Nijs

DINGtiid siket bestjoerslid Fryske taal en kultuer

It bestjoer fan DINGtiid nûget elkenien út om te sollisitearjen op de fakatuere fan bestjoerslid Fryske taal en kultuer fan DINGtiid. DINGtiid is it wetlik advysorgaan foar de Fryske taal en hat as taak om de gelikense posysje fan de Fryske en Nederlânske taal yn Fryslân te befoarderjen. Dat docht DINGtiid ûnder oaren troch te advisearjen oan it Ryk en Provinsje Fryslân en ûntjouwingen oangeande it Frysk te sinjalearjen.

It bestjoer fan DINGtiid bestiet út fiif leden en wurdt stipe troch in stêfburo. Elk bestjoerslid hat in eigen portefúlje (bgl. Frysk yn de media, it rjocht of it ûnderwiis) en wurdt beneamd foar de perioade fan fjouwer jier, mei de mooglikheid ta ien kear werbeneamen. Der is no in fakatuere ûntstien troch it tuskentiids tebekstappen fan ien fan de bestjoersleden.

Mear ynformaasje oer de ynhâld fan de funksje is te finen op de reachside fan DINGtiid. Of nim kontakt op mei Jan Koster (foarsitter DINGtiid), telefoan 06 20967266.

Read More

Skriuwersarke

Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân. (Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthûs yn Bergen, Noard-Hollân beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop.

Skriuwers of dichters dy’t noch net earder yn totaal seis wiken yn de arke oan it wurk west hawwe, kinne oanjaan hokker wiken (net mear as seis) hja nei de arke ta wolle. It giet om it simmerskoft mar oare winsken binne yn oerlis ek mooglik. Op dizze wize hoopje wy safolle mooglik skriuwers en dichters in kâns te jaan om yn de arke oan it wurk te kinnen.

De Skriuwersarke

It doel is dat de arke brûkt wurdt as plak dêr’t de skriuwers en dichters alle gelegenheid krije om te wurkjen. It is net as ‘simmerhúske’ bedoeld. Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en telefoan is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet in hierkontrakt, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum út it saneamde ‘Tamminga-Piebenga-Fûns’, wylst it ûnderhâld fan de arke en de fêste lêsten dêrfoar bekostige wurde troch datselde fûns en It Fryske Gea.

Belangstellenden kinne har oant 1 febrewaris 2023 skriftlik oppenearje by Pieter de Groot, skriuwer fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, De Koarte Baan 11, 8731 DX Wommels. Dêrby moat neist de perioade ek oanjûn wurde wat de skriuwer/dichter fan doel is te dwaan. In kommisje út it bestjoer fan de Stifting FLMD makket de kar hokker skriuwers/dichters fan de arke gebrûk meitsje kinne. Mocht it yn 2023 net slagje om plak te krijen, ek yn 2024 wurdt de arke wer foar skriuwers en dichters iepensteld.

Read More

Weromsjen op Transpoesie

Sytse Jansma

Septimber fielt al wer lang lyn, mar eins ek al wie it noch mar juster… even mei de eagen knipperje en it is alwer Kryst…

Sytse Jansma hat, ynspirearre troch it Transpoesie-festival yn Brussel dêr’t er optrede mocht, in ferhaal skreaun, Kafee ‘Goupil le Fou’. It ferhaal is hjir te lêzen.

Wy hoopje dat it festival kommend jier wer trochgiet en dat ús feedback oer de organisaasje meinommen wurdt om it in nóch moaier poadium te meitsjen foar Fryske dichters.

Mear lêze oer Transpoesie? Dat kin op de reachside fan Transpoesie. Hjir binne û.o. gedichten te finen en ek mear ynformaasje oer de dielnimmers út de ferskate lannen.

Read More

Professoraat Frysk

Hjoed is der út namme fan It Skriuwersbûn in iepen brief skreaun oan de Provinsje oer de posysje fan it Frysk en de learstoel oan de RUG. Dit brief is hjir te lêzen.

