It bestjoer tanket elk dy’t it 50-jierrich jubileumjier mei ús mooglik makke hat en wy sizze spesjaal tank oan Pieter de Groot, en syn side-kick Pier Boorsma, dy’t justerjûn op smeudige wize dy fyftich jier oereide hawwe.

It bestjoer tanket elk dy’t it 50-jierrich jubileumjier mei ús mooglik makke hat en wy sizze spesjaal tank oan Pieter de Groot, en syn side-kick Pier Boorsma, dy’t justerjûn op smeudige wize dy fyftich jier oereide hawwe.
Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân. (Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthûs yn Bergen, Noard-Hollân beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop.
Skriuwers of dichters dy’t noch net earder yn totaal seis wiken yn de arke oan it wurk west hawwe, kinne oanjaan hokker wiken (net mear as seis) hja nei de arke ta wolle. It giet om it simmerskoft mar oare winsken binne yn oerlis ek mooglik. Op dizze wize hoopje wy safolle mooglik skriuwers en dichters in kâns te jaan om yn de arke oan it wurk te kinnen.
It doel is dat de arke brûkt wurdt as plak dêr’t de skriuwers en dichters alle gelegenheid krije om te wurkjen. It is net as ‘simmerhúske’ bedoeld. Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en telefoan is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet in hierkontrakt, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum út it saneamde ‘Tamminga-Piebenga-Fûns’, wylst it ûnderhâld fan de arke en de fêste lêsten dêrfoar bekostige wurde troch datselde fûns en It Fryske Gea.
Belangstellenden kinne har oant 1 febrewaris 2020 skriftlik oppenearje by Pieter de Groot, skriuwer fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, De Koarte Baan 11, 8731 DX Wommels. Dêrby moat neist de perioade ek oanjûn wurde wat de skriuwer/dichter fan doel is te dwaan. In kommisje út it bestjoer fan de Stifting FLMD makket de kar hokker skriuwers/dichters fan de arke gebrûk meitsje kinne. Mocht it yn 2020 net slagje om plak te krijen, ek yn 2021 wurdt de arke wer foar skriuwers en dichters iepensteld.
Yn 2020 biedt Tresoar wer in tal kursussen oan, lykas in kursus ‘Proaza skriuwen foar bern’ dy’t jûn wurdt troch Hanneke de Jong of de kursus ‘Libbensferhalen skriuwe’ troch Marga Claus. Fierders wurde de kursussen ‘Ferheljend skiednis skriuwen’ troch Janneke Donkerlo en troch Arjan Hut ‘Moat in gedicht rymje’, oftewol in kursus oer hoe’t gedichten lêzen wurde moat.
Binne jo nijsgjirrich wurden en wolle jo mear ynformaasje hawwe oer de boppeneamde kursussen, klik dan op dizze keppeling.
It docht ús tige deugd dat nei in brief fan ús en reaksjes fan oare minsken de direksje fan dbieb de Fryske romans in eigen plakje jûn hawwe ynstee fan se by ‘andere talen’ te setten.
Wa skriuwt it bêste, moaiste, geweldichste Fryske toanielstik foar amateurs!?
De falbile foar it ynleverjen fan dyn toanielstik is ferskood nei begjin takom jier! Kinst noch meidwaan, dus!
Altyd al in toanielstik skriuwe wollen? Dan is it no tiid om yn de pinne te klimmen!
Blijspullen, kluchten, komeedzjes, trageedzjes, drama’s, skrillers, musicals, berne-
en jongereintoaniel, jûnfoljende stikken (gjin iepenloft) likegoed as ienakters.
Foar jeugd, bern of âlderen, alles kin en mei.
Neist dat de St.U.F.T. it winnende stik útjaan sil, is der ek in jildpriis oan ferbûn:
foar it bêste jûnfoljende stik € 1.250,- en foar de bêste ienakter € 750,-.
De rjochten fan de winnende stikken binne foar de Stuft.
It stik wurdt beoardield troch in trijekoppige sjuery: Bouke Oldenhof, Piter M. Renia en Anne Graswinkel.
Wolst meidwaan?
