It earste gedicht is ynstjoerd nei de organisaasje, dus it sil heve!
Wy binne grutsk dat Sytse Jansma it Frysk fertsjintwurdigje sil op Transpoesie, it poëzyfestival yn Brussel ein septimber. Sytse is drok dwaande mei in nije dichtbondel en himet noch nei fan it projekt “Sprekende Stenen”, mar hjir makket er graach tiid foar. De mearfâldich winner fan de Rely Jorritsma-priis sil op 26 of 27 septimber optrede en wy hoopje fansels dat wy hjirwei “live” mei sjen kinne.
Jan H. Woudstra is ponghâlder fan it Skriuwersboun. Reina Greet Smeink – Kroodsma is kandidaat-bestjoerslid. Yn april wol se graach yn it bestjoer talitten wurde en de taken fan de sekretaris oernimme.
Reina fertel ris; wa is dyn heit wa is dyn mem? Ik bin ien fan de fjouwer en dan de twadde fan Pieter en Nelie. Hikke en teine yn Jannum op ‘e buorkerij. Ik haw fan hûs út in protte leafde foar de natuer meikrigen. It wie dêr lyts en dochs grut om ’t ik alle romte hie dy’t ik nedich wie. Letter nei ‘de grutte stêd’ Dokkum op skoalle en dernei de noch gruttere wrâld yn.
En do Jan? Fan wa bist do der ien? Wat grappich datsto dat seist fan de grutte stêd Dokkum. Ik bin opgroeid yn Ljouwert en by myn trouwen krekt keazen foar in lyts stedsje as Dokkum om de grutte stêd te mijden. As ik oan Jannum tink, dan tink ik oan dat moaie tsjerkje op in prachtige serene plak mei it moaie doopfont en sarkofagen. Ik haw dêr in ea filmke opnommen mei myn freon ds. Herman de Vries (sjoch mar ris op Youtube). Sa at ik sei bin ik opgroeid yn Ljouwert. Us heit hjit Andries Woudstra en ús mem Klaaske Westerhuis. Ik bin fan hûs út totaal net Frysk wend. Heit komt út Rottefalle en mem út it Bilt. Thús (yn de grutte stêd Ljouwert) praten wy Biltsk. Troch myn frou Baukje, dy berne is yn Ie, kaam it Frysk om de hoeke. Dêrfoar haw ik allinne Fryske les hân yn it fuortset ûnderwiis.
Hoe gie dat mei taal by dy thús Reina? Ik nim oan in soad Frysk? By ús thús waard yndied in soad Frysk praat. Us mem komt út it ûnderwiis en hat it altyd belangryk fûn dat wy ús ek goed yn ’t Nederlânsk fersteanber meitsje koene. De boekekast stie altyd fol. De leafde foar letters is altyd bleaun. By alle fjouwer trouwens. Dêr bin ik hiel tankber foar.
Hoe bisto oant skriuwen kommen Reina, do wiest dus earst fysioterapeut? Dat kloppet. En mei folle wille. Ik wie spesjalisearre yn geriatry en neurology en altyd ûnderweis om’t ik meastentiids de minsken thús behannele. Troch sykte hold dat frij hookstrooks op. Dat ha ik best wol hiel dreech fûn. Mar, ik bin fansels ien fan Pieter en Nelie en dy jouwe net samar belies. Dus ha ik neitocht oer wat de mooglikheden binne en kaam wer werom by de taal. Wannear’t ik der oer nei tink hat de leafde foar wurden nea fuort west en ha ik by alles wat ik oant no ta dien ha altyd dwaande west mei taal. Of dat no it genietsjen wie fan de ferhalen fan eartiids dy’t ik hearde as fysioterapeut of in folder dy’t ik makke, taal hat altyd in reade tried west. It ferhaal fan Reina, skriuwen, ferhalen en wurden, dat ferhaal giet noch hieltyd fierder. No as wurdsamler foar bern en stikem ek foar grutte minsken.
