Rispinge hjerst 2024
En samar ynienen is it novimber! Dat betsjut dat it wer tiid is om in moaie list te meitsjen fan it wurk dat de ôfrûne moannen ferskynd is. En dat is in moaie list! Om’t hjoed ek it Boekefeest is, en de Fryske Boekewike moarn begjint, is it fansels sa dat in soad skriuwers nij wurk yn dizze perioade oanbiede. Dus, nei de winkel, dan krije je der ek noch gratis in ekstra boek by!
Fan ús leden allinnich al binne de folgjende wurken ferskynd (en folgjende wike komme der noch in pear by…):
Marga Claus – Libbe (Afûk)
Durk van der Ploeg – De neidagen (Het nieuwe kanaal)
Martsje de Jong – oersetting De rôf fan de Fryske mummy fan Jorrit de Klerk (Afûk)
Al earder yn it jier ferskynd, mar in bytsje ûndersnijd en dêrom no even wer yn it sintsje: Tiemersma, Koos – Koade read (Het Nieuwe Kanaal)
Gabrielle Terpstra – Tsjintwurdich is alles better (Hispel)
En yn it Nederlânsk:
Lida Dykstra – De wonderverteller, over de reizen van Marco Polo (Luitingh-Sijthoff)
Jetske Bilker – Spiegel en sonde (Noordboek, eigen oersetting fan Spegel en sonde)
Tjeerd Schuhmacher – De vuurtorenwachter en zijn dochter (Elikser)
Reina&Greetje – Lang zal eland leven (Aurora Concepts)
Joke Pas – Leven (Trivium Uitgeverij)
Folgjende wike folget der noch in koarte list!
Rispinge Simmer 2024
It is no wer waar om ûnder de parasol te lizzen mei in moai boek, en dus ek wer tiid foar in Rispinge. Der binne de ôfrûne tiid wer moaie boeken útjûn, dus dy sette wy even goed yn it sintsje!
Lida Dykstra hat drok wurke oan in searje moaie berneboeken en dy binne no allegearre beskikber. De groep fan Mees Bok is in prachtige boekesearje foar begjinnende Frysk-lêzers, mei yllustraasjes fan Ina Hallemans.
De fiif boeken yn de rige binne los fan elkoar te lêzen. Neist “Pup giet te fier”, bestiet de rige út “De hut fan das”, “Knyn yn de put”, “Laam wat bist tûk” en Pas op, baarch”.
Dêrneist hat Lida noch “De groep fan Juf Pyt” skreaun, in teäterlesboek dat ek yn in Nederlânske ferzje te krijen is. Dit wie in projekt yn oparbeidzjen mei ‘Taalschatten’ fan Laurentien van Oranje.
As Fryslân fan de iene dei op de oare selsstannich wurdt, krijt de haadpersoan fan dit boek in wichtige taak. Hy wurdt de monuminteman. Hy moat foar it regear in plan meitsje foar stânbylden fan Fryske helden en sa in passende skiednis betinke foar it nije lân. Mar wa is it wurdich om in byld fan te meitsjen? En wêrom?
Monuminteman is it romandebút fan toanielskriuwer Bouke Oldenhof. It is in humoristyske fantasij, in spannend en in oangripend ferhaal oer identiteit en fergonklikheid yn ien.
Leit der fan dy in nij boek yn de winkel? Jou it dan troch!
Earste rispinge fan 2024
De ôfrûne moannen binne der alwer in moai prutsje boeken útjûn. Us leden sette wy dan graach noch even yn it sintsje!
Piter Boersma – It libben fan Fimme Lap (Hispel)
Sjoerd Bottema – De sjongende ridder (Afûk)
Gjalt de Groot – Dy ferrekte Grousters (Louise)
Lubbert-Jan de Vries – Liet fan mysels / Walt Whitman (Hispel)
Jan Hendrik Woudstra – Levensadem (dichtbondel yn it Frysk en Nederlânsk) (De Pinne)
Rispinge – in listje foar Sinteklaas!!!
Wa’t noch net al boeken kocht hat yn ‘e Boekewike, hat wat mist… 🙂 Mar, fansels is Sinteklaas – en wa dêr net oan docht, Kryst – altyd in goed momint om wat moaie boeken te keapjen en kado te dwaan! Us leden hawwe de ôfrûne moannen wer bot har bêst dien op moaie útjeften, dus hjir even in listje foar yn ‘e skoech!
Pier Boorsma – De manigeyske twaspjalt (gedichten) (Hispel)
Paul van Dijk – Omke Ûle sjocht stjerren (Afûk)
Elske Kampen – Net fiksearre hûs (gedichten) (Afûk)
Jochem Myjer – De Goargels en it geheim fan ‘e gletsjer (oerset troch Martsje de Jong, Bornmeer)
Carsten René Nielsen – Ienenfjirtich dingen (oerset troch Geart Tigchelaar, Hispel)
George Orwell – Bistespul (oerset troch Ammerins Moss-de Boer, Regaad)
George Orwell – 1984 (oerset troch Ammerins Moss-de Boer, Regaad)
Sipke de Schiffart – Salang as it libben duorret (ferhalen) (Hispel)
Hilda Talsma – De Onniefariant (Elikser)
It Ritme fan RIXT (gedichten) (Louise)
Simmer-rispinge!
It is alwer té lang lyn dat wy in oersjoch jûn hawwe fan it wurk dat ús leden de ôfrûne tiid útbrocht hawwe… En no it simmerse waar de kommende wiken benammen geskikt is om mei in moai boek of in dichtbondel ûnder in tekkentsje op ‘e bank, is it tiid om ús skriuwers wer even yn it sin te bringen!
Wês wiis mei nuvere houtsjes – Meindert Bylsma
Yn dit boek bondelt Meindert Bylsma aparte ferhalen mei nuveraardige útkomsten. Hy neamt se kremearkes, kre(kt)mearkes. Dêrmei eigenet er him ta wat mearkes eigen is: frijheid. Gjin gemier mei wat wier is en net wier, gjin gemiter mei wat kin en wat net kin. Alles kin en alles is wier, oeral en altyd. In koartswilige bondel mei orizjinele fynsten en ynfalshoeken! Utjûn troch Elikser, en ek te krijen fia de websjop fan de Afûk.
te pearde – te peerde – Eeltsje Hettinga
Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga krige yn 2021 de Gysbert Japicxpriis takend foar syn wurk as Dichter fan Fryslân (2017-2019). De provinsje Fryslân stelde de laureaat yn de gelegenheid om in seleksje út eigen wurk meitsje te litten. Skriuwster Elske Schotanus stalde de twatalige blomlêzing Te pearde–Te peerde gear, soarge foar de oersettingen en skreau der in ynliedend essay by. Utjûn troch De Ryp/De Moanne en ek te krijen by de Afûk.
Grien Ljocht – Bennie Huisman
Nije novelle, dy’t in ferfolch is op Sanfirdo út 2019. De haadpersoan, Liuwe, krijt in nije kâns. Grypt er dy kâns? En hoe giet it mei de oare personaazjes út it boek? Yn ‘e winkel is it boek (noch) net te krijen, mar wa’t nijsgjirrich is, kin seker kontakt opnimme fia syn reachside: https://www.benniehuisman.nl/
Ien tel de ierde stil – Arjan Hut
As in knipperjende tried rint de tiid troch Ien tel de ierde stil. Der is in winsk om de tiid te manipulearjen. “Wie it mar wer as froeger,” bromt in man op it terras. Op de Feanhoop rint in klok fiif minuten foar, krekt genôch foar in suver einleaze kuiertocht nei de dunen. In hovenier rint troch de dreamen fan in doarp. Yn ferkiezingstiid litte we de ierde los. Noch in heale minút om wat te sizzen oer in nije oarloch. Mar stoppet de tiid dan echt? Ek de tiid sels docht raar. Alde simmers wurde yn mânske skuorren bewarre. Nachts skynt de sinne en liket op in bijekoer. Yn it poldertsjuster lekt de Molkwei oer de terpen. Utjûn troch de Afûk.
Wurd för wurd för wurd – Joël Hut
Form en taal spylje yn dizze bundel in grutte rol. Se binne stjoerend för de poëzy fan Joël Hut. Wy de bundel iepenslacht, sal miskien even mei de egen knipperje, want wat deryn te lêzen falt is steld yn Súdwesthoeks Frys yn ‘e eigen spelling fan ‘e auteur. Wat dêrnei opfalt binne de minimalistise form, de bondige ferwurding en de autobiografise ynhâld fan ‘e gedichten. Hut syn poëzy is intym en brekbar, mar troch syn oanpak wurde dêrbij swirte en sentimentaliteit op oustân holden.
Utjûn troch Hispel en te krijen by de Afûk.
Hege loften – Catharina Lautenbach
It is noch even wachtsjen op dizze ferhalebondel, mar set it yn it bûsboekje! Op 18 augustus komt Hege Loften út, in bondel mei ôfwikseljend tragikomyske, realistyske of surrealistyske ferhalen. De beskreaune wrâld is betroud en eigen, mar de haadpersoanen bedarje yn ûnbekend gebiet. Oertsjûgingen ferlieze har macht, hâldfêst falt fuort en in nije werklikheid wurdt ûntdutsen. Lykas yn har debút Fûgels yn ús skriuwt Catharina Lautenbach ferhalen mei faasje, gefoel en ûnderkuolle humor. Utjûn by Bornmeer.
Fuortsjefinne – André Looijenga
Fuortsjefinne: fragminten is in samling fan 44 út de gedichten skreaun yn de jierren 2013 oant en mei 2020. In part hjirfan hat earder publisearre west yn it Frysk literêr tydskrift Ensafh of op de webside fan it Frysk Dichterskollektyf Rixt.
Utjûn troch Hispel en te krijen by de Afûk.
Kwek kwek minemyn. Bisteferskes – Hindrik van der Meer
Wa ken se net: Bijke, Kees Kikkert, Flip flap flinterke… en al dy oare ûnferjitlike berneferskes dy’t Hindrik van der Meer yn ‘e rin fan de jierren makke foar de Fryske skoalradio. Yn dit boek is in samling fan de bekendste bisteferskes byelkoar brocht mei de noaten en akkoarden derby. Sjonge en spylje mar! Utjûn en te krijen by de Afûk.
Salang as it libben duorret – Sipke de Schiffart
Sipke de Schiffart sjokkearret en beskriuwt mei humor it minskelibben mei al syn brike en mâle kanten. De Schiffart is in skriuwer dy’t wat oandoart en is in ferteller pur sang mei in soepele styl.
Utjûn troch Hispel en te keap by de Afûk.
Covidwiksel – Sietse de Vries
In al wat âldere útjefte dy’t by de Rispinge trochsketten wie, mar seker de muoite wurdich!
Covid kin in oar minske fan ien meitsje. It oerkomt Jan de Vries (06-06-1952, Dinnestrjitte 53b, Ljouwert) as er op deselde dei yn Medysk Sintrum Ljouwert opnommen wurdt as Jan de Vries (06-06-1952, Ingelskestrjitte 28, Ljouwert). Fiif wike letter, as de dokters him better ferklearje en mei in taksy nei hûs stjoere, stapt er in oar libben yn. Men hearde wolris oer lytse poppen dy’t op de kreamôfdieling fan in sikehûs ferwiksele waarden en mei de ferkearde heit en mem nei hûs stjoerd waarden. Dat der soms ek âlde mantsjes – ûnder dy kategory foel er sa njonkelytsen – ferwiksele en nei in ferkeard hûs stjoerd waarden, wie nij foar him. Utjûn troch Bornmeer.
Verwoord in gedichten – Jan H. Woudstra
Jan Hendrik stiet mei ien skonk yn ‘e Biltske klaai en mei de oare yn ‘e Fryske Wâlden. Yn syn gedichten giet er op siik nei syn roots en syket er nei balâns. Syn gedichten ûntsteane út syn skerpsinnige opmerksumens fan deistige saken, mei ûnderwerpen as hope, ûnwennigens en ferwachting, en ek mimeringen oer it leauwe en de natuer. De Fryske gedichten jouwe it totale palet in ekstra diminsje. De bondels binne te krijen yn de bettere boekwinkel mar ek by Jan Hendrik sels te bestellen fia: inGedichten7@gmail.com
Naargelang het Noorden
Dizze brosjuere is makke op fersyk fan It Skriuwerbûn. In kommisje fan leden socht tsien Fryske dichters út dy ’t tastimming joegen foar de publikaasje fan twa fan harren gedichten yn it Frysk en yn it Nederlânsk. De titel is in Nederlânske oersetting fan de titel fan it gedicht Neiret it noarden fan Eppie Dam út 2004. Njonken Dam steane de folgjende dichters yn dizze blomlêzing: Tsead Bruinja, Nyk de Vries, Elmar Kuiper, Abe de Vries, Elske Kampen, Cornelis van der Wal, Jacobus Q. Smink, Piter Boersma, Aggie van der Meer. Fan elke dichter is ynformaasje opnommen oer libben en wurk.
Utjûn troch de Ryp en te krijen fia de Afûk.
Nije rispinge fan 2023
It is al hast wer april, en yn de earste pear moannen fan dit jier binne wer in pear moaie boeken fan leden útkaam. Wa’t yn ‘e boekewike net nei de winkel west hat om in boek en it gratis (Frysktalige) boekewikegeskink hat fansels at mist, mar boeken rinne net fuort, dus net stinne, mar hinne!
