Bettere beleanning en promoasje fan Fryske skriuw(st)ers

It bestjoer fan it Skriuwersboun hat justerjûn yn Tresoar it rapport fan harren Wurkgroep Honoraria presintearre. Yn dit rapport stean in tal fan advizen om de Fryske skriuw(st)ers te stypjen:

a) minimum-tariven foar optredens en wurk yn opdracht
b) de oanbefelling om wer 50% fan de royalties as foarskot te freegjen yn it kontrakt mei de útjouwer
c) Boeken fan Fryslân te fersterken troch bettere en mear promoasje te meitsjen foar de Fryske literatuer troch jierliks in tal spearpuntboeken sa grut mooglik yn it publike domein te promoatsjen

It folsleine einrapport is taheakke yn de mail. It plan waard goed ûntfongen troch de oanwêzige minsken en organisaasjes yn de seal, lykas Pier Bergsma, foarsitter fan de Rie fan de Fryske Beweging. Wy sille hjir ferfolch oan jaan troch, as earste, yn petear te gean mei de Provinsje Fryslân.

Facebooktwittermail

Jûn yn it teken fan dichteresse Rixt yn Tresoar

Op 12 april organisearje de Freonen fan Tresoar in jûn yn it teken fan dichteresse Rixt: in pseudonym fan Hendrika Akke van Dorssen (1887-1979). Rixt wie de earste froulike dichter dy’t yn 1953 de Gysbert Japicxpriis wûn foar har bondel De Gouden Rider (1952).

Op it programma

  • Wolkom troch it bestjoer Freonen fan Tresoar
  • Lêzing oer it wurk en de betsjutting fan Rixt yn de Fryske literatuer troch Meindert Reitsma, adviseur Fryske literatuer by Tresoar
  • Foardracht fan 5 dichters fan it Fryske dichterskollektyf RIXT

Ûnder de lêzing giet Meindert yn petear mei de hear Renze Yetsenga. Yetsenga hat de dichteresse persoanlik kennen en is in fier famyljelid fan har. Ek sil gebrûk makke wurde fan lûdsopnamen fan Rixt, dy’t yn it argyf fan Tresoar bewarre wurde.

Nei it skoft sille in tal dichters fan it Frysk dichterskollektyf RIXT wurk fan de dichteresse en fan harrensels oer it fuotljocht bringe. De folgjende dichters binne oanwêzich op ‘e jûn: Janneke Spoelstra, Tryntsje van der Veer, Syds Wiersma, Anne Heegstra en Ypie Haitsma.

Hendrika Akke van Dorssen skreau poezij ûnder it pseudonym fan Rixt

Nijsgjirrich en dizze jûn bywenje? Meld dy oan!

Oanmelde kin fia info@tresoar.nl. Fermeld yn de mail oftst al Freon bist fan Tresoar of datst dizze jûn as gast bywenje wolst.

Praktyske ynformaasje

  • De jûn begjint om 19.30 oere, mei ynrin fan 19.15 oere ôf.
  • De jûn is fergees by te wenjen foar Freonen. As gast betellest € 5,00 de man/frou. Dit bedrach is kontant te foldwaan op de jûn sels.
  • Lokaasje: Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert
  • Parkeargelegenheid: Parkeargaraazje Oldehove
  • De jûn is yn it frysk
Facebooktwittermail

Fryske Graphic Novel “Kyra” fan Elske Schotanus

Sneon 9 april – by de start fan de nasjonale Boekewike – presintearret skriuwster Elske Schotanus har nijste boek, de Graphic Novel Kyra, by de Afûk yn Ljouwert. Sawol de tekst as de yllustraasjes binne fan har hân. Nei har Facebook-roman De Raven (2020) ferrast Schotanus mei Kyra it publyk op ’e nij mei orizjineel, fernijend wurk.

De Graphic Novel Kyra spilet yn it jier fan de Rôt, it jier dat covid-19 elk syn libben behearsket. Foarseinen astrologen in jier skaaimerke troch lef en fertrouwen, it boadskip fan firologen soe ynearsten ienigens en letter ôfstân bringe. Kyra is de skiednis fan it ferlies fan in leafde tsjin in kleurrike achtergrûn fan sawol ienriedigens en ferbûnwêzen as eangst en skeel.

