Gysbert Japicxpriis 2021 foar Eeltsje Hettinga

Foto : Jacob van Essen

De Gysbert Japicxpriis wurdt dit jier takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy’t er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’. De priis wurdt op 6 novimber útrikt, as ôfsluter fan in wike mei literêre aktiviteiten.

De advyskommisje skriuwt yn it rapport: ‘Dizze dichter fynt himsels hast by alle gedichten opnij út, sa’t er dat earder ek al die by al syn bondels. (…) Dat makket ‘Dichter fan Fryslân’ ta it bêste dat de Fryske poëzij de ôfrûne jierren opsmiten hat.’

De advyskommisje fan dit jier bestiet út Nynke Heeg, Hein Jaap Hilarides en Jannes van der Velde. Hja ha wurk beoardiele dat publisearre is yn de perioade 2017 oant en mei 2020. Gewoanwei wurdt de Gysbert Japicxpriis takend oan in bondel/roman of oeuvre, mar de advyskommisje fan dit jier is fan miening dat de publikaasjes yn de Fryske media, in spesjale útjefte (as bylage by beide Fryske kranten) en op de webside fan ‘Dichter fan Fryslân’ foldwaande binne om de ienheid fan it wurk dúdlik te meitsjen.

Oer Eeltsje Hettinga

Eeltsje Hettinga (Burchwert, 1955) wurke jierrenlang as selsstannich sjoernalist. Yn 1998 debutearre er mei Akten fan Winter (bekroand mei de Fedde Schurerpriis), syn bondel Ikader waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013. Neist de publikaasje fan fiif poëzybondels is er op oare mêden literêr aktyf as oersetter en skriuwer fan monografyen en essays. Ek wurket er gear mei byldzjend keunstners en skriuwt er al jierren op syn eigen blog.

Eeltsje Hettinga waard as earste ‘Dichter fan Fryslân’ beneamd mei as doel om as ambassadeur op  moderne en útnûgjende wize soarch te dragen foar de poëtyske presintaasje fan Fryslân en aktualiteit en sosjaal-maatskiplike tema’s te fangen yn poëzy. Yn dy perioade (2017-2019) skreau er hast tritich gedichten.

Oer de útrikking

De Gysbert Japicxpriis wurdt sneon 6 novimber útrikt yn kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert. De priis bestiet út in oarkonde, 10.000 euro en der komt 5.000 euro beskikber om it wurk oersette te litten.

Yn de wike foarôfgeand oan de priisútrikking wurdt troch Tresoar en oare organisaasjes in literêre wike mei ferskate aktiviteiten organisearre. Dêroer folget meikoarten mear ynformaasje op de webside fan Tresoar (www.tresoar.frl).

Facebooktwittermail

Optreden Cornelis van der Wal op Transpoesie festival op 14 oktober

Op 14 oktober sil Cornelis van der Wal optrede op ien fan de eveneminten fan it Transpoesie poëzijfestival yn Brussel. Hy sil tegearre mei fiif oare dichters út hiel Europa – Being Bergsson fan de Faroe Eilannen, Kārlis Vērdiņš út Litouwen, Rita Kogan út Israel, Ondřej Macl út Tsjechië en Radu Bata út Roemenië – it poadium fan de biblioteek Muntpunt op gean.

It Transpoesie festival fynt plak fan 23 oant en mei 21 Oktober mei ferskate eveneminten, sawol online as offline. It festival wurdt organisearre om de Europeeske Dei fan Talen en Taaldiversiteit (26 septimber) te fieren. De eveneminten bestean út lêzingen en panels dy’t ferskate ûnderwerpen besprekke rûnom it tema To be in the (k)now – poetry as a means of social expression. Sa wol it festival it bewustwêzen fan it taalferskaat binnen Europa fergrutsje.

Foar mear ynformaasje hâld www.transpoesie.eu en harren Facebook pagina yn de gaten.

14 oktober optreden
Dichter Cornelis van der Wal
Facebooktwittermail

Skriuwworkshop by foarstelling Vader & Zoon

Tryater en Wittermans Producties reizgje meikoarten mei Vader & Zoon troch de provinsje. By de foarstelling wurdt der in oanfoljend programma (Tryater Rûnom) organisearre foar ynteressearre skriuwers. Besjochst de foarstelling, dochst mei oan in skriuwworkshop en meist úteinlik dyn wurk presintearje yn in profesjoneel opnommen podcast.