De wûndere leafde fan Emine en Einte – Willem Verf
Wa’t witte wol hoe it ôfrint mei de haadrolspilers fan Bûtenman & Bûtenfrou kin no fierder lêze yn it ferfolch: De wûndere leafde fan Emine en Einte.
Emine wit dat hy like fereale is op har as sy op him. Wêrom besiket er har dochs te ûntrinnen? Einte wrakselt mei de fraach: kin dat, mei dat, hat ien dy’t in moard ferswijt it rjocht om echt fan in oar minske te hâlden? Undertusken bringe hja bern grut, meitsje se suksesfol muzyk en wurde se meinommen troch de aktualiteit en de famyljeskiednis.
Te bestellen by de Afûk.
List, lust, leafde – Sjieuwe Borger
Reinou en Douwe ferhúzje nei it doarp. Reinou moat slim wenne. Sy fynt harsels werom yn lange kuiers mei har hûntsje, yn in leech lânskip en beseft dat sy persoanlik tekoart komt. Douwe giet op yn de doarpsmienskip en komt by syn âlde leafde, de muzyk, syn nije leafde tsjin. As Reinou de man fan har dreamen treft, winsk en fertriet fan Douwe wûnderlik gearfalle, is der gjin wei mear werom. Of dochs wol?
De titel fan de nijste roman fan Sjieuwe Borger seit himsels. Yn it libben giet it om langst en ferfolling fan langst, op hokker wize dan ek. Mar bliken docht dat tafal him net stjoere lit en de leafde by einsluten wint.
Te bestellen by Utjouwer Elikser.
Oerset – Hans van der Heijde en Fedde Douwes Dijkstra
44 gedichten fan 34 dichters, út it Frânsk, Dútsk of Ingelsk nei it Nederlânsk en it Frysk oerset: in mânske bondel fan min ofte mear eksperimintele poëzy. Poëzy en poëzyoersettings dy’t de lêzer ek útnûgje om har sels ris oan sokke oersetterij te weagjen. Mei’t alle gedichten likegoed yn har oarspronklike foarm as yn Hollânske en Fryske oersetting opnommen binne, is OERSET in fiiftalige bondel. Kom dêr mar ris om!
Utjûn troch Utjouwerij Perio, en te bestellen by Afûk.
Sipke komt op stoom (twatalich) – Lida Dijkstra
Der is wurk oan de winkel foar it mûske Sipke en syn pake: it is heechwetter yn Fryslân, dus it Woudagemaal moat oanset wurde om it wetter fuort te pompen. Pake wit gelokkich presys hoe ’t it stoomgemaal wurket. Mar… it pompen komt mar net op gong! Wêr kin dat no oan lizze? Sipke giet op ûndersyk út. Dit is alwer it sechsde Gouden Boekje oer mûske Sipke, skreaun yn it Frysk en Nederlânsk.
Te keap by Afûk.
Rispinge!
De Letterfretter – Lida Dykstra
Lida Dykstra kaam yn jannewaris mei in prachtich skreaun en troch Berber van den Brink moai foarmjûn berneboek, De Letterfretter. Yn it boek wurde alle lûden dy’t yn it Frysk foarkomme systematysk behannele yn 47 gedichten fol taalrykdom, mar ek mei humor, dat is Lida Dykstra wol tabetroud. Folgje de letterfretter op syn reis en lear boartsjendewei alle Fryske lûden en de aldermoaiste Fryske wurden. Dit boek mei yn gjin inkelde boekekast ûntbrekke!
It boek is te krijen fia de webshop fan de Afûk.
***
Oer de streek – Geart Tigchelaar
De ôfrûne twa jier wie Geart Tigchelaar Streekdichter fan Noard-East Fryslân. Wa hat him net sjoen op de merk mei syn gedichteboerd, op de fyts by de doarpen del en mei de tegelpoëzij? Alles wat er as Streekdichter dien at, is sammele yn in de bondel Oer de streek.
De bondel is útjûn by Hispel en ek hjir te finen.
***
De eerste bloemlezen van de Nederlandse poëzie – Tsead Bruinja
As ôfsluting fan de Poëzijwike presintearre Tsead Bruinja snein 29 jannewaris syn blomlêzing De eerste bloemlezing van de Nederlandse poëzie. Tsead fertelde dêrby oer de kar fan syn gedichten, mei ek Fryske ynbring. As “Dichter des Vaderlands” (2019-2020) besleat Tsead Bruinja in ynklusive blomlêzing gear te stallen, mei romte foar sa folle mooglik talen, streektalen en dialekten. Yn de bondel steane gedichten fan 1945 oant no, út it hiele Keninkryk, fan Fryslân oant Yndonesië, Suriname en de Antillen, mar ek fan nije Nederlanners, út bygelyks it Midden-Easten en Sûd-Amearika.
De bondel is útjûn troch Querido en ek hjir te finen.
***
Zonder geheugen is het niets gedaan (Sûnder ûnthâld wurdt it neat) – Albert Schaafsma
Albert Schaafsma wurket as copywriter, en wie al in skoftsje foar de aardichheid dwaande mei it skriuwen fan gedichten. Lyk as by copywriting jilde by it dichtsjen eigen regels en wetten. Genôch om yvich en altyd te twiveljen oan wat der op papier stiet. Hy skreaun de gedichten earst hielendal fan himsels en foar myn bern en neiste famylje. Mar in stikmannich minsken joech oan dat hy syn wurk ek diele moast mei de wrâld. De measte gedichten binne Nederlânsk, mei in soarte fan oergongsgedicht, nei trije folslein Fryske gedichten. In folgjende bundel moat al hielendal yn it Frysk ferskine.
Yn eigen behear útjûn (De Doolende Dirigent), te krijgen by Albert sels.
Boekewikeboeken!
De Fryske Boekewike is fansels in prachtich momint om ris om te strunen yn ‘e boekhannel, want je krije der gewoan gratis en foar neat noch in prachtich boek by dizze wike: De oarloch fan Jan Snip troch Ferdinand de Jong!
Oktober wie in drokke moanne, mei prachtich nei, bewurke en oerset wurk fan leden. Te begjinnen mei Utsicht, in gedichte- en ferhalebondel fan Aggie van der Meer, ynklusyf CD en foto’s. In bondel yn wurd, muzyk en byld, oer it Fryske lân, de minsken, de taal en kultuer, oer alledeiske en net-alledeiske saken. In soad fan dizze teksten, lykas ‘Wachtsje’, ‘It lân fan no’ en ‘Ôfskie’ binne troch Hoite Pruiksma ta komposysje makke, yn ferskillende muzikale settings, en
op CD set. Taheakke binne foto’s fan Foppe Schut; bylden fan wiidsheid en romte fan it Fryske lân. Utjûn troch Noordboek.
It 25e boek fan Durk van der Ploeg is In fauna fan ingels. De haadpersoan yn dizze jubileum-roman fan Durk van der Ploeg, syn fiifentweintichste, is in kroanysk psychiatrysk pasjint dy’t yn ’e rin fan syn libben ferskillende kearen yn kliniken en ggz-ynstellings opnommen wurde moast.
Sânenfjirtich jier nei de earste opname wennet er allinne yn it hûs fan syn âldelju. Omdat er oars net ien hat om mei te praten en om te witten wa’t er is fertelt er himsels syn libbensferhaal dat giet oer syn ferbliuw yn ferskillende ynrjochtings, oer syn psychoazen, eangsten, efterfolgingswaan en de labels dy’t him yn ’e rin fan ’e jierren opplakt binne. Utjûn troch Het Nieuwe Kanaal.
Yn Pionier foar it Frysk beskriuwt Liuwe H. Westra har libben yn de mienskip fan famylje, skoalle en universiteit, fan frisistyk en Fryske beweging. Hy besiket in antwurd te jaan op de fraach hoe’t Tony Feitsma sa’n fûleindich strider foar it Frysk wurde koe. Mar ek: wêrom wie se altiten sa ferskriklike kritysk? Wêrom koene jo it fuort net goed genôch dwaan yn har eagen? Liuwe Westra hat hast tûzen doazen persoanlik argyf trochsneupt en hy hat praten mei in mannichte minsken dy’t Tony Feitsma goed kend hawwe. It risseltaat is in yngeand byld fan in markante en striidbere frou. Utjûn troch en te keap by de Afûk.
Yn oktober kaam ek de langferwachte omstavering út fan De reade bwarre, fan Trinus Riemersma. De Reade Bwarre is in ferhaal mei mear lagen: in meinimmende roman oer de ‘Modderklauwers’; in histoarysk relaas oer Ferwert yn de tritiger jierren; in egodokumint én in essaybundel mei de skriuwer syn fyzje op godstsjinst, literatuer, it Fryske plattelân yn de krisis- en oarlochsjierren en it Frysk nasjonalisme. En boppe-al is it in stânbyld foar syn heit, in monumint foar in man dy’t foaral in goede heit wêze woe. De Reade Bwarre wurdt sa stadichoan algemien sjoen as dé moderne klassiker fan de Fryske literatuer. Om it boek beskikber te meitsjen foar in breder publyk is it no troch skriuwster Jetske Bilker omstavere yn Standertfrysk en útjûn as De reade boarre. Mei syn romte foar farianten jout dat noch genôch mooglikheden om rjocht te dwaan oan de rykdom fan Riemersma syn taaleigen. Utjûn troch Wijdemeer.
Twa oersettingen ek dizze moanne. Ien fan in nij boek en ien fan in klassiker: earst De lêste oerstek, fan Brian McGilloway, oersetten troch Ammerins Moss-de Boer. McGilloway is skriuwer fan misdieromans en hat ynternasjonaal al meardere prizen wûn foar syn wurk. Hy wie noch net yn in Nederlânsk oersetten, dus dizze Fryske oersetting is wat dat oanbelanget ek unyk! De trije haadpersoanen, Tony, Hugh en Karen, tochten dat se inoar tritich jier foar it lêst sjoen hienen. In heal libben is foarby gien en oantinkens binne begroeven en fuortstoppe. Mar wannear’t harren frege wurdt dochs wer gear te wurkjen – om geasten te beïerdzjen en de takomst feilich te stellen – hawwe sy allegearre in eigen reden om mei te dwaan. Op de oerstek fan Noard-Ierlân nei Skotlân komt it ferline op in pynlike wize wer boppe – en sommige saken kinne dan net efterlitten wurde. Yn De lêste oerstek binne oantinkens ûnbetrouber, is de wierheid unwis en rûzich, en foarmet it geweld fan de Troubles wer in gefaar foar it hjir en no. Utjûn troch Elikser.
En als lêste, krekt ek ôfrûne wykein presintearre, noch Hear fan ‘e miggen, de oersetting troch Geart Tigchelaar fan de klassiker út 1954 fan William Golding, Lord of The Flies. Oft it boek no in realistysk young adult-boek is of net, it bliuwt hoe dan ek in spannend en nijsgjirrich ferhaal. Op in ûnbewenne eilân yn de Stille Oseaan stoart in fleantúch del. Oars net as in groep skoaljonges oerlibje it. Sûnder folwoeksenen moatte hja it sjen te roaien en it docht dan al gau bliken dat it fernislaachje fan ’e beskaving tin is. Utjûn troch Hispel en te keap fia de Afûk.
Der sitte alwer in pear prachtige boeken oan te kommen, dus kom jou werris hjir del. Mar earst: nei de boekhannel!
Abe en de Aardichman – Tialda Hoogeveen
Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet krûpt er gau ûnder in strúk. Mar al gau fernimt er dat er dêr net allinne is… in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him?
Tialda Hoogeveen waard berne yn Haskerdiken yn in hûs mei in grutte tún, midden tusken de greiden. Se hat har wurk makke fan har leafde foar ferhalen en de natoer. De prachtige illustraasjes binne fan Yke Reeder. Dizze tiidleaze oade oan de fantasy is fan no ôf te krijen fia de Afuk.
Nije boeken – Simmer 2022
Dizze simmer is der wer in prachtige rispinge oan Fryske boeken fan ús leden. Der sit fêst wat tusken om mei te nimmen nei it strân, yn in fleantúch of de trein, of om gewoan thús yn de hingelmatte te lêzen! Foar jong en âld is der wer fan alles te lêzen! Binne wy guon fergetten? Jou it dan oan ús troch!
De heit – Jan Schokker
It sânde boek yn in rige flotte en fermaaklike plysjeromans fan Jan Schokker mei Ale Alema yn de haadrol.
Ald-resjersjeur Ale Alema is twa moanne mei pensjoen en kin mar net wenne oan syn tefolle oan lege tiid. En dan bellet Maart. Beke Maart den Backer is in freondinne fan Ale syn ferstoarne frou Els en in krûdfet fol tsjinstellingen. ‘It Mystearje Maart’ sei syn Els altyd. Fiifentritich jier lyn liet se har man en beide bern samar efter doe’t se nei Austraalje ôfsette.
Wêrom is Maart werom en wat wol se fan Ale? Maart komt mei in roukaart oansetten. De datum stiet al fêst: 16 septimber. It hellet it o sa rêstich libben fan Ale fan de iene op ’e oare dei folslein oer de kop.
Mear ynformaasje: https://www.elikser.nl/de-heit.htm
Sipke op it keatsfjild – Lida Dykstra
It jierlikse famyljekeatsen is yn folle gong. Sipke sjocht fol spanning ta hoe’t it partoer fan pake Pipermûs it opnimt tsjin de iikhoarns. Oant ynienen muoike Aaf it ankel ferkloft, en net fierder spylje kin. Pake ropt Sipke it fjild yn. Mar ús lytse pipermûs hat noch noait keatst! Kin er de wedstriid rêde?
