Simen de Jong – Lentes Liefdesvrucht

It nijste boek fan Simen de Jong, ek wol bekend as Simen Oetie, is no útjûn by de Gooibergpers. Yn Lentes Liefdesvrucht, in lang gedicht yn proaza, skriuwt er oer it langjen nei in leafde.

“Mei Lentes Liefdesvrucht” sa fertelt Simen, “ha ik in ‘Litany fan langjen’ skreaun. De tekst komt út eardere skriuwsels fan wol 63000 wurden op sa’n 300 ansichtkaarten, stjoerd nei in as wier betochte mar ûnberikbere leafde. It wurk wurdt as poëtysk proaza lêzen.

“De tekst is in aparte ‘niche’ yn skriuwerslân. De reaksjes fan de lêzers binne tige ferskillend, de ien goait de bondel mei walging nei in pear siden lêzen yn ‘e fierste hoeke, in oar lêst it yn ien hoart út en begjint wer op ‘e nij…

“De dûmny, hjir deunby, lêst eltse jûn de frou in side foar as it notiidse Heechliet, faaks wol hja dan noch mear foarlêzen hawwe, mar sy binne fan utens. De Friezen fine it tefolle ‘oer de top’, dy lykje te nochteren. Sa fûn Annet Huisman fan de Fryske Omrop it net ‘har ding’ en woe útjouwer De Hispel gjin Fryske útjefte. Mar no dus wol in Ingelske oersetting mei it foardiel dat it boek al yn Australië, Frankryk, Ierlân, de Feriene Steaten en Dútslân lêzen wurdt.

“Lykwols is it boek net samar te krijen, de winkels binne ommers sluten. It boek fynt syn wei fan de skriuwer en útjouwer fia fia… en is al oan de tredde printing ta. Dit komt ek troch dat de ynkomsten nei in ‘goed doel’ geane: de PEN-club, har Emergency Fonds dat opkomt foar de skriuwers dy’t ferfolge wurde of yn finzenissen opsluten, jo stypje mei de keap fan it boek dus ek it frije wurd wrâldfier. 

“It boek is in kearboek wurden, mei de Ingelske oersetting fan Trevor Scarse: Spring’s Fruits of Love. It wurdt no as in geskikt kado foar Valentijnsdei sjoen...

Stipe oan de PEN

Mei dit boek kinne jo ek de PEN-club, Poets Essayists Novelists Club, stypje, spesifyk it PEF, it PEN Emergency Fund, festige yn Nederlân. Dit fûns ûndersteunt skriuwers, sjoernalisten en útjouwers dy’t yn gefaarlike sitewaasjes en lannen opereare. Sjoch foar mear ynformaasje: www.penemergencyfund.com.

Minsken dy’t it boek keapje wolle meie sels de priis bepale, it bedrach boppe de kostpriis fan 14 euro wurdt donearre oan it PEN Emergency Fund.

Kinst it boek bestelle by de Gooibergpers yn Bussum of by Simen de Jong: simendejong@gmail.com.


Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *