De Oesdrip is net mear… mar de ledebulletins bliuwe fansels! De leden krije se als earste yn de bus, mar hjir binne se dernei ek yntegraal te lêzen.
Ledebulletin maitiid 2024
By de útnûging foar de ledegearkomste fan 18 april Njonken de wenstige ûnderwerpen yn de maaitiidsgearkomste dy’t te krijen hawwe mei de ferantwurding fan it bestjoer, wolle wy trije wichtige ûnderwerpen besprekke. Alderearst de aksjes dy’t wy as Bûn ûndernimme sille rjochting de provinsjale polityk. Op de reachside fine jimme allerhanne stikken dy’t dêrmei te krijen hawwe; hja wurde fermeld op de wurklist. It stappeplan foar de aksjes is mei de stikken foar de gearkomste meistjoerd. Wêrom is dit sa belangryk foar de ledegearkomste? Foar suksesfolle aksjes kin it net sûnder aktive ynbring fan leden. Yn de Provinsjale polityk is (oant no ta) totaal gjin omtinken foar de Fryske skriuwerij. Op ús needgjalp (sjoch reachside) kaam gjin reaksje. Tegearre moatte wy soargje dat dit oars wurdt. Wat wy yn ’e holle hawwe as bestjoer, sil fan ’e leden mar beheind tiid fergje. Mienskiplike ynset is lykwols essinsjeel. As der gjin mear omtinken en jild fan de Provinsje Fryslân foar de skriuwerij komt, is ús ynset as auteurs en oersetters ta stadich weiwurden keard… (De nije BFTK jout hope, mar tasizzingen op papier binne noch gjin aksje yn de praktyk…) Twad: beneaming bestjoersleden. Ammerins en Willem tekenje foar nochris trije jier. Sjieuwe Borger hat him oanmelden as nij bestjoerslid. Hy stelt himsels foar op in taheakke by de fergaderstikken. As bestjoer binne wy wiis mei syn kandidatuer. Sjieuwe is njonken auteur ek jurist. Prima ekspertize om yn in bestjoer te hawwen! Tred, as haadûnderwerp: wat is de aktuele situaasje en wat kin de takomst wêze fan de sutelaksje?Ferdinand de Jong is de organisator en sintrale persoan. Hy sil fertelle wat de wurkwize op it stuit is en wat de resultaten binne. Dan sille wy mei him en ûnderling fan gedachten wikselje oer de takomst. Fragen dy’t wy fan ferskate leden krigen oer dit ûnderwerp wienen bygelyks: “Wêrom wurd ik as skriuwer selden of noait frege om mei te suteljen?” “Wêrom binne der net mear sutelaksjes?” “Wêrom ferskynt der net lykas foarhinne ien kear yn it jier in moai foarmjûne, kleurige krante dêr’t alle nije Fryske publikaasjes yn beskreaun wurde, en boppedat alles wat der yn it Frysk (noch) te krijen is ûnder omtinken fan safolle mooglik Friezen brocht wurdt?” Genôch tema’s foar pittige diskusje, sa liket ús ta! Wy sjogge jim graach tongersdei 18 april fan 19.30 oere ôf yn Café De Gouden Leeuw, Tresoar! |
Febrewaris 2025: Willewurk op it folgjende Skriuwerswykein! Oer minder as in jier is it alwer safier: in Skriuwerswykein yn Bakkefean. 8 en 9 febrewaris 2025, hâld dy datums frij foar dit learsume en gesellige evenemint. Op sneon binne wy dwaande mei alderearst in ynlieding oer toanielskriuwen, dan in workshop wêryn wy yn groepkes in spylbere miny-ienakter of kabareteske skets skriuwe en oefenje. De jûns bringe wy itjinge dat wy skreaun hawwe foar it fuotljocht op de bûnte jûn. Neffens it prinsipe: alles mei, salang it net dystopysk is. De sneins is der in ynteressante ynlieding oer in Frysk-literêr ûnderwerp, dêr’t ek de bûtenwrâld wolkom by is, wat ús skriuwers gelegenheid jout om mei lêzers kontakt te hawwen – en oarsom fansels… En tuskentroch wurdt der lekker moarnsiten,lunsjt en kuiere. En fansels is der op saterdei jûn in treflik Skriuwersmiel. Dus: 8 en 9 febrewaris 2025 nei “Nieuw Allardsoog” by Bakkefean! |
Ûndersyk nei de takomst fan ‘City of Literature’ Ljouwert is Unesco City of Literature, in earetitel dy’t de stêd benammen krigen hat omdat der ek soks bestiet as in Fryske literatuer. Op stuit docht Engbert Boneschansker ûndersyk nei de wurdearring en de winsken foar de takomst oangeande ‘CoL’, dêr’t de Gemeente en de Provinsje op jierbasis tegearre sa’n fjouwer ton yn ynvestearje. Ek it Skriuwersbûn is frege mei te tinken. In earste petear hat west. Wat de struktuer fan ‘CoL’ oanbelanget, hawwe wy oanjûn dat der mear dúdlikheid komme moat. No is it in projekt fan de gemeente, dêr’t de Provinsje oan meibetellet. Wa’t feitlik it belied bepaalt en de lieding hat, is dizenich. Us foarkar hat in ûnôfhinklike stifting, dy’t in heldere subsydzje-relaasje hat mei Ljouwert en Fryslân. Mei in belied en in programma dêr’t de meiwurkers op oan te sprekken en oer te advisearjen binne. Mei op syn minst twa folsleine meiwurkers dy’t by dy stifting sels yn tsjinst binne. Wat it karakter fan de aktiviteiten oanbelanget, fine wy, mei op oanjaan fan ferskate leden, dat it folle Frysker kin en moat. Dûbeldtalige programmearring liedt net ta mear omtinken foar ús wurk as Fryske skriuwers. En sokke oandacht is net allinne foar ússels, mar ek foar it Frysk en de wurdearring fan ús unike literatuer, fan grut aktueel belang. |
Ledebulletin winter 2023
Nijjiersgearsit
Dit jier binne wy der betiid by: op tongersdei 4 jannewaris 2024 wolle wy jim graach begroetsje op ús nijjiersgearsit. Fan 16 oere ôf binne jim wolkom yn “kafee De Gouden Leeuw” yn it gebou fan Tresoar. Om 16.30 oere is der in koart spytske fan ús foarsitter Willem Verf en dan kin it Frysk-literêre jier mar gesellich úteinsette! Dichter fan Fryslân Arjan Hut sil ús mei in moai gedicht it nije jier yn skowe. In ynformeel treffen mei kollega’s, wat byprate, drinken en wat lekkers derby: noflik! Fansels komt der ek noch in separaat tastjoerde útnûging.
Wa’t der aardichheid oan hat, kin oanslutend (fan 20.00 oere ôf) dielnimme oan it mienskiplike stille lêzen fan Tresoar (de Silent Book Club).
Skriuwerswykein: hjerst 2024 of febrewaris 2025?
Op 4 en 5 novimber 2023 hienen wy mei 15 dielnimmers wer in wykein op Allardseach by Bakkefean. Learsum en gesellich: it ferslach is hjir te finen. Ek fine jim hjir de pdf fan de presintaasje fan Erik Betten.
Neist in ferslach ek in oprop, want wy wolle graach fan safolle mooglik leden in antwurd op in fraach… It wykein wie ferline jier en dit jier yn de hjerst. Yn de hjerst binne der in protte literêre en kulturele aktiviteiten. Ferskate leden joegen oan dat hja graach dielnimme woenen oan it wykein, mar dêr troch alle drokten gjin kâns ta seagen. Yn de winter, en benammen ein jannewaris/begjin febrewaris, is der meast minder kulturele aktiviteit. Sadwaande hawwe wy foar it folgjende Skriuwerswykein ynearsten twa wykeinen reservearre: 9 en 10 novimber 2024 of 8 en 9 febrewaris 2025.
Begjin jannewaris wolle hja by “Nieuw Allardsoog” witte hokker datum wy kieze. Lês de útlis hjiroer troch en jou jim reaksje! Wy litte dan sa gau mooglik de leden witte wat it wurden is.
Petear mei “Boeken fan Fryslân”
Op 27 novimber hawwe wy ús periodyk petear mei BfF hân. De ûnderwerpen wienen û.o. de fuortgong fan ús promoasjeplan (sjoch ek punt ‘Oerlis Provinsje’), it ferrin fan de Boekewike, wat ferwachtsje wy fan it kadoboek, de sutelaksjes, de Fryske kasten by boekhannels en it sukses fan de berneboeke-ambassadeur. It ferslach fan it petear is hjir te finen.
P.C. Hooft-prijs
Yn 2025 wurdt de P.C.Hooft-prijs (de meast prestizjeuze Nederlânske literêre oeuvrepriis) útrikt oan in proazaskriuwer. Dizze priis kin neffens de eigen P.C. Hooft-stichting-regleminten takend wurde oan in Nederlânsktalich of in Frysktalich auteur. De priis bestiet 75 jier, en is noch nea oan in Frysktalich skriuwer takend. Dus dat wurdt tiid! It Skriuwersbûn sil op ’e nij soargje dat der in oanrikkemandaasje komt fan ien of mear Frysktalich auteur(s). Dy oanbefelling moat yn april nei de Stichting foar de P.C. Hooft-prijs.
Wy binne tige bliid dat Sietse de Vries, Karen Bies en Pier Boorsma in wurkgroep foarmje dy’t sa’n oanrikkemandaasje tariede sil. Op 6 desimber is de wurkgroep ynstallearre. Hja krije stipe fan in Tresoar-meiwurker.
Ankom jier (2024) wurdt de priis takend foar poëzij. De oanrikkemandaasje dêrfoar is ôfrûne maaitiid al ferstjoerd. Sjoch yn ús foarige ledebulletin en op de reachside foar mear ynfo. Dêr fine jim ek it dokumint dêr’t de wurksumheden fan de wurkgroep c.q. kommisje yn omskreaun binne.
City of Literature (CoL)
Ljouwert is ‘City of Literature’ en sawol de gemeente as de Provinsje stelle jild beskikber om dy mondiale earetitel wier te meitsjen mei in ferskaat oan literêre aktiviteiten. Ien fan dy aktiviteiten is it, fia û.o. de provinsjale deiblêden, breed fersprate healjierliks ferskinende tydskrift ‘Letter’. As bestjoer fan it Skriuwersbûn hawwe wy op 15 desimber oerlis mei de lieding fan CoL. Alle leden krigen ûndertusken in e-mail fan ús mei it fersyk om nei te tinken oer de fraach wat CoL spesifyk foar de Fryske skriuwerij betsjutte kin. De earste reaksjes hawwe wy al binnen. Tankewol! Reaksjes binne fansels noch tige wolkom op ynfo@skriuwersbun.frl
Mear ynfo oer CoL is te finen op www.leeuwardencityofliterature.nl
Gearwurkingsoerienkomst mei Tresoar
Tresoar is foar de Fryske literatuer in tige wichtich ynstitút. De Fryske literatuerbefoardering is ommers spesifyk syn opdracht, neist de taak as literatuer-museum en dokumintaasjesintrum. Meikoarten, op 11 jannewaris, wurdt dêrom de gearwurkingsoerienkomst tusken Bûn en Tresoar ûndertekene. Oer dy oerienkomst kediisden wy op 23 oktober mei Arjen Dijkstra en Marijke de Boer fan Tresoar. It ferslach fan it oerlis op 23 oktober is hjir te finen. De oerienkomst sille wy ek sa gau mooglik publisearje.
Frisistyk
In moai inisjatyf: ‘Frisistyk’, it nije online tydskrift foar de taal- en letterkunde dat te finen op www.frisistyk.nl
De reachside is in spesjale ôfdieling fan it online tydskrift foar Nearlandistyk, en Anne Merkuur fan de RUG is de spil fan de bydragen yn en oer it Frysk.
As bestjoer sille wy de ûntjouwing folgje en wy komme der fêst nochris op werom!
Net foar in apel en in aai!
Fryske skriuwers moatte foar bydragen en foardrachten in ridlike beleanning krije, en net ôfskipe wurde mei in grypstehealstoer. Yn de maaitiid fan 2022 stelden wy nei oerlis mei de leden û.o. de folgjende tekst mei minimale bydragen fêst:
It Skriuwersbûn kin en wol syn leden neat oplizze. Mar wy trune wol oan op solidariteit. By it akseptearjen fan in opdracht of it yngean op in fersyk, rekommandearret it Skriuwersbûn de neifolgjende advystariven as ûndergrins:
- Optreden, lêzing, foardracht foar publyk yn in seal, oeretaryf: € 100
- Idem foar radio of tv: € 100
- Publikaasje fan in gedicht, koarte resinsje of kollum yn tydskrift of krante: € 150
- Publikaasje fan in al earder publisearre gedicht of koarte tekst: € 75
- Idem foar in skôging, essee, koart ferhaal, lange resinsje (+ 1500 wurden): € 200
- Idem foar in fraachpetear (ynkl. tarieding) (+ 2000 wurden): € 300
Foar reiskosten advisearje wy dêr boppe-op € 0,23 de kilometer.