De Fryske literatuer hat in soad belang by in akademyske oplieding dêr’t ek literatuerstúdzje en -ûndersyk in substansjeel ûnderdiel fan útmeitsje. Wy dogge dêrom in berop op it Kolleezje en de ferantwurdlik Deputearre om en har yn te setten foar behâld en ûntjouwing fan de oplieding en de learstoel.

In Nederlânsktalige brief is ek ferstjoerd nei de ferantwurdlik Minister, fr. H. Bruins-Slot.

(Sjoch ek de berjochten op de reachside fan Omrop Fryslan, It Friesch Dagblad en de Ljouwerter Krante)

Read More

Portret fan Gysbert Japicxpriiswinner Eeltsje Hettinga ûntbleate

Op fersyk fan Tresoar hat Elske Schotanus in portret makke fan Eeltsje Hettinga. Hettinga (1955) krige ferline jier de Gysbert Japicxpriis 2021 foar poëzy.

It portret (oaljeferve op linnen fan 59,5 by 59,5 sm.) is te bewûnderjen yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar. Yn dizze seal hingje ek de oare portretten fan de Gysbert Japicxpriiswinners.

De makker, Elske Schotanus (1957), is net allinne skilder, mar ek skriuwer. Yn har wurk leit se har de lêste tiid hieltyd mear ta op in kombinaasje fan skriuwend en byldzjend wurk. Har lêste wurk is de graphic novel ‘Kyra’ (2022).

Read More

Richthofenkolleksje no Memory of the World

In unikum yn Fryslân, Nederlân, en ek de wrâld – sa beskreau direkteur Arjen Dijkstra de Richthofenkolleksje dy’t sûnt juster offisjeel ynskreaun stiet yn it Nederlânske Memory of the World-register fan Unesco.

Direkteur fan Tresoar, Arjen Dijkstra, krijt de Unescoflagge oerlange troch Martin Berendse fan it Memory of the World-komité

De Richthofenkolleksje bestiet út tsien letmidsiuwske en iermoderne rjochtshânskriften, makke tusken sa. 1350 -1600. It binne kopyen fan âldere, net bewarre bleaune rjochtshânskriften, en se steane dêrmei yn in tradysje dy ’t mooglik al weromgiet oant de alfde iuw. De ynhâld is soms sels noch âlder: guon bepalingen stamme út it earste millennium, doe ’t rjocht noch oraal oerdroegen waard. De kolleksje waard om 1800 hinne byinoar brocht troch de Ljouwerter notaris Petrus Wierdsma (1729 -1811) en yn 1858 ferwurven troch de Dútske rjochtsgelearde Karl von Richthofen (1811 -1888 ). De Provinsjale Biblioteek fan Fryslân (rjochtsfoargonger fan Tresoar) kocht de kolleksje mei help fan in crowdfundingsaksje yn 1922 oan – eksakt in iuw lyn. De kolleksje docht tinken oan de iere, ‘ Fryske faze ’ fan de heitelânske skiednis, mar jout ek ynsjoch yn lettere politike en maatskiplike ûntwikkelingen by de hiele Waadkust del. De histoaryske en wittenskiplike wearde foar de kennis fan it midsiuwske rjochtlibben en (taal)lânskip is ûnskatber (tekst fan de Unesco-reachside).

Ien fan de boeken fan de Richthofenkolleksje

Foar dit projekt is in soad wurk fersetten troch de ûndersyksgroep Pastei. Mear ynformaasje is ek te finen op de spesjale reachside fan Tresoar.

Read More

Aktiviteiten yn novimber

De kommende wiken bart der wer in soad yn de Fryske (boeke)wrâld. Hjir even in koart oersjoch fan eveneminten dy’t op de aginda steane. By de measten is in oanmelding wol nedich of winsklik, dus besjoch de reachsiden foar mear ynformaasje!

