Marko van der Wal winner oersetwedstriid Dichter fan Fryslân

Ut hast 70 ynstjoeringen keas de sjuery de oersetting fan Marko van der Wal as bêste Nederlânsktalige oersetting fan it gedicht ‘De redens fan it wurd’, skreaun troch de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga.

Neffens de sjuery is it foar in goede literêre oersetting fan belang dat it orizjinele gedicht mei respekt en begryp fan ynhâld en foarm behannele wurdt. Op syn minst fjouwer ynstjoerders hawwe dat, neffens de sjuery, op ferskate wizen, poerbêst dien. Uteinlik besleat de sjuery dat ien fan dy fjouwer minsken in hast perfekte oersetting skreaun hat, nammentlik Marko van der Wal.

Ut it sjueryferslach: “De enzjambeminten, dy’t foar tal fan ynstjoerders in stroffelstien foarmen, hat dizze persoan naadleas en mei in oantoanber gefoel foar poëzij witten te fangen. Ek ferwiiswurden, ritme en, net alhiel ûnbelangryk, haadlettergebrûk en ynterpunksje binne foutleas oerset.”

De bekendmakking fan de winner fan de oersetwedstriid wie ôfrûne sneon op de literêre jûn yn Ljouwert yn it ramt fan de Boekewike, mei û.o. Jan Siebelink, de skriuwer fan it Boekewikegeskink, en Tsead Bruinja, de Dichter des Vaderlands.

De bêste Nederlânsktalige oersetting fan it gedicht wurdt beleanne mei in publikaasje en in jildbedrach fan € 250. De sjuery bestie út Marleen Nagtegaal, Joost Oomen en de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga. De oersetwedstriid, in inisjatyf fan de Dichter fan Fryslân, is organisearre yn gearwurking mei It Skriuwersboun. Doel is om binnen it projekt ‘Dichter fan Fryslân’ jierliks in oersetwedstriid te organisearjen.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan in Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij. Sjoch foar mear ynformaasje en it folsleine sjueryferslach op www.dichterfanfryslan.nl.

It orizjineel en de oersetting steane ûnder de foto.

Foto: Marc de Fotograaf

DE SCHAATSEN VAN HET WOORD

Wind vindt zijn gezicht in veren op het ijs,
in kathedralen en de handen van meiden
op de grote wintervlaktes van de rivier.

Veren vindt de wind in nacht zijn gezicht
zoals haar wezen, onder het tij verdwenen,
vorm krijgt in de beelden van het gedicht –

het vers dat niet houdt: de schaatsen van het woord,
het gewicht van al wat aan verlangen leeft,
o, zwaarder is dan de taal die zich bewijst

als verraderlijk – eennachtsijs, breekbaar en
niet te vertrouwen, dat nooit de lading dekt
van wat gang wil maken, plaats ook, voor

haar, daar achter de schemering van de rivier.
Wind vindt zijn gezicht in veren op het ijs.
Al wat van haar is, is de slag die ik mis.

Vertaling: Marko van der Wal

DE REDENS FAN IT WURD

Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis,
yn katedralen ek en hannen fan fammen
op de grutte winterflakten fan de rivier.

Fearren fynt de wyn yn nacht syn gesicht
sa’t har wêzen, ûnder de tijen ferdwûn,
stal kriget yn de bylden fan it gedicht –

it fers dat net hâldt: de redens fan it wurd,
it gewicht fan al wat oan langstme bestiet,
o, swierder is as de taal dy’t har bewiist

as ferrifeljend – iennachtsiis, brekber en
net te betrouwen, dat nea de lading dekt
fan wat streek meitsje wol, plak ek, om

har, oare kant it skimerjen fan de rivier.
Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis.
Al wat fan har is, is de slach dy’t ik mis.

Facebooktwittermail

Frysk-Skotske gearwurking op it Soutar Festival of Words

De Fryske dichter Geart Tigchelaar sil medio april op ’e fyts nei it Soutar Festival of Words yn Perth, Skotlân. Oanlieding dêrta is de gearwurking mei de Skotske dichter David Eyre. Hja hawwe inoar ferline jier op it ynternasjonale poëzyfestival StAnza yn St Andrews moete. Op de iepeningsjûn lies Tigchelaar twa Fryske fersen foar. Eyre siet yn ’e seal en wie ferheard oer hoefolle oft er neikomme koe en liet mei in eigen skreaun en nei it Frysk oersetten fers oan Tigchelaar de oerienkomsten sjen.