Foar de leden is dit in oanrikkemandaasje, mar ek foar de media. It Boun lit dit oersjoch ek takomme oan de Omrop, de kranten, de tydskriften mei it fersyk net minder as dizze bedragen te beteljen.
Kollega’s dy’t, bygelyks foar in optreden, minder freegje wolle, advisearje wy mei klam wol altyd minimaal € 100 + reiskosten te freegjen foar in optreden. Kollega’s dy’t mear freegje kinne en doare as wat wy advisearje, moatte dat fansels altyd dwaan.
Pleatslike kulturele organisaasjes kinne meast subsydzje krije fan de gemeente om in skriuw(st)er optrede te litten.
De tariven fan “de Schrijverscentrale” (foarhinne “Schrijvers, School en Samenleving”), lizze al aardich heger as dit minimum Wy rikkemandearje ús leden oan om har as dat kin oan te sluten by de “Schrijverscentrale”.
Fan belang: skriuw(st)ers binne net Btw-plichtich. Sjoch hjirfoar: Vrijstellingen componisten, schrijvers, cartoonisten en journalisten (www.belastingdienst.nl).
Ús fraach oan de leden is no: hawwe jimme hjir wat oan hân? Doare jimme it oan om dizze bedragen of mear te freegjen? Krije jimme dat dan ek?
Lit it ús witte op ynfo@skriuwersbun.frl
Aktuele ledelist
We binne wiis mei in tal nije leden: Tjeerd Schumacher, Gabriëlle Terpstra en Hindirk Schotanus. Wolkom!
In aktuele ledelist mei in yndieling op regio en achternamme is hjir te finen. It wachtwurd dat hjirfoar nedich is, stiet yn de mail dy’t nei alle leden ta stjoerd is.
Oerlis Provinsje
Yn jannewaris hawwe wy in ôfspraak mei de nije deputearre foar it Frysk, Eke Folkerts. Oant no ta hienen wy in pear kear ynformeel kontakt, en deputearre Folkerts hat al by in pear gelegenheden fernimme litte dat hja Frysksinnich is en in lêzer fan Fryske literatuer. Dat is moai en ek bysûnder foar immen yn ’e polityk.
Us ynset is ûnferoare: mear belied en jild fan de Provinsje foar literatuerpromoasje en befoardering fan it skriuwen en lêzen fan Fryske boeken en bondels, yn de foarm fan stipe foar it ferline jier troch ús ûntwikkele plan. En fansels: krekt wat mear struktureel subsydzje foar ús as Bûn, sadat it Skriuwersbûn ek yn ’e takomst funksjoneare kin. Lês op de reachside nochris ús “Needgjalp” en it mear resinte skriuwen oan Eke Folkerts.
Der komt in nije Provinsjale kultuernota oan. Yn de no noch jildende kultuernota fan de Provinsje stiet ien, negative sin oer de Fryske skriuwerij. Fansels moat dat yn ’e nije nota positiver en better!
Wy winske jim allegearre moaie dagen ta en in lokkich nijjier!
Wy hoopje safolle mooglik minsken te sjen op tongersdei 4 jannewaris fan 16.00 oere ôf yn Tresoar
Ledebulletin Hjerst 2023
It hat even duorre…
It lêste ledebulletin ferskynde ein jannewaris. Yn de tuskentiid barde der in soad, mar it duorre mei in pear saken nochal even ear’t dúdlik waard hoe’t it betearde. En om no iderkear te skriuwen “Wy binne der mei dwaande”, dat jout ek gjin echte ynformaasje. Mar by de start fan it nije kulturele seizoen is der fansels wer fan alles te melden!
Skriuwerswykein
Sneon 4 novimber en snein 5 novimber is it yn Bakkefean wer safier. In ynteressant programma oer thrillers skriuwen, Fryske dichteressen, alle romte foar gesellichheid en ynformeel oerlis, in Bûnte Jûn, it Skriuwersmiel en in moarnskuier troch it hjerstgea. Meikoarten folget der in separate mail mei it komplete programma en in opjefteformulier. Men kin har of him opjaan foar it heule wykein of ien of mear ûnderdielen. Wy sitte yn in oar gebou as ferline jier – it haadgebou fan Nij Allardseach is ôfbaarnd – mar ús programma kin folslein trochgean. Dielnimmen is hartstikke aardich foar dysels, en ek in sinjaal oan de bûtenwacht en ús mei-inoar dat Fryske skriuwers elkoar wurdearje!
Set it alfêst yn it Bûsboekje!
Nij logo
It is der en wy brûke it al in pear moanne! Sels fine wy it prachtich. Op de oprop yn it foarige bulletin kaam gjin reaksje, dat wy hawwe as bestjoer in ûntwerper benadere en wy binne wiis mei de útkomst. Arjen fan Chateau Aerien hat prachtich wurk levere!
Ledegearkomste juny
Goeie sfear, prima opkomst (tige bemoedigjend foar ús as bestjoer!) en twa ûnderwerpen dy’t spesjaal omtinken krigen: it projekt ‘Alderleafste Berneboek’ fan Reina Greet en it petear mei de nije heechlearaar Frysk Arjen Versloot. Op ús reachside is net allinne in ferslach fan it húshâldlik part, mar ek in wiidweidich ferslach fan it petear mei Versloot oer de takomst fan de stúdzje Frysk te finen. Wy ha genoaten fan de persoanlike ferhalenfan de dielnimmers oer harren alderleafste berneboeken!
Versloot krige as attinsje no ris gjin blommen of boekebon, mar in doaze fol mei boeken, bondels en oare produkten fan leden fan it Skriuwersbûn. Hy wie (en is hoopje wy…) bliid mei dizze aktuele trochsneed fan de Fryske Skriuwerij.
Tank foar jimme meiwurking oan dit kado!
Ynkasso
Yn oktober wurd der wer ledejild automatysk ynkassearre. Leden dy’t gjin tastimming foar ynkasso jûn hawwe, krije in fersyk om it jild oer te meitsjen.
Transpoësie
Spitigernôch fynt dizze wike it festival Transpoësie yn Brussel plak sûnder in Fryske dichter. De oankundiging kaam te let om it allegearre noch foar inoar te krijen. Wy hoopje der kommend jier fansels wol wer by te wêzen en wy sille meikoarten oerlizze mei Rixt om hjir wat mear yn gear te wurkjen.
Oanrikkemandaasje P.C. Hooft-prijs
Mids juny koe it resultaat fan de wurkgroep oanbean wurde oan de sjuery en it stichtingsbestjoer foar dizze priis, dy’t yn maaie 2024 útrikt wurdt foar poëzij. De oanrikkemandaasje hat de foarm krigen fan in lyts boekje “Naar gelang het Noorden”, dêr’t it wurk fan tsien Fryske dichters yn presintearre wurdt. Yn Fryslân waard oan it ferskinen fan de bondel omtinken jûn op 3 july, mei in feestlike oanbieding fan it ‘earste’ eksimplaar oan deputearre Poepjes. Jimme krigen dêr in útnûging foar. It wie in sfearfolle gearkomst yn de Steateseal fan it Provinsjehûs mei sa’n tritich dielnimmers.
It boekje wurdt útjûn troch útjouwerij ‘De Ryp’. It is û.o. te keap by de Afûk. Rjochtstreeks by de útjouwer bestelle kin ek: faberhillebrand@gmail.com. It is rûnom tige posityf ûntfongen. De Ried foar de Fryske Beweging hat in part fan de produksjekosten op har nommen. Dêr binne wy fansels wiis mei.
No mar ôfwachtsje oft it effekt hat op de beslútfoarming fan de sjuery…
Tsead Bruinja is nammers lid fan dy sjuery!
De bedoeling wie dat de wurkgroep trochgean soe mei in oanrikkemandaasje foar de priis yn 2025 (foar proaza), mar dêr sjogge hja fan ôf. It bestjoer is no dwaande om leden te benaderjen foar in nije wurkgroep. Jimme hearre der noch fan!
Ôfskie Reina Greet en dus: in stoel leech oan ’e bestjoerstafel
Reina Greet Smeink-Kroadsma hat har bestjoerslidmaatskip fanwege persoanlike omstannichheden dellein. Ammerins hat har as sekretaris opfolge. Begjin july hawwe wy yn it bestjoer fan Reina ôfskie nommen, mei gedichten, kadootsjes en wat lekkers. As kollega-bestjoersleden hawwe wy grutte wurdearring foar har ynset en belutsenens. In fijne en loyale frou om mei gear te wurkjen, mei humor en mei in skerpe en krityske geast.
Wy hoopje yn de maaitiid fan 2024 jimme in opfolchster (f/m) foardrage te kinnen, by foarkar ien dy’t dwaande is yn de wrâld fan de berne- en jeugdliteratuer. Wa ’t no tinkt: ’miskien wol ik wol’, nim foaral kontakt mei ús op!
Literêr festival yn Dokkum
De Dokkumer biblioteek en boekhannel v.d. Velde organisearren op 23 septimber in literêr festival yn Dokkum. In moai inisjatyf, mei in heule trits bekende Nederlânsktalige skriuwers, mar sa goed as gjin Fryske. Allinne Nyk de Vries, twatalich, sil dêr nei alle gedachten mei Fryske tekst optrede. It Skriuwersbûn stjoerde in brief, dat dizze ûnderwurdearring fan de Fryske literatuer in grutte teloarstelling foar ús is. Benammen de Byb hat in maatskiplike ferantwurdlikens om de Fryske literatuer te befoarderjen. Wy krigen in koart skriuwen werom. Ús brief en de reaksje fan de Byb binne werom te finen op ús reachside: www.skriuwersbun.frl.
Plan honorearring en promoasje
Lykas earder yn Bulletins beskreaun, wie Sietske Poepjes entûsjast oer it plan foar promoasje fan Fryske Boeken, sa as dat it Skriuwersbûn dat yn it foarjier fan ’22 ûntwikkele hat. Mei har as deputearre, mei ‘Boeken fan Fryslân/Afûk’ en it Skriuwersbûn waarden wy it iens oer in proef foar de kommende twa jier mei dit plan. Sietske ferwachte dat se fan Deputearre Steaten ynstimming krije soe foar dizze proef. Dat is lykwols net slagge. Yn de lêste gearkomste fan it ‘âlde’ kolleezje fan DS waard it plan ôfwiisd, ta Sietske har grutte teloarstelling. En net allinne harres: BfF, de amtlike ôfdieling Frysk en wy hienen in protte tiid stutsen yn de planûntwikkeling.
It bestjoer lit lykwols de moedfearren net hingje.
Wy sille it oarspronklike plan, en dan benammen it diel oer de promoasje, opnij beskriuwe, beprate mei amtners en BfF en dan besykje de nije Deputearre- en Steaten te oertsjûgjen fan de needsaak fan dizze oanpak. Wy as auteurs kinne en wolle boeken en bondels skriuwe, oersette, Fryske ferhalen en gedichten meitsje, mar om dat fol te hâlden binne mear lêzers nedich. En dy komme der net sûnder systematyske promoasje. Wol it Frysk as kultuertaal oerlibje, dan kin dat net sûnder skreaun en lêzen Frysk. Sjoch ek it punt oer kontakt mei de Provinsjale polityk.
Mear boekjiersubsydzje (struktureel subsydzje) foar it Skriuwersbûn…
Ek wat dit oanbelanget wie Sietske Poepjes oertsjûge fan de needsaak ús provinsjaal subsydzje te ferheegjen fan € 4.000 jiers nei € 10.000. Hja woe dat foar twa jier tasizze, mei in oanbefelling foar har opfolchster om dit struktureel te krijen. Lykwols: ek yn dizze gedachte koe sy de oare kolleezjeleden net meikrije. Tanksij ús beskieden reserve kinne wy as Bûn noch in jier of twa foarút, mar dan wurdt it noedlik. Ek wat dit oanbelanget: sjoch it hjirnei folgjende punt.
Kontakt mei it nije kolleezje fan DS
Wy hawwe in nije deputearre foar kultuer, Sijbe Knol fan de FNP, en in nije deputearre foar it Frysk, Eke Folkerts fan de BBB. De Fryske literatuer is sawol taalpolityk as kultuerpolityk. As bestjoer wolle wy dêrom graach kontakt hâlde mei beide. Wy skreaunen in brief oer de tema’s dy’t wy fan belang fine om mei harren te bepraten. It parseberjocht dat wy publisearren oer dat brief is oan ’e ein fan dit bulletin te finen. It komplete skriuwen is fansels te lêzen op en te delladen fan www.skriuwersbun.frl.
Freedtemiddeisbuorrel
De FreMiBu, it ynformele treffen fan Skriuwersbûnleden yn Kafee Wouters, foar it stasjon oer yn Ljouwert, begjint stadichoan mear dielnimmers te krijen. Mar ek mei seis of sân minsken is it al heul gesellich! Byprate, elkoar ynspirearje, wat goedmoedich rabje oer de Fryske skriuwerij, wat is der nofliker? Wês wolkom op eltse lêste freed fan ‘e moanne. De earstfolgjende is op 29 septimber fan in oer as 16.30 ôf.