3-6 novimber: Slappe Douwe, Theater De Bres (www.theaterdebres.nl)

5 novimber: Dingtiidlêzing, 10.00 oere, Koperen Tún (www.dingtiid.frl)

5 novimber: Boekpresentaasje Abe en de Aardichman, 11.00 oere, Afûk (www.afuk.frl)

6 novimber: De oarloch fan Jan Snip, Ferdinand de Jong en Gurbe Douwstra, 15.30-18.00 oere, Podium Gorter, Balk

11 novimber: Fryske Freed

18 novimber: Ferhalejûn, oeral yn de provinsje (www.verhalenavond.nl)

19 novimber: Fedde Schurerlêzing, 15.00 oere, Tresoar (www.tresoar.nl)

22 novimber: Mercator Meartaligenslêzing, 16.00 oere, Zoom (sjoch op www.eblt.nl)

24 novimber: ALG, 19.30 oere, Tresoar (www.skriuwersboun.nl) – stikken en ynformaasje oer it programma wurdt de leden noch tastjoerd en hjir ek publisearre

25 novimber: Fremibû, 16.30 oere, Café Wouters

Read More

Boekemerk!

In Skriuwerswykein is fansels neat sûnder boeken.

Fan alle oanwêzige skriuwers is der it heule wykein wurk beskikber om yn te sjen en te (fer)keapjen. Op snein binne ek besikers ‘fan bûten’ tige wolkom. Lêzers kinne mei skriuwers yn petear. Fansels kin der sinjearre wurde! De boekemerk is oanslútend op de lêzing fan Doeke Sijens oer it libben en wurk fan Trinus Riemersma, dy’t om 10.30 oere úteinset (skatting: 12.00 oere).

Under oare sil Utjouwerij Elikser – de útjouwer fan it boek “De lêste oerstek” fan Brian McGilloway, ús gast op freedtejûn – oanwêzich wêze mei in tafel fol boeken. Ek skriuwers as Jetske Bilker, Janneke Spoelstra, Willem Verf, Sigrid Kingma en Hilda Talsma binne der (ûnder foarbehâld) mei nij en âlder wurk te finen!

Kom del mei wat jild yn de beurs of de tillefoan mei in aktivearre bank-app (want mei Tikkies kin in soad yn dizze tiid!)

Read More

Tialda Hoogeveen wurdt de nije Berneboeke-ambassadeur!

Foto fan Tialda Hoogeveen makke troch Joke Schut

Tialda Hoogeveen is fan takom jier ôf Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, sa waard by de presintaasje fan de Fryske oersetting fan it Berneboekewikegeskink, Beamhutferhalen, te healwiis om te fertellen – oant no ta! troch Martsje de Jong, bekendmakke. Fan jannewaris 2023 ôf sil sy Lida Dykstra opfolgje.

De Berneboeke-ambassadeur set har yn om lês- en boekewille te fersprieden en bringt dêrfoar berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk. Troch besykjes oan skoallen en oare ynstelingen jout se de promoasje fan it berneboek in werkenber gesicht.

De Berneboeke-ambassadeur is in projekt fan Boeken fan Fryslân. Mear ynformaasje is te finen op de reachside fan www.berneboekeambassadeur.frl.

Read More

Transpoesie 2022

Mei 19 nije dichters en de tema’s “European Year of Youth” en “Poets from Black Europe” komt it internationale poëzyfestival dit jier foar de 12e keer werom.

