In freedsume maatskippij is ûnmooglik sûnder literêre frijheid
Graach diele wy mei tastimming fan Tialda Hoogeveen, berneboeke-ambassadeur en lid fan it Bûn, mei jimme har ynstjoerde stik yn de Ljouwerter Krante fan hjoed, 7 febrewaris.
“De nijste pandemy yn ús maatskippij is it firus fan cancelling. Trial by media as in groep of yndividu wat fertelt, fynt of skriuwt dat in oare groep of oar yndividu net oanstiet. It is net langer de rede en de dialooch dy’t hjir regeare, mar de Twitter-kultuer fan snelle, fileine, agressive, ûnnuansearre en faak ek anonime mieningen, ynklusyf (deads)bedrigingen.
Ik reagearje hjirmei fansels op de deadsbedrigingen dy’t Pim Lammers ûntfong, neidat it CPNB him frege hie it Kinderboekenweekgedicht te skriuwen by it Kinderboekenweektema ‘Bij mij thuis’.
Hoewol’t it folslein begryplik en legitym is dat Lammers him weromlûkt, ha ik it berjocht mei ôfgriis lêzen. Foar it gruttere plaatsje fan in sûne demokrasy skûlet der in gefaar yn as keunstners hannelje fanút eangst. Want wat reitsje wy kwyt as keunstners – ik ha it hjir oer keunst yn it algemien, dêr’t literatuer in wichtich part fan is – net mear yn frijheid makke wurde kin?
De wrâld is grutter as ús holle. En krekt dat is wat de keunst ús bringt. It nimt ús mei nei plakken dêr’t wy oars net samar komme soene, tsjustere en ûnoangename plakken like goed as romantyske en leave wrâlden. It jout ús wurden oan emoasjes dêr’t wy sels de wurden noch net foar fûn ha. It makket ús empatysker. It biedt ús treast.
It is te maklik om te tinken dat keunst in aardige ekstra yn it libben is. Keunst is in yntrinsyk part fan ús wêzen en ferbynt ús mei de wrâld, mei oaren, mei de skiednis en reflektearret op ús bestean. It is dan ek folslein ûnakseptabel dat skriuwers yn harren feilichheid en frijheid bedrige wurde. In freedsume maatskippij is ûnmooglik sûnder literêre frijheid.
Yn it ljocht fan alle foardielen dy’t keunst en lêzen mei him meibringt, is it hiel ferûntrêstend dat der sprake is fan ûntlêzing en ôfnimmende taalfeardigens fan learlingen op de basisskoalle, yn it fuortset ûnderwiis en op pabo’s, en it swiere waar dêr’t de keunstsektor him yn befynt as gefolch fan de koroanapandemy en besunigingen troch de polityk. De ûnmisbere funksje fan keunst yn it libben komt dêrmei yn ’e knipe. Net goed begripend lêze kinne, betsjut ek gelaagdheid yn literatuer net sjen kinne.
Fansels binne deadsbedrigingen oan it adres fan skriuwers net nij, tink oan de fatwa dy’t Salman Rushdie oer him hinne krige nei it skriuwen fan syn boek Duivelsverzen . Wat wol oars is, is it yngrediïnt social media yn it debat. Kanalen dêr’t minsken fluch, sûnder nuânse, anonym harren miening spuie kinne. Neist Lammers is Marieke Lucas Rijneveld in aktueel foarbyld fan in keunstner dy’t hjirmei te krijen hie. Rijneveld luts him werom fan it oersetten fan it Amerikaanske gedicht The hill we climb nei krityk en bedrigingen.
Allinnich as der romte is, kinst bewege. Dy romte wurdt no beheind troch it eangstbyld fan trial by media . De cancelkultuer liedt koartsein ta in krampkultuer, want de eksterne kritikus fan trial by media wurdt al gau in ynterne kritikus dy’t ús út eangst derfan wjerhâldt ús te uterjen sa’t wy wolle.
Mar wat is keunst noch wurdich as der in auto-korreksje komt foardatst sitten giest om te skriuwen, skilderjen of filmjen? Wat is keunst noch wurdich ast it net wrâldkundich doarst te meitsjen?
Lit it feroardielen fan minsken oer oan it rjochtssysteem. Stypje keunst en frijheid no’t it nedich is, keapje sa’n moai keunstwurk foar yn de kast. By de lokale boekhannel fansels.”