Rispinge
Is der nij wurk ferskynd fan dyn hân? Lit it ús foaral witte. Wy diele it graach mei alle leden (en de bûtenwrâld!) fia ús reachside. Stjoer in pakkende beskriuwing nei ús e-mail: ynfo@skriuwersbun.frl.
No, sa earst mar wer. Jimme sjogge: in nij seizoen en wy geane der as bestjoer wer mei nije moed yn. En fansels tidigje wy op jimme stipe!
*******
Needgjalp fan it Skriuwersbûn oan de Fryske Polityk
It Skriuwersbûn hat Deputearre Steaten in brief skreaun. It Bûn wol oerlis oer de takomst fan de Fryske skriuwerij en de ferantwurdlikheid dy’t de provinsjale polityk hjirfoar hat. Tusken de provinsjale politisy en de literatuer gappet in kleau, skriuwt it Bûn. De polityk is ûnferskillich, wylst foar it behâld fan it Frysk in libbene literatuer needsaak is. “In taal dêr’t net yn lêzen wurdt, sil it op ‘n djoer net rêde”. Yn de ôfrûne 15 jier is de ynfrastruktuer, bedoeld om it Fryske lêzen en skriuwen te stimulearjen, neffens it Bûn “dramatysk minder wurden”. Benammen Tresoar docht folle minder foar de Fryske literatuer as yn earder jierren. Sûnder nij inisjatyf om romans, oersettings en dichtbondels ûnder omtinken fan it publyk te bringen, kin it neffens it Bûn net. It Bûn hat konkrete ideeën hjiroer, dêr’t de eardere deputearre Poepjes entûsjast oer wie. Mar sy koe it foarige kolleezje net waarm krije foar mear ynset.
It Bûn freget de nije deputearren Eke Folkerts (taal) en Sijbe Knol (kultuer) om oerlis yn de kommende wiken. Sjoch ek de taheakke brief en de bylage dêrby.
Ledebulletin It Skriuwersbûn jierwiksel 22-23
Ledebulletins ferskine in pear kear per jier, net yn in fêste frekwinsje, mar foaral as der wat te melden is en/of der in bysûndere aktiviteit op priemmen stiet. It bestjoer is ferantwurdlik foar de ynhâld. Reaksjes fia mail op bestjoer@skriuwersboun.nl binne tige wolkom. Ledebulletins bliuwe rûchwei in jier sichtber op ús reachside.
***
Ferslach Skriuwerswykein
It hat eefkes duorre, mar dan hast ek wat: it gearfetsjend ferslach fan it Skriuwerswykein is klear! Wy hoopje dat jimme in soad wille ha oan it lêzen. It is taheakke, mar ek te finen op de reachside, mei alle oare dokuminten en wiidweidige ferslaggen fan it wykein.
In earste evaluaasje yn de bestjoersgearkomste hat opsmiten dat wy besykje sille der in jierlikse tradysje yn de hjerst fan te meitsjen. In programma-ûnderdiel op de freedtejûn, dat sille wy nei alle gedachten yn ’23 net wer dwaan. De lokaasje hat prima foldien, mar wy oriïntearje ús no ek op oare plakken, ferlykje prizen en mooglikheden. Yn in folgjend bulletin lêze jimme wat de útkomst wurdt.
***
Alderleafste berneboek
Der binne al in tal aardige bydragen by Reina ynkommen, moai! Meidwaan kin noch. Sjoch op de reachside: “Dyn alderleafste Fryske berneboek”.
***
Professor yn Grins
It brief dat wy hjiroer stjoerd hawwe is noch hieltyd te finen op ús reachside. Sawol mei de minister (op 24 novimber, doe’t Hanke Bruins Slot de rede fan Fryslân hâlde) as mei de deputearre (op 5 desimber yn ús regulier oerlis) hawwe wy der oer praten, ús soarch ynbrocht en ús suggestje dien om net eksklusyf fêst te hâlden oan de RUG as útfierder. Ek in oare universiteit kin mei it jild fan Provinsje en Ryk soargje foar in heechlearaar en in masteroplieding yn Ljouwert. Ús yndruk is dat it besef dat der sa gau mooglik in nije heechlearaar komme moat, wol breed dield wurdt. De lêste berjochten stelle ús lykwols net echt gerêst. De RUG hâldt yn al har reaksjes dochs flink wat slaggen om ’e earm. En it komt ús foar dat Provinsje en Ryk it net echt skerp spylje doare.
***
Tresoar
Spitigernôch moast direkteur Arjen Dijkstra it petear fan 7 desimber oer de gearwurking tusken Skriuwersbûn en Tresoar ôfsizze. Wy hoopje sa gau mooglik in ferfangende ôfspraak te meitsjen.
***
Fuortgong plan honorearring en promoasje
Op 5 desimber hat deputearre Sietske Poepjes ús meidield dat hja in foars bedrach foar ien kear frijmeitsje kin en wol foar ús promoasje-plan. Hja is tige entûsjast oer de opset. As skiedende deputearre kin hja net mei plannen komme foar de langere termyn, mar in begjin mei in flink dofke jild is fansels net eat dat wy fersmite. Yn it lêste bulletin skreaunen wy dat de puzel oan de Provinsje wie, mar no sille wy sels earst wer puzelje moatte. Yn jannewaris ûnder oaren earst mar wer ris yn konklaaf mei û. o. Boeken fan Fryslân. Mochst tinke: wat plan wie dat eins? Ek dit is te finen op ús reachside.
***
Rispinge
Is der nij wurk ferskynd fan dyn hân? Lit it ús foaral witte. Wy diele it nijs graach mei alle leden en de bûtenwrâld fia ús reachside. Lês dêr wat kollega’s resint útbrocht hawwe en stjoer fan dyn nijste wurk in pakkende beskriuwing nei: bestjoer@skriuwersboun.nl .
***
Dingtiid
Dingtiid, it wichtichste advysorgaan foar Ryk en provinsje oangeande it Frysk, siket in bestjoerslid mei goed sicht op de Fryske skriuwerij en kultuer. It soe moai wêze as ien fan ús leden de útdaging oangie. Der is in ridlike fergoeding oan ferbûn. Sjoch foar mear ynfo: https://skriuwersboun.nl/dingtiid-siket-bestjoerslid-fryske-taal-en-kultuer/.
***
Nijjierssit yn Tresoar
Op 28-1-2023, fan 16.30 oere ôf. Yn Tresoar is spesjaal ynrjochte: Café De Gouden Leeuw, en dêr hâlde wy ús nijjiersgearsit. Mei in flinke opkomst litte wy as Skriuwersbûn-leden sjen hoe fitaal as de Fryske skriuwerij is! Dus nûgje wy jimme út om it glês te heffen op it nije jier yn dit tydlike ’Café De Gouden Leeuw’ yn Tresoar. It earste drankje en in flaubyt soargje wy foar! Fierdere drankjes binne op eigen kosten. De Fremibu, dy’t oars op 27 jannewaris wêze soe, komt dan foar in kear te ferfallen.
***
Yn de werhelling
De ôfrûne tiid hawwe wy in pear nijsberjochten op de reachside en de sosjals publisearre dy’t noch wol in werhelling fertsjinje, dus dêrom noch even in listje yn dizze nijsbrief:
- Oanmelding foar in fergees ferbliuw op de Skriuwersarke (earder arkje Rink vd Velde): https://skriuwersboun.nl/skriuwersarke/
- Skriuwwedstriid Gaia. Yn it ramt fan Exeter European City of Literature kinne der koarte ferhalen ynstjoerd wurde, mei kâns op in haadpriis fan 250 euro: https://skriuwersboun.nl/skriuwwedstriid-gaia/
- Kursus poëzij skriuwe mei Rixt en Tresoar: https://skriuwersboun.nl/dichterskollektyf-rixt-en-tresoar-organisearje-kursus-poezy-skriuwe/
- Skriuwe foar Skriuwers yn Iran. De situaasje yn Iran is ferskriklik en tal fan skriuwers binne oppakt en finzen setten, of harren hinget in lange finzenisstraf boppe de holle. PEN International en Amnesty hawwe ferskate aksjes opsetten: https://skriuwersboun.nl/kom-yn-aksje/
- Weromsjen op Transpoesie: Sytse Jansma hat in ferhaal skreaun dat ynspirearre is troch it Festival yn Brussel dêr’t er yn septimber optrede mocht: https://skriuwersboun.nl/weromsjen-op-transpoesie/
***
Foar yn de aginda:
- 30-12-2022: Fremibu Desimber yn Café Wolters, fan 16.30 oere ôf.
- 26-1-2023: Presintaasje Dichterstelefoan Operaasje Fers: https://sirkwy.frl/index.php/nijs/2024-lansearring-operaesje-fers
- 27-1-2023: Grutte Gedichtejûn Ensafh.: https://www.ensafh.nl/?p=65536
- 29-1-2023: Gedichtemiddei mei presintaasje blomlêzing Tsead Bruinja, Tresoar: https://tresoar.nl/bezoeken/agenda/63a023cf2252f60012209cb3
***
Ek nijsgjirrich:
- Wa wurdt kommend jier ‘Writer in residence’ yn Ljubljana? Oanmelde kin no! Mear ynfo is te finen op: https://ljubljanacityofliterature.com/news.html (Ingelsktalich)
- Lesdatums fan de Schrijversvakschool yn it nije jier yn Ljouwert: https://www.svsgroningen.nl/lesdata-van-fictie/164-lesdata-leeuwarden-niveau-1
Ledebulletin | Septimber 2022
Goed petear mei deputearre Sietske Poepjes
Op 7 septimber hawwe Ammerins, Reina en Willem mei de deputearre fan kultuer en mei Esther Rodenhuis praten oer in tal saken. De wichtichste twa punten wienen ús plan foar bettere honorearring en promoasje en ús fersyk foar in heger ‘boekjiersubsydzje’.
Plan honorearring en promoasje
Foar wa’t de meast aktuele ferzje fan it plan nochris neilêze wol: it is te finen op ús reachside.
Oer dit plan hawwe fan ’t maitiid twa ekstra gearkomsten mei leden west, en wy hawwe as bestjoer in tal suggestjes meinommen yn it plan. Jimme krigen dêr earder berjocht fan.
De provinsje is it folslein iens mei ús advys (A) oan de leden foar minimum-bedragen, dy’t foar optredens, publikaasjes en sa yn rekkening brocht wurde kinne. De Provinsje sil sels nea minder betelje. Hja sille as Provinsje der ek op oanstean dat organisaasjes dy’t mei provinsjale subsydzje wurkje, skriuw(st)ers hjirneffens útbetelje.
Ek ús foarnimmen (B) kin op har ynstimming rekkenje. Dat giet derom dat skriuwers, dy’t mei útjouwers (dy’t provinsjale subsydzje brûke) in boek útbringe, by publikaasje fan it boek fuort 50% fan de mooglik te heljen royaltys útbetelle krije. Spitigernôch mei soks, fanwege de besteande wetjouwing, net ferwurke wurde yn de subsydzjebetingsten. Mar de Provinsje sil by it takennen fan subsydzje oan útjouwers foar in boekútjefte, der tenei standert in oanrekommandaasje by dwaan dat dy 50% wol de bedoeling is, sjoen de swakke ekonomyske posysje fan Frysktalige skriuwers. Dit wittende, stean wy as skriuwers dochs wat sterker yn de ûnderhannelingen mei in útjouwer.
Oer ús idee (C) foar “ekstra promoasje en in passende beleanning” wienen hja tige te sprekken. Eins wie it iennichste ferskilpunt ús winsk om it foar 10 jier ôf te praten. De Provinsje kin net fierder gean as 2 jier, út in tydlik budzjet dêr’t Sietske Poepjes as deputearre noch ynfloed op hawwe kin. Ankom maitiid nimt sy as deputearre ôfskied, en hja sil by de oerdracht oan har opfolg(st)er der op oanstean dat soks, by de tawizing fan de kultuerjilden foar de folgjende 4 jier troch it nije kolleezje, opnij opnommen wurdt yn de ôfspraken. Foar ús saak om goed op ’e slach te passen, en takom maitiid sa gau mooglik mei it nije kolleezje kontakt te hawwen. Slagget it allegearre, dan soe sa’n regeling meimekoar doch seis jier de kâns krije. Tiid genôch om te sjen oft en hoe’t it yn de praktyk útwurket. Folgjende stap yn dit proses: oerlis mei Boeken fan Fryslân, Afûk, Provinsje en Skriuwersbûn. Hoe sille wy hjir yn ’e praktyk mei omgean? Wat is der nedich wol BfF dit plan útfiere kinne? Wy hâlde de leden op ’e hichte. By dit alles jildt wol: Provinsjale Steaten moatte meiwurkje wolle…
Boekjiersubsydzje
Dit is it subsydzjebedrach dat it Skriuwersbûn elk jier fan de Provinsje ûntfangt. Wy pleitsje no foar it twadde jier foar in strukturele ferheging: fan € 4.000 nei € 10.000. Wolle it Bûn en har bestjoersleden de ferwachtings wier meitsje kinne dy’t der nei ús útgean, dan is in rommer budzjet in betingst. Wy tarre no yn op ús reserves en dy binne yn dit tempo yngeande 2024 sa goed as op.
