar aktivisme. It wie in yntinse tiid troch de korrupsje dêr en de mentaliteit fan de minsken. It festival sil him lang by bliuwe.

Janneke Spoelstra
Troch in oprop fan it Skriuwersboun (dy’t benadere wie troch it NPLD om it út te setten) is Janneke útkeazen om nei it Transpoesie Festival yn Brussel ta te gean yn septimber. Dêr hat se foardroegen op in konferinsje foar meartalich ûnderwiis en de deis derfoar meidien oan in flashmob. In fragmint fan har ‘winnende’ gedicht ‘Altyd alve’ wie in wykmannich te sjen yn de Brusselske metro. It gedicht stiet, mei oersettingen, op ‘e Transpoesiewebsite: http://www.transpoesie.eu/ . It optreden is werom te sjen op: https://webcast.ec.europa.eu/european-day-of-languages-multilingual-education-and-cultural-expression. It soe moai wêze as der yn 2019 of dêrnei wer (ris) in Fryske dichter meidwaan soe. Hâld dus de iepen call fan it Festival yn ’e gaten.

Facebooktwittermail

Algemiene Ledegearkomste op 1 novimber

Op 1 novimber hâlde wy ús Algemiene Ledegearkomste yn Tresoar. It earste part is lotter foar ús leden, mar fan 19:00 oere ôf is it iepenbier. Janneke Spoelstra en Sytse Jansma sille dan beide sprekke oer harren ûnderfinings as dichter yn it bûtenlân. Wat hat harren dat brocht, wat wie dêr moai of krekt net oan en wat betsjut soks foar harren dichterskip?

Om 20:00 oere hinne sil it dien wêze, mei’t lju dan nei de lêzing fan Jelma Knol kinne dy’t ek yn Tresoar plakfynt. Mear ynformaasje dêroer fine jim hjir.

Janneke Spoelstra
Sytse Jansma
Facebooktwittermail

Presintaasje It leafst bin ik in fûgel

Mei gedichten fan: Meintsje Brouwer, Eppie Dam, Ytsje Hettinga, Arjen en Iwan Hut, Elske Kampen, Sigrid Kingma, Eline Kuiper, Remco Kuiper, Jurjen van der Meer, Marije Roorda, Sipke de Schiffart, Kate Schlingemann, Berber Spliethoff, Janneke Spoelstra en Syds Wiersma

Beam
 
it moaist sit dyn hier
as it ljochtgrien krollet
op myn jierdei
 
ik fyn dyn arms
sa sterk ast stoeist
mei de wyn en winst
 
it leafst bin ik in fûgel
flean gau  nei dy ta as
bangens my bite wol
 
ik fyn dyn gesicht sa rêstich soms deftich
hast sa’n geduld mei my
do fielst it sachtst mei in sniejas en mûtse op
dan jou ik dy in krûpke

Presintaasje:
De presintaasje sil plakfine op freedtemiddei 2 novimber fan 16.30 – 18.00 oere yn de Afûkwinkel. Elkenien is fan herte wolkom

Boekgegevens:
It leafst bin ik in fûgel, poëzy foar elkenien fan 9 – 99 jier
Gearstaller: Elske Kampen /  Yllustrator: Marijke Klompmaker
Siden: 56
Ferkeappriis: € 12,50
ISBN: 978 94 92176 89 9
www.afuk.frl

Facebooktwittermail

Oprop foar de Skriuwersarke

Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân. (Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthûs yn Bergen, Noard-Hollân beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop.
 
Skriuwers of dichters dy’t noch net earder yn totaal seis wiken yn de arke oan it wurk west hawwe, kinne oanjaan hokker wiken (net mear as seis) hja nei de arke ta wolle. It giet om it simmerskoft mar oare winsken binne yn oerlis ek mooglik. Op dizze wize hoopje wy safolle mooglik skriuwers en dichters in kâns te jaan om yn de arke oan it wurk te kinnen.
 
It doel is dat de arke brûkt wurdt as plak dêr’t de skriuwers en dichters alle gelegenheid krije om te wurkjen. It is net as ‘simmerhúske’ bedoeld. Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en telefoan is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet in hierkontrakt, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum út it saneamde ‘Tamminga-Piebenga-Fûns’, wylst it ûnderhâld fan de arke en de fêste lêsten dêrfoar bekostige wurde troch datselde fûns en It Fryske Gea.
 
Belangstellenden kinne har oant 1 febrewaris 2019 skriftlik oppenearje by Pieter de Groot, skriuwer fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, De Koarte Baan 11, 8731 DX Wommels. Dêrby moat neist de perioade ek oanjûn wurde wat de skriuwer/dichter fan doel is te dwaan. In kommisje út it bestjoer fan de Stifting FLMD makket de kar hokker skriuwers/dichters fan de arke gebrûk meitsje kinne. Mocht it yn 2019 net slagje om plak te krijen, ek yn 2020 wurdt de arke wer foar skriuwers en dichters iepensteld.

Facebooktwittermail