Leverje dan foar 1 jannewaris 2020 dyn stik digitaal yn by info@stuft.nl.
Yn in Word bestân, lettertype Times New Roman, tekengrutte 11,5,
pagina-yndieling A5.
Fragen / opmerkingen kinne nei:
Mail: info@stuft.nl of 06-304 93 981 (Jelle Terwal)
We sjogge mei grutte belangstelling jimme toanielstikken temjitte!
Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel (StUFT) bestiet 50 jier en skriuwt dizze priisfraach út.
De StUFT is in frijwilligersorganisaasje dy’t alle jierren 22 Fryske toanielstikken útjaan
wol mei as doel it Fryske amateurtoaniel te stypjen en te stimulearjen.
Stichting Boeken fan Fryslân (BFF) skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers, yn it ramt fan it BoekWinterBoekfeest, dat op freed 31 jannewaris 2020 yn Café de Bakkersdochter yn Snits holden wurdt. Elkenien wurdt fan herten útnûge om in koart ferhaal fan 500 à 600 wurden te skriuwen yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen. It tema foar it feest en dus ek it ferhaal is ‘Koek en Sophie’.
De winner wurdt op it feest sels bekend makke en mei dan syn of har ferhaal foardrage oan it publyk. Dat betsjut fuortendaliks in live-optreden mei oare Fryske skriuwers, lykas Sipke de Schiffart, Willem Schoorstra, Klaas Jansma, Baukje Zijlstra en Henk van der Veer, en live-muzyk fan it duo Weima & vd Werf. Fierders kriget de winner in boekepakket en wurdt it ferhaal publisearre op www.ensafh.nl.
Ynstjoeringen moatte uterlik freed 24 jannewaris binnen wêze op it e-mailadres info@boekenfanfryslan.nl en foarsjoen wêze fan namme en kontaktgegevens.
By Utjouwerij Afûk is by gelegenheid fan de hûndertste bertedei fan Anne Wadman ferskynd Anne Wadman: It tipelsinnich bousel, ik. Soan Thys Wadman, skriuwer en gearstaller, waard by de presintaasje op 30 novimber ferrast mei in oare útjefte fan de Afûk dy’t dyselde dei ferskynde, nammentlik It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen fan Hylkje Goïnga, syn mem.
Sjoch foar mear ynformaasje oer de oanbelangjende boeken ûnder it kopke ‘Rispinge.
It bestjoer fan it Skriuwersboun nûget harren leden graach út foar de nijjiersbuorrel dy’t op 10 desimber yn De Basui te Ljouwert holden wurdt. Lykwols, binne ek net-leden fan herten wolkom!
De poëzykriich fan it Bûsboekje is wûn troch Johannes Dijkman út Burgum foar syn gedicht ‘Longerje’. De oanmoedigingspriis gie nei Nynke Terpstra (18), ek út Burgum, foar har gedicht ‘Wjerljocht’. De prizen waarden útrikt troch kultuerdeputearre fan Fryslân Sietske Poepjes op in gearkomste tiisdei yn kafee Luwt yn Ljouwert.
De karkommisje, besteande út Janneke Spoelstra, Sieta de Vries en Minke Dooper hie nei de oprop fan de Bûsboekjeredaksje ein july sechtjin gedichten krigen, dy’t ynstjoerd wiene troch yn totaal tsien dichters. De karkommisje wie wakker optein mei dizze rispinge. De twa priiswinners hiene neffens de karkommisjen moaie gedichten skreaun, mei opbou en ienheid. Dat die bliken doe’t se harren gedicht foardroegen. Gabriëlle Terpstra fan it dichterskollektyf Pauperpoëzij hat ek noch gedichten foardroegen.
De poëzykriich waard organisearre omdat it nije Fryske Bûsboekje (2020) klear is. De 45e edysje, in lustrum! Dit jier is it tema: tiid. Direkte oanlieding foar it tema is de aktuele diskusje oer simmer- en wintertiid dy’t it kommende jier grif trochgiet. Wêr kieze wy foar: simmertiid of wintertiid? Wurdt 2020 it lêste jier dat wy twaris de klok fersette?