De deputearre en de amtlike stêf foar kultuer fynt dit in tige ridlik fersyk. Mar… ek ditsoarte bedragen wurde foar fjouwer jier fêststeld troch Provinsjale Steaten (PS). In nij kolleezje moat aanst PS it útstel dwaan om yngeande 2024 ús jierliks subsydzje te ferheegjen. Sietske sil har opfolg(st)er it driuwende advys jaan om soks te dwaan. Wy sille fan ús kant besykje de Steateleden te beynfloedzjen. Lêzer: astû kunde hast oan ien of mear Steateleden, brûk sa’n kontakt en meld it ús. Dan kinne wy eventuele aksje koördinearje.
***
Boadskip foar de politike partijen
Op it stuit binne de partijen, dy’t oan de Steateferkiezings fan ankom maaitiid meidogge, dwaande har konsept-ferkiezingsprogramma’s op te stellen. Wy hawwe as bestjoer besletten oan de kommisjes en bestjoeren, dy’t har dêrmei dwaande hâlde, in berjocht te stjoeren mei in konsept-tekst oer it belang fan it stimulearjen fan de Fryske skriuwerij. De literatuer kaam yn fierwei de measte programma’s fan fjouwer jier ferlyn net foar. Yn de jildende kultuernota stiet ien sin oer ús as Fryske skriuwers – wy soenen net fernijend genôch wêze. Niks oer Provinsjale ferantwurdlikens op dit mêd. Dat moat oars. Der moat serieus belied foar de literatuer ta stân komme, en serieus jild foar útlutsen wurde. Mear lêzeressen, mear lêzers, mear skriuw(st)ers, dy komme der net fansels.
Sadree’t de tekst yn de rin fan wike 37 klear en omstjoerd is, pleatse wy him op ús reachside en sille der fia sosjale mediums omtinken foar freegje.
Op 29 septimber, nei alle gedachten yn Tresoar, besykje wy in moeting mei de partijen te organisearjen.
***
Wint in Frysktalige auteur oait de P.C. Hooftprijs?
Oan it Skriuwersbûn sil it net lizze… De PCHP is dè Nederlânske literêre oeuvre-priis, dy’t alle jierren útrikt wurdt, om bar foar essayistysk wurk, poëzij en proaza. Dit jier hat Arnon Grünberg de priis wûn. Takom jier giet it om essayistyk. Yn de regleminten is fêstlein dat ek Frysktalige auteurs winne kinne. Yn de 74 jier dat de priis bestiet, is dy lykwols noch nea takend oan in Fryske auteur.
Wy hawwe as Skriuwersbûn in permaninte wurkgroep ynsteld dy’t de sjuerys fan de P.C. Hooftprijs frege en net frege advys jaan sil oer geskikte Frysktalige skriuwsters, skriuwers, dichteressen en dichters. Yn dy wurkgroep sitte Hylke Tromp, Goffe Jensma, Doeke Sijens, Martsje de Jong en Inge Heslinga. Fiif tige saakkundige leden fan it Bûn. Der is in reglemint opsteld, dat te finen is op ús reachside. De earste foardracht troch dy wurkgroep sil plak fine foar de poëzij-priis, dy’t yn 2024 útrikt wurdt. Fryslân hat in protte goeie dichteressen en dichters mei in ryk oeuvre, dy’t net ûnderdogge foar Nederlânsktalige auteurs en ek ynternasjonaal de ferliking prima oankinne. Wat de essayistyk oanbelanget doare wy dat net sa selsbewust te sizzen. Sadwaande ankom jier noch gjin advys. Goffe Jensma en Willem Verf sille dizze hjerst nei foarsitster en skriuwer fan it PCHP-bestjoer ôfreizgje om de situaasje te bepraten. De earste kontakten mei dizze beide persoanen ferroannen wat stroef, wy hawwe dêr earder berjocht oer dien. Mar wy hâlde oan as storein. Jimme hearre der yn de rin fan dit seizoen mear oer.
***
Transpoesie op 26 en 27 september
Noch eefkes en Sytse Jansma sil it Frysk fertsjintwurdige op it poëzijfestival Transpoesie yn Brussel. Hâld de sosjale media en de reachside fan It Skriuwersbûn en ek Transpoesie.eu yn de gaten foar de lêste ynformaasje. Der wie praat oer in live stream, en dat soe fansels moai wêze! Sytse sels stiet de moandeis krekt nei seis oere op it poadium.
***
Skriuwerswykein op 14, 15, 16 oktober
Bliksem, wat in wurk en in spanning. It bestjoer stekt der in protte enerzjy en tiid yn. Hoe fitaal is de Fryske Skriuwerij, hoe fitaal is ús Bûn? It begjint him ôf te tekenjen dat it wykein foldwaande entûsjaste dielnimmers hawwe sil. Alle leden krije (of krigen) noch in lêste oprop. Wa’t him foar it heule wykein of foar inkele deidielen frijmeitsje kin, skromje net en kom. Foar learing, goed petearjen en foar fermeits. En doch dêrmei, sa yn de gong wei, in goede died foar de Fryske skriuwerij.
Opjaan graach foar 1 oktober!
***
FreMiBu
Eltse lêste freed fan ’e moanne binne jim fan herte wolkom by Café Wouters om by te praten en inoar te inspirearjen. De earste FreMiBu fan dit seizoen sil wêze op freed 30 septimber 2022. Fan 4 oere ôf sitte Jetske Bilker en Pier Boorsma der yn alle gefallen! In hapke ite kin fansels ek altyd.
Spesjaal foar dizze kear betellet It Skriuwersboun it earste rûntsje. Oant dan!
***
Fan de ponghâlder
Begjin oktober fynt de jierlikse winning fan ’e kontribúsje plak fia ynkasso. Leden dy’t hjir gjin tastimming foar jûn hawwe, ûntfange in rekken.
Oesdrip | jiergong 52 | Nûmer 1 | Juny 2021
Literêre kuier troch Feanwâlden op 3 july
It bestjoer wol heul graach ek wer ‘echt’ kontakt mei de leden, en ferskate leden joegen oan ferlet te hawwen fan ûnderling kontakt, oars as fia it byldskerm. Gewoan wat ‘gesellichs’ dwaan en wer even wat byprate. Stadichoan wurdt dat gelokkich wer mooglik! Dus is der op sneon/saterdei 3 july in literêre kuier yn Feanwâlden, ûnder lieding fan Douwe Kootstra. Mei nei ôfrin in lunch mei-inoar, yn de Skierstins.
Fanwege koroana is der op it stuit in maks fan 30 Leden dy’t meidwaan wolle, kinne har fia bestjoer@skriuwersboun.nl foar 1 july opjaan.
Nearnewâld foar eksamenstudinten Frysk
It Skriuwersboun hat in kado jûn oan alle learlingen fan middelbere skoallen dy’t dit jier it Frysk eksamen dogge. Hja ha it jubileumboek ‘Nearnewâld’ krigen, mei bydragen fan 45 skriuwsters en skriuwers. De bydragen binne makke nei oanlieding fan in tekening fan Laurens Bontes fan in tinkbyldich Frysk doarp mei allerhanne nijsgjirrige details.
De boeken waarden oanbean op de dei dat de Fryske eksamens ôfnommen wurde, op 31 maaie en 1 juny. It earste eksimplaar waard oanbean by Skoallemienskip Liudger yn Burgum, mar ek learlingen yn Boalsert, Ljouwert, Drachten, Surhústerfean, Frjentsjer, Snits, Koudum en Dokkum ha in eksimplaar krigen. Dizze aksje waard mooglik makke mei stipe fan it FLMD.
Transpoesie
Ek dit jier waard It Skriuwersboun frege in dichter te leverjen foar it jierlikse Transpoesie Poëzyfestival in Brussel, dat dêr no foar de alfde kear hâlden wurdt. Dit jier sil Fryslân fertsjintwurdige wurde troch Cornelis van der Wal. Hy mei op 26 septimber in optreden fersoargje, op de Europeeske Dei fan ’e Talen.
Nei de oprop earder dit jier, krigen we gedichten binnen fan seis dichters. De sjuery, besteande út Alex Riemersma (adviseur taalbelied by de Provinsje Fryslân en lektor oan NHL Stenden), Janneke Spoelstra (Fryske Akademy en sels dichter) en Ammerins Moss-de Boer (It Skriuwersboun) keazen unanym foar ‘Snie is in died fan ferset’ fan Van der Wal.
P.C. Hooftprijs
Dizze priis is in jierliks ta te kennen oeuvrepriis foar Nederlânske auteurs. Yn artikel 1 fan it reglemint is bepaald dat it om wurk gean moat dat haadsaaklik skreaun is “in de Nederlandse of Friese taal.” Mar yn alle jierren dat de priis bestiet hat noch nea in Frysktalich auteur wûn…
It Skriuwersboun hat besletten om yn petear gean mei it bestjoer fan de ferantwurdlike stichting: hoe kinne Fryske skriuw(st)ers mear kâns meitsje?
Hylkje Goïngapriis
It Friesch Dagblad, de stifting FLMD en it Skriuwersboun binne drok dwaande mei it opsetten fan in nije priiswedstriid. It giet om in priis foar moai koarte ferhalen (+ 750 wurden), it sjenre dêr’t Hylkje in masteres yn wie. It liet him yn it earstoan oansjen dat de gemeente ynteressearre wie om de ferantwurdlikens hjirfoar te dragen. Mar de petearen hjiroer sitte op stuit fêst. Wy besykje lykwols in nije iepening te finen by ferantwurdlik wethâlder frou Bakker.
City of Literature
Ljouwert is yn 2019 útroppen ta City of Literature. De organisaasje mei deselde namme wol meartalich dwaande wêze en as sadanich benammen de Nederlânske en Fryske literatuer stimulearje. De titel City of Literature is benammen ynhelle op basis fan de ynfrastruktuer fan de Fryske literatuer. As Skriuwersboun fine wy dan ek, tegearre mei deputearre Poepjes, dat it measte jild nei de Fryske skriuwers ta moat.
It Skriuwersboun is mei oare organisaasjes oanwêzich yn in klankboerdgroep , dy’t de City of Literature mei konstruktive advizen en opbouwende krityk begeliede sil. It Skriuwersboun sil dêr derop tasjen, dat de Fryske literatuer syn gerak kriget.
Kontakt Provinsje Fryslân
De Provinsje hat dit jier mear omtinken foar de Fryske Skriuwerij. Sietske Poepjes organisearre al twa kear in Zoom-oerlis mei fertsjinwurdigers fan ferskate organisaasjes, wêrûnder it Skriuwersboun. Yn de hjerst sil der in fysyk oerlis wêze. It is allegearre noch yn in ferkennend stadium, mar wy fernimme in positive yntinsje. It alderwichtichste dêrby is stimulearring fan it Frysk lêzen en de ferkeap fan Fryske boeken. Dy moatte dan wol skreaun wurde, en dat dogge ús leden graach, mits der publikaasje-mooglikheden mei ridlike honorariums binne/komme.
Kontakten Tresoar
In spannende perioade, Tresoar krijt in nije direkteur. Op it stuit dat dit skreaun wurdt is de namme noch net bekend. Tresoar is har nij oan it oriïntearjen op har takomstige taken en profilearring. Op 23 juny is der in breinstoarm plend mei ferskate ‘stake-hâlders’, wêrby fansels it Skriuwersboun. Wy wolle graach mear praktyske stipe fan Tresoar. Tresoar is no fiersten te min werkenber as Frysk Literêr Sintrum, en de permaninte tentoanstelling oer de Fryske Literatuer komt mar net fan de grûn. Wy hawwe dus wis wat yn te bringen…
Oesdrip – Jiergong 50 │ nûmer 3│desimber 2019
Feestmoanne
Mei de feestdagen yn it sicht sjogge wy koart werom nei de ôfrûne moannen, dy’t yn it teken stien hawwe fan it útbringen fan it jubileumboek Nearnewâld, ta gelegenheid fan ús 50-jierrich bestean.
Nochris tank oan ’e auteurs, de redaksje, de útjouwerij Elikser en de stipers. It jubileumfeest en de boekpresintaasje op 14 novimber wie in boppeslach, mei in moaie opkomst yn it smûke Hotel Oostergoo yn Grou. Wy hoopje op in goede ferkeap en freegje jimme help dêrby.
Earder stie al in ûnderhâldend stik yn de Ljouwerter Krante oer de skiednis fan it Boun en oer it ta stân kommen fan it boek.
Koart dêrfoar waard bekendmakke dat Ljouwert City of Literature wurdt en dêrmei is der de kommende tiid in nij haadstik, om’t it meitinken fan it Skriuwersboun frege wurdt. Hoe, dat sil noch dúdlik wurde. Wy binne wiis mei de útferkiezing, ek om’t it net in ienjierrich barren is, mar permanint. Lit ús de kânsen gripe om it Frysk en de Literatuer noch mear op ’e kaart te setten.
Fierders bliuwt It Skriuwersboun yn kontakt mei ynstânsjes dy’t dwaande binne op it mêd fan de Fryske taal en kultuer, dêr’t it ôfrûne jier Dichterskollektyf RIXT oan taheakke.