TIALDA HOOGEVEEN
Berneboeke-ambassadeur en einredakteur de Moanne
Letterenfonds: Sprekoere oer subsydzjeoanfragen
Hast as literêr skriuwer koartlyn dyn debut skreaun en publisearre? Dan foldochst faaks oan de betingsten foar it oanfreegjen fan in beurs foar it skriuwen fan dyn twadde boek by Het Letterenfonds.
Ast dit jier foar it earst in oanfraach yntsjinje wolst en hjir fragen oer hast, kinst dy – live of online – foarlizze yn it sprekoere op woansdei 8, tiisdei 14 of woansdei 15 febrewaris 2023. Oanmelde kin oant en mei freed 3 febrewaris.
As dyn literêr debút utkommen is nei 1 jannewaris 2020 en foar dat debút in kontrakt ôfsletten is dat foldocht oan de betingsten fan it Modelkontrakt GAU / Auteursbond, dan kinst in subsydzje-oanfraach yntsjinje foar it skriuwen fan dyn twadde boek. De deadline foar it yntsjinjen fan in earste oanfraach falt dit jier op woansdei 15 maart.
Yn dizze omgong kinne ek skriuwers dy ’t oan harren tredde literêre boek wurkje sille, in oanfraach yntsjinje. Ek sy binne fansels wolkom op it sprekoere. Alle ynformaasje oer de regeling en it oanfraachformulier fynst hjir. Hasto nei it lêzen fan de regeling en it oanfraachformulier noch fragen, bygelyks oer it wurkplan of oare ûnderdielen fan de oanfraach? Of wolst gewoan efkes tsjekke oftst alles goed begrepen hast? Meld dy dan per mail oan foar ien fan dizze dagen, en jou dyn foarkar oan foar online (fia Teams) of live by Het Letterenfonds: – woansdei 8 febrewaris (hiele dei) – tiisdei 14 febrewaris (middei) – woansdei 15 febrewaris (hiele dei, allinnich online).
Stjoer dyn oanmelding foar it sprekoere uterlik op freed 3 febrewaris nei Raoul Markaban. Nei ûntfangst fan de oanmeldingen wurdt in roaster makke: op moandei 6 febrewaris wurdt in mailtsje stjoerd mei in útnûging en tiid foar it petear. De petearen duorje maksimaal tweintich minuten. Fansels kinst ek altyd maile mei fragen oer it oanfraachformulier of de proseduere.
Ek de subsydzjepot fan de Provinsje Fryslân is wer iepen set. Mear ynformaasje is hjir te lêzen!
Soarchlike taname tal helpfragen by it PEN Emergency Fund – PEN siket donateurs!
Us lid Job Degenaar is foarsitter fan it PEN Emergency Fund. PEN stiet foar “Poets, Essayists, Novelists / Playwrights, Editors en Non Fiction Writers”, en is in wrâldwide organisaasje fan en foar skriuwers, dy ’t de frije fersprieding fan literatuer en de frijheid fan ekspresje heech yn it findel hat.
It tal helpfragen troch skriuwers, sjoernalisten, redakteuren en útjouwers, ûnder mear út Oekraïne en Belarus, nimt soarchlik ta troch de (driging fan) resinte geopolitike ferskowingen. Tagelyk wurdt de need yn de rest fan de wrâld der net minder om, lykas yn Myanmar, Afganistan en in soad oare lannen dêr ’t de frijheid fan ekspresje en mieningsutering fier te sykjen is. Allinnich al yn 2022 hat it PEN Emergency Fund 55 auteurs en harren húshâldingen finansjeel bystean kinnen.
Stichting Fonds Schrijvers in Nood, dat folle bekender is ûnder de ynternasjonale namme PEN Emergency Fund, ferlient finansjele stipe oan profesjonele skriuwers, sjoernalisten, redakteuren en útjouwers dy ’t yn need ferkeare om wat se skreaun of publisearre hawwe en driuwend jild nedich hawwe, bygelyks om flechtsje te kinnen nei in feiliger lân of om harren libben wer op te bouwen nei mishanneling of detinsje. Oanfragen komme yn de regel fia in team fan betûfte researchers fan PEN International, mei wa ’t it bestjoer nau gearwurket. It bestjoerswurk is frijwillich en der hoege gjin gebouwen ûnderhâlden te wurden. Al it jild dat binnenkomt, giet nei de yn need ferkearende auteurs. Troch it lytse tal bestjoersleden kin de stichting gau hannelje en somtiden noch op de dei fan oanfraach jild oermeitsje. Donaasjes en jeften binne mear as ea wolkom en nedich.