Facebooktwittermail

Nije bondel Tsead Bruinja ‘Ynbêde / Ingebed’

De ein fan in moai houlik, it begjin fan in nije leafde en tagelyk as Dichter des Vaderlands by fersoargingshuzen del om mei âlderen te praten oer harren bernetiid, wurk en relaasjes, wylst in goeie freon stoar en in bêste freondin slim siik waard, sa seagen Tsead syn ôfrûne jierren derút.

De bondel fertelt persoanlike ferhalen oer leafde, mar docht ek ferslach fan de skiednissen fan pasifist Willy Geijlvoet (1936-2020) dy’t yn 1944 mei syn âlders rinnende it platbombardearre Arnhem ûntflechtsje moast, fan âld-timmerman Auke Groenhof (1929-2020) waans heit yn dyselde oarloch geskutskoepels bouwe moast yn Frankryk en ûnder de flieën wer thúskaam en fan Helen Bergen (Willemstad, 1939) fan wa’t de libbensreis begûn op Kurasao dy’t fia Suriname nei Nederlân late dêr’t se leaver de stoptrein pakte as de intercity omdat se dan alle doarpen en stedsjes dy’t se op skoalle leare moatten hie no ris rêstich yn it echt sjen soe.

De bondel wurdt útjûn troch de Afûk.

Facebooktwittermail

Presintaasje Wurkgroep Honoraria op 7 April

It Skriuwersboun hat ferline hjerst in kommisje ynsteld dy’t har dwaande hâlden hat mei de fraach: hoe komme wy ta in bettere beleanning fan Fryske skriuwers. Dy kommisje hat in einrapportaazje presintearre mei in tal útstellen, dy’t it Skriuwersbounbestjoer oernommen hat. It giet om In tal konkrete en praktyske maatregels, dy’t relatyf ienfâldich te realisearjen binne.

De presintaasje hjirfan fynt plak op

TONGERSDEITEJÛN 7 APRIL 2022, 19.30 OERE YN TRESOAR, BÛTERHOEKE 1, LJOUWERT.

Foar de realisaasje fan dizze plannen is meiwurking nedich fan

  • de leden fan it Skriuwersboun
  • de redaksjes fan (diels) Frysktalige tydskriften
  • de omrop
  • organisaasjes dy’t literêre eveneminten organisearje
  • de provinsjale en regionale kranten
  • útjouwers
  • biblioteken
  • Tresoar
  • ‘Boeken fan Fryslân’
  • de provinsje Fryslân
  • minsken dy’t graach Frysk lêze meie.

Alle boppesteande persoanen en organisaasjes binne op 7 april wolkom.

It plan wurdt dan presintearre en der leit in brosjuere klear dêr’t de útstellen yn beskreaun en taljochte wurde.

Oant 7 april! It bestjoer fan it Skriuwersboun.

Facebooktwittermail

Tsead Bruinja op toer mei ZEA

Fan 2 april oant 25 juny toere sjonger ZEA en Tsead Bruinja troch Fryslân.

Dichter Tsead Bruinja draacht by de Skuorre- en Tsjerketoer wurk út syn bondel Ynbêde / Ingebed foar, foar in part yn gearspul mei ZEA. Ynbêde / Ingebed komt op 25 maart út by de Afûk. De bondel fertelt persoanlike ferhalen oer leafde en libben yn in rûzige perioade fan Bruinja syn libben, mar ek libbensferhalen fan oaren. Tsead Bruinja: “As Dichter des Vaderlands gie ik mei Arnold, in (wikseljende) gastdichter en fotografe Rosa van Ederen by Fryske fersoargingshuzen lâns. Dêr gienen wy yn petear mei âlderen oer harren jeugd en libben, en dêrnei ferwurken wy dat meielkoar yn in lietsje.” De toer droech by oan de bân tusken De Boer en Bruinja: “De âlderen dielden hiel yntime persoanlike ferhalen mei Rosa, Arnold en my, ûnder oaren oer hoe’t sy de Twadde Wrâldoarloch meimakke ha. Dat soarge derfoar dat wy jûns yn it hotel oan it diner ek ferhalen begûnen te dielen oer ús âlders en pakes en beppes.”

De Skuorre- en Tsjerketoer is in koproduksje fan Explore the North en Popfabryk. De beide produksjehuzen Explore the North en Popfabryk wurkje faak meielkoar oan produksjes op it snijflak fan popkultuer en taal/literatuer. Explore the North en Popfabryk binne teffens koprodusint fan ZEA’s album Witst noch dat d’r neat wie. De bondel ‘Ynbêde / Ingebed‘ wurdt útjûn troch de Afûk.