Fierder hat foar de twadde kear op rige in Fryske dichter oanwêzich west yn Brussel op de Europeeske Taledei (26 septimber) yn it ramt fan Transpoesie, dit kear wie it de ear oan Elmar Kuiper. Hy sil ús der by gelegenheid noch oer fertelle. Fan dit plak ôf wol ik ek Nyk de Vries fan herten lokwinskje mei syn beneamming as twadde Dichter fan Fryslân.
As bestjoer stelle wy no ús planning foar 2020 op en wy sille jimme ynformearje oer de ynhâld. Yn jannewaris starte wy krekt as begjin 2019 mei in Nijjiersbuorrel yn De Basuin (Ljouwert). Kom del en klink mei ús op in nij jier.
Om oer al ús plannen mei te tinken binne jimme fan herten útnûge by de Algemiene Ledegearkomste fan 20 desimber dy’t plakfine sil yn Tresoar. Lykas yn it LC-artikel sil Pieter de Groot ús meinimme nei eardere tiden en fertelle oer de begjinjierren fan It Skriuwersboun.
Sa as bekend kin it bestjoer noch altyd fersterking brûke. Kandidaten binne wolkom om ynformaasje op te freegjen by de bestjoersleden.
Oant de 20e en mocht dat net slagje dan winsket it bestjoer fan It Skriuwersboun jimme hiel noflike en ynspirearjende feestdagen.
Tryntsje van der Veer
Algemien bestjoerslid
*
Fan de ponghâlder
Yn de rin fan dit jier is it ponghâlderskip oergongen fan Tryntsje van der Veer nei André Looijenga. De finansjele situaasje fan it Skriuwersboun is goed. Wy hienen yn 2019 de mooglikheid om twa bysûndere projekten te bekostigjen: de debatjûn ‘Polityk moetet literatuer’ op 14 febrewaris, en de produksje en presintaasje fan ús jubileumboek Nearnewâld. Foar ús debatjûn foar de provinsjale steateferkiezings hawwe wy, mei sin, gjin provinsjale subsydzje oanfrege.
Neist de kontribúsje fan jim as leden, ûntfangt it Skriuwersboun jierliks subsydzje fan de provinsje Fryslân. Dêr binne wy wiis mei. In moaie bykomstichheid is dat wy ek takom jier gjin heger ledejild fan jim hoege te freegjen.
Wat trouwens it tal leden fan it Skriuwersboun oangiet: dat bliuwt ridlik konstant. Wy wolle lykwols graach sa breed mooglik Fryske skriuwers fertsjintwurdigje kinne. Wy hawwe dêrom ferlet fan safolle mooglik aktive Fryske auteurs, oersetters en taalprofessionals dy’t har by ús oanslute wolle en meitinke wolle. Ik woe jim dus freegje: nûgje jim kollega-dichters, -skriuwers, -oersetters dy’t net Skriuwersboun-lid binne út om mei te kommen nei ien fan ús aktiviteiten. Bygelyks nei ús ALG op 20 desimber of nei de Nijjiersbuorrel op 10 jannewaris. Wat mear leden, wat better wy de belangen fan Fryske skriuwers behertigje kinne.
André Looijenga
Ponghâlder
*
Lytse ûndernimmersregeling
De Haach hat wer wat nijs betocht foar zzp’ers. Yn it earste plak giet de selsstannigeôftrek omleech, fan €7.280 no nei €5.000 oer in pear jier. As selsstannige kinst dat bedrach fan dyn bedriuwswinst ôflûke, sadatst minder (of gjin) bedriuwsbelesting hoechst te beteljen.
De twadde feroaring is de ferfanging fan de Lytse ûndernimmersregeling (ôfkoarten as KOR yn it Nederlânsk) mei in nije regeling de OVOB. Mei de KOR koest BTW weromkrije fan de belestingtsjinst. Ast minder as €1345 oan BTW betelje moast, dan krigest dat wer werom. As de BTW-ôfdracht tusken €1.345 en €1.883 is, dan is der in somke en kinst dat bedrach weromkrije.
Fan 1 jannewaris ôf jildt de KOR net mear mar de OVOB. Mei dy regeling hoechst net mear BTW te beteljen as dyn jieromset minder as €20.000 is. Ast meigiest yn de regeling en dochs boppe de €20.000 útkomst, dan moatst dat trochjaan oan de belestingtsjinst en fan dat stuit ôf jilde de normale BTW-regels wer.
Fijn, mar wat betsjut dat yn ’e praktyk? Yn it foarste plak, kinst mei de OVOB net mear de BTW op spul datst ynkocht hast ôflûke fan dyn totale BTW. Dat, dyn kosten geane omheech. En dy wurde al ferhege troch de ferplichting ta in Arbeid Ungeskiktheidsfersekering foar zzp’ers. Boppedat, is de OVOB basearre op hoefolle omset oftst makkest wylst it by de KOR ferbân hâldt mei dyn winst.
En stel datst boppe de omsetgrins fan €20.000 komst, dan moatst wer BTW heffe foar op syn minst de kommende trije jier. Dat ast no al yn de buert fan dy grins sitst of yn de groei sitst, dan kinst der wol fan útgean datst binnen de koartste kearen wer BTW betelje en heffe moatst. Mar soest de jierren dêrnei yn in dip komme en dyn omset giet sterk omleech dan sitst oan de BTW fêst en hast neat oan dizze nije regeling. By de KOR wie dat gjin punt.
It regear presintearret it graach datst mear fertsjinje silst om’tst de BTW net mear oan de oerheid ôf hoechst te stean. Spitigernôch sit dat der yn de measte gefallen net yn. Bedriuwen kinne de BTW dy’tst yn rekken bringst, sels fan har BTW-oanjefte ôflûke as kosten. Ast gjin BTW heffe meist, dan kinne se dat net ôfskriuwe en wurdst djoerder foar har. Dat, silst wierskynlik dyn taryf mar beheind oanpasse kinne wylst dyn eigen kosten wol omheech geane. En ast boppe de omsetgrins útkomst, moatst wer BTW derby opplakke. Sille se leuk fine, sa’n skommeljend taryf.
En der binne wol oare neidielen te betinken, allegear ôfhinklik fan dyn persoanlike omstannichheden. Mei oare wurden, moatst no in hiele bak ekstra oerwagings derby pakke foardatst sizze kinst ast wol of net meidwaan wolst oan de OVOB. Alwer in bewiis dat de Belestingtsjinst harren slogan ‘makkelijker kunnen we het niet maken, wel leuker’ net al te serieus nimt.
Ast gjin nocht hast oan dy fernijings, dan kinst dizze petysje stipe troch û.o. de Auteursbond ûndertekenje.
Trevor M. Scarse
Skriuwer
*
Nearnewâld
Einlik is it der, en it is genderneutraal en meartalich berne. It is Frysk, Bildtsk, Liwadders en Nederlânsk. It is sawol in doarpeling as in stedsjer, en it is thús yn alle sjenres: proaza, poëzy en toaniel. It is fleksibel, foaral yn ’e rêch, en it hat no noch flappen, mar we hoopje dat it op in dei wjukken krije sil.
Dit bern sil it yn it libben net per se maklik krije, mar it hat yn alle gefallen in goede start hân. Oan it’s widze stie yllustrator en foarmjouwer Laurens Bontes. Op de algemiene ledegearkomste fan It Skriuwersboun yn maart 2019 liet er de tekening sjen dy’t er makke hie fan in fiktyf plak, grôtfol details dêr’t elk har of syn of it’s fantasij op loslitte koe – úteinlik libje de measten fan ús by de graasje fan op syn minst in grut foarstellingsfermogen. Dêrmei krige er de omstanners dus fuortendaliks op ’e knibbels, sawol letterlik as figuerlik, en it wienen in stikmannich mear as in hânfol skieppehoeders en trije wizen.
By it ferhaal oer de trije wizen moat ik trouwens altyd tinke oan it krystferhaal fan Tonke Dragt, skreaun út it perspektyf fan in fjirde wize wei. It is in ferhaal oer trije dwazen, dy’t in bysûndere stjer sjogge en tinke dat se der achteroan moatte, omdat dy stjer de berte fan wat nijs, wat bysûnders oankundiget. De minsken gnize har stikken: wat in steltsje idioaten, dy tinke dat se it ljocht sjoen hawwe. Mar de man hat dy stjer ek sjoen en hy fielt it fjoer yn him. Uteinlik lit er syn earen lykwols hingje nei wat de measte minsken fine, en ek al komme de trije dwazen om him te freegjen oft er mei giet, hy is wol wizer en bliuwt thús, lykas de measte minsken. Dêrnei kin er net mear wurkje en net mear sliepe, it wurdt tsjuster yn syn binnenste, it fjoer dôvet út. Yn sa’n nacht dat er net sliepe kin, skriuwt er it ferhaal op, en hy komt ta de konklúzje dat de dwazen eins wizen wiene, en dat er séls de dwaas is: hy hat de stjer sjoen, mar hat har net folge.
Mar dat efkes fansiden. Op dy algemiene ledegearkomste wienen fansels net allinnich skieppehoeders en wizen, mar bygelyks ek peetmuoike Jetske Bilker. De skieppehoeders en de wizen drigen op in stuit mei-inoar op de fûst te gean oer datjinge wat we seagen no in doarp of in stêd wie. Jim riede it al: de skieppehoeders seagen in doarp, de wizen seagen in stêd: rebûlje! Lokkich sprong Jetske dertusken. Dy hie earst by de foardoar al fakkundich in tal goede en minne feeën tsjin de flakte slein – ik bedoel mar: wa leaut der no noch yn feeën – en kaam no mei in briljante oplossing: dat mei elk dochs sels witte? Wêrom neame we it net Nearnewâld? Dêr wienen de skieppehoeders en de wizen suver efkes stil fan.
Om in no al wer fierstente lang ferhaal wat koarter te meitsjen: úteinlik wienen der 43 skieppehoeders en wizen, skriuwers en dichters ree om in bydrage te jaan foar dit bern, sadat it net al te earmoedich op ’e wrâld komme soe. In soad fan jim binne wol bekend mei it yn ferwachting wêzen en op ’e wrâld bringen fan in bern lykas dit, dat ik hoech tink net al te bot út te weidzjen oer de hichten en djipten dy’t dat mei him meibringt. Skriuwe, in boek of toanielstik yn ’e iepenbierheid bringe: it is machtich moai mar ek alderferskuorrendst kwetsber wurk. Mei íen skriuwer in boek meitsje is faak al in soarte fan achtbaan, dat mei 43 soenen je ferwachtsje dat it op syn minst in Python wurdt, mar dat foel ta. It gie allegear like noflik, elk levere op tiid yn – no ja, sa goed as – en peetmuoike Jetske en peetomke André Looijenga offeren sûnder protteljen harren simmerfakânsje op foar de redaksje, Laurens tekene syn fingers blau om alle details yn ’e kaders te krijen dy’t de skriuwers en dichters betocht hienen, en yn Jitske Kingma fan Elikser fûnen we in útjouwer dy’t fan de earste sekonde ôf striele fan entûsjasme: dochs noch in goede fee oan ’e widze, okee, ientsje dan, om it ôf te learen.
Mar der ûntbriek noch wat. Der skynt in teory te wêzen dy’t seit dat yn elk goed ferhaal in opbou sitte moat, jim witte wol: in reis mei begjin, midden en ein, it begjint goed, dan giet alles op ’e kop ferkeard, konflikten moatte oplost wurde, tebeksetters oerwûn, en úteinlik komt de held – altyd in held – dêr’t er wêze wol, of net, mar yn alle gefallen is it ferhaal dan dien. Yn dit ferhaal siet in gat: wêr wie de tebeksetter? No, dêr hoegden we net lang om te sykjen, want it wichtichste wienen we fergetten: goud, wijreek en mirre, blinder! De wizen wienen der blykber mei de kop net hielendal by doe’t se ôfreizgen. Lokkich libje we net yn it lân fan Herodes mar yn de provinsje Fryslân, oars soe it wat de berte fan berntsjes fan dit slach oangiet ien grutte ûnfruchtbere woastyn wêze. No hoegden der allinnich noch wat formulieren ynfolle te wurden en dêr kaam al in ridder op in Frysk hynder oandraven – ja, dy stie al dy tiid yn de kûlizen te hoefskrabjen, ik moat him dochs ergens litte – mei goud, wijreek en mirre.
Dat ja, it is in keningsbern, in bern dat alles goedmeitsje sil, en op in pear wike nei in krystbern. De skiednis leart ús: dan moatst o sa op dyn tellen passe.
We hawwe ôfpraat dat aanst de útrikking fan it earste eksimplaar ek werklik it earste eksimplaar wêze sil, dat ik kin it no noch efkes net oan jim sjen litte, mar leau my: it is in beauty. Dat efkes foar de ynternasjonale touch. En o ja, it is ek noch full colour. Koartom: it is net foar ien gat te fangen, en ek net yn in identiteit dy’t yn beton getten is. Dat sil Facebook net leuk fine, en de amtner fan ’e boargerlike stân likemin. We hawwe der it bêste mei foar, en winskje it alle lok en sukses yn ’e wrâld ta, mar we sille de namme by de oanjefte wol efkes twa kear staverje moatte bin ’k bang, want we neame it yndie Nearnewâld.