It PEN Emergency Fund hat in ANBI-status. It bankrekkennûmer is: NL 97 ABNA 0430 2740 33. Foar mear ynformaasje: www.penemergencyfund.com
Dyn alderleafste berneboek
It kin hast net mis. Elkenien hat wol in alderleafste boek. No ’t de tiid fan winter wer hjir is, like it ús sa aardich om te freegjen oft jimme jim alderleafste Fryske – mei ús diele wolle. Foar de wille yn ’t foar, wille by it nochris lêzen of tebektinken.
Wat is het plan?
Wy wolle dy freegje dyn alderleafste berneboek – yn alle Fryske talen en oersettingen – fan eartiids te dielen en deroer te fertellen. Hjirûnder fynst in foarbyld fan hoe ’t de beskriuwing fan dyn alderleafste Fryske berneboek derút sjen kin oan ’e hân fan de folgjende fragen:
- Hokker Frysk boek is dyn alderleafste?
- Wêrom is dit boek dy alderleafst?
- Wêr giet it boek oer?
- Wat kinsto fertelle oer dyn favorite wurden of yllustraasje?
Fierder wolle wy dy freegje – ast dy hast – in foto of ôfbylding fan ’t boek mei te stjoeren. It formaat fan de tekst is ien A-4 en de uterlike ynleferdatum 31 jannewaris 2023.
Wy organisearje dan letter in feestje om inoar te moetsjen, de boeken mei-inoar te besjen + ranja/tee/kofje mei of sûnder wolkje te drinken. Meitsje wy der oan it ein in moai dokumint fan. Of miskien …?
Myn alderleafste berneboek
Dit boek is fan – Reina Greet
Titel – De sike ko
Auteur – H.E. Todd
Yllustraasjes – Val Biro
Fryske oersetting – A. Zantema
Útjouwer, jier útjefte – Afûk, Ljouwert 1980
‘De sike ko’ is myn alderleafste berneboek. Doe ’t ik in – noch – lytsere Reina Greet as no wie, is it my kear op kear en nochris in kear foarlêzen en doe ’t ik it sels koe, lies ik it sels. Oant no ta en fierder.
It ferhaal giet oer in ko dy ’t net alhiel yn oarder is. Hy woeft en hy miaut en op ’t lêst kwêket er der op los. It liket slim. Is it hûnesykte, de kattesykte of dochs wat oars? Lokkich wurdt de kowe-spesjalist ynflein mei in helikopter en mei in ferskriklik knap idee makket hy de ko wer better. Elkenien is bliid en giet yn ‘e hûs om tee te drinken en te brea-iten. De ko is ek bliid. Boe!
Myn favorite side is dy wêr oft de ko midden yn de stikels stean giet, wol tsien foet de loft yn springt en elkenien joecheit en bliid is dat de ko wer ‘boe’ ropt. Tsien foet de loft yn, dat fûn ik eartiids mar bjusterbaarlik.
It boek is úteinlik by myn sus terjochte kaam en dochs woe ik sa hiel graach ek sels in eksimplaar. Ik ha socht en socht mar koe it net fine. Wol yn ’t Ingelsk. Ek aardich, mar gjin Frysk. Doe, op in hiel bysûndere dei, krige ik it kado fan myn freondinne Lysbeth. Dat ferjit ik nea wer! It boek is my hiel alderleafst.
Skriuwwedstriid Gaia
It prachtige keunstwurk Gaia fan Luke Jerram dat Sense of Place presintearre by Arcadia hat in soad yndruk makke yn Fryslân: in ferljochte bol fan leafst sân meter trochsneed, dy’t de ierde sjen lit sa as dy fan de moanne ôf sichtber is.