It boekje is in moaie yntroduksje fan it keatsen, en de termen wurde dúdlik útlein.
Wer in moai twatalich Gouden Boekje út de rige oer de mûs Sipke, om foar of tegearre te lêzen, en wer in boppeslach fan Lida Dykstra: https://websjop.afuk.frl/frl/winkel/sipke-op-het-kaatsveld-sipke-op-it-keatsfjild/
In frjemde fûgel – Elmar Kuiper
Elmar Kuiper hat al in grut tal poëzybondels publisearre, seis yn it Frysk en twa yn it Nederlânsk. Mei dizze ferhalebondel manifestearret er him no ek as proazaskriuwer.
De sân manlju yn In frjemde fûgel binne frjemde einen yn it bit. Se libje oan de râne fan de maatskippij en binne gek, maniakaal, obsessyf, ferlegen, monomaan of autistysk. Benammen op it męd fan yntimiteit en relaasjes keallet it swier mei harren. De skriuwer sit de personaazjes ticht op ‘e hűd en lit de lęzer omdoarmje yn harren geast.
Ynformaasje by de útjouwer: https://hispel.nl/elmarkuiperinfrjemdefugel.html
Nei it mystearje – Willem Tjerkstra
Nei it Mystearje is it sânentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint. Mei it Mystearje, dêr is In Fryske Odyssee mei begûn. Nei it Mystearje, dêr einiget de searje mei. Yn dit lêste boek komme de triedden dy’t troch de hiele rige rinne, byinoar.
Mear is hjir te lêzen: https://uitgeverijaspekt.nl/boek/nei-it-mystearje-2/
In running gag om te gûlen – Sipke de Schiffart
Sipke syn earste gedichtebondel wie Oan dy tinke (leafdesgedichten dy’t it bestean wat lichter meitsje). De bondel waard nominearre foar de Piter Jellespriis. Yn dizze twadde spylje leafde en erotyk wer in grutte rol, mar komme ek gâns oare minslike saken oan ‘e oarder, dêr ‘t de dichter sawol mei synisme as kompassy syn ljocht oer skine lit.
De bondel is hjir te bestellen: https://websjop.afuk.frl/frl/winkel/in-running-gag-om-te-gulen/
Koos Tiemersma – De ynfaller
Wy skriuwe 1982, de simmerfakânsje komt yn sicht. Der wurdt fochten om de Falklands, de Kâlde Oarloch berikt in nij djiptepunt en Van Agt besuniget him in slach yn ’e rûnte. Tsjin dat dekôr sleept Marcus Ligthart him as ynfaller fan de iene nei de oare skoalle. Krekt wol er dermei ophâlde of hy kriget in tydlik baantsje op in skoalle yn ’e Wâlden oanbean.
Al gau komt Marcus derachter dat de leaflikens fan it doarp dêr’t er yn telâne komt mar skyn is en dat it skoalteam fan tsjinstellingen oanelkoar hinget. De heechste klasse in in boarne fan ûnrêst, hy wit him amper steande te hâlden. Al is der ien famke dat yndruk op him makket, mear as dat goed foar him is. En wêr is juf Lin presys op út? Dat en mear wurdt dúdlik by it tradisjonele hichtepunt fan it skoaljier: it kampearreiske nei ’t Amelân.
De Ynfaller is it ferslach fan in syktocht troch it labyrint dat it libben útmakket, in boek fol ûngemak, mei in slot dat lang om let de útwei biedt dêr’t Marcus om socht.
Sjoch ek op: https://koostiemersma.nl/
Untdek hjir it lêste boekenijs fan de leden fan it Skriuwersboun. Wolst hjir ek graach dyn boekenijs stean ha? Stjoer dan in mailtsje nei bestjoer@skriuwersboun.nl.
Presintaasje bondel: Verwerkt in Gedichten
Op 21 Maaie kinne jo de gedichten hearre fan Jan H. Woudstra. Hy presintearret dan syn 4de bondel: Verwerkt in Gedichten.
Jo binne wolkom tusken 13:30 / 15:00 oere yn de tsjerke fan Wetsens.
De dichter lêst wat út syn nijste bondel en jo kinne him moetsje en dizze of foarige bondels keapje.
Yn syn gedichten beskriuwt er wat him dwaande hâldt: leauwe, hope en leafde.
In part fan de gedichten gean oer rouferwurking nei de dea fan syn frou Baukje. De dichter skilderet mei syn wurden in moaie sinneûndergong, de gâns kleurichheid yn’e natuer, in ûnderfining yn it taseine lân of in gedachte, in emoasje dysto samar oerfalle kinst.
De bondels binne te ferkrijen yn de boekhandel mar ek by de dichter fia inGedichten7@gmail.com
Hanneke de Jong – Wat het hele dorp wist
It nijste boek fan Hanneke de Jong is no beskikber fan útjouwer Noordboek.
Yn 2020 wie it 75 jier lyn dat Nederlân befrijd waard. Yn ferbân dêrmei waard Hanneke frege in Frysk berneboek te skriuwen oer de jeugd fan Louis Godschalk, dy’t yn 1942 yn Amsterdam berne is en as pjut ûnderdûkt yn in doarp by Snits. No wennet er yn Israel. Mei de help fan Louis Godschalk en Koos Boorsma, dy’t in biografy oer him skreaun hat (Wa bin ik?), skreau se in Frysk berneboek foar groepen 7 en 8. Hjir koe se net alles yn sizze dat se te sizzen hie, dat besleat se om it boek op ‘e nij te skriuwen foar âldere jeugd (en folwoeksenen). It is net in boek dat allinnich oer de oarloch giet, mar benammen oer de gefolgen dêrfan foar de neibesteanden en foar harren bern en pake- en beppesizzers.
Lion wennet yn Israel. Foar syn sechstjinde kin er mei mem en pake op fakânsje nei Nederlân. Pake groeide dêr op yn Fryslân. Lion hat syn pake al meardere frege oer syn libben dêr mar dy hat it der leaver net oer. De skiednis fan syn pake hat wat te krijen mei de Twadde Wrâldoarloch. Hy wie doe in pjut, dus wat is der bard?
Faaks is pake wat mear iepen oer syn jeugd wannear’t er wer ris yn syn âlde doarp sjocht. Mar as Lion sjocht hoe dreech pake it hat mei dat ferline, freget er him ôf oft dizze reis wol sa’n goed idee wie.
Boekpresintaasje Oekraynsk berneboek ‘Maia en har freonen’
Opbringsten ferkeap Fryske útjefte foar UNICEF-Oekraïne
Op tongersdei 21 april fynt de presintaasje plak fan Maia en har freonen, in berneboek út Oekraïne, oersetten fia it Ingelsk nei it Frysk troch Tialda Hoogeveen.
De tastânkomming fan it boek is in unikum: alve Fryske útjouwers hawwe harren mei-inoar ynsetten foar dizze útjefte, ûnder de flagge fan Boeken fan Fryslân en nimme ek de ferkeap fan it boek mei-inoar op harren. De folsleine opbrinst fan de ferkeap fan it boek giet nei UNICEF-Oekraïne, dy’t har ynset foar bern dy’t yn Oekraïne achterbleaun binne.
It boek fynt net allinne syn wei nei de Fryske lêzers, mar is ek oersetten yn in soad oare talen, sadat it no te lêzen is yn Sweden, Letlân, Dútslân, it Feriene Keninkryk, Poalen, Estlân en Yslân. Yn Fryslân is it ynisjatyf rom sponsore troch: de Provinsje Fryslân, Stichting FLMD, Douwe Kalma Stifting, Ried fan de Fryske Beweging, Tony Feitsma Fûns, Arjen Witteveen Fûns en Drukkerij Van der Eems.
Krimoarloch
De skriuwster fan it Oekraynske boek Larysa Denysenko, sy ferbliuwt op it stuit noch yn Oekraïne, hat it boek yn ‘e tiid fan de anneksaasje fan de Krim skreaun. It boek is yn Oekraïne net mear te krijen, mar stiet troch de Europeeske útjouwers wer rûnom yn de belangstelling.
De presintaasje fan it boek sil plakfine yn de bibleteek fan Snits, op tongersdei 21 april 2022. Adres: Wijde Noorderhorne 1.
Oanfang: 16.30 oere.
Minsken dy’t belangstelling hawwe foar it bywenjen fan de presintaasje, kinne harren opjaan by de bibleteek fan Snits fia: sneek@BMF.nl.
Fryske Graphic Novel “Kyra” fan Elske Schotanus
Sneon 9 april – by de start fan de nasjonale Boekewike – presintearret skriuwster Elske Schotanus har nijste boek, de Graphic Novel Kyra, by de Afûk yn Ljouwert. Sawol de tekst as de yllustraasjes binne fan har hân. Nei har Facebook-roman De Raven (2020) ferrast Schotanus mei Kyra it publyk op ’e nij mei orizjineel, fernijend wurk.
De Graphic Novel Kyra spilet yn it jier fan de Rôt, it jier dat covid-19 elk syn libben behearsket. Foarseinen astrologen in jier skaaimerke troch lef en fertrouwen, it boadskip fan firologen soe ynearsten ienigens en letter ôfstân bringe. Kyra is de skiednis fan it ferlies fan in leafde tsjin in kleurrike achtergrûn fan sawol ienriedigens en ferbûnwêzen as eangst en skeel.
Nije bondel Tsead Bruinja ‘Ynbêde / Ingebed’
De ein fan in moai houlik, it begjin fan in nije leafde en tagelyk as Dichter des Vaderlands by fersoargingshuzen del om mei âlderen te praten oer harren bernetiid, wurk en relaasjes, wylst in goeie freon stoar en in bêste freondin slim siik waard, sa seagen Tsead syn ôfrûne jierren derút.
De bondel fertelt persoanlike ferhalen oer leafde, mar docht ek ferslach fan de skiednissen fan pasifist Willy Geijlvoet (1936-2020) dy’t yn 1944 mei syn âlders rinnende it platbombardearre Arnhem ûntflechtsje moast, fan âld-timmerman Auke Groenhof (1929-2020) waans heit yn dyselde oarloch geskutskoepels bouwe moast yn Frankryk en ûnder de flieën wer thúskaam en fan Helen Bergen (Willemstad, 1939) fan wa’t de libbensreis begûn op Kurasao dy’t fia Suriname nei Nederlân late dêr’t se leaver de stoptrein pakte as de intercity omdat se dan alle doarpen en stedsjes dy’t se op skoalle leare moatten hie no ris rêstich yn it echt sjen soe.
De bondel wurdt útjûn troch de Afûk.
Stabij
Tjibbe Hooghiemstra (byldzjend keunstner) en Douwe Kootstra (skriuwer en ferteller) ha in soad niget oan stabijen. Tjibbe hat al jierren sokke hûnen. Dy ynspirearren him ta in grutte seary tekeningen.
Los fan Tjibbe syn ferbyldingen skreau Douwe ferhalen dy’t ien oerienkomst ha: in stabij spilet de haadrol. De miks fan byld en tekst makket Stabij ta in bysûnder boek. Gjin hûneboek yn de klassike sin mar in oade oan de minske yn it bist.
Der is no ek in Nederlânske oersetting beskikber. It Fryske orizjineel is al oan in twadde printinge ta.
Presintaasje bondel In Gedichten Gevangen fan Jan Woudstra
Sneon 26 juny binne gedichten te hearren fan Jan Woudstra syn bondel ‘In Gedichten Gevangen’ yn de tsjerke fan Lichtaard. Fan 10 oere moarns oant fiif oere middeis kinst de dichter dêr treffe, dêr’t er yn de mande mei byldend keunstners Wiep de Wit en Tineke Ploeg in eksposysje holden wurdt.
Yn syn gedichten beskriuwt er wat him dwaande hâldt, leauwe, hope en leafde. In soad fan de gedichten gean oer de rouferwurking nei de dea fan syn frou Baukje.
In nije bondel gedichten, ‘In Gedachten Geweven’, mei deselde tematyk, is koartlyn ferskynt by Theta Boeken. De bondels binne te ferkrijen yn de boekhandel, mar kinst it ek by de dichter sels bestelle fia inGedichten7@gmail.com.
Nije bondel fan Bennie Huisman mei reisferhalen
Al mear as in jier lang krije we it advys sa folle mooglik ‘thús’ te bliuwen. Mar der is oer it tema ‘thús’ mear te sizzen. Meikoarten, snein 27 juni, om 15.00 oere is it sa fier. Yn de tsjerke fan Lions wurde feestlik doopt:
Thús – in reisferhaal: in ‘bûsboekje’ mei ferhalen en fersen
en
Thús: in cd mei 12 lieten út myn ‘keamer’-foarstelling mei deselde namme.
Dy foarstelling – ‘remastered’ – wurdt ek spile.
Wa’t der by wêze wol: hertlik wolkom. De tagong is fergees. Om’t der net mear as 25 minsken yn ‘e tsjerke meie, graach even opjaan (info@benniehuisman.nl of 06-29155260). As der mear belangstelling is, folget de jûns om 19.30 oere noch in foarstelling. Jou by it opjaan dy opsje ev. ek oan.
It ‘bûsboekje’ ferskynt yn 2 ferzys: Frysk en Nederlâns. En is alfêst te bestellen.