Baukje Zijlstra
Algemien bestjoerslid
*
Enkête Moanne fan it Fryske Boek
In skoftke lyn hat it Skriuwersboun har leden frege wat sy fûnen fan de organisaasje fan de Moanne fan it Fryske Boek yn 2018. Ferskate minsken hawwe dêr antwurd op jûn. Yn in letter petear mei Boeken fan Fryslân hawwe wy de resultaten fan dizze enkête besprutsen. Boeken fan Fryslân wie bliid mei de nije ideeën en koe antwurd jaan op de krityske fragen fan guon.
In punt dat nei foaren kaam wie de ûnsichtberens fan it gehiel, it program wie net dúdlik.
Ek al hat BfF dit jier mear jild útjûn oan marketing as foargeande jierren, foar it kommende jier is it de bedoeling om noch earder de publisiteit op te sykjen. Dat is ek wat de skriuwers yn de enkête oanjouwe: mear koördinaasje, mear PR.
Grutste tûkelteam foar de measten wie dochs de iensidige opset, mei allinnich de fokus op Willem Schoorstra en syn boekewikegeskink. Men hat leaver dat mear skriuwers en dichters belutsen wurde yn it programma fan de hiele moanne. Neffens BfF hat de toernee fan Willem Schoorstra wol fertuten dien. Hy hat it foarinoar krigen om folle sealen en in nij publyk te krijen. Dat waard ek yn de enkête wurdearre: net allinne de usual suspects oansprekke, mar ek in nij publyk.
Sintraal yn dit súkses stiet wol de ynset fan de lokaasjes en frijwilligers sels, dy wienen entûsjast en reewillich om har bêst te dwaan. It sykjen nei oare lokaasjes foar literêre aktiviteiten hat de oandacht.
Plan is om foar it kommende jier it grutte programma fan de moanne rûn te krijen, mei plak (en stipe) foar private inisjativen. It Boeksimmerboekfeest is dêr in moai foarbyld fan hoe’t soks wurkje kin. Saak is dan wol dat minsken mei konkrekte plannen komme dy’t se sels (mei) útfiere wolle. Dêr stiet BfF foar iepen.
De situearring fan de MfFB tagelyk mei de Nederlânske boekewike yn maart wurdt beholden. Op dat mêd moat de oersetting fan it Nederlânske boekewikegeskink ek takommend jier barre. ‘Wêrom net in Nederlânske oersetting fan in Fryske boekewikegeskink?’ oppere ien fan de skriuwers yn de enkête.
De berneboekewike sil yn oktober plakfine. Der sil gjin kadoboek mear komme, faaks wol in berneboekegeskink yn it nije jier.
Paul van Dijk
Algemien bestjoerslid
*
Blokje om op ’e fyts
Writers should bike more.
It’s good for their brain, it gives them space and time to think.
(sei in sechtsjinjierrich famke dy’t ik moete op myn fytstocht yn 2016 tichteby Vilnius)
Fan ’t simmer hawwe de faam en ik fjouwer en in heale moanne troch Europa fytst. Nei Albanië en mei in omwei wer werom. It hat út alderbêst foldien, dat wy sille soks grif meikoarten werris dwaan.
No bin ik noch altiten dwaande mei it skriuwen fan in roman, basearre op myn eardere fytsreizen. Reizgjen ynspirearret no ienkear. Wat men sa al belibbet, de moetings dy’t men opdocht, alles kin as reisferslach opskreaun wurde. Soks hawwe wy ek dien op ús bloch. Net sasear fan ‘en doe, en doe’ mar wy hawwe besocht dat sa tematysk mooglik oan te pakken.
Lykwols ferwurkje ik dat wat ik/wy meimakke hawwe it leafst op in kreativere, net al te letterlike wize. Dus de ûnderfinings dy’t ik opdien haw as basis brûke foar fiksje. It boek dêr’t ik oan wurkje en hoopje takom jier ôf te meitsjen is neat oars as dat.
Op myn eardere grutte reis (nei de Noardkaap) haw ik besocht yn alle lannen in ferhaal te skriuwen, of alteast in ferhaal te skriuwen dat him yn it oanbelangjende lân ôfspilet. Ek wer puer fiksje, mar wat ik heard en sjoen haw ferwurke. Mei’t ik op ’t heden aardich yn de proazagedichten sit, haw ik ditkear de dingen ferwurke yn dat sjenre, dêr’t al mannich fan publisearre binne op de digitale ferzje fan Ensafh.
No is it net sa dat ik it echt nedich haw om skriuwe te kinnen. Ik haw de frijheid dy’t it fytsen jout nedich om oare redenen. Mar dat betsjut fansels net dat it fytsen myn skriuwen net beynfloedzje soe. It is dan ek net sa dat ik lotter ferhalen/boeken/gedichten skriuwe wol dy’t basearre op it fytsen binne. Ik haw de eare in wurkbeurs foar in proazagedichtebondel krigen te hawwen, mar dy komt mei oare wurden net fol te stean mei proazagedichten sa’t dy de lêste tiid op Ensafh ferskine. Je soenen it hast net sizze, mar der is mear yn it libben as allinnich mar it fytsen.
Om dy reden wie ik ek net hiele rouwich om werom te kommen. Net allinnich om’t it ein septimber wieter en kâlder waard, mar ek om wer oan it wurk te kinnen. Der leinen gâns opdrachten en putten op my te wachtsjen, dêr’t ik ek wer nocht oan hie om mei te set. Ik bin dwaande in boek oer te setten, mei oare Fryske en Deenske dichters dwaande in sammelbondel gear te stallen en oer te setten, de roman, de dichtbondel ensafuorthinne. Allegearre pracht puttten om mei te set.
De fyts komt alle dagen wol út it hok wei, mar in langere tocht moat wachtsje oant it wurk wer dien is. Lykas sein, is it moaie dat it sa goed kombinearre wurde kin. Om dy reden sil ik takom jier (wer) op ’e fyts nei Denemarken om dêr in moanne as twa te skriuwen en oer te setten.
Geart Tigchelaar
Algemien bestjoerslid
*
Data
Op 12 desimber jouwe Babs Gezelle Meerburg en Lida Dykstra in lêzing oer froulju yn ’e Fryske literatuer yn OBE om 19:30 oere.
Op 20 desimber hawwe wy ús Algemiene Ledegearkomste yn Tresoar om 19:30 oere. Piter de Groot sil nei de tiid op ’e tekst oer fyftich jier Skriuwersboun.
Wy wolle takom jier wer in nijjiersbuorrel hâlde. Dat sil heve yn De Basuin te Ljouwert op 10 jannewaris om 17:00 oere.
Takom jier op 31 jannewaris is it Boekwinterboek, in feest foar skriuwers én lêzers yn Snits om 20:00 oere.
Dichters en foarlêzers kinne harren foar de jierlikse Grutte Gedichtejûn dy’t organisearre wurdt troch Frysk literêr tydskrift Ensafh. Dat sil heve op 8 febrewaris om yn kafee Marktzicht te Drachten. Opjefte kin fia: ensafhpoezij@gmail.com
En ferjit net dat elke lêste freed fan ’e moanne de Fremibu is. Dat is de freedtemiddeisbuorrel foar skriuwers en oare ynteressearren. It is yn kafee Wouters (foar it Ljouwerter stasjon oer) om 16:30 oere. Dus de earstfolgjende is 29 novimber.
*
Redaksje
Hawwe jo nijs foar de Oesdrip? Stjoer in berjocht nei bestjoer@skriuwersboun.nl
Reaksje op kultuernota ‘Kultuer oan ‘e Kime’
Hjirûnder kinne jo de tekst lêze sa’t dy nei alle fraksjes gien is as reaksje op de nije kultuernota ‘Kultuer oan ‘e Kime’ fan Provinsje Fryslân. André Looijenga hat út namme fan ‘e leden fan It Skriuwersboun op 12 desimber by de Byldfoarmjende Steatekommisje yn it Provinsjehûs ynsprutsen.
Ljouwert, 12 desimber 2018
Rju achte leden fan Provinsjale Steaten,
Mei fernuvering hawwe wy yn it útfieringsprogramma Kultuer oan ’e Kime de plannen foar de weroriïntaasje fan de kulturele ynfrastruktuer fan Fryslân lêzen. De leden fan it Skriuwersboun binne ferbjustere hoe’t yn dat beliedstik it Fryske kulturele fjild redusearre wurdt ta de twa grutste publykslûkers: popmuzyk en toaniel.
Yn it útfieringsprogramma lêze wy faak dat de ‘talichheid’ en de ‘meartaligens’ fan de kultuer yn Fryslân in sterk punt wêze soe. Yndied! Mar wy meitsje ús grutte soargen, omdat dy moaie wurden oer ‘talichheid’ net eksplisyt ferbûn wurde oan it skreaune Frysk, net ferbûn oan literatuer yn it Frysk, en ek net oan de ‘makers’ dy’t har spesjalisearje yn it skriuwen yn it Frysk. De skriuwers, de dichters, de oersetters wurde nammentlik nergens neamd yn de nije beliedsnotysje!
Der hawwe dan ek gjin fertsjintwurdigers fan it Fryske literêre fjild meipraat yn de petearen foar it ûndersyk Fryslân – lân van krêft en kânsen. Wy begripe net wêrom’t dy net útnûge wiene.
It Skriuwersboun hat fûnemintiele beswierren tsjin de teneur yn de beliedsnotysje Kultuer oan ’e Kime, dat kultuer yn Fryslân ûndergeskikt makke wurdt oan ekonomyske doelen. Keunst en kultuer wurdt benammen delset as in middel ta it fuortsterkjen fan fêstigingsklimaat en toerisme. Dit bedriget de autonomy fan de keunst. Dit liedt neffens ús ek ta in ynhâldlike útholling. Wy ferwachtsje hieltyd mear keunst dy’t mei in toeristyske blik, oerflakkich en stereotyp, nei Fryslân en de Fryske mienskip sjocht.
Foar echte kulturele ynnovaasje hjir yn Fryslân is kennis nedich, net allinnich in ‘ferhaal’, mar djipper geande kennis fan de eigensinnige Fryske kontekst en ús Fryske talen.
As it giet om it plak fan de Fryske taal yn de kulturele ynfrastruktuer, is it saneamde Bidbook Frysk oer meartaligens in teloarstelling. Dat Bidbook is net folle mear as in reklamefolder oer de aktiviteiten fan ‘Lân fan Taal’ yn 2018. Neffens it Skriuwersboun is der in beliedsstik nedich dat folle breder en djipper yngiet op it Frysk yn it provinsjale kultuerbelied. Literatuer yn it Frysk is ommers it anker fan it Frysk as kultuertaal. Ek foar bygelyks heechweardich lokaasjeteater yn it Frysk binne mear ferbinings mei de literatuer essinsjeel.
It Skriuwersboun freget Provinsjale Steaten om derop oan te stean dat Fryske literatuer in folweardich plak krijt yn de kulturele ynfrastruktuer fan it kommende desennium.
Wat neffens ús nedich is, is in aparte notysje oer it provinsjale literatuerbelied, – dy’t de skriuwers net weimoffelet ûnder de ‘taalbefoardering’. Wy freegje om in notysje mei in blik dy’t breder is as allinnich subsydzjebetingsten, mar dy’t bygelyks ek in antwurd hat op in bettere marketing fan Fryske boeken en op mear ynternasjonale útwikseling fan Fryske skriuwers en harren wurk.
It Skriuwersboun sprekt de hope út dat Provinsjale Steaten helpe kin om sa it plak fan de literatuer yn it Fryske kulturele fjild better te boargjen as yn dizze plannen it gefal is.
Ut namme fan de leden fan it Skriuwersb
Oesdrip nûmer 2, juny 2018
De maitiid
Ja it is maitiid en wat foar in ien. In tiid foar nij libben en ynspiraasje. Rûnom binne der aktiviteiten yn it ramt fan LF2018, mei in aksint op it Lân fan Taal en it paviljoen MeM yn ’e Prinsetún. Sa no en dan strykt it bestjoer dêr ek del, yn in noflike omjouwing ûnder de rokken.
Yn dizze Oesdrip prate wy jimme by. As bestjoer sprutsen wy mei fêste partners sa as Tresoar, mei Goffe Jensma oer de bining mei de RuG, mei de direksje fan Tryater en mei Ernst Bruinsma oer Boeken fan Fryslân.
De Tinktank, as boarne om mei leden oer aktuele ûnderwerpen te praten, foldocht ús poerbêst. Koartlyn mei Bert Looper oer it literatuerbelied, dat nei oanlieding fan ús skriuwen en petear mei Tresoar, dêr’t It Skriuwersboun har soarch yn útspruts oangeande it fuortfallen van de posysje fan in fêste kontaktpersoan op dat mêd. Wy binne nûge mei te tinken.