Gaia wie yn 2022 bygelyks te sjen op Oerol, yn it Woudagemaal op ‘e Lemmer en yn de Broeretsjerke yn Boalsert. Yn febrewaris 2023 hinget it keunstwurk in moanne lang yn de katedraal fan Exeter, de Britse stêd dy’t krekt as Ljouwert UNESCO City of Literature is. Underdiel fan it programma om it keunstwurk hinne is it projekt The Gaia Papers en dêrfoar kinsto in ferhaal of gedicht skriuwe!
The Gaia Papers is in papieren en digitaal magazine, dat ein febrewaris 2023 yn Exeter ferskynt. Njonken ferhalen fan lokale skriuwers, foto’s fan it publyk en kreatyf wurk fan lokale jongeren is der romte foar literêre bydragen út oare Cities of Literature wei. Sa sammelet Exeter City of Literature wrâldwide perspektiven op harren tema ‘Care, Connection, and Celebration’.
Mear ynformaasje en de spulrigels binne te lêzen op de reachside fan Ljouwert City of Literature.
Dichterskollektyf RIXT en Tresoar organisearje kursus Poëzij skriuwe
Bisto in begjinnend of betûftere dichter en liket it dy leuk om les te krijen fan ferskillende dichters? Wolst dyn wurk hearre litte op in ôfslutende dichtersjûn? Meld dy dan oan foar de kursus poëzij skriuwe fan it Frysk Dichterskollektyf RIXT en Tresoar!
Yn it nije jier start der in rige fan 9 lesjûnen. En it goeie nijs is: der binne noch in pear plakken beskikber! De lessen wurde jûn troch Kate Schlingemann, Edwin de Groot, Dien L. de Boer, Geart Tigchelaar en Tryntsje van der Veer. Yn de les fan Edwin giest oan de slach mei it poëtyske aspekt fan ferbylding troch it gebrûk fan byldspraak (metafoar en ferliking ). Tryntsje van der Veer lit sjen en hearre hoe’t je fersen foardrage. Leuk én learsum!
Sjoch hjir foar mear ynformaasje. Opjaan kin noch oant 15 jannewaris fia ynfo@tresoar.nl, mar fol = fol!
Ferstival – ek goed foar skriuwers!
It Skriuwersbûn lokwinsket Jurre Kuipers, Marrit Boetje en Marije Reitsema as winners fan de foardrachtwedstriid FeRstival 2022, dat ôfrûne wykein foar de 79ste kear hâlden waard op It Hearrefean. Hulde! It is prachtich om te sjen hoe entûsjast jeugd wêze kin oer gedichten.
Foar leden wolle wy it jierlikse boekje Fersefariaasje ûnder de oandacht bringe. Dit boekje, mei de gedichten om foar te dragen, wurdt gearstald mei fersen dy’t faak spesjaal skreaun binne foar dat doel en de útdaging is om yn ‘e hûd fan pubers te krûpen. Bern dy’t meidwaan wolle, kinne út dit boekje in kar meitsje foar in gedicht dat harren oansprekt. In karkommisje de beoardielet de ynkommen fersen anonym; net de skriuwer jout de trochslach, mar it gedicht dat ynstjoerd is, om de kwaliteit heech te hâlden.
Doch mei! In fers dat opnommen wurdt yn it boekje wurdt beleanne mei it bedrach fan €75,00. Mear ynfo is te finen op de reachside fan FeRstival.
Kom yn aksje!
Wy libje yn in unwisse wrâld. Hjir klinkt kjerstmuzyk op de radio, en kinne wy (ek al is de beurs wat tinner as oare jierren) noch hieltyd útsjen nei in Kjerst mei famylje en freonen. De wrâld oer is dat wol oars.
De situaasje yn Iran is op it stuit ferskriklik. It nijs dat wy dei yn dei út hearre oer fredesaktivisten en hoe ’t se behannele wurde, is skokkend. Ek skriuwers steane yn Iran swier ûnder druk. De ôfrûne jierren binne meardere skriuwers oppakt en finzen set fanwegen it “fersprieden fan propanda” en aksjes tsjin de steat. De omstannichheden yn ‘e finzenis binne earmhertich. Om dy reden wolle wy graach jim omtinken freegje foar de folgjende persoanen en aksjes dy ’t der binne om fia in brief om frijlitting te fersiken by de autoriteiten.