It bêste fan Nyk de Vries, humor út de Wâlden
Lêsten ferskynde by útjouwerij Afûk de nije, komise bondel mei ultrakoarte ferhalen fan Nyk de Vries (Noardburgum, 1971): It bêste fan Nyk de Vries, humor út de Wâlden. Nyk de Vries is skriuwer, dichter, muzikant én Dichter fan Fryslân. Yn dizze bondel mei syn bêste ferhalen, foarmje de yllustraasjes fan Willie Darktrousers, yllustrator, trûbadoer, producer en op syn eigen artistike wize filosoof, in prachtige oanfolling.
Mei syn proazagedichten, ultrakoarte absurde ferhalen, treedt De Vries regelmjittich op. By syn performances brûkt hy gauris muzyk en byld. Fan Renger (in filmyske roadnovel, dy’t yn it Nederlânsk en Frysk ferskynd is) en syn proazagedichten makke er in harkspulbewurking foar de VPRO-radio. Foar Omrop Fryslân makke er de radiorubryk ‘De Minút fan Nyk’ dat nominearre waard foar de NL-Awards.
Mear oer Nyk de Vries: www.dichterfanfryslan.nl en www.nykdev.nl.
Fryske en Deenske dichters presintearje blomlêzing op LiteratureXchange yn Aarhus
De Fryske dichters Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar presintearje yn ’e mande mei de Deenske dichters Peter Laugesen, Carsten René Nielsen, Annemette Kure Andersen, Thomas Dalgaard en Mads Mygind op it ynternasjonale literatuerfestival LiteratureXchange yn Aarhus de twatalige blomlêzing Oar hûs / Et andet hus, útjûn troch Hispel.
Yn 2019 hawwe de fjouwer Fryske dichters in wike yn Aarhus west om kollega-dichters te treffen en om op te treden. Dêr is in gearwurking mei de fiif Deenske dichters út fuortkommen. Sa hawwe hja dwaande west om inoar har wurk oer te setten, fjouwer fan elke dichter. Geart Tigchelaar hat de bondel fan foto’s foarsjoen.
‘In oar hûs kin fiele as thúskommen op in oar plak,’ sa stiet yn it foaropwurd fan ’e bondel. En dat is krekt hoe’t de Fryske dichters harren fielden yn de twadde grutste stêd fan Denemarken. En fan dat oare hûs jouwe hja poëtysk blyk yn de twatalige bondel.
Yn juny wurdt de tredde edysje fan it Aarhusiaanske literatuerfestival LiteratureXchange holden. It festival duorret alve dagen lang mei in soad ynternasjonale skriuwers dy’t mei-inoar mear as 180 optredens, masterclasses, lêzings, ensafuorthinne jouwe. De presintaasje fan ’e bondel Oar hûs / Et andet hus is op 16 juny.
Lockdownleafde fan Hilda Talsma is Kadoboek ’21
Fergees by oankeap fan in boek yn de Fryske Boekewike fan 6 oant en mei 14 maart
Ta gelegenheid fan de Fryske Boekewike hat skriuwster Hilda Talsma it prachtige en aktuele Lockdownleafde skreaun. Hilda Talsma fiert dit jier har 10-jierrich skriuwersjubileum en is frege om it Kadoboek foar de Fryske Boekewike te skriuwen. It Kadoboek wurdt yn de perioade fan 6 oant en mei 14 maart fergees oanbean by de oankeap fan in boek.
Panhuys is de populêrste klup fan Ljouwert. Dat komt foaral troch eigener en DJ Ewald, dy’t de sfear ta grutte hichten wit te bringen. Mar dan komt koroana. It lân leit plat, de klup moat slute en Ewald is syn hâldfêst kwyt. As er syn suster helpt mei de húshâlding, docht bliken dat er dêr tige slach fan hat en al gau bedarret er ek op oare plakken. Wylst er sa goed mooglik syn bêst docht, komt er troch ferskate froulju yn yngewikkelde situaasjes telâne.
Hilda Talsma (1971) is in skriuwster mei in flotte pinne, dy’t har spoaren al mear as fertsjinne hat yn de Fryske literatuer. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum. Dêrnei skreau se it boek Brekber, oer it bysûndere hynstefamke Sinne. In pear jier letter ferskynden de skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid & Wyn fan de winners. Yn De Onnie’s en it hynstebal komme personaazjes út al dy romans wer werom. Tuskentroch skreau se de jeugdroman Slangen ûnder it bêd.
Simen de Jong – Lentes Liefdesvrucht
It nijste boek fan Simen de Jong, ek wol bekend as Simen Oetie, is no útjûn by de Gooibergpers. Yn Lentes Liefdesvrucht, in lang gedicht yn proaza, skriuwt er oer it langjen nei in leafde.
“Mei Lentes Liefdesvrucht” sa fertelt Simen, “ha ik in ‘Litany fan langjen’ skreaun. De tekst komt út eardere skriuwsels fan wol 63000 wurden op sa’n 300 ansichtkaarten, stjoerd nei in as wier betochte mar ûnberikbere leafde. It wurk wurdt as poëtysk proaza lêzen.
“De tekst is in aparte ‘niche’ yn skriuwerslân. De reaksjes fan de lêzers binne tige ferskillend, de ien goait de bondel mei walging nei in pear siden lêzen yn ‘e fierste hoeke, in oar lêst it yn ien hoart út en begjint wer op ‘e nij…
“De dûmny, hjir deunby, lêst eltse jûn de frou in side foar as it notiidse Heechliet, faaks wol hja dan noch mear foarlêzen hawwe, mar sy binne fan utens. De Friezen fine it tefolle ‘oer de top’, dy lykje te nochteren. Sa fûn Annet Huisman fan de Fryske Omrop it net ‘har ding’ en woe útjouwer De Hispel gjin Fryske útjefte. Mar no dus wol in Ingelske oersetting mei it foardiel dat it boek al yn Australië, Frankryk, Ierlân, de Feriene Steaten en Dútslân lêzen wurdt.
“Lykwols is it boek net samar te krijen, de winkels binne ommers sluten. It boek fynt syn wei fan de skriuwer en útjouwer fia fia… en is al oan de tredde printing ta. Dit komt ek troch dat de ynkomsten nei in ‘goed doel’ geane: de PEN-club, har Emergency Fonds dat opkomt foar de skriuwers dy’t ferfolge wurde of yn finzenissen opsluten, jo stypje mei de keap fan it boek dus ek it frije wurd wrâldfier.
“It boek is in kearboek wurden, mei de Ingelske oersetting fan Trevor Scarse: Spring’s Fruits of Love. It wurdt no as in geskikt kado foar Valentijnsdei sjoen...”
Stipe oan de PEN
Mei dit boek kinne jo ek de PEN-club, Poets Essayists Novelists Club, stypje, spesifyk it PEF, it PEN Emergency Fund, festige yn Nederlân. Dit fûns ûndersteunt skriuwers, sjoernalisten en útjouwers dy’t yn gefaarlike sitewaasjes en lannen opereare. Sjoch foar mear ynformaasje: www.penemergencyfund.com.
Minsken dy’t it boek keapje wolle meie sels de priis bepale, it bedrach boppe de kostpriis fan 14 euro wurdt donearre oan it PEN Emergency Fund.
Kinst it boek bestelle by de Gooibergpers yn Bussum of by Simen de Jong: simendejong@gmail.com.
Frysk debút Tialda Hoogeveen foar LêsNo
Dizze moanne giet de sânde edysje fan Lês no fan start. Tialda Hoogeveen hat dizze kear it boek skreaun dat brûkt wurdt foar dit lêsbefoarderingsprojekt foar de middelbere skoallen.
Wurden fan Timo
Wurden fan Timo is it Fryske debút fan Tialda Hoogeveen dy’t earder Nederlânske boeken as De geur van hooi en Oerstoer skreau. It boek is it yntinse ferhaal fan Nanne, in gewoane tiener dy’t yn in ûngewoane situaasje bedarret as har broer stjert troch in ferkearsûngelok. It is krekt yn it jier dat Nanne vmbo-eksamen dwaan moat, in oplieding kieze moat, wylst se gjin idee hat wat se wurde wol of wurde kin en ek nochris foar it earst fan har libben fereale is, fansels op in ûnberikbere jonge. In boek oer rou, freonskip en ferbining troch muzyk. Omdat muzyk sa’n belangryk ûnderdiel is yn it ferhaal, is der soundtrack makke by it boek. It liet ‘In your light’ fan Jon Allen, is troch Jelle Bangma oerset nei ‘Yn dyn ljocht’ en ynsongen troch Lotte Broersma dy’t troch har heit Sytse Broersma begelaat wurdt op gitaar.
LêsNo
LêsNo is in lêsbefoarderingsprojekt foar jongerein yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. It projekt is op inisjatyf fan it Platfoarm Lêsbefoardering Frysk ta stân kaam yn 2015. Afûk, Cedin, Fers en Stichting Lezen wurkje mei LêsNo gear mei as doel om de lêswille by de jonge doelgroep te fergrutsjen. Om dat doel te berikken wurdt socht nei in oansprekkend boek yn kombinaasje mei oare media, sa as in dramasearje, in vlog of in game. It tal dielnimmers oan LêsNo is groeid fan 1.896 learlingen en 13 skoallen yn 2015 oant 3200 learlingen en 29 skoallen yn 2020. Wurden fan Timo is yn in rekordoantal oanfrege troch de skoallen, sa’n 4000 learlingen sille it boek lêze.
Mear witte
Mear ynfo en de opsje om it earste haadstik te lêzen fynst hjir: lesno.nl/wurden-fan-timo-2021. It boek is te keap yn de losse ferkeap fia de Afûk.
Hein Jaap Hilarides – Beppe Xenia
Op 14 jannewaris ferskynt by útjouwerij Bornmeer Beppe Xenia, de nijste roman fan Hein Jaap Hilarides.
Xenia is grutbrocht yn de Drava-delte fan Slovenië. Dêr treft se Freek Wassenaar, in boeresoan út It Bilt. Freek en Xenia wurde fereale en sette har nei wenjen yn Fryslân.
Se trouwe yn 1933, it jier dat Hitler oan de macht komt yn Dútslân. Yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch rint Xenia in âlde leafde tsjin it liif. Dietrich Kleeblatt wurket yn Nederlân foar de SD. De moeting mei Dietrich sil it libben fan Xenia en Freek bot yn ûnstjoer bringe.
Hein Jaap Hilarides publisearre earder De trekker fan Troje, diel 3 fan in romansyklus oer de Biltske Wassenaars. Dit boek, Beppe Xenia, is diel 2 fan dy syklus. Diel 1 sil noch skreaun wurde.
Hein Jaap Hilarides (1969) is skriuwer en muzikant.
Utjouwerij: Bornmeer.
Hanneke de Jong – It ferbeane boek
Fedde sit yn groep fiif. Hy hat it dêr wol nei ’t sin, op ien ding nei: hy kin noch net lêze. Kín er it net of wól er it net? Fedde fynt lêzen stom, en boeken hielendal!
Op in dei sjocht er by syn nuvere buorman Jan in hiel âld boek lizzen. In boek mei inslot derop. As Fedde it besjen sil, komt buorman krekt yn ’e keamer en ropt dat er noait wer oan dat boek komme mei. Dat boek is ferbean! En krekt dát boek wol Fedde lêze. Mar wêr soe it kaike wêze?
Op itselde momint slacht de doar ticht en heart er Feyza roppen. ‘Fedde! Doe die deur open!’ Se bûnzet op ’e doar.Fedde hat allinnich each foar it boek dat út himsels iepenfalt. It boek begjint o sa te skodzjen en te triljen. Hy moat it mei beide hannen beethâlde om it net glippe te litten. ‘Fedde, zeg wat! Wat gebeurt daar allemaal?’Mar Fedde kin gjin antwurd jaan. It is as sûcht it boek him op, as in ûnbidich grutte stofsûger. Hy wurdt der bang fan en pipet: ‘Help, Feyza, help!’
Utjouwerij: Bornmeer
Bertus Mulder – Fersen foar Fokje: Syklus fan Piter Jelles Troelstra
Yn de simmer fan 1881 krige de jonge Piter Jelles Troelstra ferkearing mei de boeredochter Fokje Frânses Pasma fan Westermar. Doe’t er studint waard yn Grins, moast dat oer wêze neffens de famylje Troelstra.
Yn njoggentjin fersen fan Piter Jelles fynt men dêrfan de delslach. De fersen foar Fokje beskriuwe syn jongfeinte lok en lijen. ‘De leafde foel as simmerrein m’yn ’t hert,’ skriuwt er. De opgong, de twifel, de hope op better as de ferkearing in jier tusken heakjes set wurdt, de ferstille wanhoop en mankelikens komme allegear werom yn dizze syklus.
Bertus Mulder (It Hearrenfean, 1949) studearre arbeidssosjology, wie dosint sosjale skiednis en promovearre yn 1991 oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy is auteur fan de boeken De jonge Piter Jelles, Jaap Nieuwenhuize ─ Onstuimig en onvervaard en De nazi’s te slim af zijn.
Utjouwerij: Bornmeer
Josse de Haan – Passys
Passys is in boek oer in libben yn leafde en literatuer. In boek dat út syn aard wei ‘autofiksjoneel’ wêze moast. Mar tagelyk hat Josse de Haan dy autobiografyske ynvestearring finaal ûnderút helle, troch in rûts oan perspektiven op dat libben te yntrodusearjen.
Sa ûntstiet yn de roman in rige fan libbens, soms elkoar oerlaapjend, mar altyd optekene fanút in oar momint yn de tiid en fanút ûnderskate personaazjes: Jany – Nannie, Nannes, Nanne, Nanning en Nans.