Oer dy oerienkomsten en de besibbens tusken beide talen sille hja it ien en oar fertelle yn it Perth Museum and Art Gallery op it Soutar Festival of Words. Hja sille dat dwaan oan ’e hân fan it dichtwurk fan Tigchelaar. Eyre is nammentlik dwaande Tigchelaar syn bondel leech hert yn nij jek (Hispel 2016) oer te setten nei it Skotsk.

Sjoch hjir foar de oankundiging fan it evenemint.

Foto: Pieter Postma
Facebooktwittermail

Kadoboek Rosmos ‘útferkocht’

It kadoboek Rosmos, in spesjale útjefte foar de Moanne fan it Fryske Boek, is útferkocht. ‘Utferkocht is miskien wat in nuvere oantsjutting yn dit gefal omdat it om in kadootsje giet’, sa leit Ernst Bruinsma fan Boeken fan Fryslân út. ‘It bestjut feitlik dat wy net mear nije foarried oan de boekhannels leverje kinne, se binne skjin op. Guon boekhannels hawwe lykwols noch wat winkelfoarried dus wa’t noch in eksimplaar hawwe wol, moat der by wêze want op is dus ek echt op.’
 
Rosmos, op fersyk fan Boeken fan Fryslân skreaun troch Willem Schoorstra foar de Moanne fan it Fryske boek, ferskynde by útjouwerij Het Nieuwe Kanaal yn in oplage fan 1000 eksimplaren. Ernst Bruinsma: ‘Sa’n oplage klinkt foar guon minsken miskien net as in soad, mar foar de Fryske merk is it in grutte oplage en as dy dan ek noch yn in moanne fuort is, dan kin ik net oars as sizze dat it in suksesfolle aksje west hat’. It kadoboek wie de hiele moanne maart fergees te krijen by oankeap fan € 12,50 oan boeken.

Oer Rosmos
Rosmos is in spannende en humoristyske roman dy’t him ôfspilet yn de ‘ûnderklasse’ fan de maatskippij. Fol faasje nimt Willem Schoorstra de lêzer mei yn in ferhaal dat giet oer frouljushannel, moard, loyalens en komôf. Oer it opwaarmjen fan djipfriessatee yn in wettersieder. Oer seks as jierdeikado yn it ramt fan in famyljetradysje.
 
Boeken fan Fryslân is in promoasjekampanje foar alle Fryske skriuwers en útjouwers, mei as doel om mear minsken Fryske boeken lêze te litten. Sjoch ek www.boekenfanfryslan.frl.

Facebooktwittermail

Jetske Bilker set boekewikegeskink oer

Skriuwster en oersetster Jetske Bilker hat foar dit jier it Boekewikegeskink, skreaun troch Jan Siebelink oerset yn it Frysk. Ferline jier hat sy it boekewikegeskink fan Griet op de Beeck Gezien de feiten oerset as Sa’t it lân derhinne leit. Dit jier hat sy de opdracht krige om Jas van belofte yn it Frysk oer te setten. It boek, yn it Frysk Jas fan belofte, is in oade oan in freonskip, oan in heit en oan it skriuwen.
 
Dy’t yn ‘e boekhannel foar € 12,50 oan boeken keapet, kin kieze foar de Nederlânske of de Fryske ferzje. Op snein 31 maart is it frij reizgjen op it Boekewikegeskink 2019.
 
Op sneon 30 maart komme Jan Siebelink, oersetster Jetske Bilker, Dichter des VaderlandsTsead Bruinja en Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga yn dûnsskoalle Saco Velt, Sacramentstrjitte 19 yn Ljouwert byinoar op in literêre jûn, presintearre troch Asing Walthaus. De jûn begjint om 20.00 oere.

Facebooktwittermail

Dichter Boris Ryzji yn it Frysk

Ein maaie ferskynt ‘Ryzji yn it Frysk’, in mei de hân ynbûne, twatalige [Nederlânsk-Frysk] bibliofile útjefte, mei gedichten fan de Russyske dichter Boris Ryzji (1974-2001), oerset troch Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus. 

Yn dizze limited editio (86 siden), mei in ynliedend essay fan Eeltsje Hettinga, binne portrettekeningen fan Ryzji opnaam, makke troch keunstner Jochem Hamstra. De orizjinelen binne te sjen by de presintaasje fan de útjefte, freed 24 maaie, yn galerymelklokaal op It Hearrenfean.

