Nijs

Presintaasje “Naar gelang het Noorden”

Takom moandei, 3 july 2023, om 16.30 oere, sil yn it Provinsjehûs oan de Twibaksmerk yn Ljouwert, deputearre Sietske Poepjes it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme fan de brosjuere “Naar gelang het Noorden”. Der sille ek in tal gedichten út de bondel foardrûgen wurde.

Yn dit lytse boek wurdt in skets jûn fan it wurk fan tsien renommearre Fryske dichters.
It boek is gearstald troch in wurkgroep fan fiif leden fan it Skriuwersbûn en troch dizze wurkgroep ûndertusken oanbean oan bestjoer en sjuery fan de stichting P.C. Hooft-prijs.
Dy sjuery is krekt begoan mei har wurksumheden, dy’t liede sille ta de foardracht fan in winner fan dizze Nederlânske oeuvrepriis. Yn maaie 2024 wurdt de priis takend oan in (Nederlânsktalige of Frysktalige) dichteres of dichter. “Naar gelang het Noorden” wurdt útjûn troch útjouwerij De Ryp en is fan nije wike ôf te keap.

It programma foar moandei sjocht der sa út:

  • Fan 16.30 ynrin, kofje en oranjekoeke yn de besikersromte fan it provinsjehûs
  • 16.45 wy ferhúzje meimekoar nei de histoaryske Steateseal
  • Wolkomstwurd troch foarsitter Willem Verf fan it Skriuwersbûn
  • Foardracht fan twa gedichten út “Naar gelang het Noorden”
  • Martsje de Jong jout út namme fan de wurkgroep in koarte presintaasje fan de ynhâld fan de brosjuere en oerlanget oanslutend it earste eksimplaar oan de Deputearre
  • Reaksje fan Sietske Poepjes
  • Foardracht fan twa gedichten út “Naar gelang het Noorden”
  • Ôfsluting troch útjouwer Hille Faber

Wy hoopje dat in protte leden fan it Skriuwersbûn en oaren dy’t de Fryske skriuwerij in waarm hert ta drage dizze middei meibelibje wolle!

Read More

Myn alderleafste berneboek

Sa’t jim witte, is Reina-Greet de ôfrûne tiid drok dwaande west mei it ferwurkjen fan de reaksjes op har oprop om jim alderleafste berneboek yn te stjoeren. It hat in soad herinneringen boppe brocht by minsken, en dat wie moai om te sjen. It resultaat mei der wêze en mei grutskens dielt Reina-Greet dêrom hjir it pdf! En wa wit, komme der no noch mear dingen by jim boppe. Wy winskje jim in soad lêswille ta!

Lêze mar!

Read More

Nije datum ledegearkomste: 7 juny 2023

Op woansdei 7 juny is prof. dr. Arjen Versloot te gast op de ledegearkomste fan it Skriuwersbûn. Yn de oanrin nei syn beneaming by de RUG wie der in protte publisiteit oer de ferfolling fan de fakatuere. Der drige in perioade sûnder heechlearaar te ûntstean. Ek it Skriuwersbûn hat ivere foar de oanstelling fan in belutsen en saakkundich nij boechbyld foar de Frisistyk. De aksjes hienen súkses. Der is wer in heechlearaar yn Grins. Wat is dat foar man, dy nij-beneamde Versloot?

Prof. Arjen Versloot

In pear sitaten út de LC fan 9 febrewaris:
“…Ik hâld fan myn fak en ik hâld fan de Fryske taal Ik fiel my beropsmjittich ferantwurdlik om dit gat (-by de RUG-) op te foljen”
“Wat ik sjoch is wûnderbaarlike libbenskrêft fan it Frysk”
“It bestean fan it Frysk draacht by oan it mienskipsgefoel en it wolwêzen fan de ynwenners fan de provinsje. Lit ús dat fêsthâlde en koesterje”…

Tusken 19.00 en 19.30 oere starte wy mei in fraachpetear dat yngiet op boppesteande
statements. En fansels sille wy it hawwe oer de kânsen fan it Frysk as kultuertaal en de rol fan skriuw(st)ers, dichteressen, dichters, oersetters en Frysk skriuwende publisisten hjirby.
Ús stelling is ommers dat wy by útstek de minsken binne dy’t dy kultuertaal oerein hâlde.
Wat is de betsjutting fan de Frisistyk foar de bodders dy’t har, gruttendiels as leafdewurk,
ynsette foar it skreaune Frysk? Neigeraden it fraachpetear foarderet komt der alle romte
foar de oanwêzigen om mei Versloot fan gedachten te wikseljen.

De ynrin is om 18 oere, mei broadsjes, kofje, tee en oar drinken; dan begjinne we dernei mei it húshâldlik part. De gearkomste fynt plak yn Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert, yn de Gysbert Japixc-seal.

De stikken foar de gearkomste binne al rûnstjoerd nei de leden en binne ek hjir te finen op de reachside.