Om dit literêre spul kompleet te meitsjen, wurdt boppedat yn elk haadstik op dy libbens reflektearre oan de hân fan fragminten út romans fan foaral Frânske skriuwers.
‘Myn libben is literatuer en literatuer is myn libben.’ (Josse de Haan)
Josse de Haan (1941) krige yn 2007 de Gysbert Japicxpriis foar syn wichtige bydrage oan de fernijing fan de Fryske literatuer, benammen as romanskriuwer fan Piksjitten op snyp en de trije dêrop folgjende romans, en foar al syn krewearjen foar de ‘oare literatuer’ as essayist en as útjouwer. Ek syn foarige roman Frou mei mandoline op sofa waard yn 2015 nominearre foar de Gysbert Japicxpriis.
Utjouwerij: Afûk
Elmar Kuiper – Wite Mûle, Swarte Molke
Elmar Kuiper syn poëzy is yn dizze nije bondel kealer, direkter, konfrontearjender as earder. Hy lit him sels mear sjen en it giet dêrby fan notearring sûnder poespas nei meislepende lyryk.
It lânskip, de wrâld dêr’t er yn opgroeid is, is sels ûnderwerp mar tsjinnet foaral ek ta tematyske ferbylding. Yn it gedicht Mem Ganges lit Kuiper dêrneist sjen dat er yndrukken opdien nei in reis nei Yndia, likegoed op ynkringende wize wit te brûken.
Utjouwerij: Hispel
Geart Tigchelaar – Ommers
Yn dizze bondel stean proazagedichten. Prozaysk fan styl mar troch de kompaktens en de byldrike taal foarmje se poëzy. Yn Ommers spylje bonkerakken ksylofoan op ribbekasten, hat God bestjoer oer sânbakken en gûle boeken harren eigen siden wiet.
Geart Tigchelaar (1987) hat foar syn earste bondel Leech hert yn nij jek de D.A. Tammingapriis wûn yn 2017 en de Obe Postmapriis foar syn Bomans’ oersetting Erik of it lyts ynsekteboek yn 2016. Yn 2018 waard syn debútroman Bêste jonge nominearre foar de Rink van der Veldepriis.
Utjouwertij: Hispel
Koos Tiemersma – Quist
In man rint, in lege rolstoel foar him út triuwend, oer plakken as Weidum, Winsum en Baard fan Ljouwert nei Harns, om dêrnei troch te reizgjen nei ien fan ’e eilannen. Dy rolstoel is net fan himsels: hy hat him stellen. Mar is Julius Quist, learaar oan in gymnasium yn de haadstêd, dêrmei in dief? Want achter dy rolstoel sit it ferhaal fan in frou mei wa’t er, steande foar it rút fan syn lokaal, in relaasje-op-ôfstân oangie.
No is er ûnderweis nei har begraffenis. Algau fernimt er dat neat gewoan is op dizze tocht. En dat hat alles te krijen mei syn fûle reaksje op de fraach fan syn rektor oft it net tiid waard om wat betider mei pensjoen te gean: ‘De duvel mei my helje as ik op jo suggestje yngean.’ Nee, dat hie er better net sizze kind…
Quist is in Faustiaanse fertelling dy’t boeit fan begjin oant en mei de ferrassende ûntknoping. In boek om net te missen.
Mei De ljedder makke Koos Tiemersma (Frjentsjer, 1952) in suksesfol debút yn de Fryske literatuer, dat yn 2003 bekroand waard mei de earste Rink van der Veldepriis. Dêrnei folgen mear boeken, lykas De mjitte,Under wetter en Einum, dêr’t er yn 2015 de Gysbert Japicxpriis foar takend krige. Syn wurk falt op troch de orizjinele styl en opset, ferhalen dy’t net sûnder humor ferteld wurde. De roman Quist is syn tsiende boek.
Utjouwerij: Het Nieuwe Kanaal
Hinke Veenstra – Heit en ik
Heit en ik is in unyk boekwurkje: in bondel fersen fan in heit en syn dochter. It binne Sipke Veenstra en Hinke Veenstra.
Sipke waard yn 1924 berne yn Garyp. Yn syn libben spilen klanken, kleuren en wurden in hiele grutte rol. Hy wie muzikus (wurke oan muzykskoalle ‘De Wâldsang’ yn Bûtenpost) en dirigent, keunstskilder en dichter/skriuwer. Fjouwer kear brocht er in bondel út: Hjoed… (1985), Grien Ljocht (1987), Wat ik sizze wol (1991) en Myn taal (1997). Yn syn fersen spylje de leafde foar Fryslân en it Frysk in grutte rol. Mar ek de natuer, de nostalgy en it leauwe binne wichtige eleminten. Yn 20o2 ferstoar Sipke Veenstra.
Dochter Hinke waard yn 1958 yn Garyp berne. Op dit stuit wennet se yn Drachten. It miljeu dêr’t se yn opgroeide hat gâns ynfloed op har hân. Krekt as by har heit waard de memmetaal har hieltiden dierberder. Ek grypt se nei de pinne om no en dan in fers of koart ferhaal te skriuwen. Se skilderet en fotografearret. Yn 2015 debutearre se mei de fersebondel Lang om let.
De titel fan dizze bondel is: Heit en ik. Links stiet in fers fan Sipke en rjochts fan Hinke. Beide beskriuwe hja libbenstema’s út har eigen perspektyf wei.
Utjouwerij: Eigen behear
Simon Oosting – DC … en tichterby / DC … en dichterbij
Dizze tredde bondel fan Simon Oosting is twatalich en hjit DC … en tichterby/DC … en dichterbij. DC is Washington DC dêr’t de dichter in skoft wenne hat; gedichten oer DC steane yn it skift mei de gelikense namme. Der komme mear fiere streken oan bar, mar ek de omkriten fan de Feanhoop yn Fryslân dêr’t de dichter in searje gedichten oer brêgen makke hat. De bondel hat fiif skiften dy’t allegear in motto meikrigen hawwe út de Odyssee.
Utjouwerij: Afûk
Sjoerd Bottema – De grize oer de grouwe: duvelske streken
Goeie ferhalen meie altyd wer op ‘e nij ferteld wurde. Yn dizze bondel jout Sjoerd Bottema syn eigen draai oan bekende en minder bekende folksferhalen. Oer duvels, heksen, spûken en oar rosmos. Oer harren tsjustere praktiken, grouwélich en grousum, mar ek gauris fermaaklik.
Sjoerd Bottema debutearre yn 1995 mei It fertriet fan dokter Kildare. Dêrnei ferskynden ferskillende ferhalebondels en in roman. Yn 2020 waard it ferhaal Total Loss bekroand mei in Rely Jorritsmapriis.
‘In skriuwer fan formaat.’ (Jelle Krol)
‘In fakman.’ (Henk van der Veer)
Utjouwerij: Afûk
Mindert Wijnstra – Jesse
Joshua moat ferhúzje. Hy komt fan Ljouwert en giet mei syn mem by pake wenjen, op de pleats oan ‘e seedyk.
Wêrom moast er sa hals-oer-de-kop ferhúzje en wurdt syn namme ynienen feroare yn Jesse? Joshua/Jesse hat it der dreech mei: de nijsgjirrigens fan de bern op it doarp, syn heit dy’t oppakt is, syn hûn dy’t net meiferhúzje koe en syn mem dy’t sa gau mooglik wer ferhúzje wol… Hoe slacht er him hjir trochhinne en wa kin hy fertrouwe? Lieke miskien? In famke dat ek oan de seedyk wennet. En dêr’t er ferlyfd op wurdt.
Utjouwerij: Afûk
Sipke de Schiffart – Sjappy
Elk minske komt yn syn libben betiid of let it needlot tsjin. De ien kriget in hertoanfal as er yn de sechtich is, in oar kanker as er yn de santich is en wer in oar in harsenblieding as er yn de tachtich is. Jappy Heslinga fan Hitsum moetet it needlot wol o sa betiid: hy kriget te min soerstof by de berte. It gefolch is dat er net meikomme kin op skoalle, dat er net geskikt is foar it arbeidsproses en – it slimste fan alles – dat er net oantreklik is foar jonge froulju. Nettsjinsteande alle swierrichheden besiket er wat fan it libben te meitsjen. En dat slagget him aardich, benammen trochdat der ien ding is dat er wûnderlik genôch hiel goed kin en dat is neitinke. Syn gedachten binne lykwols net altyd like ferheven.
Sipke de Schiffart publisearre earder de suksesfolle ferhalenbondel Wat it is om bang te wêzen en dêrnei de noch suksesfollere dichtbondel Oan dy tinke – leafdesgedichten dy’t it bestean wat lichter meitsje.
Utjouwerij: Hispel
Joseph Conrad – De oerwinning
oersetten troch Geart fan der Mear
De heit fan de Sweed Axel Heyst wie de filosoof fan de doelloasheid fan it libben en fan de bannen dy’t men yn it libben mei oaren oangiet, dy’t de minsk inkeld mar kwetsber meitsje. Syn soan Axel hat genôch fan dy hâlding skipe om derfoar te kiezen om syn libben iensum te libjen, wat er die troch him net as in klûzner werom te lûken, mar troch omswalkjen sûnder rêst en troch sûnder bannen oan te gean op hieltyd wer oare plakken nergens fêst te wenjen. Sadwaande hie er it middel ûntdutsen fan in libben sûnder lijen en suver sûnder ien soarch op de wrâld – ûnkwetsber want ûngrypber. Dat libben spilet him ôf yn de Indonesise arsjipel, ein njoggentjinde iuw. Op in dei lykwols giet er toch in bân mei in oar oan, as er him wat jild lient om syn skulden te beteljen. De dêropfolgjende tankberheid smeit in bân dy’t er eigenlik net wol, mar syn eigen minsklikheid kin dy bân net ôfwize. Axel Heyst, ienkear yn de falle rûn fan it betoanen fan waarme minsklikheid, ûntdekt dat sokke bannen freugde skinke, mar ek slimme gefaren ynhâlde.
Yn ien fan de lêste sinnen fan it boek seit er: ‘Och, Davidson, wee de man waans hart yn syn jeugd net leard hat om te hoopjen, te beminnen – en om syn fertrouwen yn it libben te stellen!’
Dat Joseph Conrad dit boek De oerwinning neamd hat, is wol sjoen de ôfrin o sa wrang, mar ek wol wer tapaslik.
De oerwinning (1915) is wol it bekendste en meast tagonklike boek fan Conrad. Nêst Sulver en minsken, útkommen yn in Fryske oersetting yn 2019, en It geheim fan Lord Jim (2017), beide ek fan Geart fan der Mear, krijt de Fryske lêzer fan hjoed-de-dei tagong ta de trije hichtepunten fan it wurk fan de yn it Ingelsk skriuwende Poal Joseph Conrad (1857-1924).
Utjouwerij: Elikser
Hanneke de Jong – Sis my wa’t ik bin
It is 1956, nei de simmerfakânsje. Loek sit yn de twadde klasse fan de ULO. In nije learaar lêst alle nammen fan de learlingen op, behalve Loek sines. Hy lêst ek in namme op dy’t gjinien wat seit. Mar wa’t dat is, wit er net. De learaar tinkt dat Loek him foar de gek hâldt en sleept him mei nei de direkteur. Dy stjoert Loek nei hûs mei it boadskip dat it tiid wurdt dat syn heit en mem alles fertelle.
Noch hieltyd hat er gjin idee. Syn mem jout him in deiboekje dat se byholden hat. It begjint yn 1944, as it oarloch is. Foar Loek begjint de syktocht nei wa oft hy no eins is.
Troch hiel Europa lizze stroffelstiennen (struikelstenen of, de oarspronklike namme, Stolpersteine). Al dy stiennen meiinoar binne ien grut monumint foar de slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch: de Joaden, Roma en Sinti, homo’s, handikapten en Jehova’s tsjûgen. Dy stiennen lizze foar de huzen fan minsken dy’t yn “e oarloch út harren huzen helle binne, nei kampen brocht en fermoarde. Foar de âlden fan Louis lizze twa stiennen foar it hûs dêr’t se eartiids wennen en dêr’t se weihelle waarden.
Utjouwerij: Bornmeer
Elske Schotanus – De raven – Facebookroman
Hoe’t Elske Schotanus de privacy fan har famyljeleden skeint
Spannende en bytiden hilaryske famyljestoarje oer Elske, har suster en trije bruorren. In raven, in drone en in kapitaal njoggentjinde-iuwsk lânhûs yn ’e bosken fan Gaasterlân spylje in wichtige rol yn it ferhaal dat yn ’e simmer fan 2019 yn ôfleveringen op Facebook skreaun waard.
Lêzersreaksjes:
It earste Fryske feuilleton op Facebook. En watfoar ien! Gjin dei oerslein. Alle dagen hast in knappe cliffhanger. Fermaaklik, mar ek fernimstich binne de stikken dêr’t werklikheid en fiksje inoar yn bespylje. It tal passaazjes dêr’t ik smaaklik by laitsje moast, binne mannichfâld. Der sit wat yn it ferhaal dat driuwt, it makket gong. Fierders is der ôfwikseling by ’t soad, al wie it mar fanwegen de opset en struktuer fan ’e stikken. De ein wie foar my ferrassend.
As ik in pear dagen yn it achter wie, gong ik earst werom nei wêr’t ik bleaun wie.
Ondanks dat ik Facebook vooral open op momenten dat ik even oppervlakkig wil scannen en scrollen, las ik regelmatig door als de eerste zinnen mijn aandacht trokken.