En fertel do ris Jan, oer dyn ferhaal. Wat betsjutte taal, kreativiteit en wurden foar dy? Wat is dyn skiednis? Ik ha fan lyts oan myn tinzen byhâlden yn deiboeken. Myn kreativiteit kaam der earder út as etaleur by V&D mar troch te min oeren ha ik my omleare litten oant boekhâlder. Hiel wat oars dus. Myn kreativiteit kaam benammen yn myn frije tiid oant utering troch it betinken fan jeugdtsjinsten en organisearjen foar aktiviteiten foar jongerein. De lêste tiid doch ik dat foaral mei it jaan fan stedskuiers troch Joadsk Amsterdam/Ljouwert en Grins. Wat myn skiednis oangiet sit ik mei bêst in soad fragen. Sa joech myn heit flak foar syn dea my it boekje ‘Mystearjes yn Fryslân’. Dêr soe de moard op myn oerpake Jan Modderman yn beskreaun stean. Ik soe dêr hiel graach in roman oer wolle skriuwen. Wa wit ea. Ek de Joadske roots lizze my nei oan it hert. De Woudstra’s wiene Asjkenazische Joaden dy’t út Poalen en Dútslân wei harren fêstige ha yn Fryslân en njonken it oanpasse fan har namme harren hjir ynboargere ha.
Sis Reina hoe ûntstean de ideeën foar Tomke? Ik sjoch yn dy dat boartlike, of neam it ûndogens werom yn Tomke. Myn ideeën ûntsteane spontaan troch in heugenis, in ferhaal fan eartiids of eat wat ik sjoch yn it deistich libben. Kinst eins wol sizze dat ideeën ûntstean troch it libben sels. Dat jildt foar alles wat ik skriuw. En ja, dat ûndogense stik fan my kin ik hiel goed kwyt by Tomke. Hearlik! Lêst do wolris in Tomkeferhaal Jan? Ik fyn it hearlik om in boekje fan Tomke foar myn pakesizzers foar te lêzen. Ek fyn ik it machtich de fantasy by myn pakesizzers te sjen en hearen wannear’t ik foarlês en fansels ek wat de ôfbyldingen by harren opropt.
Wat fynst do it moaist it oan skriuwen en wat minst aardige yn it skriuwproses Reina? De keunst om sa stil fan binnen te wurden dat ik de wurden heare kin dy’t graach skreaun wurde wolle, dat fyn ik de moaiste útdaging dy’t by it skriuwen heart. Ticht by mysels bliuwe en bliid wurde fan moaie fynsten, in moai wurd, in emoasje, in grapke. Ja, dêr doch ik it foar! Ik kin ek wier genietsje fan de prosessen derom hinne. De leuke kontakten mei kollegaskriuwers, gearwurkje, it hoe en wat fan de skriuwers- en útjouwerswrâld en hoe’t ik mysels deryn bliuwe kin. Allegearre moaie en learsume prosessen. De ienige dy’t ik oant no ta wier by tiden hiel yrritant fyn is it stikje Reina (of Greet) wat stikem yn myn ear flústeret en seit: tinksto wier datsto dit kinst? Wannear’t dat bart dan sjogge wy inoar djip yn ‘e eagen en lêsten hawwe wy inoar in high five jûn. It soe dus samar wêze kinne dat wy noch freonen wurde!
Hoe belibbest do it skriuwen Jan? Wat giet hast as fansels en wat fynsto in útdaging? Ik genietsje fan it meitsjen fan myn gedichten. Dy ûntstean faaks troch it hearren fan in wurd as it goed is moat in gedicht der ek yn sa’n 5 minuten stean. Ik sit no yn it lêste stikje foar it útkommen fan myn 4de bondel. It manuskript giet in oantal kearen hin en werom fan my nei de útjouwer want do wolst fansels dat alles perfekt en sûnder flaters publisearre wurdt. Dizze perioade fyn ik it minst aardige fan it hiele proses.
Reina wy hawwe njonken de natuer en kontakten mei minsken neffens my noch in mienskiplike dieler: de dea. Ik wie rekke troch dyn ferhaal oer de snieflok. Wat moai dat it ferhaal dy rekke hat. Ik haw it skreaun foar Tsjil. De dea is in ûnderwerp dat my dierber is. De dea is foar my breder as de dea sels. It betsjut in ein en tagelyk ek in nij begjin sa as in soad dingen dy’t it libben bringt. Soms moat der earst wat ophâlde foar’t der wat nijs komme kin.
Ik ha dyn bondel ‘In Gedichten Geweven’ lêzen. Wat my rekke is dat yn dyn wurden it libben en de dea wier ferweven binne. Dat fyn ik samar hiel moai en bysûnder.