Read More

Ledegearkomste 19 april GIET NET TROCH

Spitigernôch ha wy fan te folle leden trochkrigen dat se moarn 19/4 net komme kinne op de ALG. Om’t wy fansels sa folle mooglik minsken de gelegenheid jaan wolle om yn ‘e kunde te kommen mei Prof. Versloot, wurdt de ALG ferset. In nije datum sil sa gau mooglik kommunisearre wurde!

Read More

Algemiene Ledegearkomste op 19 april 2023

Op woansdei 19 april is prof. dr. Arjen Versloot te gast op de ledegearkomste fan it Skriuwersbûn. Yn de oanrin nei syn beneaming by de RUG wie der in protte publisiteit oer de ferfolling fan de fakatuere. Der drige in perioade sûnder heechlearaar te ûntstean. Ek it Skriuwersbûn hat ivere foar de oanstelling fan in belutsen en saakkundich nij boechbyld foar de Frisistyk. De aksjes hienen súkses. Der is wer in heechlearaar yn Grins. Wat is dat foar man, dy nij-beneamde Versloot?
In pear sitaten út de LC fan 9 febrewaris:
“…Ik hâld fan myn fak en ik hâld fan de Fryske taal Ik fiel my beropsmjittich ferantwurdlik om dit gat (-by de RUG-) op te foljen”
“Wat ik sjoch is wûnderbaarlike libbenskrêft fan it Frysk”
“It bestean fan it Frysk draacht by oan it mienskipsgefoel en it wolwêzen fan de ynwenners
fan de provinsje. Lit ús dat fêsthâlde en koesterje”…

Tusken 19.00 en 19.30 oere starte wy mei in fraachpetear dat yngiet op boppesteande
statements. En fansels sille wy it hawwe oer de kânsen fan it Frysk as kultuertaal en de rol
fan skriuw(st)ers, dichteressen, dichters, oersetters en Frysk skriuwende publisisten hjirby.
Ús stelling is ommers dat wy by útstek de minsken binne dy’t dy kultuertaal oerein hâlde.
Wat is de betsjutting fan de Frisistyk foar de bodders dy’t har, gruttendiels as leafdewurk,
ynsette foar it skreaune Frysk? Neigeraden it fraachpetear foarderet komt der alle romte
foar de oanwêzigen om mei Versloot fan gedachten te wikseljen.

De ynrin is om 18 oere, mei broadsjes, kofje, tee en oar drinken; dan begjinne we dernei mei it húshâldlik part. De gearkomste fynt plak yn Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert, yn de Gysbert Japixc-seal.

De stikken foar de gearkomste wurde dizze wike rûnstjoerd nei de leden en binne dernei ek hjir te finen op de reachside.

Read More

Poëzijtegel foar Auke Rauwerda

Foarige wike waard foar de âlde winkel fan Auke Rauwerda in nije poëzijtegel ûntbleate. It gedicht is skreaun troch Cornelis van der Wal. De winkel is in begryp yn ‘e stêd en fier dêrbûten: de winkel dêr’t gjin nee te keap wie.

It gedicht is part fan de gruttere poëzijrûte mei mear as 60 tegels troch de hiele stêd, dy’t seker de muoite wurch is. Letter dit jier komme der noch wat tegels bij, is de bedoeling.

Mear oer de ûntbleating is hjir (LC) en hjir (FD) te lêzen.

It gedicht fan Cornelis van der Wal

Read More

Rely-priisfraach 2023 iepensteld

De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 69ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal  fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000.
De ynstjoertermyn slút 15 maaie o.s. De sjuery  bestiet út Beart Oosterhaven, Oene Spoelstra en Marrit de Schiffart.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. De stifting Rely Jorritsmafûns hat de organisaasje opdroegen oan de stifting  Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD).
De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan rely@stiftingflmd.frl  Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte apart yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery. Foar mear ynformaasje sjoch de webside  www.stiftingflmd.frl

Read More

Logomakker socht!

IEPEN OPROP: IN NIJ JIER, IN NIJE NAMME, IN NIJ LOGO!

Om’t wy no fan Skriuwersboun feroare binne yn Skriuwersbûn, liket it ús in gaadlik momint om ek ús logo nij foarm te jaan. Wa fan jim hat it bêste en moaiste idee foar ús? Qua styl litte wy it oan jim oer – mar it moat wol ynpasber wêze op de reachside, fansels!

It logo brûke wy net allinnich op ús briefpapier, mar ek op ús reachside, de sosjale media en in folder/kaartsjes (de teksten dêrfoar, dêr wurkje wy ek hurd oan). It logo moat it doel fan ús feriening útdrukke: wy hawwe hert foar de Fryske skriuwerij, de taal, de literatuer en wolle ús ynsette foar it behâld en de fersprieding dêrfan.

It logo moat brûkber wêze foar ferskate doelen en media; dêrom hawwe wy it logo net allinnich nedich as ‘plat’ plaatsje, mar ek as bewurkbere ôfbylding nedich, sadat it sûnder kwaliteitsferlies grutter en lytser wurde makke kin – de ûntwerpers ûnder jimme seit dat genôch, tink ik. Us budget is 400 euro foar it úteinlik keazen logo en de útwurking. It logo wurdt eigendom fan it Bûn.