Fia organisaasjes as PEN International en Amnesty International wurde regelmjittich aksjes en petysjes online setten dy’t te ûndertekenjen binnen. In lytse muoite foar ús hjir – en mei syn allen is it faaks mooglik om toch presje út te oefenjen en oerheden ta ynsjoch te bringen.
Skriuwe kin foar:
- Atefeh Chaharmahalian, dichter en earder foarsitter fan de Iranian Writers’ Union, dy’t yn oktober alwer oppakt waard yn Teheran en yn de beruchte Evin Prison sit. Har sûnens is min.
- Narges Mohammadi, dy yn 2016 feroardiele waard ta in finzenisstraf fan 16 jier foar it fersprieden fan propaganda en it lieden fan in yllegale organisaasje. Ek har situaasje is krityk. Neist it ûndertekenjen fan de Amnesty-aksje binne der ferskate oare wizen om yn aksje te kommen.
- Nasrin Sotoudeh, dy’t no om medyske redenen tiidlik frij is, mar dy noch in lange finzenisstraf boppe de holle hinget, omdat se har ynset foar frouljusrjochten.
- Mahvash Sabet, dichteres, dy nei in rjochtsaak fan noch gjin oere tsien jier nei de finzenis stjoerd waard foar “spionnage”. Earder hat se ek alris tsien jier fêstsitten fanwege har leauwe; se is in lid fan de Baha’i-mienskip, dy’t bot ûnder druk stiet yn Iran.
DINGtiid siket bestjoerslid Fryske taal en kultuer
It bestjoer fan DINGtiid nûget elkenien út om te sollisitearjen op de fakatuere fan bestjoerslid Fryske taal en kultuer fan DINGtiid. DINGtiid is it wetlik advysorgaan foar de Fryske taal en hat as taak om de gelikense posysje fan de Fryske en Nederlânske taal yn Fryslân te befoarderjen. Dat docht DINGtiid ûnder oaren troch te advisearjen oan it Ryk en Provinsje Fryslân en ûntjouwingen oangeande it Frysk te sinjalearjen.
It bestjoer fan DINGtiid bestiet út fiif leden en wurdt stipe troch in stêfburo. Elk bestjoerslid hat in eigen portefúlje (bgl. Frysk yn de media, it rjocht of it ûnderwiis) en wurdt beneamd foar de perioade fan fjouwer jier, mei de mooglikheid ta ien kear werbeneamen. Der is no in fakatuere ûntstien troch it tuskentiids tebekstappen fan ien fan de bestjoersleden.
Mear ynformaasje oer de ynhâld fan de funksje is te finen op de reachside fan DINGtiid. Of nim kontakt op mei Jan Koster (foarsitter DINGtiid), telefoan 06 20967266.
Skriuwersarke
Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân. (Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthûs yn Bergen, Noard-Hollân beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop.
Skriuwers of dichters dy’t noch net earder yn totaal seis wiken yn de arke oan it wurk west hawwe, kinne oanjaan hokker wiken (net mear as seis) hja nei de arke ta wolle. It giet om it simmerskoft mar oare winsken binne yn oerlis ek mooglik. Op dizze wize hoopje wy safolle mooglik skriuwers en dichters in kâns te jaan om yn de arke oan it wurk te kinnen.
It doel is dat de arke brûkt wurdt as plak dêr’t de skriuwers en dichters alle gelegenheid krije om te wurkjen. It is net as ‘simmerhúske’ bedoeld. Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en telefoan is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet in hierkontrakt, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum út it saneamde ‘Tamminga-Piebenga-Fûns’, wylst it ûnderhâld fan de arke en de fêste lêsten dêrfoar bekostige wurde troch datselde fûns en It Fryske Gea.
Belangstellenden kinne har oant 1 febrewaris 2023 skriftlik oppenearje by Pieter de Groot, skriuwer fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, De Koarte Baan 11, 8731 DX Wommels. Dêrby moat neist de perioade ek oanjûn wurde wat de skriuwer/dichter fan doel is te dwaan. In kommisje út it bestjoer fan de Stifting FLMD makket de kar hokker skriuwers/dichters fan de arke gebrûk meitsje kinne. Mocht it yn 2023 net slagje om plak te krijen, ek yn 2024 wurdt de arke wer foar skriuwers en dichters iepensteld.