De Temajûn oer de ferbining tussen it skriuwen yn de Fryske taal en de toanielwrâld op 19 april by Tresoar joech daliks as rispinge de berte fan in wurkgroep op dat mêd. Ek dêrfan is alwer in earste gearkomste west yn De Bres en dy sil fuortset wurde mei in Masterclass troch Bouke Oldenhof. Fansels hoopje wy op in protte ynskriuwings.
Ein maaie wenne ik út namme fan it EBLT, der’t ik út It Skriuwersboun wei yn it DB sit, de konferinsje en ledegearkomste by fan de koepelorganisaasje NPLD, the Network to Promote Linguistic Diversity (www.npld.eu) yn Valencia.
Us deputearre Sietske Poepjes is op dit stuit foarsitter en sy die dat mei enerzgy, dêrby bystien troch Alex Riemersma út namme fan de Provinsje en ek Cor van der Meer fan de Fryske Akademy/Mercator wie oanwêzich. Ik ha my posityf fernuvere oer it ferskaat oan lannen, mar ek oer de grutte fariaasje fan it plak fan de memmetaal yn basisstruktueren yn dy lannen. My foel de oergong yn it praten op fan bi- en multilingualism nei translingualism. Ek dat by de konferinsje ús lân as iennige de ynfloed oanstipte fan de talen fan migranten.
Ik neam in pear oandachtspunten optekene by de lêzing fan dhr. Williams (Cardiff): de opmars fan it Ingelsk en it ôfnimmen fan de ynfloed fan klassike talen. Dat der komselden sjoen wurdt nei de opbringst fan allegear taleprogramma’s. Dat der ferlet is fan ‘evidence based policy’, mar it lestich bliuwt dêrfan de lange termyneffekten te mjitten. It gong oer ‘the economic added value of the target language’ en dat groei fan in taalgebiet net daliks betsjut dat de taal automatysk brûkt wurdt. Koartsein, in rein oan ekonomyske begrippen. It gong amper oer literatuer, lit stean oer poëzij.
Ik waard al bliid dat yn in lân dêr’t de memmetaal hast weirekke wie earst in radio- en no in tillefyzjestasjon opstarten waard. Lef ha dy trochsettters! Mar ik naam wis ek mei dat promoasje fan in taal ymplementaasje én regulaasje omfettet, ynklusyf de rol fan IT, media en kommunikaasje.
Ek it belang fan de rol fan nije sprekkers yn in taal en foaral dat doelen helje en ‘output’ net itselde is as feroaring fan gedrag en ‘outcome’.
Dan bin ik wiis en bliid mei It Skriuwersboun en mei jimme as leden, dy’t har oppenearje. Dy’t yn it beslettene fan de eigen wrâld it nedige oan it papier en de pc tabetrouwe. Dy’t opstean en Rixt mei foarmjouwe. Mei allegear oare inisjatieven, yn it ferline en nei’t wy hoopje ek yn de takomst.
Om’t it nedich is, om’t wy grutsk binne op ús taal.
It Skriuwersboun hopet mei jimme stipe op koers te bliuwen. Ek dizze simmer.
It bestjoer hat de gong deryn. Wy sille de kontakten fuortsette, de plannen by de Provinsje kenber meitsje, ek yn produkttermen, it is net oars, mar dêroan foegje wy fansels al wat nijs ta. Sjoch de bydrage fan André.
Fansels ek tank foar elts dy’t de kontribusje foldien hat.
En wa wit meie wy gau in nije kollega yn it bestjoer begroetsje. Geart daget jimme dêrta ekstra út.
Ik winskje jimme lange en soele jûnen, noflik selskip en fansels in rispinge oan nij wurk.
Op nei midsimmer!
Tryntsje van der Veer
Foarsitter en waarnimmend ponghâlder
*
Fierder mei Frysk toaniel en Fryske literatuer
Yn de Oesdrip fan ôfrûne febrewaris stie in stik oer de ferbining tusken Frysk toaniel en Fryske literatuer. Op 19 april ha wy in temagearkomste hân by Tresoar, dêr’t wy te praat west ha oer it skriuwen fan teksten foar amateur- en (semi-)profesjoneel toaniel yn Fryslân. Tjerk Kooistra (regisseur en tekstskriuwer/-bewurker, fan û.o. iepenloftspul Jorwert) en Anja Steegstra (tekstskriuwer foar amateurtoanielselskippen) hawwe ferteld oer harren ûnderfinings mei dat métier. Skriuwen foar toaniel is útsoarte tsjinstber oan de toanielútfiering, it is tiimwurk, en foar in slagge stik moatte de tekstskriuwer en de regisseur net deselde wêze, – neffens de sprekkers. Nei de ynliedings ha wy mei ús allegearre in moaie groepsdiskusje hân oer de praktyk fan it skriuwen en bewurkjen foar toaniel, oer de hjoeddeistige situaasje fan it Frysktalige toaniel, en oer de ideeën fan ús leden om toaniel te skriuwen. De oanwêzigen hiene nei ôfrin wol niget oan in wurkgroep toaniel en ferfolchgearkomsten oer dit ûnderwerp.
Nei oanlieding fan de temagearkomste ha wy op 10 maaie in petear hân mei Jojanneke Braam (saaklik en artistyk koördinator) en Ira Judkovskaja (artistyk lieder) fan Tryater. Om nije skriuwers fan orizjineel Frysktalich toaniel op te lieden, binne se by Tryater begûn mei in yntern opliedingstrajekt: op dit stuit sitte dêr fiif jonge toanielskriuwers yn, dy’t dêr troch de artistike lieding fan Tryater foar útkeazen binne (it giet om minsken dy’t al by Tryater belutsen wiene) en dy’t de ambysje ha om op nasjonaal of Europeesk nivo teater te meitsjen. (Oer dit opliedingstrajekt kinne jo ek lêze yn it Beliedsplan Tryater 2017-2020, side 8.) Leden fan it Skriuwersboun dy’t yn toanielskriuwen ynteressearre binne, binne bgl. fan herte wolkom om (besletten) lêzingen fan work-in-progress fan dizze groep by te wenjen. Tryater en it Skriuwersboun hâlde inoarren op ’e hichte.
Us twadde gearkomste mei leden oer toanielskriuwen wie op 17 maaie, yn teater De Bres yn Ljouwert, mei in wat lytsere opkomst as de temagearkomste. Op dizze jûn wie ek Douwe Dijkstra oanwêzich, muzikant (û.o. Heksenhamer), toanielmakker en ien fan de toanielskriuwers yn it ynterne opliedingstrajekt fan Tryater. In praktyske útkomst wie dat der behoefte is oan in soarte fan kursusjûn.
De folgjende gearkomste wurdt in masterclass oer toanielskriuwen troch Bouke Oldenhof. Dy sil plakfine op tongersdei 21 juny, yn Kafee de Rolbrêge op ’e Tynje (Bouke syn thúsbasis), oanfang 20.00 oere. Bouke sil dêr te praat mei as útgongspunt trije punten wêryn’t toaniel ôfwykt fan oare literêre sjenres:
1. Toaniel as teamsport
2. Toaniel as eksponint fan dualistysk tinken en dialektyk
3. Yntinsiteit fersus tiid as basisprinsipe fan de dramaturgy
Bouke sil útlizze hoe’t it der yn syn beropspraktyk as toanielskriuwer (en toanielskriuwdosint) oan ta giet, foarbylden jaan, en in kearmannich de oanwêzigen útnûgje ien en oar ta te passen op har praktyk as (net-toaniel)skriuwer.
Dielnimmen oan de masterclass fan Bouke Oldenhof is foar Skriuwersboun-leden fergees. Opjaan kin noch fia: bestjoer@skriuwersboun.nl
Wa’t gjin ferfier hat nei de Tynje, kin him melde by it bestjoer. Wy helpe dan om te regeljen dat jo mei ien meiride kinne. De masterclass sels duorret fan 20.00 oant 22.00 oere, folge troch in ynformele neisit op it terras, op de ljochte jûn fan de langste dei.
André Looijenga
Algemien bestjoerslid
Lokaasje fan de masterclass troch Bouke Oldenhof:
Kafee de Rolbrêge
Rolbrêgedyk 59
8406 AP De Tynje
till. 0513-571289
*
RIXT
Op it punt dat ik dit stikje foar de Oesdrip skriuw sit ik by Jochum Rypma op ’e Swetteblom yn Bears. De wyn rûzet troch de hege beammen wylst de hintsjes om de Kip stappe. Ik haw my werris weromlutsen om oan myn roman te wurkjen. Underfining hat útwiisd dat skriuwen yn in kerreven foar my altiten in soad fertuten docht.
Skriuwen is wat dat oangiet in iensum berop. Men moat jin foar in langere tiid konsintrearje en tefolle ôflieding is dêrby net winsklik. Dêr kinne jimme oer meiprate. Is sa it ferlet te ferklearjen om jin oan te sluten by in dichterskollektyf? Aardich wat SKB-leden sitte nammentlik ek by RIXT. Of is de reden dat in lytse tsjinbeweging is tsjin it yndividualisme dat tsjintwurdich hearsket? Is it in behoefte om earne by te hearren? Is it de oanstriid om op poëtyske wize te reagearjen op maatskiplike ûnjouwings en problemen? Der is fansels in soad geande yn ’e wrâld dêr’t wy tsjin rebellearje kinne en moatte. It kollektyf is dêrby in konkreet middel om op in kreative manier in stim te jaan oan de dichter syn of har wearzge, fernuvering of lilkens. Op sa’n wize hat men in poadium om engazjearre te wêzen. Wat de reden is foar elke yndividuele dichter is it moai dat der wilens harren al 40 minsken by oansletten hawwe. En dat yn in tiid dat ferienings it dreech hawwe om leden te behâlden.
Dat konkrete en it feit dat je it idee hawwe om wat feroarje te kinnen, spile grif ek in rol mei dat der sa’n grutte opkomst wie by de middei oer it praten fan it literêre belied fan Tresoar, dêr’t André yn dizze Oesdrip al mear oer sein hat. Sokke konkrete Tinktanks wolle wy mear hawwe de kommende tiid. Sa hoopje wy allinnich mar mear yn it ferlet fan de skriuwer te operearjen. En dêrby soe it moai wêze as ien fan jimme syn relative iensumens ris trochbrekke wol om as nij bestjoerslid by ús trijen oan te skowen.
Geart Tigchelaar
Skriuwer
*
Tinktank oer Literatuerbefoardering Tresoar: Advys fan leden Skriuwersboun op kommendeweis
Op 24 maaie 2018 organisearre it Skriuwersboun in ‘Tinktank’ foar syn leden om yn petear oer de tastân en de takomst fan de ‘literatuerbefoardering’ binnen Tresoar. Wy binne der wiis mei dat 13 fan ús leden dy middeis meipraat hawwe.
Earst hat Bert Looper (direkteur fan Tresoar) in ynlieding jûn oer syn fizy op de takomst fan de literatuerbefoardering, dêrnei hawwe wy as leden mei-inoar diskusjearre oer dy kwestje. Op basis fan de útkomsten fan dy diskusje hat in bestjoer in gearfetsjend oersjoch fan de ynbrochte punten makke. De punten dy’t út de diskusje nei foarren kamen en de oanfollings dêrop fan ús leden sille wy as in driuwend en kritysk advys fan it Skriuwersboun oan de direksje fan Tresoar takomme litte. Sadree’t de definitive ferzy klear is, wurdt dit stik ek publisearre op de webside fan it Skriuwersboun.
Yn in ôfsûnderlike mail hawwe jo as Skriuwersboun-lid ús foarriedige stik tastjoerd krigen. Oan jo de fraach oft jo noch opmerkings en oanfollings hawwe. Fansels ek as jo net by de ‘Tinktank’ oanwêzich wienen. Graach foar 20 juny in berjocht dêroer oan: bestjoer@skriuwersboun.nl
De ynlieding fan Bert Looper kinne jo û.o. hjir weromlêze: http://www.ensafh.nl/?p=51904
Hjirûnder de foarriedige ynlieding fan it stik mei ús befiningen oer de situaasje fan literatuerbefoardering by Tresoar no yn 2018 en yn de takomst:
Tresoar is ien fan de sintrale ynstitúsjes yn it fjild fan de Fryske literatuer- en taalbefoardering. Neist, en faak oparbeidzjend mei, de Afûk, is Tresoar in tige wichtige útfierder fan provinsjaal belied op it mêd fan Frysk literatuer- en taalbelied.
Tresoar is ûntstien út in fúzje fan û.o. it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum. Dy oarsprong is noch te sjen oan de ‘ûndertitel’ fan Tresoar: Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum.
As leden fan it Skriuwersboun kinne wy lykwols net oars as konstatearje dat Tresoar yn de rin fan de jierren it oanpart fan letterkunde (literatuerbefoardering, literatuerskiednis) struktureel oan it ôfbouwen is. Nei bûten ta presintearret Tresoar him graach mei de nijbou fan it talepaviljoen OBE en mei multimediale keunstprojekten, mar efter de skermen is der in hieltyd lytser tal fte’s beskikber foar de letterkundige taken fan Tresoar en is der gjin bliuwende nije oanwaaks fan op Frysk-literêr terrein saakkundige meiwurkers.