De dea is troch it stjerren fan myn frou Baukje in part fan myn libben. Der oer prate fyn ik wichtich. Sa ûntstie ek it idee om der oer te skriuwen, te dichtsjen. Ik fyn it prachtich as troch myn wurden minsken dan rekke wurde.
Wolsto wat fertellen oer nije projekten. Reina? Dizze simmer mei ik trije wiken mei Barbara de Ruiter gebrûk meitsje fan de Skriuwersarke. Dêr sjoch ik nei út! Twa jier lyn mocht ik der ek útfanhûs en ha ik in begjin makke mei Bûseskatten. Gedichten ynspireare op lytse skatten dy’t bern en folwoeksenen bûten fine en yn ‘e bûse stekke om te bewarjen. Barbara sil de yllustraasjes derby meitsje. Ik bin ek dwaande mei in boek fol mei Nederlânske wurden en ha dernjonken genôch oare ideeën.
Wat stiet der by dy allegear noch op priemmen Jan? Lykas sein sit ik yn lêste faze foar it útkomme fan bondel 4 ‘Verwerkt’ Gedichten. Dizze bondel ferskynt 21 maaie. Ik hâld dan in presintaasje yn de Sint Vitens tsjerke boppe op de terp fan Wetsens. Elkenien is fan herte wolkom op dy dei fan 13:30 oant 15:00! Ik ha dizze wike ek bondel 7 ôfrûne. Yn elke bondel steane 70 gedichten mei 10 dêr fan yn it Frysk. Elts jier ferskynt der in bondel dus ik bin oant 2025 yn it foarút! En wa wit ha ik no romte foar dy roman?
En no dus mei-inoar yn it bestjoer fan de Skriuwersboun. Moaie ynspirearjende minsken om mei mei-inoar te wurkjen.
Foar de alfde kear wurdt yn Septimber yn Brussel it Transpoesie Poëzijfestival organisearre. Nei Janneke Spoelstra (2018), Elmar Kuiper (2019) en Nyk de Vries (2020) sil Fryslân dit jier fertsjintwurdige wurde troch Cornelis van der Wal. Hy sil op 26 septimber in optreden fersoargje, op de Europeeske Dei fan ’e Talen.
In sjuery besteande út Alex Riemersma (adviseur taalbelied by de Provinsje Fryslân en lektor oan NHL Stenden), Janneke Spoelstra (Fryske Akademy) en Ammerins Moss-de Boer (It Skriuwersboun) hawwe út seis opjeften de dichter Cornelis van der Wal keazen mei syn gedicht ‘Snie is in died fan ferset’. Syn ynstjoering waard troch de sjuery typearre as in melodieus gedicht dat it tema op aktuele wize byldzjend ta utering bringt troch it iensume, kâlde mar ek needsaaklike fan ferset en protest mei wurden te beskriuwen dy’t alle sintugen op skerp sette, en dat by elke lêzing wer wat nijs jout om oer nei te tinken.
Cornelis van der Wal (Ljouwert, 28 jannewaris 1956) is in Frysk skriuwer en dichter. Hy wenne 18 jier yn Grins. Fan 2009 oant 2013 hat hy yn Snits wenne, mar no wennet er wer yn Ljouwert. Hy publisearre sân dichtbondels. Mei syn earste bondel In nêst jonge magneten wûn hy yn 1993 de Fedde Schurerpriis. Van der Wal hat fierders webmaster fan it literêre ynternettydskrift Farsk en letter fan Ensafh west. Ek wie Van der Wal oant juny 2011 poëzijbesprekker foar it Friesch Dagblad. Yn 2019 waarden oersettingen fan seis fan syn gedichten yn it renommearre Deenske tydskrift Hvedekorn publisearre.
Fan 3 oant en mei 12 maaie is alle nachten om 24.00 oere in ferhaal of gedicht te beharkjen op Omrop Fryslân Radio. De tsien skriuwers dy’t meidogge ha har ynspirearje litten troch it tema fan de Tryater-foarstelling Nacht. De ferhalen en gedichten binne yn it Frysk en it Nederlânsk.
In útstjoering op dat lette tiidstip jout de lústeraar in momint om eefkes stil te stean by de moanne en te reflektearjen op de nacht. Iris Dicke, Hedwig Louise Bakker, Marijke Huisman, Remco Kuiper, Nelleke Wouters, Pieteke de Boer, Jeannette Boskma, Ydwine van der Veen, Ytsje Hoekstra en Roelien Klandermans hawwe harren dwaande holden mei fragen as ‘Hoe rûkt de nacht? Hoe klinkt de nacht? Wêr tinksto oan flak foar it sliepen gean?’ En ‘Wat sjocht de moanne, as se nei ûnderen ta sjocht?