Tweintich jier lyn spilen Joop en Mads Wittermans ek dizze foarstelling. No stean se wer tegearre op it toaniel, mar der is wol wat feroare! Yn de foarstelling fan doe hie heit lêst fan in midlifecrisis en wegere soan, nettsjinsteande ynspanningen fan syn heit, te foldwaan oan de noarmen fan de maatskippij. Anno 2021 sit de soan tsjin in midlifecrisis oan en liket er konformist wurden te wêzen. Wylst yn heit de anargist wekker wurdt; hy set him ôf tsjin alle regels dy’t it âlder wurden en de oankommende dea mei har meibringe. De rollen binne dus folslein omdraaid, of leit it wat oars?


Wat we dwaan sille.
De tekst foar Vader&Zoon is skreaun torch seis ferskillende skriuwers. Jan Veldman (ien fan de seis skriuwers en dramaturch) en Liesbeth Coltof (regisseur) hawwe op keunstige wize dy ferhaallinen mei elkoar ferflochten ta ien ferhaal. Troch dizze wurkwize krijt it ferhaal faak nuvere wendingen en krije de personaazjes nuvere karkatereigenskippen. Dit wurdt ek wol ‘idiosynkrasy’ neamd.

Graach wolle we mei dy dizze skriuwtechnyk ûndersykje. Proazaskriuwers, dichters, toanielskriuwers, spoken-word artists sille neidat se de foarstelling besjoen hawwe mei elkoar oan ‘e slach om ta in dialooch te kommen tusken in heit en in soan. Ynterdisiplinêr en meielkoar skriuwe dus!

Wat foar dy?
Troch dy op te jaan foar dit skriuwaventoer dûkst yn de tematyk fan de foarstelling en silst mei in groepke oan ‘e slach om in nijsgjirrige dialooch/sêne te skriuwen. Dus hâldst fan skriuwen en teater? Fynst it leuk om oare skriuwers te moetsjen? En stiest iepen foar publyk? Dan gean we graach mei dy oan ‘e slach.

Oanmelde.
De foarstelling is op woansdei 6 oktober (try-out) yn it gebou fan Tryater. De workshop sil hâlden wurde op woansdeitejûn 20 oktober. Wês der gau by, want der kinne maksimaal 9 skriuwers meidwaan.

Meidwaan? Jou dy dan op foar 1 oktober troch in mail te stjoeren nei Sytse Jansma (s.jansma@tryater.nl) Dêrnei krijst mear útlis.

Kosten: €16,50 (ynklusyf foarstelling en workshop)

Mear ynfo: www.tryater.nl/vaderenzoon

Facebooktwittermail

Natoer-Lêskoffers foar alle basisskoallen yn Dantumadiel en Noardeast-Fryslân

Op basisskoalle ‘De Bining’ yn Westergeast waard moandei 30 augustus de earste fan 47 natoer-Lêskoffers oan de skoalle oerlange troch Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra en Jan Tiede Bouma fan natoeredukaasjesintrum De Klyster. Dizze wike krije mar leafst 47 basisskoallen yn de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân de spesjale natoer-Lêskoffer oanbean. Dêrneist bringt de Berneboeke-ambassadeur de kommende moannen in besite oan alle skoallen yn dy beide gemeenten.
Lida Dykstra is optein: ‘Dit is in prachtige gearwurking mei De Klyster. Dêrtroch krije yn ien klap alle 47 basisskoallen yn Noardeast-Fryslân en Dantumadiel de Lêskoffer fan harren gemeenten kado en is boppedat regele dat ik by alle skoallen op besite kin om de bern foar te lêzen en oer de boeken te fertellen. It is moai dat beide gemeenten dat op dizze wize mooglik meitsje.’
Projekt-meiwurker Jan Tiede Bouma fan De Klyster: ‘Wy ha as doel om bern yn ’e kunde komme te litten mei de natoer om harren hinne. En boeken biede in prachtige ynfalshoeke om bern entûsjast te krijen foar de natoer. Wy sykje hieltyd wer nei oare paden om bern te berikken en dêrom binne wy ek wiis mei dizze gearwurking.’