Utjouwerij: Afûk
Leafde yn Ljouwert fan Fleur fan Ingen
oersetten troch Martsje de Jong
Sy wol dat er fuortgiet, hy wol híel graach bliuwe…
As troubleshooter yn in fiifstjerrehotel is Jinte Jellema wol wat wend. Se komt dan ek fuort yn aksje as se heart dat de Keningssuite yn ien jûn hielendal útwenne is troch in frijgesellefeest en dat de oansteande brêgeman wegert om de keamer te ferlitten. Mei har keycard iepenet se de doar fan de lúksesuite, en mei kordate stappen rint se nei binnen ta…
Under de dûs besiket Hein van Kammen om de foarrige jûn fan him ôf te spielen. Hy woe gjin frijgesellefeest, want hy wol net trouwe. Spitergenôch móat er wol. Foar syn mem, foar syn sakeymperium… ‘Jo moatte fuortdaalk dizze keamer út!’ galmet it ynienen troch de badkeamer. Skrokken draait er him om, en hy sjocht in prachtige blonde frou, dy’t him poerlilk oanstoarret. wêrom is se boas op him? En wêrom seit in twingende stim yn syn holle: It giet oan!
Utjouwerij: Regaad
Under Hildegards tsjoen fan Piter Boersma
Hildegard van Bingen (1098-1179) wie in Dútske non en yn har tiid in grutheid. Se stifte twa kleasters, skreau fizioeneboeken, dêr’t se – yn opdracht fan God en ynjûn troch syn stim, sa’t se stelt – wrâld en kosmos, it roomske leauwe en it hâlden en dragen fan de minsken yn behannele. Se korrespondearre dêrnêst omraak mei geastliken en leken, fan heech oant leech. Yn har boeken en brieven fermoanne se de minsken en spruts se harren tagelyk ek moed yn. Se skreau kosmologyske, plantkundige en medyske ferhannelingen en komponearre geastlike lieten neffens de gregoriaanske tradysje, mar op in eigen manier. Benammen troch har genêskundige en muzikale neilittenskip is se hjoed-de-dei by in grut publyk bekend.
Piter Boersma rekke fan har yn ’e ban en lei yn in syklus fjouwerrigele gedichten syn byld fan Hildegard fêst.
withoefolle oer har is spekulaasje
feit en fiksje foarme ta in amalgaam
hildegard fan bingen is in kreaasje
ik meitsje fan har in my passende faam
Utjouwerij: Hispel
Eigentrieds: Amerikaanske Outlaw- en Beatpoëzij
gearstald, oerset en yn- en útlaat troch Lubbert Jan de Vries
Amerikaanske ‘ûnhillige’ en ‘net-autentike’ outlaw – en beatpoëzij.
Guon dichters yn dizze bondel binne wis by in grutter publyk bekend of sels wrâldferneamd. De 19e -iuwer Walt Whitman sil de ferneamdste wêze. Mar ek William Carlos Williams út it begjin fan de 20e iuw is in grutte namme krekt as Allen Ginsberg, dy’t yn de twadde helte fan de foarige iuw furoare makke. Der binne ek dichter-muzikanten by, sa as punkrocker Patty Smith en rockikoan Jim Morrisson, sjonger fan de The Doors.
De term ‘outlaw’ is ferbûn oan de titel fan in blomlêzing fan wurk fan underground-dichters út de perioade fuort nei de Twadde Wrâldoarloch.
Oersetter en gearstaller Lubbert Jan de Vries skriuwt: ‘It is poëzy dy’t men better weistopje en geheim hâlde kin. Want skreaun tsjin de oerhearskjende kultuer en oer de wiere stân fan lân en minskdom. Skreaun út de ûndergrûn wei wrottend nei de boppegrûn.’ Foar dit boek is troch Lubbert Jan de Vries in kar makke út 162 jier poëzy út de ûndergrûn troch dichters dêr’t er guon fan oantsjut as ‘wyldbern’ fan Whitman.
Eigentrieds is in unyk boek, ek om’t de foarmjouwing fan Jelle Post treflik op de sfear en de ynhâld oanslút.
Utjouwerij: Hispel
The challenge fan Anita Terpstra
oersetten troch Martsje de Jong
‘Wêr bin ik? Wat is dit? Wa binne jim?’ frege Jesse bang. Hy siet op in houten stoel. Syn hannen wienen fêstbûn achter syn rêch, syn ankels fêstmakke oan de spilen. Hy koe gjin kant op. Foar him stienen twa figueren yn swarte overals, de gesichten ûnwerkenber, om’t se in mûtse op hienen dy’t harren hiele holle beduts, op de eagen nei.
Jesse wurdt ûntfierd troch twa ûnbekende figueren. Se twinge him om mei te dwaan oan The Challenge: in soarte fan spul wêrby’t er in oantal walchlike opdrachten útfiere moat, sa as bygelyks fiif teanneils opite. It hiele barren wurdt live útstjoerd. Wa binne de beide figueren? En wêrom ha se him pakt?
Wilens hâldt ien it trijetal yn ‘e gaten…
Utjouwerij: Elikser
Ntrije55 fan Elske Kampen
Simmer 2017 rûn ik tal fan kearen oan ’e westkant fan Hurdegaryp by de N355 del. Ik socht dêr om lyts yndustrieel ôffal, lykas bygelyks eintsjes tou, stikjes metaal, glês en keunststof. Dy fynsten, losrekke fan in eardere funksje yn in grutter gehiel, wiene ferwurden ta tafallige foarmen en dêrmei beskikber foar my om in nije betsjutting oan te jaan.’
De gedichten yn de bondel Ntrije55 hat Elske Kampen skreaun nei oanlieding fan dat materiaal. Dêrmei set se in folgjende stap op har paad om poëzy te skriuwen op grûn fan hieltyd abstrakter byld. De bylden yn de bondel binne fan deade matearje, mar roppe poëzy op dy’t oer it libben giet.
Trochgong
Ik fyn in letterteken yn ’e berm. Krij it op
en nim it mei. It foel ien ta de mûle út dy’t
skrok of dy’t begrutsjen hie. Bewûndere of
eangstich wie. No stjoert it teken my.
Utjouwerij: Afûk
As ik letter grut bin fan Berber Spliethoff
Bisto tusken de tsien en sechtjin jier? Dan binne dizze gedichten foar dy skreaun.
Om foar te dragen.
Om te lêzen.
Om te brûken.
Sechtich gedichten om te laitsjen, om oer nei te tinken en om in oar wat te fertellen. In hiele protte wille der mei!
Berber Spliethoff skriuwt al sa’n achttjin jier foar kalinders, tiidskriften en bondels. Op in útdaagjende, orizjinele en faaks ludike wize besprekt se gewoane daaglikse tema’s.
Utjouwerij: Bornmeer
It tipelsinnich bousel, ik fan Anne Wadman
Anne Wadman liet mei syn wurk fuortdaalks syn grutte ambysjes sjen. Hy tilde sawol yn syn kritiken as mei syn romans de Fryske literatuer op in heger plan. Hy die dat yn syn flymskerpe kritiken yn De Tsjerne, mar ek mei it publisearjen fan taboetrochbrekkende en eksperimintele romans lykas De Smearlappen (1963) en De frou yn ‘e flesse (1988). Foar syn kritiken krige er yn 1952 de Gysbert Japicxpriis en letter, yn 1989, waard er foar syn romans foar de twadde kear mei dy priis eare. Yn it deistich libben wie Anne Wadman foar in soadin ynspirearjend learaar Nederlânsk yn it fuortset ûnderwiis en letter oan de learare-oplieding Ubbo Emmius. Boppedat wied er syn hiele libben aktyf as muzikant en muzikus. Hy spile fioele, skreau muzykkritiken, wie yn en fuort nei de oarloch aktyf yn de band The Snake Charmers en letter noch by it Sneeker Jeugd Orkest, dat er opset hat, it Fries Kamerorkest en Salonorkest Plumeau.
Oer al dy fasetten fan in bysûnder ryk libben, mei hichte-en djiptepunten, oer haadsaken en bysaken, giet dit boek. It stiet fol mei ûnder oare oan no ta net publisearre wurk en nea earder ferskynde foto’s en dokuminten. Minsken dy’t harren fertroud fiele mei libben en wurk fan de skriuwer, learaar en muzikant helje oantinkens op en jouwe analyzes fan syn wurk.
Utjouwerij: Afûk
It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen fan Hylkje Goïnga
Om’t de boeken fan har net mear te krijen wienen, ferskynde yn 2016 de bondel Tsien fan Hylkje, in lytse kar út har wurk. Yn It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen fynt de lêzer nochris tsien teksten dy’t karakteristyk binne foar de skriuwster: koart om ‘e hoeke, humoristysk en net sûnder tragyk.
Hylkje Goinga (1930-2001) is as skriuwster foaral bekend wurden troch har koarte ferhalen. Tusken 1971 en 1993 publisearre se seis bondels. In grut part fan de ferhalen skreau se foar it moanneblêd De Strikel en de Leeuwarder Courant. Blêden as Opzij en Margriet namen ek wurk fan har op.
Yn de wrâld fan de koarte ferhalen is Hylkje Goinga in opfallende ienling. Se wurdt wolris fergelike mei de Ingelske skriuwer Roald Dahl. Krekt as Dahl hat se der in hantsje fan om it ûnwierskynlike as deagewoan foar te stellen. De ferhâlding tusken man en frou is it weromkommende tema. De lêzer wurdt geregeld op ‘e ferkearde skonk set omdat de ferhalen oan de ein faak in ûnferwachte, soms absurde draai meitsje. De flot fertelde brike setten fan de nofteren en soms naïve húsfrou Marthaha yn 2019 noch neat oan aktualiteit ferlern.
Gearstalling en foarwurd: Douwe Kootstra
Utjouwerij: Afûk
De Fryske utopy
Hoe sjocht Fryslân yn 2030 derút? Hoe moat dit hoekje wrâld idealiter derút sjen? Alve minsken mei in dúdlike (utopyske) fyzje, sprekke har dêroer út yn dizze bondel. Dy bydragen geane oer allegear tema’s, fan it Fryske erfgoed oant Fryslân frij fan gif.
Wat harren bynt is belutsenens by minsken, by it lânskip, by it wurk. Wat harren ek bynt is langstme. Net romantysk of sentimenteel, mar in realistysk langstme. De bydragen leverje in konkrete wurklist op foar it goede libben yn Fryslân. En wat foar Fryslân jildt, jildt eins foar de hiele wrâld.
De tsjûgen fan de macht fan Aggie van der Meer
‘Ik wit wol dat ik âld bin, mar dêr stean ik net by stil’, sei Aggie van der Meer tsjin de lokale omrop neidat se de Gysbert Japickspriis 2019 wûn foar har hiele oeuvre. It skriuwen giet troch, nettsjinsteande in heal lamme skonk, of in each dat op swart sprongen is.
De Tsjûgen fan de Macht is in boek dat sy perfoarst noch skriuwe woe. In famke is taskôger as de besetter de klokken út de Martinitsjerke hellet. In jier letter is de besetter ferslein, mar de frijheid hat de minsken net feroare. Tusken beide tsjûgenissen yn groeide in puzelfertelling oer macht en oer minsken. Wêr’t de puzel ophâldt, is noch altyd net krekt te sizzen.
Boadskippen út dreamen, achterútfleanende krieën, burokratysk absurdisme, it mysterieuze, mar o sa ynfloedrike Hegerhân… in mozayk sa’t allinne Aggie van der Meer dat optekenje kin.
Utjouwerij Afûk
Sanfirdo fan Bennie Huisman
Liuwe is in gewoane jonge, dy’t it dreech fynt om te kiezen. Tusken muzyk en technyk. Tusken leafdes dêr’t er tsjinoan rint. Hy wit net altyd hoe’t er reagearje moat as it libben en de maatskippij sûnder oerlis foarôf yngripe yn syn libben. As syn mem ynienen stjert. As syn earste leafde stikken rint. As syn bern opgroeie en eigen paden gean. As sels net kieze betsjutte kin dat oaren dat foar jo dogge. Sa stroffelt Liuwe troch it libben. Mar dogge we dat net allegear?
Sanfirdo is yn in soad opsichten in ferfolchferhaal. It is it ferfolch op de novelle Sânfurd, út 1999, oer de koarte romance dêr tusken Liuwe en Elize. Liuwe sels fertelt hoe’t it doe fierder gie. En noch altyd giet.
It grutte foarlêsboek II
Moaie, spannende, gekke, fleurige ferhaaltsjes, gedichten en ferskes oer fan alles en noch wat: Kabouters, bisten, letters, fiterje, heksen, Tomke, op skoalle en noch folle mear.
Mei wurk fan ferskillende skriuwers en yllustratoaren. Om alle dagen út (foar) te lêzen.
Karlsson fan it dak – Astrid Lindgren oersetten troch Martsje de Jong
It komt net sa faak foar dat der lytse, dikke mantsjes mei propellers op ‘e rêch en in startknopke op ‘e búk boppe op it dak wenje. Karlsson is sa’n mantsje. En Erik ken net ien dy’t sa goed streken úthelje kin as Karlsson fan it dak. Dat rint fansels net altyd goed ôf. Mar wa leaut him no, as er seit dat Karlsson fan it dak it dien hat? Ien ding is wis: as Karlsson yn ‘e buert is, hoechst dy noait te ferfelen!
