Trije dichters by IepenUp Live

Foto: Geart Tigchelaar

‘Wâldpiken vs Klaaikluten’ is woansdei 4 desimber de battle by IepenUp Live. Dichterskollektyf RIXT hat trije dichters frege om dy arena te betreden. Wâlddichter Arjan Hut, Grytsje Schaaf, opgroeid yn Berltsum mar eins ‘hybride’ mei in wâldpyk-heit en in klaaiklút-mem, en Joël Huitema foar de schwung fan de Súdwesthoeke.

Facebooktwittermail

Elmar Kuiper wurdt yn Yndia útjûn

Dichter Elmar Kuiper hat ôfrûne wike yn Calcutta (Kolkata) west foar it poëzyfestival Chair Poetry Evenings. Dêr wienen se bot ûnder de yndruk fan de yn Jorwert wenjende dichter. De bedoeling is dêrom dat der takom jier in blomlêzing út Kuiper syn wurk ferskine sil. Dat bart by Copper Coin, in útjouwerij dy’t spesjalisearre is yn ynternasjonale poëzije. Yn earste ynstânsje sille de oersettings yn it Ingelsk wêze, mar mooglik ek yn it Hindy.

Facebooktwittermail

Trije kandidaten oer foar de Piter Jellespriis

Der binne noch trije kandidaten foar de Piter Jellespriis foar de Letteren. De sjuery keas foar dichteresse Elske Kampen, it Biltske poëzyprojekt Poetic Potatoes en skriuwster Jannie Regnerus.

De winner wurdt op 9 desimber bekendmakke yn in byienkomst op it stedhûs yn Ljouwert.

De literêre priis (in jildbedrach fan €2.500) wurdt ienkear yn ’e fjouwer jier útrikt. Foarige winners wienen Nyk de Vries (2016), Aggie van der Meer (2011), Nynke Laverman (2006) en Tineke Steenmeijer-Wielenga (2002).

Facebooktwittermail

Priisútrikking poëzykriich op 3 desimber

De sinne kaam hiel moai op en de karkommisje wie der út!
 
Op de oprop om gedichten yn te stjoeren hat it Bûsboekje sechstjin ynstjoeringen krigen fan yn totaal tsien dichters. In moaie rispinge!
 
De bekendmakking fan de priiswinners en de priisútrikking sil wêze op 3 desimber 2019 (16-18 oere) yn kafee Luwt yn Ljouwert. De priis en de oanmoedigingspriis sille útrikt wurde troch kultuerdeputearre fan de provinsje Fryslân Sietske Poepjes.

Facebooktwittermail

Nije Dichter fan Fryslân is Nyk de Vries

Fan ‘e middei is yn in folle Stedskas op it Aldehoustertsjerkhôf bekendmakke dat de nije Dichter fan Fryslân net ien minder as Nyk de Vries is. It bestjoer fan it Skriuwersboun lokwinsket Nyk mei dizze earfolle funksje en seit tank oan Eeltsje Hettinga foar de tige produktive, poëtyske twa jier.

Foto: Geart Tigchelaar
Facebooktwittermail

Ferhalewedstriid oer 75 jier frijheid

Ynwenners fan Boalsert posearje op in Kanadeeske tank yn de Jongemastrjitte. Stienstra, Jacob (1914-1979)

Takom jier is it 75 jier lyn dat der in ein kaam oan de Twadde Wrâldoarloch. Wy libje 75 jier yn frijheid, mar wat betsjut dat foar ús? Wat is frijheid presys? Wurdearje wy de frijheid noch genôch? Wat is it effekt fan it frij wêzen foar ús?

Frysk histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar ropt skriuwers en dichters op om oer it tema ‘75 jier frijheid’ yn it Frysk, of ien fan de Fryske streektalen, ferhalen en gedichten te meitsjen. Doch mei!

In koart ferhaal mei tusken de 750 en 1750 wurden wêze; in gedicht mei tusken de 75 en 750 wurden wêze. Stjoer de teksten yn foar 1 febrewaris 2020 nei meindert.reitsma@tresoar.nl. Sjoch op de webside fan Tresoar foar mear ynformaasje oer de krekte betingsten.
 
Prizen
De earste priis foar it bêste ferhaal/gedicht is € 750, de twadde priis € 500 en de tredde priis € 250. De prizen wurde útrikt en de priiswinnende ferhalen en gedichten wurde publisearre yn de april-edysje fan Letterhoeke, it blêd fan Tresoar en de Freonen fan Tresoar.
 
Sjuery
​De sjuery, besteande út Doeke Sijens, Eric Hoekstra en Nienke Jet de Vries, beoardielet de teksten anonym.

Facebooktwittermail

Lêzing Froulju yn ‘e Fryske literatuer op 12 desimber

Op 12 desimber jouwe Babs Gezelle Meerburg en Lida Dykstra in lêzing oer froulju yn ‘e Fryske literatuer. Muzikaal yntermezzo is fan Tet Rozendal en Tseard Nauta. De lêzing is yn OBE en begjint om 19:30 oere.

Babs Gezelle Meerburg – Foto: Katinka Gezelle Meerburg
Lida Dykstra – Foto: Barbara van Rijn
Facebooktwittermail

Obe Postmajûn op 11 desimber yn Perdu, Amsterdam

Goethe maakte een reis naar Italië en Rilke naar Rusland,
En als een ander mens kwamen zij terug.
Ik ben op mijn oude dag naar Harlingen geweest

 
Vijf sprekers over het werk van de grote Friese dichter Obe Postma (1868 – 1963): Jan Kuijper, Eeltsje Hettinga, Anne Feddema, Klaske Oenema en Marjoleine de Vos, presentatie Martin Reints.

Obe Postma werd als boerenzoon in Cornwerd geboren, een dorpje waarvan je de kerktoren ziet als je over de Afsluitdijk naar Friesland rijdt. Hij publiceerde vanaf 1900 gedichten. In de Friese poëzie hebben die gedichten grote invloed gehad. In 1947 werd hem als eerste de prestigieuze Gysbert Japicxprijs toegekend. Ook buiten Friesland is hij bekend sinds Jabik Veenbaas een keuze uit zijn werk had vertaald. Schrijvers als Gerrit Krol, Ed Leeflang en Michaël Zeeman waren uitgesproken liefhebbers.

Zijn gedichten roepen heldere beelden op van het gewone leven, dat voor hem altijd een afspiegeling is van iets groters. Zijn werk zit vol verleden, maar hij slaagt erin nooit nostalgisch te worden: voor hem lopen de herinneringen over in het heden. Heel bijzonder is zijn toon – het is soms of je hem hoort praten.

Een ander mens kon ik niet worden, maar ik heb hoog op de bolwerktuin gestaan –
Een jonge matroos zat op een bank en twee kapiteins kuierden het paadje af.
Diep zag ik neer op de schepen in de stadsgracht en de bomen van de buitensingel;
Ik rook de teerlucht en ook iets van de zee – en helemaal dezelfde ben ik niet gebleven.


De avond wordt georganiseerd door het Obe Postma Selskip. Voertaal Nederlands; de besproken gedichten worden in het Fries en in vertaling geprojecteerd.

11 december 2019
Zaal open: 19.30
Entree: € 10, studenten € 5

Leden van het Obe Postma Selskip gratis, mits ze van tevoren reserveren: martinreints@xs4all.nl

Facebooktwittermail