By de skoalbesites yn Dantumadiel en Noardeast-Fryslân leit de klam foar de Berneboeke-ambassadeur op Fryske berneboeken dêr’t de natoer ticht by hûs in grutte rol yn spilet. De Lêskoffers foar de basisskoallen yn Dantumadiel en Noardeast-Fryslân binne oanbean troch natoeredukaasjesintrum De Klyster.
Oare skoallen en ynstellingen yn Fryslân kinne harren ek noch altyd opjaan foar in besite fan de Berneboeke-ambassadeur en eventueel de Lêskoffer bestelle. De lesbrieven oer de Fryske berneboeken út de Lêskoffer binne foar elkenien fergees te downloaden fia de website. Sjoch foar mear ynformaasje op: www.berneboekeambassadeur.frl.

Facebooktwittermail

KLOKKEPOËZY

Poëzykonsert mei stedsbeierdier en streekdichters

Op 10 septimber om 17:00 oere jout de Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, mei syn foargongers in poëzykonsert yn ’e binnenstêd fan Dokkum. De kariljonmuzyk wurdt fersoarge troch stedsbeierdier Auke de Boer.

Tigchelaar wol de ferbining lizze tusken syn foargongers, de eardere DongeraDichters en Streekdichters: Akke Brouwer, Bram Borstlap, Mark Spijkers, Tsead Bruinja en Jankobus Seunnenga. Hja hawwe it amt meifoarme ta wat it no is en krije sa de kâns om yn dy hoedanichheid fannijs fan harren hearre te litten. It publyk kin sa ek op ’e nij mei harren en benammen mei harren poëzy yn ’e kunde komme. It optreden is sadwaande in wjerslach fan 15 jier Streekdichterskip.

It bûnte selskip fan poëten wurdt muzikaal begelaat troch stedsbeierdier Auke de Boer, dy’t hieltiten tusken de dichters troch op it kariljon spylje sil. De dichters steane nammentlik op in rûnfeartboat en drage om bar in gedicht foar op in oar punt oan it Dokkumer Djip. Hja sette útein by de Kettingbrêge, dan folget it Hellinghûs, De Syl, Bontebrêge en as lêste de Witebrêge. It wurdt in net alledeisk en dus tige bysûnder poëzykonsert foar elkenien yn Dokkum.

Foto: Geart Tigchelaar

Facebooktwittermail

Winners Rely Jorritsmapriis 2021 bekend

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dit jier foar de 67ste kear útskreaun, binne 97 ynstjoeringen ynkommen, 34 koarte ferhalen en 63 gedichten. De sjuery, besteande út Inge Heslinga, Rianne Blokzijl en Beart Oosterhaven, dy’t de ynstjoeringen anonym ta beoardieling krige, hat trije ferhalen en trije gedichten bekroand.

Elmar Kuiper fan Jorwert wûn in priis foar sawol it ferhaal In frjemde fûgel as it gedicht Ferlosboartsje. Dêrneist waarden bekroand de ferhalen Crossroads fan Gerrit Hoekstra fan Winsum en Op frijersfuotten fan Bregtje Sijtsma út Aviemore (Skotlân) en de gedichten In healsliten aureoaltsje fan Fedde Dijkstra fan Ljouwert en it waad fan Sytse Jansma fan Harns.

De prizen fan € 1000 elk wurde op sneon 2 oktober op it stedhûs te Ljouwert útrikt.

Facebooktwittermail

Gean ‘los’ mei de BoekfeestBoek-ferhalewedstriid

Stifting Boeken fan Fryslân (BFF) skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan it BoekfeestBoek dat op freed 10 septimber yn Paviljoen MeM yn Bûtenpost holden wurdt. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal fan 750-1000 wurden te skriuwen yn it Frysk of ien fan de Fryske streektalen. It tema foar it feest en dus ek it ferhaal is ‘LOS’ yn de breedste sin fan it wurd. Wy kinne wer los, kinst los komme út detinsje, kinst dy los meitsje of fiele, neam mar op!

Foto: Roelof van der Schaaf

De winner wurdt op it feest sels bekend makke en hy/sy mei dan syn of har ferhaal foardrage foar it publyk. Dat betsjut dus fuort in live-optreden mei oare Fryske skriuwers lykas Hylke Speerstra, Hein Jaap Hilarides, Greet Andringa, Aant Jelle Soepboer, Elmar Kuiper dy’t dêr jûns al stean om in koart ferhaal hearre te litten. Dêrneist kriget de winner in boekepakket en wurdt it ferhaal publisearre. Ynstjoeringen moatte op syn lêst sneon 28 augustus binnen wêze op it e-mailadres ynfo@boekenfanfryslan.frl en foarsjoen wêze fan namme en kontaktgegevens.