De toer kaam ta stân mei stipe fan Emmaplein Foundation, Boersma-Adema Stichting, P.W. Janssen’s Friesche Stichting, it Nederlands Letterenfonds en Stichting Alde Fryske Tsjerken.

Facebooktwittermail

50% koarting op optredens fan skriuwers

Om te stimulearjen dat skriuwers wer frege wurde foar aktiviteiten no’t de koroanamaatregels ôfskaft binne, stelt de Schrijverscentrale en it Letterenfonds jild beskikber foar skoallen, bibleteken, boekhannels, en literêre en kulturele organisaasjes om soks wer te organisearjen.

Foar optreden tusken 1 maart en 1 oktober 2022 kin dizze organisaasjes subsydzje krije foar de helte fan de kosten (oant in maks fan 500 euro). It giet om optredens fan skriuwers dy’t fia de Schrijverscentrale boekt wurde en of binne. Dit jildt dus allinne foar skriuwers dy’t lid binne (of wurde!) fan de Schrijverscentrale.

Mear ynformaasje op de webside fan de Schrijverscentrale.

Facebooktwittermail

Fûgelfaai: poëzij foarstelling troch it B.O.D.-selskip

Op sneon 26 maart wurdt yn it Húskeamerteäter ‘De Wier’ yn Koarnjum ‘fûgelfaaie’ poëzije foardroegen. Yn dizze multymediale foarstelling fan it B.O.D.-selskip binne sawol Nederlânske as Fryske gedichten te hearren.

B.O.D.-selskip: Alwin van der Toorn, Erik de Boer en Lubbert Jan de Vries. Foto: Bob de Boer Photography

Op sneon 26 maart wurdt yn it Húskeamerteäter ‘De Wier’ yn Koarnjum ‘fûgelfaaie’ poëzije foardroegen. Yn dizze multymediale foarstelling fan it B.O.D.-selskip binne sawol Nederlânske as Fryske gedichten te hearren.

Alwin van der Toorn, Erik de Boer en Lubbert Jan de Vries binne dizze jûn yn Koarnjum de ‘Robin Hoods’ fan de ‘fûgelfaaie’ poëzij. De dichters litte foarm en ynhâld fan harren gedichten alle kanten út fleane. En it moed fan it gedicht skerp skommelje litte. Fan tear nei robúst. Fan rûch nei wreed en barbaarsk. Dan heart it mystyk en sierlik, dan wer grouwélich en fantastysk. Tagelyk litte de dichters romte foar betochtsumens en bespegeling. Somtiden liket de taal dy’t de dichters brûke wat maklik. Mar de rûgens hat in krêftich en fernuverjend effekt.

‘Fûgelfaaie’ poëzij (Outlaw Poetry) is in streaming yn de moderne poëzije mei woartels yn it Amearika fan de njoggentjinde iuw. Kaaifiguer fan dizze styl is de dichter Walt Whitman (1819-1892). It startskot fan de streaming wie syn bondel ‘Leaves of Grass’ út 1855. Yn de 20ste iuw waard ‘fûgelfaaie’ poëzij oppakt troch de frije tinkers fan de Beat Generation, Hippies en Punkers: opsketten stokerij, wjersin tsjin de elite en de massa. Dichters en skriuwers lykas Jack Karouac, jack Micheline en Patti Smith besochten de sleauwe dichters fan ‘it folk’ wekker te skodzjen.

Yn de 21ste iuw hat ‘fûgelfaaie’ poëzij noch altyd itselde karakter: neaken, koartsich, berucht en ûnbûchsum. Oer it leven fan skoppen, de opstân tsjin dysels en bûten dysels.

Datum: 26 maart 2022

Lokaasje: Huiskamertheater ‘De Wier’ – De Wier 5 – 9056 PM Koarnjum

Oanfang: 20.00 oere (ynrin om 19.30 oere)

Kaarten: €10.00 p.p.

Allinne tagong nei reservearjen fia (Bob de Boer) til. 06-54763154 of fia bobdeboer@pinupsanddowns.com

Facebooktwittermail

Fraachpetear tusken Jan en Reina

Jan H. Woudstra is ponghâlder fan it Skriuwersboun. Reina Greet Smeink – Kroodsma is kandidaat-bestjoerslid. Yn april wol se graach yn it bestjoer talitten wurde en de taken fan de sekretaris oernimme.