Hasto in moai idee? Stjoer dan foar 1 april dyn logo (gewoan as pdf) nei: bestjoer@skriuwersboun.nl. Wy sille dan (nei it anonym meitsjen fan de ynstjoeringen) in kar meitsje en dan kin it fierder útwurke wurde.

Wy hoopje it nije logo presintearje te kinnen op ús ledegearkomste op 20 april!

Read More

Oprop FeRstival

Wa skriuwt in fers foar 12-18-jierrigen dat geskikt is om foar te dragen?

De organisaasje fan it FeRstival wol foar de edysje fan 2023 wer in FeRsefariaasje-bondel gearstalle mei safolle mooglik nije fersen. Ut dy fersen kieze dielnimmers it gedicht foar de foarronde.
In karkommisje giet (anonym) gear oer de fersen. Wurde dy geskikt achte, dan sille se bondele wurde yn FeRsefariaasje. Dat sil nei de simmerfakânsje nei de skoallen stjoerd wurde. Der binne trije doelgroepen:

  • Starters 1ste klasse basisfoarming, dus 12/13 jier;
  • Trochsetters 2de en 3de klassers, dus 14/15 jier;
  • Toppers 4de klassers, MBOers en HBOers, 16/17/18 jier.

    De útdaging is fansels om hjoeddeiske tematiken te ferwurkjen en út it perspektyf fan de jongeren wei te skriuwen. Ferline jier keazen de Starters bygelyks opfallend faak it gedicht ‘Rampgebiet’ fan Paul van Dijk. In net al te dreech gedicht mei in tema dat foar skoalgeande jongerein werkenber is. De groep Toppers kin al hiel wat oan en kiest faak moderne poëzij.

    De fergoeding is € 75,- it gedicht as de karkommisje in fers útkiest. Bydrages kinne oanlevere wurde oant 1 maaie o.s. fia ferstival@cedin.nl.

PS: Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma begeliedt dit jier in skriuwgroep FeRstival. Wolst ek gedichten skriuwe foar FeRstival, de Fryske foardrachtwedstriid foar middelbere skoallen, mar soest ûnder it skriuwproses graach feedback krije fan oare dichters? Of fynst it gewoan moai om wat djipper yn de foardrachtkultuer te dûken? Slút dan oan by de Skriuwgroep Ferstival, in groep dichters dy’t ûnder lieding fan Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma oan ‘e slach giet mei it skriuwen fan gedichten dy’t geskikt binne om foar te dragen. Mei de groep wurde de gedichten bepraat en dielnimmers jouwe inoar tips. De gedichten wurde ynstjoerd nei Cedin en guon dêrfan wurde honorearre mei in plakje yn de nije bondel FeRsefariaasje.

Datums: tiisdei 28 maart, 4 april, 11 april en 18 april 2023 (20.00 oere, De Gouden Leeuw, Tresoar).

Der is plak foar maksimaal 12 dielnimmers. Oanmelde kin oant 4 maart by Sigrid Kingma, sigridkingma@gmail.com

Read More

Ferklearring oer bedrigingen Pim Lammers

As Skriuwersbûn binne wy bot skrokken fan de deadsbedrigingen oan ús Nederlânsktalige kollega Pim Lammers. It is skoan te begripen dat er him weromlutsen hat as dichter fan it ‘Kinderboekenweekgedicht’. Mar it ûnbegryp en de agressy dy’t him ta diel falt rekket ús as auteurs allegearre.

Skriuwers en dichters hearre yn alle frijheid beskriuwe te kinnen wat der ûnder minsken bart en barre kin. Yn ferhalen en gedichten giet it oer emoasjes en ûnderfinings fan echte minsken, bern en folwoeksenen. Ferhalen en gedichten kinne bydrage oan ferwurking, begryp, ferwûndering, fernuvering en hja liede somtiden ek ta ûnbegryp, argewaasje en sels lulkens. Dat is de treastende en de konfrontearjende funksje fan literatuer.

Lêze is ûnderfine, ûndergean, yn jin omgean litte, ferrast wêze, betiden huverje. Wannear’t dy huvering liedt ta haat tsjin de auteur, bart der wat slims. In maatskippij dy’t sokke haat tastiet, wêryn dat net korrisjearre wurde kin, ferkrampt, lit har wichtichste wearden fersleaukje, fertutearzet.

It minste wat alle skriuwers en lêzers dwaan kinne is iderkear wer fertelle wat de funksje fan de literatuer is. En dat dy funksje ûnmisber is foar in maatskippij dy’t plak ynrommet foar minsken – alle minsken.

Wa’t de moed even net opbringt om te skriuwen: dat is skoan te begripen. En foar it oare en de oaren: gjin belies jaan. Ferhalen betinke, dichtsje, rapportearje, spegels foarhâlde, sjen litte wat der yn en tusken minsken omgiet.

It Skriuwersbûn stiet folslein achter it artikel fan ús lid en berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen yn de LC fan 7 febrewaris. It is yntegraal werom te finen op ús reachside: www.skriuwersboun.nl.

En fanselssprekkend slute wy ús ek oan by de reaksjes fan de Auteursbond en PEN-Nederlân.

Read More
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10
Facebooktwittermail