Astrid Lindgrens skriuwerskarriêre begûn eins op de dei dat har dochterke Karin frege om in ferhaal; in ferhaal oer Pippi Langkous. Dêrnei skreau se mear as 20 boeken, dy’t oer de hiele wrâld lêzen en wer lêzen wurde. Yn Nederlân wûn Astrid Lindgren trije kear de Zilveren Griffel en yn 2002 waard der in ynternasjonale berneboekepriis nei har neamd: de Astrid Lindgren memorial Award. Dy bekroaning is de grutste priis yn de berneboekewrâld!
Wij yn ‘e draaimûne fan Janneke Spoelstra
Wij yn ‘e draaimûne is de tredde dichtbondel fan Janneke Spoelstra. Yn dizze bondel wurdt it ûndersykjen fan it eigen plak op ‘e wrâld trochset en wurdt wjerstân bean oan net allinne it ferlies fan neisten, mar ek fan soks saakliks as in gemeente.
Mei it gedicht ‘In wykein as dit’ wûn Spoelstra yn 2016 in Rely Jorritsma-priis. Yn 2016 lies se, yn it ramt fan it projekt Poetic Potatoes, har ierappelgedichten foar op Malta en yn 2017 trede se yn Dublin op yn it ramt fan International Women’s Day. It gedicht ‘Altyd alve’ waard útkeazen om yn septimber 2018 yn Brussel, as ûnderdiel fan it Transpoesie Festival, foar it fuotljocht brocht te wurden.
Janneke Spoelstra (Hijum 1962) wennet yn Alde Leie, se publisearre har debútbondel Goeie is it wachtwurd (Utjouwerij Frysk & Frij) yn 2004. Har twadde bondel, Langst fan ‘e dagen, ferskynde by de Friese Pers Boekerij yn 2011.
De parallaks fan Janneke Spoelstra
Yn De parallaks, dy’t in simmerhealjier tusken Ljouwert en It Amelân beslacht, komme trije froulike haadpersoanen oan it wurd: Famk dy’t tritich wurdt, Lokke dy’t fyftich en Wyb dy’t santich wurdt.
Alle trije identifisearje se harsels as lesbysk, mar troch it ferskil yn leeftiid is it perspektyf hiel oars. De libbens fan ‘e froulju rinne soms mei-inoar op, mar úteinlik folgje se alle trije har eigen wei.
De parallaks is de earste roman fan Janneke Spoelstra (Hijum 1962). De skriuwster, dy’t wennet yn Alde Leie, publisearre twa dichtbondels: Goeie is it wachtwurd (Utjouwerij Frysk en Frij 2004) en Langst fan ‘e dagen (Friese Pers Boekerij 2011). In treddenien, Wij yn ‘e draaimûne, ferskynde tagelyk mei dizze roman.
Yn 2008 publisearre Spoelstra, yn it ramt fan it projekt Fryske Modernen, de ferhalebondel In Jikse-libben, dy’t as ien fan ‘e tsien Fryske boeken yn 2013 op de Frankfurter Buchmesse ûnder de oandacht brocht waard. Se sette de ferhalebondel sels oer nei it Nederlânsk. Under de titel Wat ze dan dacht ferskynde dy oersetting yn 2013 by Utjouwerij Elikser.
In stjer leafhawwe / Een ster liefhebben / To love a Star fan Simen de Jong
Laurence Alma Tadema waard yn 1865 yn Brussel berne as âldste dochter fan de Frânske Marie Dumoulin en de Fryske skilder Lourens Alma-Tadema.
Laurence skriuwt fan jongs ôf oan en koesteret har oanlis op in protte mêden. Har wurk bestiet út gedichten, romans, toanielstikken, oersettingen en pamfletten. Krekt as har heit wurdt se in wrâldboarger, in kosmopolyt troch opfieding en brede ynteresse.
Oars as by de yn it algemien sinnige ferbylding fan har heit – wolkeleas en freugdefol lardearre mei optimisme – treffe we by Laurence meastentiids in djippergeande wanhoop en ekstaze oan. Lourens ferbyldet mei syn pinsiel in fiere wrâld en bringt in ryk ferline ta libben. Laurence is yn har skriuwen yn petear mei har inerlik.
Pûlen-yn-de-pot fan Sjieuwe Borger
Sybren joech him oer oan it feest fan it yrrasjonele sûnder ien remming te fielen. Meidwaan ûnderstelde frijwilligens, dêr wie lykwols gjin sprake fan, mar dat joech no neat. Hy gong op yn it momint en liet him meitôgje troch it fjoer fan de ûnberonge groepsdrift. De ober hie besocht harren del te bêdzjen. Doe’t Richie in klap fan him krige waarden de soasjeteitsleden sels lilk en soene sy de ober te nei. De praeses fan de Kroechkommisje wie der lokkigernôch foar sprongen. Sybren liet de skurvens no oer him komme. Der siet eat ferskriklik mis. Hy hie syn eigen yndividualiteit oerjûn en him oerlevere oan de machten fan de groep. It wie net te miskennen dat Anjelique der prachtich útseach, syn jierklubmaten soene him dêr ek op wurdearje. Mar dy wurdearring woe er net. De twifel begûn stadichoan op te lossen.
Dates binne maklik te skoaren yn it studintelibben, mar froulju binne komplisearre. Se sizze net altyd wat se tinke en ferwachtsje fan alles fan Sybren mar se sizze net dúdlik wat. Hy siket in balâns tusken frijheid en ferbining en stelt himsels dêrby essinsjele fragen oer doel en wearde fan syn libben.
De fyfte roman fan Sjieuwe Borger lit de ûntjouwing fan Sybren sjen tsjin de eftergrûn fan it studintebestean yn de stêd en op it plattelân.
Utjouwer: Elikser
It libben fan in Labbekak – Jeff Kinney
oersetten troch Martsje de Jong
Het leven van een Loser: Fryske edysje.
It libben fan in Labbekak is it earste diel yn ’e megasuksesfolle searje It libben fan in Labbekak fan Jeff Kinney. It ferhaal fan in ûnferjitlike antyheld.
Sjoerd fynt it libben in hel. Op ’e middelbere skoalle moat er him steande hâlde tusken ÛNDERKRÛPERS út ’e brêgeklasse en folgroeid ROSMOS dat him al skeart. Op in dei krijt er fan syn mem in leech DEIBOEK. ‘Ast mar net mienst dat ik “leaf deiboek” hjir en “leaf deiboek” dêr begjin te skriuwen.’
Utjouwerij: De Fontein
Ofskaid en útsicht – Hein Jaap Hilarides
ferhalen, stikkys en gedichten in ’t Bildts
Dit boek gaat over herinneringen aan mensen en het Bildt. De gemeente het Bildt is er niet meer. Op de plaatsnaamborden staat Waadhoeke.
‘’t Plakky grônd met de naam ’t Bildt blyft, maar de administrative naam is weg. Wat gelukkig ok blyft, is ’t útsicht op ’n diiskouwe winterdâg.’
Woorden bringe niet werom wat weest het. Se kinne wel herinnerings tot leven bringe. Soa wort wat weg is, weer even werom fonnen.
In Ofskaid en útsicht is een groot aantal in het Nederlands vertaalde verhalen, stukjes en gedichten opgenomen.
Utjouwerij: Louise
De Bonsterkes op ‘e terp – Hanneke de Jong
Joery en Nine Bonsma binne krekt ferhuze. Fan de stêd nei in doarp. No wenje se mei heit en mem nêst pake en beppe. Allegearre Bonsterkes op ’e terp! Foar de bern is it earst wol wennen. Nine hat al gau in freondintsje, mar Joery wol ek sa graach in boartersmaat ha. Soe dat slagje mei syn nije avensearskuon?Freegje heit, mem, pake of beppe mar gau om foar te lêzen. Of miskien kinst it sels!
De Bonsterkes op ‘e terp is it aksjeboek yn de perioade 29 septimber oant en mei 31 oktober.
De yllustraasjes binne fan Linda de Haan.
Utjouwerij: Bornmeer
Geheimen út ‘e Boskberch – Janneke de Boer
De Boskberch, dêre yn it Drintsk-Fryske Wâld, draacht al iuwenlang in grut geheim yn him. Nimmen dy’t it wit. Yn Geheimen út ’e Boskberch nimme de trije slakken Bearend, Sofy en frou D. dy mei de berch yn. Do leaust dyn eagen én dyn earen net, ast ûntdekst wat him dêre, yn dy berch allegear ôfspilet.
De karakters en aksessoires yn Geheimen út ’e Boskberch binne makke fan recycled materiaal sa as âlde sjirts, tafellekkens, fearkes út Rôversguod, plakbaltsjes, strykkralen, rommellaadfynsten, fûgeltsjesân, brânhout, rommelmerkskatten, klaai en stiennen.
Utjouwerij: De Boekebei
In soarte fan bûgjen – Geert Nauta
Nei dy iene dei, doe’t Elske my it nijs dien hie, ferskeat it sêfte giel nei blau, in hiel ljocht, sulvereftich blau: winterblau of iisblau – in oar wurd ha’k der net foar. Iispegeltsjedagen wiene it foar ús, it blauwe fan in wintermoarn as de sinne noch even neat te sizzen hat, mar him alwol oankundiget. Elske krige sûnreade wangen en in wat tsjokkere kop. Sa moai hie se net earder west. Ik wie op ‘e nij fereale, ik koe my net yntinke dat der ea noch in oare tiid komme soe as ús blauwe perioade.
Poëtysk, humoristysk, absurdistysk en soms mei in hast wat makabere ynslach. De ferhalen fan Geert Nauta, bondele yn dit boek, jouwe in bysûndere skets fan it minsklik ferlet en tekoart. De subtile satire en de gauris ûnferwachte selskennis fan de haadpersoanen meitsje it lêzen fan dit boek ta in apart, ferrifeljend en meinimmend aventoer.
Utjouwerij: Elikser
Bart & Bouke – Mindert Wijnstra en Dolf Verroen
In nij boek is skreaun troch Dolf Verroen en Mindert Wijnstra mei prachtige yllustraasjes fan Babs Wijnstra. De boekpresintaasje fûn plak yn Wytgaard by T.J. Roordaskoalle. It earste eksimplaar waard oanbean oan Kommissaris fan de Kening, Arno Brok. Oan de ein fan de presintaasje krigen alle bern fan groep 3 o/m 8 in eksimplaar fan it boek.
De oanbieding betsjutte tagelyk in moaie ôfsluting fan it trajekt van Dolf Verroen en Mindert Wijnstra as skoalskriuwers yn Wytgaard. Beide sette der in punt achter. Mear ynformaasje: De Schoolschrijver.
Presintaasje ‘Heech Tymo, sjoch omheech’ fan Koos Tiemersma
Famke fan snie – Paul van Dijk
Fan ‘e middei wurdt de debútbondel fan Paul van Dijk presintearre yn Workum.
Famke fan snie is in boartlike, byldrike bondel fol dreamen en fantasy. De fersen foarmje in lange, skrinende reis yn in sykjen nei soen mei it ferlies fan in famke. Mei de ynbylding fan in bern besiket de ïk” rjochting te sykjen yn dream en taal, yn stêd en bosk, op syk nei it ferlerne, om te oerlibjen.
Paul van Dijk (1981) is in alsidige geast. Hy is skriuwer fan berneboeken, kollums en teaterstikken en is aktyf as muzikant en as tekener. Troch syn dochter waard er dichter. Dizze bondel is syn debút. Foar it fers “Etude yn ‘e rein” krige er de Rely Jorritsmapriis.
Swarte swan fan Gideon Samson oersetten troch Geart Tigchelaar
Op 21 maart 2018 is foar 150 earsteklassers fan ‘e Hafû op it Dockinga College yn Dokkum de oersetting fan Gideon Samson syn young adultboek Zwarte zwaan (yn it Frysk oersetten troch Geart Tigchelaar mei as titel Swarte swan) presintearre. Geart hat dêr eksamen Frysk dien en hat sadwaan yn ‘e mande mei syn âld-dosinte Gretha Hoekstra de middei organisearre. Jelle Bangma prate it barren oan inoar.
Hjirby in koarte synopsis:
Rifka hat wat geweldichs betocht. Se betinkt altiten al goeie dingen, mar sa goed as no is it hast noait. Ja, okee, Duveke seit dan miskien wol dat it net kin, mar wat wit dy der no fan? Rifke lit har troch net ien tsjinhâlde. Se sil de hiele wrâld foar gek sette. In goed skûlplak fine. Dat is it wichtichst. Rifka moat dêr klean en iten ferstopje, en dêrnei harsels. Wilens krije har âlden twa prachtige brieven en dan giet alles fêst krekt sa’t se it úttocht hat.
It is in yngewikkeld plan. Gelokkich is Rifka it tûkste famke fan ‘e wrâld. Mei in lyts bytsje help fan Dueke wurdt dit de stunt fan ‘e iuw. Rifka hat oan alles tocht. Dus wat kin der noch misgean? Neat dochs?
Utjouwerij Hispel
Een meelijwekkend volk –
Vreemden over Friezen van de oudheid tot de kerstening
Fan ‘e middei is yn it Kristlik Gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert de blomlêzing Een meelijwekkendvolk presintearre.