(…)
Mear lêze jo yn it bestân sa’t it jo oer de mail tastjoerd is. Wy stelle it tige op priis om jo oanfollings op it stik te fernimmen!
*
Data
Moarntemiddei wurdt op ’e Feanhoop de Rink van der Veldepriis oan winner Willem Schoorstra tekend foar syn boek De nacht fan Mare. Tagelyk wurde ek de skriuwers dy’t yn it arkje ferbliuwe sille oan it publyk foarsteld. Dy middei begjint om 15:30 oere by it Skriuwersarkje, Feanhoop, Drachtster Heawei 19.
Yn it ferlingde dêrfan wurdt op 19 juny de jûns yn Drachten in Rinkjûn holden. Alle trije nominearren, dat binne njonken Willem Schoorstra ek Nyk de Vries (foar syn boek Renger) en Geart Tigchelaar (foar Bêste jonge), komme dêr te praten oer harren wurk en dat fan Rink van der Velde. It begjint om 19:30 oere yn de byb fan Drachten, Museumplein 1.
Op 26 juny is der in promoasje op it mêd fan ’e literatuer. Jelle Krol hat de eare mei syn ûndersyk nei Douwe Kalma: Combative Minority Literature Writers in the Aftermath of the Great War: Douwe Kalma, Saunders Lewis, Hugh MacDiarmid and Roparz Hemon.
Yn septimber is de literêre kuiertocht De Wuttelhaven del, dy’t organisearre wurdt troch Sigrid Kingma. Kaartsjes binne no al te krijen, dat dan hawwe jo wat om nei út te sjen foar nei de simmer.
En ferjit net dat elke lêste freed fan ’e moanne de fremibu is. Dat is de freedtemiddeibuorrel foar skriuwers en oare ynteressearren. It is yn kafee Wouters (tsjin it Ljouwerter stasjon oer) om healwei fiven. Dus de earstfolgjende is 29 juny.
*
Redaksje
Hawwe jo nijs foar de Oesdrip? Stjoer in berjocht nei bestjoer@skriuwersboun.nl
Oesdrip nûmer 1, febrewaris 2018
Ut it bestjoer fan it Skriuwersboun
Yn it foarste plak winskje ik jimme in goed en ynspirearjend skriuwjier. LF2018 is los en der is in soad omtinken foar taal yn in fraai Obe-paviljoen. Wy hoopje inoar faak te moetsjen.
Wy sjogge werom op in slagge Skriuwersmiel yn desimber en ha al in datum foar dit jier fêstlein om de tradysje troch te setten.
Famyljeomstannichheden soargen derfoar dat it begjin 2018 oan myn kant wat oars rûn as oars. Dochs hat it bestjoer dizze moannen net stilsitten.
Mei de fersterking fan Geart binne wy goed útein set, hy hat de funksje fan skriuwer opkrigen en André fersoarget in algemiene taak. Johannes Beers hat syn taken dellein, lykas oankundige en dêr sille wy by de earstkommende ledegearkomste by stilstean. Wy tankje Johannes foar syn ynset de ôfrûne jierren. It bestjoer kin fierdere útwreiding brûke. Hasto ambysje dy oan te sluten, jou it troch oan ien fan ús of fia de webside. Wy sprekke dy graach oer de mooglikheden om letter de kandidatuer letter oan de leden foar te lizzen.
Yn oerlis komt der dit jier gjin spitigernôch gjin Ferhalewedstryd, mar grif al in oare mooglikheid om dyn kreatieve ideeën kwyt te kinnen. Wy sille dêr fierder berjocht oer dwaan.
As bestjoer binne wy dit jier al mei meardere ynstânsjes yn petear west. Om de kontakten waarm te hâlden en punten nei foaren te bringen, lykas ús soarch oer it fuortfallen fan it gesicht nei bûten sa as Teake Oppewal dat wie foar de Fryske literatuer. Wy besykje de belangen fan ús leden oer it fuotljocht te bringen. Ynkoarten sille wy dat ek by de Provinsje dwaan.
Dit jier hawwe wy al by de Fryske Akademy mei ynterim-direkteur Willem Smink praten oer de mooglikheden op it mêd fan de bestudearring fan ’e Letterkunde. Der hat ek in petear plakfûn mei it haad fan Boeken fan Fryslân, Ernst Bruinsma.
Ik freegje jimme omtinken foar 21 febrewaris, de dei fan de memmetaal, mei twa filmfertoanings fan Cigán yn Slieker, moarns en jûns. By de earste foarstelling is in ynlieding. Sjoch it parseberjocht en ek op http://www.eblt.nl. Yn dizze platfoarmorganisaasjes fertsjintwurdigje ik It Skriuwersboun. Prominint op de wurklist dêr stiet The Minority Safe Pack foar it behâld fan de minderheidstalen. Ha jimme al tekene?
As Skriuwersboun sille wy op 16 april in temajûn hâlde. André sil de ynhâld taljochtsje. Wolkom, ek oan yntrodusees.
Us algemiene ledegearkomste dit jier sil holden wurde op 18 oktober.
Meikoarten krije jimme in mail om de kontribúsje te foldwaan, dy’t 25 euro bliuwt.
Wiis binne wy as bestjoer mei de Tinktank, leden dy’t mei it bestjoer yn petear gean en ús ried jouwe. Wa wit moetsje wy inoar kommende freed 16 febrewaris yn Tresoar om 16:00 oere.
Fan herten wolkom!
Tryntsje van der Veer
Foarsitter en waarnimmend ponghâlder
*
Temagearkomste 19 april 2018 oer Frysk toaniel en Fryske literatuer
Wy steane der miskien net faak by stil, mar wy ha yn Fryslân in hiel rike tradysje oan toaniel yn ús eigen lytse taal. Ofrûne hjerst begelate ik in Baskyske gast-skriuwer (Eneko Aizpurua) foar ‘Oare Wurden’ en hie moaie petearen mei him wêryn’t wy Fryslân en Baskelân mei-inoar fergeliken. Yn Baskelân ha se in protte better foarinoar as by ús (ûnderwiis fansels, en
ek media), mar dogge se eins amper oan Baskysktalich teater. Dêrfoaroer binne der by ús tûzenen minsken dy’t út en troch yn it Frysk akteare, fan in ienakter yn it doarpshûs oant grut opsette iepenloftspullen.
It Frysktalige toaniel en de Fryske skriuwerij ha mei-inoar te krijen. Dochs binne de kontakten tusken teater en literatuer yn Fryslân eins fierstente ynsidinteel: je ha skriuwers dy’t boeken meitsje, en je ha toanielskriuwers dy’t teksten leverje (of oersette) om foarstellings mei te meitsjen. Soe it net goed wêze om de rûnten fan toaniel oan de iene kant en poëzij en proaza oan de oare kant tichter mei-inoar yn kontakt te bringen?
Dit foarjier wol it Skriuwersboun oan de ferbining tusken Frysk toaniel en Fryske literatuer in temagearkomste wije. Wy wolle sprekkers útnûgje dy’t ûnderfining ha mei skriuwen foar teater. Wy hoopje sa op oansetten ta kreativiteit foar mear performance yn de Fryske literatuer (en mear literatuer op it Fryske toaniel).
De temagearkomste oer teater en literatuer is op tongersdei 19 april.
Lokaasje en tiid folgje.
André Looijenga
Algemien bestjoerslid
*
Efkes foarstelle Geart Tigchelaar, nij bestjoerslid
In jier as wat lyn haw ik in koart skoftke sit nommen yn it bestjoer fan it Skriuwersboun. Der feroaren ynienen op persoanlik mêd in soad dingen en ik soe wakker fuort op ’e fyts om in wrâldreis te ûndernimmen. Dy tocht hat úteinlik net fjouwer jier, mar fjouwer moanne duorre. Ik haw in moai aventoer belibbe, al wie ik dêrtroch wat earder op it âld stee werom as ferwachte.
Soks jout dan wer oare kânsen. Sa bin ik op ’e nij frege om as bestjoerslid fan it Skriuwersboun oan te treden. It wie de oare kears koart, lykwols hie it my goed foldien, dat ik woe no graach myn amtstermyn besykje langer te meitsjen.
Sa binne der al in soad dingen foarby kommen sûnt ik fan sa likernôch septimber ferline jier ôf meidraai. De fraach oft de foarm fan it Boun sels en as wy noch wol in taak as belangebehertiger ferfolje, waard gauwernôch posityf antwurd op jûn. Der is in brief opsteld oan Tresoar oer it weifallen fan de funksje sa’t Oppewal dy ferfolle. Ek hawwe der al ferskate petearen plakfûn, dêr’t Tryntsje oer berjochtet. De Tinktank rint en folle net genôch.
Mei’t ik skriuwer/siktaris bin, hawwe jimme grif al merkbiten dat ik mails út namme fan it bestjoer ferstjoerd haw en it behear oer de sosjale media en de webside haw. Hawwe jimme sels saken dy’t dêr op moatte soenen, dan hear ik it graach. Nije boeken, boekpresintaasjes of wat dan ek mar.
Wa’t ik noch net moete haw op foargeande byienkomsten sil ik yn ’e neie takomst grif ris mei fûstkje. Dêr sjoch ik nei út en haw der nocht oan om my yn te setten as bestjoerslid fan it Skriuwersboun!
Geart Tigchelaar
Skriuwer
Tinktank
Op de jierlikse ledegearkomste fan dit jier kaam der út ’e leden in soad nuttige ynformaasje dêr’t it bestjoer net fan op de hichte wie.
Dêr’t it bestjoer ek net fan op ’e hichte wêze koe, mei’t wy net tagong hawwe ta alle ynformaasjeboarnen. Elk wit wer oare dingen om de ienfâldige reden dat elk wer mei oare saken dwaande is en kunde hat oan oare minsken. De kwestjes dêr’t de leden mei kamen, wienen oars wol saken dêr’t it Skriuwersboun him mei dwaande heart te hâlden. Wy sille dêrom net allinnich op dy punten aksje ûndernimme, mar hienen fuortdaliks it idee om in Tinktank yn it libben te roppen. Bedoeld foar leden dy’t graach meitinke wolle, leden dy’t it bestjoer mei ynformaasje fuorje wolle dêr’t wy ús dan wer op ynsette kinne.
De earste gearkomsten fan de Tinktank hawwe wilens al plakfûn. It is perfoarst gjin eksklusive klup, elk lid dy’t him oansprutsen fielt kin him dêrby oanslute. De oankommende Tinktank is belein op 16 febrewaris om 16:00 oere yn Tresoar.
Skriuwersmiel
Lykas ferline jier (wurdt it in tradysje?) sieten wy wer smûk yn de pittoreske Skierstins yn Feanwâlden. It tema wie ‘Reizgjen’, dat wy hienen skriuwer en muzikant Hein Jaap Hilarides útnûge om it ien en oar te fertellen oer syn ferbliuw yn Slovenië, dêr’t er ûnder de flagge fan Oare Wurden krektlyn twa moanne ferbleaun hat. Hy koe moai oer it lân sels fertelle en hoe’t er it ferbliuw sels ûnderfûn hie.
“’t Waar ’n psychologise roadtrip. Gaatst nadinken over dyn plak in de wereld. Je binne twee maanden alleen, dan komme der as fanself andere gedachten. Je realisere je om soa maar te sêgen je aigen bewustwezen. De rais waar ’n halve meditasy. Ik most skrivend út de gedachte komme.”
Hy lies noch in stikje foar út syn nijste boek Trekker fan Troje dat gie oer de studintetiid fan de haadpersoan, Friso, en syn broer Hero. In stik dat er eins earst net yn it boek hawwe woe, mar dat it wol helle hat. Wy koenen dêr bliid om wêze, want it wie smeudigernôch.
Nei it iten dat dik yn oarder fersoarge wie troch ’t Dûke-Lûk út Feanwâldsterwâl stieken de oare skriuwers fan wâl. De iene wie aardich langer fan stof as de oar, mar elkenien hie wat bestekliks te melden oer reizgjen yn syn wurk. Sa hat Lida Dykstra foar har boek Wenje yn in skilderij nei London west om te sjen hoe’t Alma Tadema by Regent’s Park wenne en hat se yngeand syn wurken bestudearre. Ien as Koos Tiemersma hat foar syn boek Under wetter Litouwen en in plak yn Dútslân brûkt om de ienfâldige reden dat er dêr earder west hie. Sietse de Vries relativearre it reizgjen trochdat elkenien tsjintwurdich mei it fleantúch oeral mar hinne giet en sa bydraget oan in fikse CO2-útstjit. Men kin it ek tichter by hûs sykje en yn ’e holle op reis gean. In elemint dat meardere skriuwers neamden.
It wie nijsgjirrich om te hearren hoe’t oare skriuwers it tema ferwurken yn harren eigen wurk, mar benammen ek hoe’t hja it sels ûnderfûnen. In fraach dy’t noch hingjen bleau en dêr’t wy fierder op omkôgje kinne is oft in skriuwer ek iepener stiet foar oare plakken en ûntfankliker op reis giet as oare minsken?