De moanne ropt al sûnt minskheugnis wat fan magy op by de minsk. Hoe soe it der dêr útsjen? Kinst der wenje? As de dei op syn ein rint, wannear’t de stilte oer Fryslân lûkt, sjocht de moanne nei ús. Radio Moanneljocht lit syn ljocht skine op de minsk yn de tsjustere nacht. Wat hâldt dy wekker?
De skriuwers hawwe harren observaasjes ferwurke ta in gedicht foar de buorman mei sliepproblemen, in lied foar de sekswurker of in oade oan de pizzakoerier. Mei dizze kreatieve taaluteringen wol Radio Moanneljocht minsken graach optille út de deistige realiteit.
Wy koene dit jier wer op de pleatslike iisbaan reedride mar wat bart de rest fan de tiid mei dizze iisbanen? Fan alles: der wurdt op sporten, fee rint der op of it stik lân jout romte foar rêst en besinning. Om dizze oare kant fan in iisbaan sjen te litten, hat Tresoar in digitale presintaasje opsteld. Fan 21 maart o/m 24 maaie 2021 wurde de Fryske iisbanen yn ruste yn byld brocht mei de digitale presintaasje ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’.
Op de webside en de sosjale-mediakanalen fan Tresoar wurde skilderijen fan Hendrik Elings, swart-wyt foto’s fan Baukje Venema en gedichten fan alve Fryske dichters sjen litten. Sa fertelle sy op keunstsinnige en ynspirearjende wize it maaitiidsferhaal fan njoggen Fryske iisbanen. Yn in fideosearje fertelle de keunstners en dichters de ferhalen en wurdt it publyk meinaam yn de wrâld fan de iisbanen èn yn ‘e wrâld fan ’e keunstners sels.
Selfieboerd
Kinst sels ek meidwaan oan de presintaasje troch foto’s fan (dysels op) iisbanen te dielen mei de hashtag #iisbaanynemaaitiid. Tresoar hat by njoggen iisbanen yn Fryslân in selfieboerd pleatst. By dizze iisbanen kinst mei it selfieboerd op de foto: Wijckel, Nijelamer, Bakkeveen, Burdaard, Sint Jacobiparochie, Aldtsjerk, Blessum, Munnikezijl en Hijum.
Boek ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’
By de digitale presintaasje heart it boek mei deselde titel ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’ mei skilderijen fan Hendrik Elings, foto’s fan Baukje Venema makke mei in 19e-iuwske houten kamera, en de gedichten fan alve ferskate dichters. Dat binne Johan Veenstra, Henk van der Veer, Hein Jaap Hilarides, Elmar Kuiper, Gerard de Jong, Nyk de Vries, Eeltsje Hettinga, Albertina Soepboer, Baukje Wytsma, Elske Kampen en Janneke Spoelstra.
De digitale presntaasje ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’ is in gearwurking fan Hendrik Elings, Baukje Venema, alve Fryske dichters, foarmjouwer Monique Vogelsang, fideomakkers Petra van der Molen en Rob Pieters, Utjouwerij Louise en Tresoar.
It TRANSPOESIE projekt waard yn it neijjier fan 2011 start yn Brussel, ta eare fan de Europeeske Dei foar Taal- en Linguistyske Diversiteit, dy’t elts jier fierd wurdt op 26 septimber.
As ûnderdiel fan dit projekt fynt der elts jier in poëtysk poadium plak dêr’t dichters út hiel Europa wei oan meidogge en mekoar en it publyk ynspirearje. Oft dat dit jier op lokaasje wêze sil of online, is no noch net te sizzen. De ôfrûne jierren hawwe Nyk de Vries, Janneke Spoelstra en Elmar Kuiper it Frysk mei gloede fertsjintwurdige. De dichters ha op it evenemint foardroegen út harren wurk en ien fan harren gedichten wie te lêzen yn it iepenbier ferfier fan Brussel.
Wolsto gading meitsje nei in plakje op dit Brusselske, EU- en poëtyske poadium, dan is dizze oprop wat foar dy. Meld dy foar 11 april oan troch oan it bestjoer fan it Skriuwersboun in mail te stjoeren mei in gedicht dy’tst graach foardrage wolst op it festival.