Een meelijwekkend volk. Vreemden over Friezen is een bloemlezing van teksten uit de oudheid en vroege middeleeuwen waarin ‘vreemden’ over Friezen schrijven. Voor het eerst worden die teksten gezamenlijk in zowel Nederlandse als Friese vertaling aangeboden; daarmee wordt in ieder geval wat de Friese lezer betreft, in een leemte voorzien. De tijdsspanne is ruim genomen: van de vroegste geschriften waarin gewag wordt gemaakt van de continentale kuststrook in Noordwest-Europa, tot de laatste vroegmiddeleeuwse auteurs die zich nog konden verwonderen over schokkende voorbeelden van Friese onaangepastheid.
De oudste citaten stammen uit de vijfde eeuw voor Christus, als Herodotus zijn lezers meldt dat vanuit een ‘uithoek’ tin en barnsteen naar de beschaafde wereld worden verscheept. Ook al kon hij zijn handen niet leggen op een betrouwbaar rapport over die ‘buitenrand’ van Europa, dat het er lang niet pluis kon zijn, was voor hem klip en klaar. Via meer of minder bekende auteurs uit de oudheid van voor en na Christus – waarvan de meesten zelf nooit voet aan wal zetten in deze contreien – komen we, na de val van het Romeinse Rijk in de vijfde eeuw, aan bij de Franken en dan vooral de geloofssoldaten van de Karolingers: de Angelsaksische zendelingen. Zij waren het die, met horten en stoten, de heidense Friezen uiteindelijk ‘beschaving’ brachten, in de vorm van het christendom.
Vertaling, inleiding en samenstelling: André Looijenga, Anne Tjerk Popkema, Bouke Slofstra
Uitgeverij: Wijdemeer
Anna – Aggie van der Meer
De roman Anna spilet him ôf binnen de Roomske sakefamylje Fan it Hof yn de perioade 1880 oant 2005. Yn 1880 sette Aloïs fan it Hof en Jacoba fan Gosliga yn Osnabrück in gruthannel yn stoffen op, dy’t letter útwreide wurdt mei filialen yn Nederlân. Benammen tidens de Earste en Twadde Wrâldoarloch hâlde de famyljeleden har net altyd oan de easken dy’t se harsels as fromme boargers oplein hiene.
Neitiid dogge se alle war dat foar de jongere famyljeleden en nei bûten ta ferburgen te hâlden. Dat guon earwearde hearen dêr út en troch ek dy belutsen wiene makke it geheimhâlden ekstra needsaaklik. It fermoeden fan it bestean fan dôfpotten lykop mei it bestean fan in ynterne machtstriid hawwe de ferhâldingen binnen de famylje gjin goed dien. Wylst yn Dútslan leden fan de Rote Armee Fraktion besykje ynfornmaasje oer de hannel en wannel fan de Fan it Hofs te sammeljen, ûntstiet der in leafdesrelaasje tusken twa leden Anna en Onno – fan de famylje.
As dúdlik wurdt dat de famylje mei in ramp te krijen hat en dat as gefolch dêrfan Onno út it sicht ferdwine moast, begjint Anna oan har syktocht troch de famyljegeheimen, belangen en relaasjes om ynsjoch te krijen hoe’t it allegear sa fier kommen is.
Hier ligt de zee – Bert Looper
Hier ligt de zee is in twintig essays het verslag van een levenslange zoektocht naar de verhouding tussen taal, landschap, kunst, herinnering en identiteit. Tegen de achtergrond van de spanning in Europa tussen moderne staatsverbanden en regio’s met een eigen geschiedenis, neemt Bert Looper de lezer mee naar een gebied dat zich al eeuwenlang de identiteitsvraag stelt.
Wat betekent Friese identiteit, welk perspectief biedt het, schept het ruimte of werkt het juist beklemmend?
Aan de hand van aspecten van de Friese taal, literatuur en kunst, en observaties over het Friese collectieve geheugen, biedt Looper stof tot nadenken over regionale eigenheid in een wereld van voortdurende schaalvergroting.
Bert Looper studeerde middeleeuwse geschiedenis in Groningen en volgde de Rijks Archiefschool in Den Haag. Hij is sinds 2007 directeur van Tresoar, Fries historisch en letterkundig centrum. Hij publiceerde over archivistiek, stadshistorie, Hanze, twintigste-eeuws design en Friese geschiedenis.
Utjouwerij: Bornmeer
De huodsjes fan Mata-Hari en De weddenskip – Lida Dykstra
Koartby binne der twa boeken fan Lida Dykstra ferskynd.
De earste is ‘De huodsjes fan Mata-Hari’ mei yllustraasjes fan Natascha Stenvert. Mata-Hari, de eksoatyske dûnseres en spionne dy’t yn 1917 troch de Frânsen fusillearre waard, wie by har libben al wrâldferneamd. Tsjintwurdich, krekt 100 jier nei har dea, is de ynteresse foar dizze bysûndere frou allinnich noch mar grutter. Hoe kin dat? Wa wie sy no eins?
Yn dit boek fertelle de huodsjes fan Mata-Hari mei-inoar it libbensferhaal fan harren eigeneresse. Breidswale tinkt werom oan de ferlyfde, jonge breid dy’t mei in hast tweintich jier âldere offisier troude. Reishuodsje wit noch hoe’t se mei him nei Nederlânsk-Ynje ferhuze en bern krige. Stripperswan fertelt hoe’t se furoare makke as eksoatysk dûnseres yn alle grutte stêden fan Europa, en Steek-mei-kûgelgat makke mei hoe’t se op fertinking fan spionaazje op in dizige moarn yn oktober deasketten waard.
En dan is Bernehuodsje der noch. Sy fertelt oer lytse Greetje, it eachappeltsje fan har heit, dy’t as in prinseske opgroeide yn in huodde- en pettewinkel op de Kelders yn Ljouwert.
Utjouwerij: Wijdemeer
De twadde is ‘De Weddenskip’, mei yllustraasjes fan Nina Peckelsen. Lida Dykstra hat har foar De weddenskip ynspirearje litten troch de midsiuwske poëzy en ferhalen út sawol de poëzy-Edda as de proaza-Edda fan Snorri Sturluson en nimt de lêzer op in boartlike wize mei nei de njoggen wrâlden fan de Noardske kosmos, dy’t bewenne wurde troch Asen, Wanen, reuzen, alfen, dwergen en minsken.
De bline dichter Bernlef helpt Jari, dy’t fan moard fertocht wurdt, om te ûntspannen oan in stel soldaten. Bernlef nimt Jari op sleeptou, yn de hope dat er syn learling wurde wol. Sy komme yn in herberch telâne. Dêr sjongt de âldman, om in miel te beteljen, in lang liet oer de slûchslimme Loki, dy’t seis foarwerpen mei bysûndere krêften troch de dwergen fan Nidavellir meitsje lit. Jari en in bûnt publyk hearre spannende ferhalen út de Noardske mytology: oer de spear Gungnir, it skip Skidbladnir, de hammer Mjöllnir en folle mear. Pas as de sinne opkomt, is it liet ôfrûn. En pas dan docht ek bliken wat de djipper lizzende motiven fan Bernlef binne…
Utjouwerij: Afûk
Stikel en it koartste paad nei Lange Prins – Janneke de Boer
Tusken beareklau en blebberbei ferfeelt Stikel him te pletter. Oant de postdo in keninklik kefert delbringt. Stikel laket as er de útnûging lêst en ropt bliid: ‘Ik mei op it feest fan Lange Prins komme!’ Help de stikelbaarch in hantsje en sykje tegearre it koartste paad nei Lange Prins.
Yn it printeboek Stikel en it koartste paad nei Lange Prins kombinearret Janneke de Boer proaza en poëzij mei in eigen wize fan yllustrearjen. Boppedat hat it, fansels, in ferrassend fleurich ein.
O, wat it koartste paad dan is, fregesto? Sykje it glêzen skuontsje; it koartste paad nei éltse prins!
Uitgever: uitgeverij Louise
Pykje Fjouwer – Lida Dijkstra
Pykje Fjouwer is in oade oan it Fryske lânskip. Yn it boek binne greidefûgels, buorkerijbisten, blommen, krûden en ynsekten te finen. Achteryn steane ek nochris nijsgjirrige feiten oer de skries; Kening fan ‘e Greide. Foar alle bern dy’t fan de natuer hâlde en der nóch mear oer witte wolle.
Skreaun troch Lida Dykstra mei prachtige yllustraasjes fan Ina Hallemans
Bestel Pykje Fjouwer fia de Afuk Webshop of boekhannel Paagman
Ho Wu en Misty Mac – Aggie van der Meer
De twa sakelju Ho Wu en Misty Mac binne net protagonist en antagonist, net inoar syn love-interest, side-kick of kontagonist. Se steane net yn in hoeder-beskermeling ferhâlding, se binne gjin sibben, gjin yntime partners yn in húslike situaasje, en ek gjin profesjonele partners yn in saaklike relaasje. Mar as diade, de meast stabile, want ommers mar twamansgroep yn de omfiemjende sosjale struktuer, behâlde de twa yn de ûnmeilydsume wrâld foarby merk en steat har maksimale sosjale hannelingsromte.
Bestel fia Utjouwerij Grotesk
En dêr marsjearje ik hinne – Meindert Bijlsma
Yn dizze boartlike en satiryske novelle reizget Meindert Bylsma mei it jonkje dat er ea wie troch falstrikken en hinderlagen yn it libben. Boartlik en blomryk fertelt er oer it gefaar fan klisjeemieningen, sjabloonoardielen, fan monotinken en hierargysk machtsmisbrûk. Sa komt er der efter dat it in poepetoer wurde sil foar sa’n lyts mantsje, dy’t op de startline stiet, mei de hurddraversskuon al oan, om in keardel te wurden.
Bestel En dêr marsjearje ik hinne by boekhannel Donner
Utjouwerij Elikser
Reade snie en swarte hagelstiennen
Fan jongsôf hie myn eks – it superreptyl haw ik him foar mysels neamd, yn it ferlingde fan it aartsreptyl, ús heit – in heel goed kontakt mei ús dochter. Ik minder. Sa’t ik net mei ús mem opsjitte koe, omdat se in sloof en in trut wie, sa hie myn dochter altyd rûzje mei my. Doe’t se opgroeide. Se fûn har heit ynteressant, want dat wie in skilder. Ik wie yn har eagen helendal neat.
Josse de Haan hat mei dizze novelle in nij sjenre oan syn al breed literêr palet tafoege: in alternative boerestedsroman yn monoloochfoarm.
Bestel Reade snie en swarte hagelstiennen op hebban.nl of Utjouwerij Elikser
Rôversguod – Janneke de Boer
Yn har debút Rôversguod nimt Janneke de Boer dy mei op reis lâns fertriet en ûnferwachte freonskip. De fassinearjende yllu-kollaazjes fan Vera Damhuis meitsje Rôversguod op wûnderlike wize kompleet.
Bestel Rôversguod by utjouwerij Louise, de Afûk webshop of Boekhannel Van der Velde
Neiskrift – Aggie van der Meer en Magda Clause
It Kadoboek fan Swalk yn 2016 is in brieveboek. Skriuwsters Marga Claus en Aggie van der Meer ha inoar nei it ferstjerren fan de beide partners om de safolle tiid in brief skreaun. Dat hat resultearre yn in weardefol brieveboek.
Bestel Neiskrift by de Afûk websjop
Utjouwer: Tresoar
Reedride op glêd iis – Josse de Haan
In samling ferheljend en polemysk proasa, poëzij, literatuerkrityk, essees, kollaazjes en ‘anarkys’ (fisuele poëzij).
Bestel Reedride op glêd iis by de Afûk websjop, Boekhannel Van der Velde of Binnert Overdiep.
Utjouwerij Elikser
Wenje yn in skilderij – Lida Dijkstra
Laurence is de dochter fan de skilder Lawrence Alma-Tadema (1836 – 1912).
Sy wennet mei har âlden, suske Anna, juf, it personiel en de hûn Brio yn in grut en bysûnder Hûs yn Londen en fertelt yn dit boek hoe’t it is om de dochter fan in ferneamde keunstner te wêzen.
Bestelle fia: Utjouwerij Wijdemeer
Einum – Froon Akker
Yn achttjin miniatueren wurdt in skets jûn fan de ynwenners: in keunstner dy’t besiket de skimering tusken skaad en ljocht fêst te lizzen, in famke dat de leafde ûntdekt, in demintearjende frou.
Utjûn yn eigen behear fia FroonAkker.nl
Bekroand mei de Gysbert Japicxpriis 2015
Eksamenjier – Sjieuwe Borger
As Dario nei de grutte fakânsje op skoalle weromkomt liket alles by it âlde bleaun te wêzen. Mar is dat wol sa?
Bestel Eksamenjier by de Afûk websjop, of boekhannel Van der Velde (e-book).
Utjouwerij Hispel
It testamint fan mr. dr. K. – Steven H.P. de Jong
Op it toniel stean twa briedstuollen. Twa âlde mantsjes komme op. Se tôgje in ferhúsdoaze.
Ferkeap fia útjouwerij Palisse
De Achttjien – Aggie van der Meer
“Alhoewol’t er mei de rêch nei my ta stie, wist ik dat er it wie: de man dy’t my al in moai skoft dwaande hâlde. It wie syn hâlding, de opfallende yntensivens dy’t my ek de earste kear al rekke. Hy koe net witte dat if foar my mear wie as in gelokkich tafal dat wy op itselde momint foar de Guernica stienen”
Utjouwer: Afûk
Erik of it lyts ynsekteboek – Godfried Bomans
Oersetting fan Geart Tigchelaar, mei yllustraasjes fan Nina Peckelsen.
Ferkeap fia útjouwerij Regaad.
Bekroand mei de Obe Postmapriis 2016