Reina fertel ris; wa is dyn heit wa is dyn mem?
Ik bin ien fan de fjouwer en dan de twadde fan Pieter en Nelie. Hikke en teine yn Jannum op ‘e buorkerij. Ik haw fan hûs út in protte leafde foar de natuer meikrigen. It wie dêr lyts en dochs grut om ’t ik alle romte hie dy’t ik nedich wie. Letter nei ‘de grutte stêd’ Dokkum op skoalle en dernei de noch gruttere wrâld yn.

Jan Woudstra en Reina Greet Smeink-Kroodsma – Foto: Pier Boorsma

En do Jan? Fan wa bist do der ien?
Wat grappich datsto dat seist fan de grutte stêd Dokkum. Ik bin opgroeid yn Ljouwert en by myn trouwen krekt keazen foar in lyts stedsje as Dokkum om de grutte stêd te mijden. As ik oan Jannum tink, dan tink ik oan dat moaie tsjerkje op in prachtige serene plak mei it moaie doopfont en sarkofagen. Ik haw dêr in ea filmke opnommen mei myn freon ds. Herman de Vries (sjoch mar ris op Youtube).
Sa at ik sei bin ik opgroeid yn Ljouwert. Us heit hjit Andries Woudstra en ús mem Klaaske Westerhuis. Ik bin fan hûs út totaal net Frysk wend. Heit komt út Rottefalle en mem út it Bilt. Thús (yn de grutte stêd Ljouwert) praten wy Biltsk. Troch myn frou Baukje, dy berne is yn Ie, kaam it Frysk om de hoeke. Dêrfoar haw ik allinne Fryske les hân yn it fuortset ûnderwiis.

Hoe gie dat mei taal by dy thús Reina? Ik nim oan in soad Frysk?
By ús thús waard yndied in soad Frysk praat. Us mem komt út it ûnderwiis en hat it altyd belangryk fûn dat wy ús ek goed yn ’t Nederlânsk fersteanber meitsje koene. De boekekast stie altyd fol. De leafde foar letters is altyd bleaun. By alle fjouwer trouwens. Dêr bin ik hiel tankber foar. 
 
Hoe bisto oant skriuwen kommen Reina, do wiest dus earst fysioterapeut?
Dat kloppet. En mei folle wille. Ik wie spesjalisearre yn geriatry en neurology en altyd ûnderweis om’t ik meastentiids de minsken thús behannele. Troch sykte hold dat frij hookstrooks op. Dat ha ik best wol hiel dreech fûn. Mar, ik bin fansels ien fan Pieter en Nelie en dy jouwe net samar belies. Dus ha ik neitocht oer wat de mooglikheden binne en kaam wer werom by de taal. Wannear’t ik der oer nei tink hat de leafde foar wurden nea fuort west en ha ik by alles wat ik oant no ta dien ha altyd dwaande west mei taal. Of dat no it genietsjen wie fan de ferhalen fan eartiids dy’t ik hearde as fysioterapeut of in folder dy’t ik makke, taal hat altyd in reade tried west. It ferhaal fan Reina, skriuwen, ferhalen en wurden, dat ferhaal giet noch hieltyd fierder. No as wurdsamler foar bern en stikem ek foar grutte minsken. 

Mear lêze? Sjoch hjir!

Facebooktwittermail

Fraachpetear tusken Jan en Reina Greet

Jan H. Woudstra is ponghâlder fan it Skriuwersboun. Reina Greet Smeink – Kroodsma is kandidaat-bestjoerslid. Yn april wol se graach yn it bestjoer talitten wurde en de taken fan de sekretaris oernimme.

Jan Woudstra en Reina Greet Smeink-Kroodsma – Foto: Pier Boorsma

Reina fertel ris; wa is dyn heit wa is dyn mem?
Ik bin ien fan de fjouwer en dan de twadde fan Pieter en Nelie. Hikke en teine yn Jannum op ‘e buorkerij. Ik haw fan hûs út in protte leafde foar de natuer meikrigen. It wie dêr lyts en dochs grut om ’t ik alle romte hie dy’t ik nedich wie. Letter nei ‘de grutte stêd’ Dokkum op skoalle en dernei de noch gruttere wrâld yn.