Facebooktwittermail

Op Toer troch Feanwâlden

Ofrûne sneon 3 july hawwe wy ûnder lieding fan Douwe Kootstra in prachtige kuier makke troch Feanwâlden. Mei in dikke tsien kuierders krigen wy oan de foet fan de toer fan de Skierstins earst in koarte yntroduksje oer de stins sels en de histoarje fan it doarp. Dat makke al tige nijsgjirrich!

Foto’s: Ammerins Moss-de Boer

Nei in bakje kofje en in stikje oranjekoeke setten wy ôf. By ferskate adressen hâlde Douwe eefkes skoft foar in anekdoate oer of om in lyts stikje foar te lêzen út it wurk fan de skriuwer dy’t dêr wenne. Fansels wie der ek oan natuer en arsjitektuer ek genôch moais te sjen; fan it nije (fansels noch wat keale) Spoorpark, by it Foarpaad del oan’t Prysterikker achter it doarp – en fansels de prachtige tsjerke, Petit Sans Souci en it Hûs Patrimoanium.

Douwe hat in grut oantal skriuwers en pommeranten persoanlik kend, en dat smyt fansels aardige ferhalen op, oer Theun de Vries en de boekjes foar skoalle dy’t er ophelje moast út Amsterdam of oer Freark Dam en de ôfwask. Ûnderweis kamen wy sels in oantal fan de minsken tsjin wêr’t Douwe in moai ferhaal oer hie, en ta ús ferrassing kaam Sander Terphuis krekt oanrinnen doe’t wy werom by de Skierstins krekt ús sop en broadsjes op hienen. (Syn boek “De worstelaar” is waarm oanrekommandeare!)

It waar siet ús fansels tige mei! It wie yn elts gefal wat om nochris op in oar plak te dwaan, dus wa wit!

Facebooktwittermail

Explore the North – The Summer Sessions

Dizze simmer wurde der ferskate foarstellings organisearre yn it ramt fan Explore the North – The Summer Sessions. Hjir ljochtsje wy in pear foarstellings út:

Minskewolf – Dichter Elmar Kuiper hat dizze teäterfoarstelling makke tegearre mei filmmakster Ester Eva Damen. In dizze multymediale foarstelling, mei akteur Rienk Nicolai en muzyk fan de Tigers fan Greonterp draacht Elmar sjongend gedichten foar. Syn gedichten gean oer syn wurk yn de psychiatry en oer it moetsjen fan ‘de oare’.

De foarstelling wurdt yn de Westertsjerke opfierd op 2 en 3 july om 20.30 oere.

Tuimelaar – Tsead Bruinja, foarhinne Dichter des Vaderlands, tegearre mei byldzjend keunstner Jules van Hulst hat dizze foarstelling makke. De foarstelling ûndersiket wat minsken ferbynt, lyk as leafde, freonskip of de syktocht nei it hegere.

De foarstelling op 11 july om 16.30 oere is gehiel Frysktalich. De oare foarstellings op 10 en 11 july binne yn it Nederlânsk en Frysk. De foarstelling wurdt opfierd yn Zalen Schaaf.

sneon 10 juli – 16.30 & 20.00 oere
snein 11 juli – 14.00 & 16.30 oere

Foar mear ynformaasje en data, sjoch de website fan Explore the North

Facebooktwittermail

Presintaasje bondel In Gedichten Gevangen fan Jan Woudstra

Sneon 26 juny binne gedichten te hearren fan Jan Woudstra syn bondel ‘In Gedichten Gevangen’ yn de tsjerke fan Lichtaard. Fan 10 oere moarns oant fiif oere middeis kinst de dichter dêr treffe, dêr’t er yn de mande mei byldend keunstners Wiep de Wit en Tineke Ploeg in eksposysje holden wurdt.

Yn syn gedichten beskriuwt er wat him dwaande hâldt, leauwe, hope en leafde. In soad fan de gedichten gean oer de rouferwurking nei de dea fan syn frou Baukje.

In nije bondel gedichten, ‘In Gedachten Geweven’, mei deselde tematyk, is koartlyn ferskynt by Theta Boeken. De bondels binne te ferkrijen yn de boekhandel, mar kinst it ek by de dichter sels bestelle fia inGedichten7@gmail.com.

Facebooktwittermail