Boris Ryzji debutearre as dichter yn 1994. Hy makke namme yn Moskou en Sint Petersburg. Yn 2000 naam er diel oan Poetry International yn Rotterdam. In jier letter, sân maaie 2001, benaam er himsels it libben. Foar syn wurk krige er twa grutte literêre prizen, ien dêrfan postúm.

Ryzji syn wurk waard yn Nederlân ûnder oaren oerset troch Anne Stoffel, byinoar brocht yn de bondels Wolken boppe E (2004) en Afscheid in Rusland (2013). Foar har oersetwurk krige se yn 2005 de Aleida Schotpriis, yn it bysûnder foar Wolken boven E.

Film- en dokumintêremakker Aliona van der Horst makke yn 2008 de yndrukwekkende, mei tal fan prizen bekroande dokumintêre “Boris Ryzhy”.

Facebooktwittermail

Fiif nominaasjes Simke Kloostermanpriis 2019

Foar de sjuery fan de 13e edysje fan de Simke Kloostermanpriis is de earste kûgel troch de tsjerke.
De sjueryleden Geart Tigchelaar, Sytske Eringa en Gerbrich van der Meer hawwe
alle Frysktalige jeugd/berneboeken út de trije foargeande jierren lêzen en beoardiele. Ut dy list mei hast fyftich titels hawwe hja 5 boeken nominearre.

Dit binne de nominaasjes:

Eppie Dam mei Tsjilp! [De Ryp útjouwerij]
Yllustraasjes: Lieke Boot
In printeboek mei gedichten oer fûgels.

Lida Dykstra  mei De weddenskip [Afûk]
Yllustraasjes: Nina Peckelsen
In jongereinboek mei trije ferhaallagen, ynspirearre op de Edda en midsiuwske poëzy.

Mirjam van Houten mei Tije [Afûk]
Yllustraasjes: Mirjam van Houten
In berneboek oer it jonkje Tije dat fan it plattelân nei de stêd ferhuzet. In swalker helpt him om syn draai wer te finen.

Auck Peanstra en Riemke Pitstra mei Tomke’s foarlêsfeest [Afûk]
Yllustraasjes: Luuk Klazenga
Tematysk foarlêsboek mei de avontoeren fan Tomke en syn freonen.

Koos Tiemersma mei Heech Tymo, sjoch omheech [HetNieuweKanaal]
Yllustraasjes: Carla van der Heijde
In berneboek oer it jonkje Tymo waans heit as militêr yn ’e oarloch yn Afganistan omkommen is, dy’t him thús en op skoalle ferhâlde moat mei de nije sitewaasje.

Foar it Simke Kloosterman Lien binne Eppie Dam en Lida Dykstra bekende gesichten. Eppie Dam
wûn de SKPriis yn 2001 en Lida Dykstra wûn sels twa kear achterinoar yn 2004 en 2007.
Beide leverje jier op jier wurk fan hege kwaliteit en binne tige warber yn ‘e Fryske literatuerwrâld.
Dijkstra is ek lanlik bekend, meidat sawat al har wurk ek yn it Nederlânsk útkomt.
Berneboekeskriuwsters Aucke Peanstra dy’t trije jier lyn ferstoar en Riemkje Pitstra binne ek bekende nammen yn de Fryske berneboekewrâld. Harren nammen binne o sa ferbûn oan Tomke, in projekt dat âlden en liedsters fan pjutten mei help fan boartlik ûnderwiismateriaal ynformearje wol oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern.
Nij foar it SK-Lien binne Koos Tiemersma en Mirjam van Houten. Koos Tiemersma skreau al faker literatuer foar folwoeksenen. Yn 2015 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn roman Einum. Mirjam van Houten is in ferrassende nijkommer, as skriuwster én as yllustratrise.

Wa’t fan dizze fiif de Simke Kloosterman priis winne sil? Oer in pear wike wurdt dat bekend.
De Simke Kloosterman priis 2019, besteande út in oarkonde en in bedrach fan 5000 euro sil op freed 17 maaie, de middeis om trije oere útrikt wurde yn ’e Petrustsjerke fan Twizel.