En do Jan? Fan wa bist do der ien?
Wat grappich datsto dat seist fan de grutte stêd Dokkum. Ik bin opgroeid yn Ljouwert en by myn trouwen krekt keazen foar in lyts stedsje as Dokkum om de grutte stêd te mijden. As ik oan Jannum tink, dan tink ik oan dat moaie tsjerkje op in prachtige serene plak mei it moaie doopfont en sarkofagen. Ik haw dêr in ea filmke opnommen mei myn freon ds. Herman de Vries (sjoch mar ris op Youtube).
Sa at ik sei bin ik opgroeid yn Ljouwert. Us heit hjit Andries Woudstra en ús mem Klaaske Westerhuis. Ik bin fan hûs út totaal net Frysk wend. Heit komt út Rottefalle en mem út it Bilt. Thús (yn de grutte stêd Ljouwert) praten wy Biltsk. Troch myn frou Baukje, dy berne is yn Ie, kaam it Frysk om de hoeke. Dêrfoar haw ik allinne Fryske les hân yn it fuortset ûnderwiis.

Hoe gie dat mei taal by dy thús Reina? Ik nim oan in soad Frysk?
By ús thús waard yndied in soad Frysk praat. Us mem komt út it ûnderwiis en hat it altyd belangryk fûn dat wy ús ek goed yn ’t Nederlânsk fersteanber meitsje koene. De boekekast stie altyd fol. De leafde foar letters is altyd bleaun. By alle fjouwer trouwens. Dêr bin ik hiel tankber foar. 
 
Hoe bisto oant skriuwen kommen Reina, do wiest dus earst fysioterapeut?
Dat kloppet. En mei folle wille. Ik wie spesjalisearre yn geriatry en neurology en altyd ûnderweis om’t ik meastentiids de minsken thús behannele. Troch sykte hold dat frij hookstrooks op. Dat ha ik best wol hiel dreech fûn. Mar, ik bin fansels ien fan Pieter en Nelie en dy jouwe net samar belies. Dus ha ik neitocht oer wat de mooglikheden binne en kaam wer werom by de taal. Wannear’t ik der oer nei tink hat de leafde foar wurden nea fuort west en ha ik by alles wat ik oant no ta dien ha altyd dwaande west mei taal. Of dat no it genietsjen wie fan de ferhalen fan eartiids dy’t ik hearde as fysioterapeut of in folder dy’t ik makke, taal hat altyd in reade tried west. It ferhaal fan Reina, skriuwen, ferhalen en wurden, dat ferhaal giet noch hieltyd fierder. No as wurdsamler foar bern en stikem ek foar grutte minsken. 


En fertel do ris Jan, oer dyn ferhaal. Wat betsjutte taal, kreativiteit en wurden foar dy? Wat is dyn skiednis?
Ik ha fan lyts oan myn tinzen byhâlden yn deiboeken. Myn kreativiteit kaam der earder út as etaleur by V&D mar troch te min oeren ha ik my omleare litten oant boekhâlder. Hiel wat oars dus. Myn kreativiteit kaam benammen yn myn frije tiid oant utering troch it betinken fan jeugdtsjinsten en organisearjen foar aktiviteiten foar jongerein. De lêste tiid doch ik dat foaral mei it jaan fan stedskuiers troch Joadsk Amsterdam/Ljouwert en Grins. 
Wat myn skiednis oangiet sit ik mei bêst in soad fragen. Sa joech myn heit flak foar syn dea my it boekje ‘Mystearjes yn Fryslân’. Dêr soe de moard op myn oerpake Jan Modderman yn beskreaun stean. Ik soe dêr hiel graach in roman oer wolle skriuwen. Wa wit ea. Ek de Joadske roots lizze my nei oan it hert. De Woudstra’s wiene Asjkenazische Joaden dy’t út Poalen en Dútslân wei harren fêstige ha yn Fryslân en njonken it oanpasse fan har namme harren hjir ynboargere ha.


Sis Reina hoe ûntstean de ideeën foar Tomke? Ik sjoch yn dy dat boartlike, of neam it ûndogens werom yn Tomke.
Myn ideeën ûntsteane spontaan troch in heugenis, in ferhaal fan eartiids of eat wat ik sjoch yn it deistich libben. Kinst eins wol sizze dat ideeën ûntstean troch it libben sels. Dat jildt foar alles wat ik skriuw. En ja, dat ûndogense stik fan my kin ik hiel goed kwyt by Tomke. Hearlik!

Lêst do wolris in Tomkeferhaal Jan?

Ik fyn it hearlik om in boekje fan Tomke foar myn pakesizzers foar te lêzen. Ek fyn ik it machtich de fantasy by myn pakesizzers te sjen en hearen wannear’t ik foarlês en fansels ek wat de ôfbyldingen by harren opropt. 
 