In ûnôfhinklike sjuery sil in kar meitsje út de oanmeldings en komme ta in foardracht oan de organisaasje fan Transpoesie. Neist ús bestjoerslid, Ammerins Moss-de Boer, oersetter en tolk Ingelsk dy’t foar har wurk regelmjittich sels op it poadium de mikrofoan yn hannen hat, kinne wy dit jier bôgje op de ûnderfining fan Alex Riemersma, lektor Frysk & Meartaligens oan NHL Stenden en provinsjaal adviseur taalbelied, en dichteresse Janneke Spoelstra, dy’t yn 2018 de Fryske literatuer fertsjinwurdigje mocht yn Brussel en fan wa it wurk al yn meardere talen útjûn is.
In ferhaal of in boek skriuwe, dat wolle in soad minsken en no, no’t we yn in bysûndere tiid libje fan isolaasje en nije bezichheden foar jinsels ûntdekke, hielendal.
Mar skriuwe, hoe pakke je dat oan?
Yn dizze kursus ‘proazaskriuwen online’ fan Tresoar krije de kursisten fia Meet troch skriuwster Jetske Bilker hânfetten en skriuwtechniken. Se jout konkrete tips foar hoe’t je as skriuwer hannelje moatte, en hoe’t je in ferhaal of roman begjinne. Oan ’e oarder komme wichtige proaza-eleminten lykas: spanning, personaazjes, de eigen styl, it kiezen fan in perspektyf (wa fertelt it ferhaal?) en it skriuwen fan in goede dialooch.
Yn de lessen krije de kursisten online ynformaasje; de kursisten geane thús mei opdrachten oan de slach en stjoere dy per mail op.
Feedback fan de kursusliedster giet ek oer de mail. Wa’t derneist ferlet hat fan feedback fan de oare kursisten kin dat oanjaan. Fragen fan kursisten oer de stof wurde per mail of – as it kin – online behannele.
It foardiel fan dizze kursus online is dat elk, oft men in ferhaal of in hiele roman skriuwe wol, meidwaan kin, trochdat elk persoanlike begelieding per mail krijt.
De kursussen binne op moandeitejûn fan 20.30 oere oant 21.30 oere, en wurde jûn yn it Frysk.
Jetske Bilker (1960) is ôfstudearre yn Literatuerwittenskip, skriuwt proaza sûnt 1988, wie proaza-kritikus en publisearre fjouwer romans en in ferhalebondel.
Ynformaasje
De kursus is rjochte op it skriuwen fan proaza
6 jûnen
Data: moandei 1 maart, 15 maart, 29 maart, 12 april, 26 april maaie en woansdei 26 maaie
Kosten € 80,00. Dat bedrach graach oermeitsje op NL15 RABO 0127 5942 64 fan Tresoar, ûnder fermelding fan: Skriuwkursus Proaza
De fier- en skriuwtaal is Frysk
It minimale oantal dielnimmers is 5.
Tresoar organisearret dizze kursus
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen, en jo foarkarren te ûnthâlden foar in folgjende besite. As jo op ‘Ja’ klikke, akseptearje jo it brûken fan ALLE cookies.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen. De essensjele cookies wurde troch jo browser op jo kompjûter opslein omt se nedich binne foar it funksjonearjen fan de webside. Wy brûke ek cookies fan tredden foar it analysearjen fan besites oan ús webside. Dizze cookies wurde allinnich opslein yn jo browser as jo dêr tastimming foar jouwe. Jo kinne dizze cookies ek útskakelje. De webside kin dan wol wat oars wurkje of reagearre.
Essinsjele cookies binne needsaaklik om de webside goed funksjonearje te litten. Dizze kategory befettet allinne cookies dy’t de basisfunksjes en feiligenskomponinten fan de webside funksjonearje litte. Dizze cookies bewarje gjin inkelde persoanlike ynformaasje.
Alle cookies dy’t net strikt needsaaklik binne om de webside funksjonearje te litten en dy’t spesifyk brûkt wurde om persoanlike data fan brûkers te sammeljen lykas analytics, advertinsjes en oare yntegrearre komponinten wurde beskôge as net-needsaaklike cookies. It is ferplicht om tasizzing fan de brûker te krijen foardat dizze cookies yn wurking set wurde op de webside.