Facebooktwittermail

Jurjen van der Meer wint oersetwedstriid De Nije

Yn De Nije, in glimmer dy’t yn desimber 2019 útjûn is troch de Ried fan de Fryske Beweging, wie in oersetwedstriid opnommen. Ut de taljochting dêrby:
“In the Big Rock Candy Mountains’ giet oer in swalker. Hy dreamt oer in lân dêr’t de hinnen sêftseane aaien lizze en dêr’t de sigaretten oan de beammen groeie. It waard foar it earst op de plaat set troch Harry McClintock yn 1928. Jo meie it pleatse nei dizze tiid en nei Fryslân. De saakkundige sjuery hechtet deroan dat it sjongber is en dat it boadskip bewarre bliuwt.”
Der hawwe fyftjin minsken oan de wedstriid dielnommen. Sneintemiddei 17 maart waard yn de brassery fan Stania State by Oentsjerk yn in feestlike gearkomste de útslach bekend makke. De winner is wurden Jurjen fan der Meer fan De Jouwer mei syn oersetting ‘Yn ’e Dûnzen Dekbêdpolder’.

De sjuery, dy’t bestie út Truus de Vries, Eric Hoekstra en André Looijenga, hie dêrneist wurdearring foar de oersettingen fan Liuwe Westra út Lollum, Swaan Postma út Eastermar en Durk Dijkstra út Berltsum.

It sjueryrapport is hjir oan te klikken en de winnende tekst hjir.

Der oersetting fan Liuwe Westra is hjir oan te klikken en dy fan Durk Dijkstra hjir. De bedoeling is dat oare teksten meikoarten op It Nijs te finen wêze sille.

De gearkomste waard opfleure troch Chris Kalsbeek mei syn muzikanten fan Friersk. In pear dielnimmers oan de wedstriid makken gebrûk fan de gelegenheid om harren eigen fers te sjongen.

Pier Bergsma (rjochts), foarsitter fan de Ried, langet Jurjen van der Meer it prizetaske oer. Foto: Nanne Hoekstra
Facebooktwittermail

Robert Frost yn it Frysk

ALDSYL – Yn Aldsyl City of Literature is moandei 18 maart ferskynd de blomlêzing In rûgel wyt. Gedichten fan Robert Frost, seleksje en oersetting troch Abe de Vries.

In rûgel wyt wurdt oanbean as frij del te laten e-book en befettet 32 Fryske oersettingen fan gedichten fan de Amerikaanske dichter Robert Frost (1874-1963). Frost, in tiidgenoat fan Obe Postma, wie de ferneamdste Amerikaanske dichter fan de earste helte fan de tweintichste iuw; hy krige fjouwer kear de Pulitzer Prize takend. Net earder is der in blomlêzing yn it Frysk út syn wurk publisearre.

Om reden fan copyright befettet de bondel net de Ingelsktalige orizjinelen. In rûgel wyt is del te laden fia it weblog fan de oersetter (www.seedyksterfeartfisk.blogspot.com) of fia syn Facebookside.
Earder al brocht De Vries syn njoggende dichtbondel, Mienskar, op dizze demokratyske wize út. Mei de twa e-bookútjeften komme hast santich Frysktalige gedichten foar in breed publyk fergees beskikber.

Abe de Vries (1965, Winaam) hat ûnder mear njoggen dichtbondels publisearre. Yn 2005 waard him de Gysbert Japikspriis takend foar syn twadde bondel In waarm wek altyd (2004).

Fia dizze keppeling is In rûgel wyt te lêzen.

De bondel Mienskar is fia keppeling link te lêzen.

Facebooktwittermail

Njoggende bondel fan Abe de Vries as e-book

ALDSYL – Tongersei 14 maart is te Aldsyl presintearre de njoggende dichtbondel fan dichter en Gysbert Japicxpriis laureaat Abe de Vries, titele Mienskar.
 
De bondel is subsydzjefrij ta stân kaam en papierfrij inkeld as e-book útbrocht. De pdf is fergees del te laden fia www.seedyksterfeartfisk.blogspot.com en it Facebook-account fan de auteur.

Mienskar befettet 35 sonnetten dy’t har rjochtsje tsjin it fan minsken ferjarre (keunst)klimaat yn Fryslân en foarmet op syn eigenwize wize in wjerlûd fan Rintsje Sybesma syn Ta de moarn.
 
Abe de Vries (1965, Winaam) debutearre yn 2002 mei de bondel De weromkommer yn it ûnlân en krige yn 2005 foar syn twadde bondel In waarm wek altyd (2004) de Gysbert Japicxpriis takend. Underskate fan syn bondels waarden dêrnei noch nominearre foar ‘de Gysbert’.

Facebooktwittermail