Wat fynst do it moaist it oan skriuwen en wat minst aardige yn it skriuwproses Reina?
De keunst om sa stil fan binnen te wurden dat ik de wurden heare kin dy’t graach skreaun wurde wolle, dat fyn ik de moaiste útdaging dy’t by it skriuwen heart. Ticht by mysels bliuwe en bliid wurde fan moaie fynsten, in moai wurd, in emoasje, in grapke. Ja, dêr doch ik it foar! Ik kin ek wier genietsje fan de prosessen derom hinne. De leuke kontakten mei kollegaskriuwers, gearwurkje, it hoe en wat fan de skriuwers- en útjouwerswrâld en hoe’t ik mysels deryn bliuwe kin. Allegearre moaie en learsume prosessen. De ienige dy’t ik oant no ta wier by tiden hiel yrritant fyn is it stikje Reina (of Greet) wat stikem yn myn ear flústeret en seit: tinksto wier datsto dit kinst? Wannear’t dat bart dan sjogge wy inoar djip yn ‘e eagen en lêsten hawwe wy inoar in high five jûn. It soe dus samar wêze kinne dat wy noch freonen wurde!


Hoe belibbest do it skriuwen Jan? Wat giet hast as fansels en wat fynsto in útdaging?
Ik genietsje fan it meitsjen fan myn gedichten. Dy ûntstean faaks troch it hearren fan in wurd as it goed is moat in gedicht der ek yn sa’n 5 minuten stean. Ik sit no yn it lêste stikje foar it útkommen fan myn 4de bondel. It manuskript giet in oantal kearen hin en werom fan my nei de útjouwer want do wolst fansels dat alles perfekt en sûnder flaters publisearre wurdt. Dizze perioade fyn ik it minst aardige fan it hiele proses.
 
Reina wy hawwe njonken de natuer en kontakten mei minsken neffens my noch in mienskiplike dieler: de dea. Ik wie rekke troch dyn ferhaal oer de snieflok.
Wat moai dat it ferhaal dy rekke hat. Ik haw it skreaun foar Tsjil. De dea is in ûnderwerp dat my dierber is. De dea is foar my breder as de dea sels. It betsjut in ein en tagelyk ek in nij begjin sa as in soad dingen dy’t it libben bringt. Soms moat der earst wat ophâlde foar’t der wat nijs komme kin.

Ik ha dyn bondel ‘In Gedichten Geweven’ lêzen. Wat my rekke is dat yn dyn wurden it libben en de dea wier ferweven binne. Dat fyn ik samar hiel moai en bysûnder.

De dea is troch it stjerren fan myn frou Baukje in part fan myn libben. Der oer prate fyn ik wichtich. Sa ûntstie ek it idee om der oer te skriuwen, te dichtsjen. Ik fyn it prachtich as troch myn wurden minsken dan rekke wurde.


Wolsto wat fertellen oer nije projekten. Reina?
Dizze simmer mei ik trije wiken mei Barbara de Ruiter gebrûk meitsje fan de Skriuwersarke. Dêr sjoch ik nei út! Twa jier lyn mocht ik der ek útfanhûs en ha ik in begjin makke mei Bûseskatten. Gedichten ynspireare op lytse skatten dy’t bern en folwoeksenen bûten fine en yn ‘e bûse stekke om te bewarjen. Barbara sil de yllustraasjes derby meitsje. Ik bin ek dwaande mei in boek fol mei Nederlânske wurden en ha dernjonken genôch oare ideeën. 
 
 
Wat stiet der by dy allegear noch op priemmen Jan?
Lykas sein sit ik yn lêste faze foar it útkomme fan bondel 4 ‘Verwerkt’ Gedichten. Dizze bondel ferskynt 21 maaie. Ik hâld dan in presintaasje yn de Sint Vitens tsjerke boppe op de terp fan Wetsens. Elkenien is fan herte wolkom op dy dei fan 13:30 oant 15:00! Ik ha dizze wike ek bondel 7 ôfrûne. Yn elke bondel steane 70 gedichten mei 10 dêr fan yn it Frysk. Elts jier ferskynt der in bondel dus ik bin oant 2025 yn it foarút! En wa wit ha ik no romte foar dy roman? 


En no dus mei-inoar yn it bestjoer fan de Skriuwersboun. Moaie ynspirearjende minsken om mei mei-inoar te wurkjen. 

Facebooktwittermail