Van 26 tot 28 september in Brussel
Yn 2011 waard Transpoesie, it poëzyfestival dat jierlikse plakfynt o 26 septimber, op de Europeeske Dei fan de Talen, foar it earst hâlden. Transpoesie fiert it taalferskaat binnen Europa mei dichters fan alle sjenres en leeftiden, en gedichten yn safolle mooglik ferskillende Europeeske talen – sawol nasjonaal as regionaal. It doel fan it festival is twafâldich: it befoarderjen en bewustmeitsjen fan it taalkundich ferskaat en it oanbieden fan in platfoarm foar dynamyske en persoanlike útwikselingen tusken skriuwers, útjouwers en kulturele ynstellings. Transpoesie wurdt organisearre troch EUNIC Brussels (it lokaal netwurk fan de European Union Institutes for Culture) yn gearwurking mei ferskate Belgyske partners en fynt PLAK yn ferskate romten sawol yn de Europeeske haadstêd as ek online. De dichters presintearje dêr harren wurk yn de oarspronklike taal mei oersettingen yn it Frânsk en it Nederlânsk. Under dy talen fynt men foar de hjoeddeiske edysje: Baskysk, Nederlânsk, Ingelsk, Faeroers, Frânsk, Frysk, Georgysk, Dútsk, Hongaarsk, Italiaansk, Litousk, Poalsk, Portugeesk, Roemeensk, Sloveensk, Spaansk en Welsh.

De hjoeddeiske edysje, dy ’t fan 26 septimber oant en mei 28 septimber plakfynt, draait om de tema’s “European Year of Youth” en “Poets from Black Europe”. It programma omfettet trije eveneminten, dy ’t elk op in ferskillende lokaasje hâlden wurde. De earste twa dagen steane yn it teken fan poëzy as literêre taflechtsoard foar jonge keunstners (European Year of Youth) en de lêste dei is wijd oan Poets from Black Europe. Yn it earste part fan it evenemint sille dichters har bûge oer de tema’s mentale sûnens, de deistige problemen fan it libben, identiteit en komôf. Foar it twadde part hawwe Bozar en EUNIC Brussel fiif skriuwers útnûge dy ’t dielnamen oan de anthology “Kontinentaldrift: Das Schwarze Europa” fan de auteur Fiston Mwanza Mujila. Harren poezy daget sawol it konsept fan de diaspora as dat fan de nasjonale literatuer út. It wurk beweecht him tusken persoanlike, kollektive en universele mytology en is bewoartele yn ferskillende tradysjes: de muzyk en de oraliteit fan de Afrikaanske poëtyske tradysje en de kanonisearre teksten fan de Europeeske poëzy.

It detaillearre programma fine jo hjirûnder:
26 septimber – 17:30 yn de “Tuin van de burgers”, Vautierstraat 62, 1050 Brussel
European Year of Youth: Poetry as a literary refuge for young artists
Moderator: Nicky Aerts
Dielnimmers: Lemuël de Graav (Nederlân), Anastasia Gavrilovici (Roemenië), Abraham
Guerrero Tenorio (Spanje), Sytse Jansma (Fryslân), Zuzanna Bartoszek (Polen), Dania O. Tausen (Faeröer eilannen)
Registrearje jo fia de link: https://forms.gle/h2kpCC64zNTqHzvQ8


27 septimber – 19:00 yn it “Instituto Italiano di Cultura”, Livornostraat 38, 1000 Brussel
European Year of Youth: Poetry as a literary refuge for young artists
Moderator: Nicky Aerts
Dielnimmers: Ana Svetel (Slovenië), Ieva Toleikyte (Litouwen), Grug Muse (Wales),
Beatriz Chivite (Baskenlân), Dawn Watson (Noard-Ierlân), Iona Lee (Skotlân)
Registrearje jo fia de link: https://forms.gle/WBytn5RPxC3rheYU8


28 septimber – 19:30 yn “Bozar”, Studio, Ravensteinstraat 23, 1000 Brussel
Poets from Black Europe
Moderator: Kopano Maroga
Dielnimmers: Radna Fabias (Nederlân), Ubah Crisitna Ali Farah (Italië), Raquel Lima (Portugal), Fiston Mwanza Mujila (Eastenryk), Roger Robinson (VK)
Ynfo en kaartsjes: https://www.bozar.be/fr/calendrier/literature-talk-poets-black-europe

Sjoch op de reachside foar mear ynformaasje, en folgje it festival op de sosjale media: @Transpoesie
Facebook-evenemint: https://fb.me/e/1Jb3OO1G7

Read More
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10
Facebooktwittermail